mannich saffraen set waerd. Hja dronken út lytse pasteleinen kopkes en
pantsjes, en for de boargerfrouljue in pear drippen reamme der by, dêr
se den de gleone thé út it kopke op geaten, mar de boerinnen dronken de
thé sûnder reamme ef mâlke. Do se de mage dêr sa hwet in oardelûre mei
broeid hienen, fortrape it selskip him hwette yn de tún; taekten hjir
en dêr in rusk beijen, ef plôken in anjelier, dêr de Friezinnen wakkere
slij nei binne; oaren sjaggelen yn ’e bûrren om, en snobben hwet
healripe parren. Jonge frouljue binne hast krekt as hinnen; hja pikke
en bikke de hiele dei by bytsjes fen alles troch eltsoar. It toaniel
wier sa fier foroare, det de tafel oan de kop ta fol stie fen al de
kreamjeften, dy de gasten oantôge hienen, en dêr midden yn de keningin,
in oeribele greate koperen kofjekanne mei trije kranen, dêr de
kreamheinster giele kofje, dêr ek hwette pypkaniel yn kaem, mei reamme
en brúne klontsjes for it selskip út tape. Do krigen de kreambôlen, de
koeken, de twiebakken mei sûker, en hwet ’er mear to plúzjen foel, ek
in bar. Hja smûsden en slabben mar foart, en rattelen wiles as in
lazarusklep. En dat allegearre ta gelyk; hwent dat is in kinst, dy de
frouljue allinne kinne. Undertwiske kaem de poppe ek út de widze
allehiel yn it brat, en gong fen skirte to skirte. As de jonge bigoun
to grinen, wier er gau in jong-wyfke, dy de boarsten hwette priken, en
him tate joech. Elts prize it bern as in skoan bern, bynamme, omdet it
sa ’n grou jonge wier; hwent de frouljue taxearje in poppe krekt as in
bigge by it poun. “En hwet liket it boike op ’e faer! seinen se
allegearre, “it is krekt eft er Foake út de mûle stapt is!” Mar ûnder
al dat broeijen, rabjen, drinken en iten fen in tweintich waerme
frouljue, wier it dêr smoarhjit wirden, en de poppe, dy mûrrefêst yn it
pak siet, krige it sa binaud, det it bern blau om ’t holle waerd. In
jongwyfke, dy it op ’e skirte hie, wier mei in oerbûrwiif sa drok oan
’t ratteljen, det se der neat fen mirk: gelokkich kaem Foake, de
kreambaes, dêr krekt op yn, om de frouljue ’ris to praeijen, mar do er
syn jonge seach, boarstende fen binaudheit, naem er in silverheften mês
fen ’e tafel en snie de bânnen fen de ruften en wynsels los, det de
jonge yn in omsjen pûrneaken wier en yn in tobke mei lij wetter
aenstons wer bykaem. Der waerden al frjemde eagen opskoerd fen dat
bidriuw. “It binne tiere blomkes, seinen se do; “in bern komt gau ’ris
hwet oer.” “Binamme, sei Foake, as se yn de biknipinge sitte. As jimme
hjir sa lang yn ’t kapruft sitten hienen as de jonge, hie de helft fen
jimme al dea west.” “Men scoene sizze, reaunte de kreamheinster
pastoarske yn ’t ear, “hwer sa ’n man him al mei bimoeit!” Mar de
kreambaes snettere om ’e hoeke fen ’e doar troch de fûst as in trompet,
en makke gau det er út de reek kaem.
