YN DRACHTEN NET BIKEND.

Yn ’t tsjuster rekket men oan ’t malen;

Dat bart wol elts-en-ien;

Mar yn de moanneskyn to dwalen,

Dat is hwette ongemien.

Yn Drachten wenne alear baes Minne,

In klokkemakkersbaes;

De man wier oars fen Grou fen dinne,

Sa seit it âld relaes.

Dêr wier er yn syn feintejierren

Mei ’n kweade kop weiroun.

Hy sei: “Ik reisgje wei om fierren,

“Bin ’k oan in sodze boun?”

Hy pakt syn ridskip yn ’e kiste,

Mar reisge doch nea fier,

En hierde, ear ’t syn folk it wiste,

To Drachten in kertier.

Hy joech him wer oan ’t âlde fyljen,

En waerd al skielik baes;

Hy pielde net mei sûpen, spyljen,

Mei swetsen ef geraes.

Dat woe hy extrajern ek wite,

En wier der greatsk op ek.

Hwet koe ’r it herberchgean útkrite!

Hwent baes siet sneins yn ’t hek.

En dochs him lêste jern in sûpke;

Hwent yn de ûlefljocht,

Den makke er sims al gau in glûpke

By ’n bûrman, dy ’t forkocht.

’t Wier op in moaije snjeon-to-joune,

De moanne skynde klear;

Do sloep er nei syn bûrman Poenne

En pakte ’er gau in pear.

Dat brocht him al hwet fen ’e wize,

De tonge dûbeld sloech.

Syn Foek sei: “Foi! It moat yen grize.

“Foi, dy forflokte kroech!

“Dat moat dêr moarn yn ’t hekje sitte

“En mei it ponkje gean!

“Och, baes! jy scoene dat dochs litte,

“Jy kinne kwealik stean.”

By domenij de klok opwine,

Dat wier do ’t lêste wirk,

En ’t brocht him al hwet yn ’e pine;

Mar dy hear wier nin Turk.

“De wyndrúf groeit net for de spinnen

En ’t koarn net for de gies.

“De wyn en ’t bier forhûg’t de sinnen.”

Wier domenijs adviis.

Do dy baes Minnes noas oanskôge

En ’t stive yn syn draei,

Do rôp er: _Wees hier welkom, oude!_

En baes niigde as in raei.

_Hé! hew’ we dair ons frind, baes Minne?

Kom earst mar na de klok.

Myn fyftichtst jair sal just beginne:

Ik geef van daig in slok._

De brandewyn wier op morellen,

En gong dêr feardich roun.

It praten, laitsjen en fortellen,

Dat gong de hiele joun.

Mar einling waerd it njuggen ûre;

Do gong baes Minne foart.

Hy koe ’t sa just de doar út stjûre

Mar do wier ’t hui en hoart.

Hy slingere ’r al nuver hinne,

En makke mannich gier.

Den sei ’er ien: “De deaker, Minne!

“Dat pakje falt jo swier.”

In oar dy rôp: “Dêr giet er hinne!

“Hy hat de klok opwoun.

“Hwet scil syn âlde Foek opspinne,

“As hy sa thús komt joun.”

In tredde sei: “Baes hat him rekke,

“Dat hat er net fen spek.

“Dy kin him âlderwetsk tasprekke,

“Moarn sit er wer yn ’t hek.”

Mar einling set er ’t op in gieren;

De strjitte waerd to smel;

En falt mei al dat nuv’re swieren

Plomp yn de dwersfeart del.

En nou bigoun de baes to roppen;

Hy oeffe en jamm’re sa!

Hy stiek de earmen út nei boppen

Oan bûrman Abe ta.

“Moatt’ jy hjir yn de dwersfeart rinne,

“En ’t moantsje skynt sa gleon!”

Sei Abe do tsjin bûrman Minne:

“Jy haww’ to folle preaun.”

“Och! sei er, “’k Bin fen Grou fen dinne,

“_Yn Drachten net bikend_;

“Oars scoe ik net yn ’t wetter rinne.

’k Bin ’t paed hjir yet net wend.”

“Al fjirtich jier yn Drachten wenne,

“En net bikend mei ’t paed?

“Nou sjen ik det jy flouwe kenne.

“Kom hjir mar by it haed.”

Hja moasten baes by ’t haed oplûke,

En bringe him by honk.

Dêr moast er oan de lonte rûke!

Hwent âlde Foek joech fonk.

“Och! kibjen hab ik net fortsjinne;

“De kweade hat my dreaun.”

Mar baes dy waerd mar hird forskjinne

En do nei bêd ta treaun.

“Dy kweade, dy sit yn de flesse,”

Sa spriek do ’t âlde wiif.

“Dy hat dy yn de dwersfeart presse;

“Dy jowste siel en liif.”

Seis wiken waerd him nou it hekje

Nei tsjerketucht forbean.

Dy lake ’er om, in oar woe lekje,

Lyk as dy dingen gean.

Sjocht men nou immen ’ris oan ’t dwalen,

Dy ’t hynzer yn in steech opment,

Den seit men: “Sjoch dy man ’ris malen;

“_Dy is yn Drachten net bikend._”

Mar docht ’er nou in mispas immen,

Is ’t mar in skrandre fent,

Dy is ’t net kwealik mear to nimmen,

“_Dy is yn Drachten wol bikend._”

_Grou._

E. H.

[Yllustraasje: BAES MINNE BY DOMENIJ.]

Rimen en Teltsjes · 第 209 / 279 题