DE BLIDE BERNKES.

Ploits de blommen, dy der bloeije;

Bernkes! ploits de blomkes yet.

Sa! nou laitsje, en sjonge en djoeije,

Ear ’t de gouden tiid forgiet.

Hark it sûzen troch ’e stânnen

Fen de sêfte westewyn

Oer de griene Fryske lânnen:

Snúv’ hjar friske loften yn.

Hark it ljeave ljurkje sjongen;

Hark! dy sjongt wer ta Gods ear.

Mear as tûzen falske tongen

Klinkt dy lof for de Opperhear.

Sjen it blinkjen fen it marke;

Sjoch! de weachjes dounsje wei.

Sjoch de swan, ho det er farket;

’t Bolle wynke nimt him mei.

Yn de wite hagedoarne,

Dy sa frisk to bloeijen stiet,

Sjongt wer yn de iere moarne

’t Flugge finkje in aerdich liet.

Hark ’ris, ho de ekster skattert

Yn de hege eskenbeam;

’t Einke yn it wetter plattert

Mei syn ljeave piketeam.

Sjen de hege wolken driuwen

Yn forgankelike pracht;

Sjen de sinne hearlik kliuwen,

Greate bode fen Gods macht.

Hark it beuzich bijke brommen,

Flinters dounsje yn pronkgewaed

Oer de millioenen blommen,

Dy Gods hân oer ’t ierdryk spraet.

Fiskjes binne nou oan ’t djoeijen

Yn de brune djippe mar.

Sjoch de hege loft trochploeijen

De âlde steatlike earrebar.

Wille hawwe alle djieren,

Sels de mieren yn ’e groun;

Mar syn geast om heech to fieren,

Is mar oan de minsken jown.

Al dy ljeafde, al dy wille,

Al dy goedheit is for ús.

’t Moat ús hert nei boppen tille

Nei ús hillich ivich thús.

Moat ús hert fen droafheit brekke,

Rint ús ’t each fen triennen oer,

Kin de ierde ús leed net tekke,

Den sprekt ta ús Gods natûr:

Sprekt ús ta mei tûzen stimmen,

Sjoch! de krûdkes op ’e groun;

Sjoch! de sinne oan ’e kjimmen,

Nig’ hjar holle nei de groun.

Is de dage wer oan ’t kommen,

Alles dertelt wer op nij.

De ierde is in hôf fol blommen;

’t Is Gods libb’ne skilderij.

Blydskip folt wer alle wrâlden;

’t Rint fen wille, wille oer.

Alle fûgels yn ’e wâlden

Sjonge as bernkes fen natûr.

Sa moat ek ús hert optille,

As Gods frjeonehân ús slacht.

Folgje triennen op ’e wille,

Tink, de dei brekt troch de nacht.

Bernkes, as ’er blomkes bloeije,

Ljurken sjonge yn ’e loft,

Wol den op de blomkes lykje,

Haw den as dy fûgels nocht.

Ploits de blomkes dy der bloeije;

Bernkes, ploits de blomkes yet,

Ear ’t de tsjerkhôfsblommen groeije,

En dy gouden tiid forgiet.

_Grou._ Juny 1854.

E. H.

Rimen en Teltsjes · 第 210 / 279 题