It wier healwei-âlven; do panderen de âldste frouljue swietkes nei hûs
ta, mar de tsjien jongste bleauwen noch hwet sitten, omdet it moaiste,
de neikluft, noch binefter wier. Foake hie de jouns syn broer mei
Jelle-miich, Gosse en Camstra by him hawn yn in oar keamer, mar nou
kaem er mei syn selskip ek by de frouljue, om noch ’ris hwet to
petearjen. Der siet fen beide kanten al hwet foer yn; hwent it
kreamwiif hie in healjier foar hjar wâldreis tsjien flessen Bordeauxe
brandewyn op potrezinen set, dy nou as podden úttynd wierne, en de kop
en geboarteleppel hienen sa lang mei dat swiete gûd by de frouljue en
de manljue beide yn it roun kuijere, det se al in moai luftich sin
hienen. En do it hiele boun by eltsoar kaem, waerd it net better; hwent
do bigounen de manljue in steil wird to dwaen, en it de frouljue ta to
bringen op trije leppelfollen. Dat knoffele sa ta, det in pear frouljue
mei âlde biersalmen bigounen en songen as lysters fen: _De ruiter en de
meid, en sy vryden alle beide_; of fen: _Clemeen, Waar heen, Waar
dwalen uwe zinnen?_ ef fen: _Wat lijdt er een zeeman al verdriet, Als
hij gaat naar vreemde landen._ Do dizze nachtegealen mei hjar
snetterjende stimmen dien hienen, bigoun Fod riedlingen op to jaen;
hwent dêr koe se hjar hiele jounen mei formeitsje, en troch folle
dwaen, en om ’t se wakkere fornimstich wier, wier hja ek hiel tûk yn ’t
rieden wirden. “Nou den, sei Gosse, “hwerom kraeit de hoanne mei de
eagen ticht? Rie, rie, hwet is dat.” Do se ’t net retten, sei Gosse:
“Omdet syn hinkes oars miene scoenen, det hy syn leksom net fen bûten
koe.” “Och, hea! is ’t oars net!” sei Fod. “Hwerom, frege Gosse wer,
“hwerom hawwe se in hoanne en nin hin op ’e toer set? Rie, rie, hwet is
dat.” Do hja it net retten, sei Gosse: “Omdet, as er in hin op siet, de
koster alle moarnen boppe op ’e toer kladderje moast, om de aeijen út
it nêst to heljen.” “Och, hea! is ’t oars net!” sei Fod. “Dou seiste
al, sei Jelle, “och, hea! is ’t oars net! Sa giet it mei alle
riedlingen; sa lang aste net wiste, hwet it is, mimerste hwet it dochs
wêze mei, en dou haste ûre noch rêst foar detste it wiste; dou scoeste
de stiennen wol út de groun skoerre, om der efter to kommen. Mar wiste
it riedling, den is ’t, och hea! is ’t oars net. Sa scil it dy ek gean
mei it houwelik. Der is nin riedling, dêr de frouljue gleoner nei
binne, dêr se sa de kriuwel fen habbe, as it boaskjen. Mar aste it
ûnderfoun haste, Fod, den scilste ek sizze, och, hea! is ’t oars net.”
“Hja meije dat sizze, sei Fod, “mar hja miene it net. Hwerom wolle de
frouljue, dy troud west binne, altiten wer trouwe? As ’t neat bisûnders
is, den wolle men net wer.” “Ja, mar, dat bigrypste net, Fod, sei Foake
glimkjende; “dat is mei in frommiske krekt as in hynzer; as dat ienders
oan ’t krêbbebiten west is wol it wer.” “En dêr komt by, sei master
Camstra, “det in frommiske, dat nin man fiterje ef narje kin, nin tier
ef wille op ’e wrâld hat. As de fonken der út binne, den bliuwt dat
plezierke altiten noch oer.” Do foelen al dy frouljue master mei
gekraei op it liif en kitelen him sa moarddedich yn de beide siden, det
er mei de boel skjin oanhelle waerd, en net los kaem foar det er
trijeris lûd roppen hie: “frouljues genede!”—“Mar wy reitsje sa keal
fen ús riedlingen ôf, sei Fod; “wy moatte mar mei de riedlingen as mei
it meiden, lyk as Jelle seit; it net ta hijlkjen komme litte, en it
riedling net útlizze. Ik bigjin: Kenste ek in reade faem mei tweintich
reade holdoeken? Rie, rie, hwet is dat. Nou jy, master.” Master
Camstra: “Kenste ek in fet sûnder naed ef skird, dat oan de kop ta fol
is fen twaderlei oalje, dy net yn eltsoar rint? Rie, rie, hwet is dat.
Nou dou, kreambaes.” Foake: “Kenste ek in lytste prop fen in manke mei
in stiennen rôk? Rie, rie, hwet is dat. Nou dou, boerinne.” Gertske
Eeltsjes: “It fet ropt, en dy it leech sûpe swije. Rie, rie, hwet is
dat. Nou dou, masterke.” Afke Camstra: “Kenste tsjien wite skieppen, dy
hiele dagen oan in reak plúzje? Rie, rie, hwet is dat. Nou, dou noch
ien, Gosse, út it hekserhol.” Gosse: “De tafel grinet, wylst de gasten
ite? Rie, rie, hwet is dat. En nou de admirael, de kreamheinster.” Bouk
Hoites:
“Twa rigle wite kij,
En dêr in reade bolle by.
