IT INGELGEREAUNT OP SKIERMOUNTSJEACH.

De noardsé dynde en gromde yet,

Mar ’t needwaer wier bidarre.

De wrakken driuwk’len nou oan ’t strân,

Mar ’t folk koe dochs wer farre.

Ho mannich fisker kaem net wer!

Yn ’t djip wier hy fordronken,

En mannich widdou mei hjar bern

Siet nou yn rou forsonken.

Ek Seakele, och! foer yn dat waer;

Hwer stau er earm-man hinne?

Dêr hie men tael ef teiken fen;

God wist it mar allinne.

Syn Tetke siet mei hjar twa bern

De nachts nei ’t waer to hearren,

En wachtte yn noed de tynge ôf

Fen libben ef fen stjerren.

Hjar boi dy wier syn saunde al út,

Mar ’t golle mûtle famke

Hie twaris earst de maiblom sjoen,

En slepte, ’t swiete lamke.

Mei de eagen laei de poppe ticht

En sobbe mei hjar lipkes,

Krekt eft se op memmeskirte laei

En lurke oan ’t folle titke.

“Och! sei do Tetk, “dyn heit, myn ok!

“Hwa scil dyn brea nou winne?

“Hwer is dyn heit? Myn man, myn hoal?

“O God! Hwer is hy hinne?”

Mei ien bigoun it froede bern

Yn ’t sljipke blier to glimkjen,

En dobke op dobke loek yn ’t wang

Fen ’t ynnichst sielformeitsjen.

“Us Sjurtke glimket!” sei broer Sierk,

“Sjoch, mem, ho laket Sjurte!

“Hja laket mei de eagen ticht:

“Mem, hwet scoe dat bitsjutte?”

“Wel, ljeave boi! sei Tetke do,

“In Ingel is ’r om it lamke.

“Dy reauntet Sjurte hwet yn ’t ear

“En boartet mei ús famke.

“As bernkes stjerre, nimt ús Hear

“Hjar yn syn ljochte himel;

“Dêr wjukkelje se omheech en del

“Yn sillich boartgewimel.

“En soms den saeij’ se op ierde del,

“Fier út dy hege stjerren,

“En flústerje hjar pop yn ’t ear

“It wird fen God de Heare.”

Mei ien waerd rinkele oan ’e doar,

En Tetk de klink flink iepen!

En Seakle, sjoch, dy stiet ’er foar

Yn stoarm en weach bihâlden.

Tetk joech in gjalp, en do deastil

Kniep hja him yn ’e hânnen.

De ljeafde is stom; hja hat nin wird

By ’t wersjen fen de mannen.

Do Seakle oan ’t tellen fen syn need,

Fen blaksemfjûr en waeijen;

Ho n’ trijemêster neist hjar sonk,

En by de wyn hja laeijen.

“En dou, myn boike!” sei er, “Sierk,

“Hastou foar heit wol bidden?

“Ja, ’t _onze vader_ trij’ris, heit!

“En dat hat God forbûke.

“In Ingel hat er oan ús stjûrd;

“Dy reaunte Sjurtke yn de earen,

“Det heit bihâlden wier yn ’t waer.

“Nou tankje ik God de Heare.”

As wy âld it onrjucht dwaen,

De earmen greatsk minachtsje,

Woll’ de hillige ing’len Gods

Net by ús oernachtsje.

Mar de onskild’ge sûgeling

Siikje se yn alle hernkes;

Hwet for ús geheimnis bliuwt,

Telle se oan de bernkes.

_Skiermountsjeach_,

Augustusmoanne 1823.

J. H. H.

Rimen en Teltsjes · 第 207 / 279 题