Moatt’ wy einlik den fordwine?
De tiid ús Fryslân ek forsline
Mei syn stege hege sin?
Moatt’ wy Frânsk en Hollânsk tinze,
Ja ús tael, ús siel weiskinze,
Om mar mak yn ’t jok to gean?
Né, Fonteine: Hwa wol bûgje,
Stiennen oan de mûrre loegje
Fen kaepmomme slavernij,—
Kinne wy de sé net damje,
’t Alde folk scill’ we ús net skamje,
Dêr ús bloed út spruten is.
Sa lang as ús amme siket
En dat bloed op hjarres liket,
Stean’ wy for hjar aert en tael,
Wylst wy ’t laffe grjimmank heare,
Dat se nou ús bernkes leare,
As in heide iken peal.
Hast scil dea ús eagen brekke
En de nacht fen ’t grêf ús tekke,
Mingd mei echt en onecht skaei;
As jins bern dit leaf den lêze,
O Fonteine, mocht dat wêze
Mei in hege Fryske sin!
Mocht hjar boarst den prûzer tille
Fen in ed’le Fryske wille,
Dy it slavebret net fielt;
Ja, op ’t sjen fen beide ús nammen,
Dy dêr stean’ as môgle stammen,
Romje op ús yeske yet:
“Dizze twa dat wierne frjeonen!
“Hwet foroare, dizze bleauwen,
“Wierne Friezen yn hjar hert!”
Mar sa lang my ’t libben dûrret,
’t Bloed net yn myn ieren stjurret,
Dy, Fontein! forjit ik net.
_Salwert_, 26 Juny 1835.
J. H. H.