Rie, rie, hwet is dat. En nou dou Jelle.” Jelle:
“De Winâmer[60] katten
Jeije de Mullumer[61] rotten
Troch de Harnzer kloksgatten.
Rie, rie, hwet is dat. En nou dou, Ynse.” Ynse, de feint fen Fod: “Hwa
siket altiten nei syn geboartepleats? Rie, rie, hwet is dat.” Op al dy
riedsels waerden fen it hiele selskip forskate ramen dien, en howol se
deamaklik binne, waerd ’er net ien fen ret. “Dat komt fen de
brandewynskop, sei masterke; “as men in tritich fen dy poddige rezinen
slynd hat, kin men better sjonge, as op dy riedlingen om hwottefylje
“Kom, sei Foake, “as dat sa is. Afke, moat de houn, dy ús biten hat, ús
ek mar wer genêze.” Hy rierde de kop om, en brocht it hjar ta; sa gong
hy al wer it boun yn ’t roun, en kaem it lêst by Fod, dy ’ris lies,
hwet op de leppel stie, om to witten ho âld as it kreamwiif wier; hwent
it wier hjar geboarteleppel. Do hja seach, det it kreamwiif pas
njoggentjin jier wier, en hja al ien-en-tweintich, suchte hja yn hjar
sels, det hja noch net mei hjar Ynse forboun wier. “Kom, kom! sei
Jelle, dat in finen sliper wier, “suchtsje mar net. Lêz ljeaver ’ris
hwet op de kop stiet.” Op dy silveren kop stie op de acht kanten it
meiden en hijlkjen útsnein. Op de earste kant, as de faem en feint
eltsoar for it earste sjenne. Op de twade, ho hja to keamer geane en
dounsje. Op de tredde ho ’t hja snein to joune meide. Op de fjirde, ho
’t hja mei de knotte boaskje. Oan de oare side de fjouwer oare kanten,
en dêr op de fyfte kant, it gearjen fen it húsrie en it húzjen; op de
seisde it trouwen yn de tsjerke; op de saunde, it brilloftsjen, en ta
bislút op de achtste kant it earste bern yn ’e widze, en it jongwiif yn
’t waermbêd. Do Fod dat alles biloaitse hie, “nou ja, sei se, en hwet
scoe dat? Wy hawwe hjir nou nommero 8; de earste poppe yn ’e widze, mar
it kreamwiif al op.” “En dou,” sei Jelle, “biste op nommero fjouwer.
Mar dat mien ik net. Ik forsiikje dy, detste oan de frouljue it riedsel
foarlêste, dat der om de rânne fen dy kop boppe dy acht kanten lâns
útsnein stiet.” Hwerop Fod dizze wirden foarlies: “_Hwat jongwiif hat
de measte wille by hjar man? Rie, rie, hwet is dat._” Der kamen al rare
gjalpen en útfallen, dat siz ik jimme; hwent hja bounen hjar net folle
yn. Wy scille der mar fen swije; hwent it wier in wylde boel, dêr alles
troch eltsoar kraeide. Mar ien ding kin ik dochs net swije. Der wier
nammelik ûnder de tsjien jonge frouljue ek in widdou fen
trije-en-tweintich jier, mei namme Wopk Wiggeles, dy foar in fearnsjier
hjar man op sé forlern hie. Rinse Eables, sa hjitte hjar man, wier
skipper op Hamborch, in Kimswerter, dy ek to Kimswert mei syn wiif
wenne; mar nei syn dea wier se wer by hjar mem to Welsryp yngien. Do de
domenij en de âlderling hjar de tynge brochten, det hjar man mei man en
mûs foar Helgolân forgien wier, gûlde it sloof it út, det bûrren en
oerbûrren hjar tsjirmjen hearre koenen, en hja naem hjar dy dea sa nei,
det se eltse dei jammere, det se mei Rinse hjar grêf net yn it séwetter
foun hie. Der wier mar nin stilstean yn to krijen, en yn pleats fen to
sliten like it noch wol oan to boazjen. Eindelik sei hjar sister:
“Wopk, dou bringste dy sels om hals. Dou moaste dat hwette út dyn
sinnen sette, ef dou scilste dyn man gau nei it hôf folgje. Kom,
forbrek dy hwet. Dou kinste mei de deaden net hûshâlde. Joun is ’er
oansit by Reinsk; dêr is kreambisite. Dêr biste ek by bean. Dêr komme
oars net as fen dyn kinde; dêr hearste by, en dêr moaste hinne. Kom, as
in faem; strûp dy mar oan. Ik scil dy wol in hanke helpe.” Nou, hja
liet hjar mei folle oanstean, ek fen mem, einlik dochs sizze, en hja
stieken hjar yn ’t brat sa moai as in jong widdou wêze kin. Der siet
Wopk as in bloeijende roas yn ’t midden fen dit boun; in frommis oan
alle kanten folslein en weelderich útlein; fiks út de kluten sketten,
en as se gong waeide se oer strjitte. Hja hie fen dy greate, iepene en
bliere blauwe eagen, en der in fyn bisneine lange noas twiske. Twa
dopkes hie se yn de wangen en ien yn ’t kin, dy foar den dach kamen as
hja lake. Om hjar fine lippen hie se in glimke, dat ôflibbe stakkers
noch goed die. Dat holstik siet op in edele sniewite hals mei in mûtel
krop, dêr de leelje-blankens noch fen forhege waerd troch it pikswarte
jak en de krippen doek, dy’t hja droech om de rouwe fen hjar man. Hjar
hearlike earmen de greatste pronk fen it Fryske frommis, rounen út yn
sniewite lytse hânnen mei mûtele spitse fingers met fine neilen, en
dopkes op alle knokkels. Mar it moaiste fen alles wier noch hjar gol
wêzen, dat nin kwea tochte, nin kwea sei ef die, sa det se sûnder
eftertocht alles útflapte hwet hja miende. Sa siet Wopk yn ’e mids fen
dizze oerdwealske frouljue! Hja hie de hiele joune net folle sein, mar
men koe oars oan hjar glimkjen en praten wol hearre, det it selskip
hjar noaske. Do it riedsel fen de silveren kop op ’e lappen kaem, rekke
se lykwol frij hwet yn ’e knipe. Allerneist hjar siet in alderflotst
wiif, dy it hert op ’e tonge laei; hja hjitte Gaepke Fetses, en wier
troud oan in koukeaper fen Welsryp. Dat minske hie ek in tsjeppe
troanje, in lyts dripke skeind fen de pokken; mar dat hindere net. Hwet
slimmer wier, hja seach nei de oare wike, en dy hjar in lilts namme
jaen woenen neamden hjar skilige Gaepk, skilige wip, en skilige mik.
_Hwet jongwiif hat de measte wille by hjar man?_ Do dat riedsel fen de
silveren kop by alle frouljue lâns west hie, en de iene it noch mâller
ôfsein hie as de oare, kaem einlik de bar oan moaije Wopk; mar hja sei:
“Dêr kin, en dêr wol ik my net oer útlitte.” “Dat hâldt net, sei Gaepk.
“Wy habbe allegearre ús sin sein; dou biste sa goed net, Wopk, ef dou
scilste it ek sizze.” “Moat ik it den sizze? sei Wopk. Twingste my?
Nou, Gaepk, den hastou de measte wille by dyn man: hwent as wy mar ien
man sjenne, den sjuchstou twa.” Do fleagen se allegearre op en kraeiden
en sketteren it út fen laitsjen. “Ljeaver twa as ien! gûlden de
mânljue. “Dou haste gelyk, Wopk! Ljeaver twa as ien! Ljeaver twa as
ien!” Mar ho it hiele boun ek skettere, Gaepk wier prot. “Hwet seistou,
sei se tsjin Wopk, “det ik dûbeld sjen? Det ik skilich bin? Skilich dy
it seit.” “Ei! né! Gaepk? sei Fod, Foi! dat moatte je sa net bigripe.
Wopk mient net det je skilich binne; jy plure hwet, en sokke frouljue
hawwe de manljue ljeafst. Wy hawwe it ommers sels ek meast op manljue
stean, dy de eagen sa hwette driuwe, wit je?” “Dou mienste dochs nin
skilige jonges?” sei master. “Né, né! sei Fod. “Sa gek binne wy net,
det wy in skilige mik ljeaver hawwe as ien, dy rjuchtút sjocht. Né,
sokke dy sa plure as Gaepk!” It minske leaude it gelokkich, en hja
seach allehiel nei de oare wike. O wé! as hja it net leaud hie. In
frommiske scil dy alles op it ein forjaen, bihalve aste hjar seiste,
det hja onsjuch is. Dat scil se dy yn der ivichheit wreekje!
Der kaem op it lêst (hwent it wier hynstemiddei) ek in tiid fen
skieden. De frouljue riisden oerein, skodden de pels hwette, en scoenen
foart, do Akke Ubeles, in boerinne, dy seis bern hie, oan it boun sei:
“Wy moatte Beitsk de eare dwaen, dy hjar takomt; wy moatte hjar
allegearre mei de plasse thúsbringe.” Om dat nou to bigripen moatte men
witte, det de Friezinnen yn de krite fen Welsryp, en ek yn ’e hiele
Súdhoeke in jongwiif, dy in jier mannich sonder bernheljen by de man
slept hie, op kreambisites fen de krintebôllen allinne de plassen ite
mocht. En ongelokkich wier dat sa mei Beitsk Hommes dy ek op ’e
kreambisite wier, in boerinne fen Tjepperbuyr, deun oan Welsryp. It
wier in frommis as in lôge, mar hwet smel fen heupen. De molkenkeamer
brûsde ’er oars út; en sa kreas as in krúsbei! “Ja, sei Foake, “dêr
moat fen wêze. Is ’t nin skande? As men sa’n frommis as Beitsk mei in
broek tsjin de skerteldoek slacht, den scoe men sizze, is ’t sa.” Mei
ien stau de hiele fleet fen frouljue by Foakes de doar út. Fod en de
faem pangelen efternei om ’ris ôf to loeren, hwet hja útsette scoenen.
It wier in moaije stille simmernacht; de moanne kwynde sêft en bleek
troch tinne skieppewolkjes, en oer it stille fjild hearde men neat as
it hoaljen en joeljen fen dizze oerdwealske jongwiven. Sa kamen se op
Beitske-en-hjarre hiem, en rinkelen oan de klink fen de milhúsdoar.
Aukeboer, de man fen Beitsk, in jong tsjirl fen 25 jier, kaem yn de
ûnderbroek fen it bêd, en die sels op, net tinsende, det hy yn ’t
holste fen de nacht noch sa’n bisiik krije scoe. As de blits krongen de
frouljue yn hûs en om him hinne. De rapste, dy foar him stie, sei:
“Hjir bringe wy dy nou dyn jongwiif wer mei de plasse thús; mar,
Auke-boer! pas my op, det it de lêste reis is!” en wylst hja dat sei,
griepen twa him fen efteren yn it baitsje en it himdshalsem, en fjouwer
fen de sterkste klimden him elts by in earm ef skonk; sa slypten se
him, hwet hy ek wraemde en skopte en flokte, mei holpe fen Fod en de
oare frouljue nei it heafek ta, en der kitelen en tantearren se him sa
moarddedich, det de boer it útmoartte. Op it lêst skjin mei de boel
oanhelle, krigen se him sa fier, det hy op syn bleate knibbels
betterskip biloofde; mar hy kaem net los, foar det hy se allegearre de
folgjende sneintojoune op de kofje en Dimter koeke by him nedige hie.
Dêrop gong elts syn wei nei hûs, en de jonge wiven kamen allegearre mei
in luftich sin en in ingelaftich wêzen hy hjar manljue op bêd.
Do de migen it húsrie fen Wypkmoi eindield hienen, wier de tiid fen Fod
dêr oan hûs ek forstritsen, en hja stelde mei Gosse op, om mei hjar
beiden nei Molkwarren to tsjen; hwent Fod woe hjar mem earst noch ’ris
praije, foar det se mei Ynse troude. Mar Gosse woe earst noch to
Aldegea yn de Lege Wâlden oan; dêr wenne ek in moeike fen him dêr er as
bern út-fen-hûze en in bulte wille mei lipaei-siikjen en farkeljen yn
de Fljussen hawn hie. Hy wier rju skoftich om as de _verloren zoon_ wer
to Molkwarren to kommen, en hy hie der nea wer in foet set as Keimpe it
him net oplein hie, en sa wynde er om sa lang as er mar in doekje for
’t blieden wist. “To Aldegea, sei er tsjin Fod, “kinste aerdich in
nacht wêze; dêr is ek noch in nift fen my, ien fen dyn âlderdom, in
nuver praterke, dy dy goed bifalle scil.” Koartom, hy floddere sa moai,
det Fod bistek yn ’e reis krige, en do Ynse hjar sei, det hy der neat
tsjin hie, gongen se op in iere moarn nei Spyktille, om dêr yn it
Ljouwerter trekskip nei Bolswert to gean. Mar sa as hja to Swachtum,
tichte by Spannum, kamen, stie Keimpe foar hjar, en sei: “Dêr binne
jimme ommers ek al. Hwer scil dat hinne?” “Earst nei Aldegea, en den
nei Molkwarren,” sei Gosse. “Kom, dat treft aerdich, sei Keimpe; “ik
hab hjir in knol, dy ik for fyftich inkelgounen en trije skeljen oan
Abe Joutes, in boer to Aldegea, forkoft hab. Dêr scoe ’k myn feint mei
hinne stjûre, mar nou kinstou him meinimme.” “Nou, sei Gosse, dat nimt
my neat ôf. Mar ho den mei dizze jongfaem? Kinste ek hynsteride, Fod?”
“Biste gek? sei Fod, “hwa hat my hynsteriden leard? Aste praetste fen
reedriden, dat scoe hwet oars wêze. As wy yn de haeijinge wierne, en de
feint brocht it hynzer wer nei de mieden ta, hab ik as famke faek efter
op it gat fen it hynzer sitten en den hie ’k de earm om de mil fen de
feint slein. Mar oars hab ik nea op in hynzer sitten. En dat gong den
noch net fierder as oer Jaeksmefonne.” “En hwerom scoeste dat nou noch
net ’ris bisiikje? sei Keimpe; “hwet der jong ynkomd is forleart sa gau
net. En it bist is sa njuet as in laem; in bern kin it liede. Bifalt it
net, wel nou, gean dêr ôf.” Fod, dy allehiel net eang for in dea rot
wier, sei: “Nou kom oan, fyat den!” Gosse sprong op de guds; Keimpe
wipte Fod der efter by him op, det se dwers to sitten kaem; en do se
him hjar bûsdoek om de mil dien hie, om hjar dêroan fêst to hâlden, sei
Gosse: “Wel nou, keapman” ho liket it jo nou ta? Ha je ek birou? Ik
tink net, det jy ea wol sa’n gnap faem efter jo hawn habbe.” “Né, sei
Keimpe, “mar hja is my to jong. Ik hab se ljeaver, as hja in seiske
mannich âlder binne. Den binne se hwet bilegere. Ik bin in ljeafhabber
fen antiquiteiten. Dat kealflêsk is my to flabberich. Nou, foart mar!
De boer goêndei sizze. It jild krije wy wol ’ris, as hy in Hollân komt.
Goereis jimme!” Dat gong do op in sukkeldrafke nei de Spyktille ta en
Fod hie ’t gelokkich net forleard; hja siet op it hynzer eft se der op
floerre wier. Mar sa as hja to Donia kamen, seach de guds nychheit oan
in greate pod, dy yn ’t spoar laei, en spatte bisiden de wei mei sa’n
ougryslike raem, det it krekt wier eft it bist út eltsoar fleane scoe.
“Hwet is dat?” sei Fod forheard. “Hâld de bek, frommis! sei Gosse, “ef
ik lit dy stean.” Mei ien wier it eft dy knol fûgel waerd; hy roerde
nin groun mear, en net oars as in earrebarre wjukkele er mei loame
slaggen yn ’e hichte. Fod fielde it stjitten fen de knol net mear,
hwent hja saeiden op en del, krekt as in skip yn de holle baren fen de
Spaenske sé, en soms roun it wéwetter hjar ek om de tosken as ien dy
séwalgich waerd. Mar do de knol goed oan de hael wier, hie se ’er nin
lêst mear fen; hwent do gong it strielrjucht as in swel foarút, sa det
Gosse de linten fen syn hoedke en Fod de mûtse en skerteldoek as
striewispen fen de swang efternei fleagen. En eft dit alles noch net
briker nôch wier, foroare it hynzer boppe Warntille op it kraeijen fen
in hoanne yn in greate bok, dy pikswart wier. Fod hie hjar noch al
krankyl hâlden, mar do se dy skerpe rêchbonke en heupen fen de bok
fielde; do se dy hoarnen en dy sikke seach; do se seach, det se op it
rydhynzer fen de tsjoensters troch de loft fleach, en do se dat heislik
bist soms holsk bletterjen hearde; ja, do bisauwe de faem, en it wier
hjar om it hert eft hja boppe de lôge fen de hellepoel fleach om ’er
daelk hals oer kop yn to tommeljen. Sa brânnende fen eangstme en mei
koegelsfeart foart fleanende, kamen hja mei in blits tichte by de
Gastmear; mar do Fod dat toerke yn ’t each krige, waerd se sa bliid as
in ingel, en rôp it út: “De Gastmear, Gosse! Gosse, de Gastmear!” De
faem, sloof, wist net, det men by sokke reizen net kikke ef mikke mei!
De bok net links saeide as in fallende stien tichte by in rúchskerne
del en dêr liet er syn efterein mei Fod ’er op stean, wylst Gosse sels
op ’t foarein wer yn de loft opfleach, swaeijende mei syn roun hoedke,
en it lûd útkraeijende: “Vivat Gosse Knop en syn patroan!” Fod wier
sêft del komd; mar dat each fen ôfgriis, dêr se dat efterein fen in
tsjoensterbok mei oanseach, is mei nin pinnen to biskriuwen; en do dat
heale monster sjender each yn in libbene otter foroare, ja, do flechtte
se as de wyn yn ’t doarp op. Gelokkich for hjar, det ’er just in
potskip foarby de Gastmear foer, dat nei de Galamadammen moast. Dêr
gong hja mei, en de potskipper brocht hjar, omdet hja in tsjinstboade
wier, for in dûbelstûr oer, en lâns in binnenpaed kaem se sa noch dy
selde jouns by mem oan.
[Yllustraasje: LJOUWERTER TREKSKIP TO SPYKTILLE.]
De goede moeije kriet fen blydskip, do Fod hjar alles fortelde, en
tanke God, det hja hjar ljeave doaiter nei sa folle fiten fen de bok
fen Herodes noch libbend wer sjen mochte. In spekkoeke, dy se op
Koldumer merke koft hie, dêr traktearre se Fod op; mei in kopke
alderbêste keutelke-thé, dy hjar soan Botte, in siler op de Eastsé,
hjar fen Petersborch meinomd hie. Hja pijde Fod mear klontsjes ta, as
se hast mochte, en alle amerijen streake se Fod mei hjar omkearde
toarre hân oer it mûtele wang, en sei: “Myn poppe! Wachtsje dy for
Gosse! Dat is altiten in swicht west, en dat scil er ek wol bliuwe.”
Fod bleau in fjirtjin dagen by mem út-fen-hús; dy joech hjar twa
stikken linnen en in skûte baggeler mei in swarte glêdde kat ta húsrie.
Do Fod wer to Wjelsryp kaem, waerd hjar gau in great nijs forteld;
Jelle Pibes hie boaske! En oan hwa, tinke jimme? Ried ’ris. Oan moaije
Wopk. It wier in glêdde widdou, en it wird fen hjar op ’e kreambisite
oer de skiligens wier oan nin doave sein. Yn twa jounen spile Jelle it
mei hjar klear, en twa moannen letter kamen se mei Ynse en Fod foar de
preekstoel. Do se troud wierne, en elts mei syn wiif oan de lofter side
de tsjerke útgong, sei Ynse oan Jelle: “Dat sit ’er op!” “O, dat is
neat! sei Jelle, as ’t er mar net yn sit.”
Do Gosse yn in finne by Aldegea delsaeide, sei er yn him sels: “It rydt
dochs noait hirder as mei in liend hynder en eine spoaren.” Dêrop gong
er aenstons nei moeike ta, dy er wysmakke, det er him fen de Gastmear
mei in boatsje nei Ealehúzen oersette litten hie, en fierder
kuijerjende to Aldegea komd wier. Mar dêr bleau er net lang; hwent hy
makke it sa fen aeijen, det se him ljeaver fen efteren as fen foaren
seagen. Syn moeike hie nou al in jier mannich sa hwette omkwynd mei in
ongemak yn ’e lever, mar it wier oars in froed oprjucht minske; de
goedheit sels, scoe se hjar sels wol weijaen; ek miende se, det oaren
krekt sa from wierne as hja sels. Dêr waerd misbrûk fen makke; hwent
net allinne, det forskate skrokke migen en niften hjar op ’e bûse
rounen, mar in pear drompelmaegden tôgen hjar ek wei, en de bidlers
wisten wech-ende-wear, det se nin hongerich man, ef dy mar sei, det hy
honger hie, foarbystjûre koe. Do Gosse dêr in pear dagen west, moeike
wakker flaeid, en de krite sa hwette omsnúfd hie, krige er in doaiter
fen in widdou yn it each, in lyts kreas wâldding, dy de brune eagen as
fjûr yn de kop fonkelen, en sa rêd wier as wetter. Op dizze faem flamde
er as in oun, en dêr se beide hjar brea mei swier bodzjen fortsjinje
moasten, tocht hy, det ’er mei in Hynljipper skerteldoek en in pear
keizersgounen in bulte oan to dwaen wier. Do er dêr earst mei oankaem,
wisten se net hwet er woe, sa onnoazel wiernen se yn sokke smoarge
dingen; mar do se bigriepen hwer it om to dwaen wier, reagen moer en
doaiter beide him mei tange en luiwagen de doar út; hja smieten him syn
jild en skerteldoek efternei, en bieten him ta: “Dêr, smoarge pluch!
Reisgje dêrmei nei de pompierblazers to Ljouwert! Dêr hearste thús.”
Gosse hie foar wyn en foar stream; hwent de moar geat him noch in
pôtfol smoarch skûtelwetter op syn baitsje ta. Dat laei him heech! Hy
miende det for jild alles to keap wier, en nou seach hy, det er yn de
klúskes fen de earmen noch ear en deugd bankje koene, dy hjar for nin
silver ef goud forkeapje wolle. Mar dêr kaem noch hwette oars by, det
it net better makke. De mem fen de faem brocht dy set fen Gosse mei de
waerme hân by hjar bûrwiif Roits Djorres, dy ’er de mûle wakker oer
spielde, hwer ’t hja kaem, en to Aldegea praette se oer neat minder as
tichthûs en giselpeal for smychten fen Molkwarren, dy yn de Lege Wâlden
kamen om in jong frommis ongelokkich to meitsjen. Hy wier eigendivels
yn him sels, en sei: “Ik wit wol, det ik hjir langer nin holle hiel
hâlde kin; mar foar det ik reisgje scil ik dy klitse noch ’ris to fiter
ha. It scil hjar hûgje, det hjir in smycht fen Molkwarren west hat.”
[Yllustraasje: GOSSE SYN COMPAGNON TO ALDEGEA.]
Der wier do just to Aldegea in frjemd keardel, in _landlooper_, ik leau
út de Knipe, dy ’t platte lân sa hwet ôfroun mei in merskoerke fol
gearnaeide boekjes, lodderrein, bân, fiters, spjelden en sokke
snypsnaren. Dy koe Gosse en frege him, eft er hânjild oan him
fortsjinje koe? Hy hie dy deis nin duit woun. “Ja wol, sei Gosse, “mar
den moaste Roits Djorres fen Kâldwâlde in pak bruijen bisoargje, dat
hjar net licht forjitte scil.” “Top! sei de keardel, dat nim ik oan.
Hwer biste hjir thús?” “By myn moeike.” “O, dy ken ik wol, sei de
keardel, dat minske hat al saun jier omgammele; ik hab hjar wol drippen
forkoft. It is de snoar fen Klaes Tjibbes.” “Dou witste it allegearre,
sei Gosse; mar hwet scoe ús moeike dochs skele?” “Dat wit ik net, sei
de keardel, en der is nin ien doctor ef prefester, dy it wit. Hja hat
wol in hoedfol gounen formastere en forplastere, mar al dat túch koe
hja like goed yn hjar skoech getten habbe. Hja is bitsjoend, en dat hat
nimmen oars dien as Roits Djorres fen Kâldwâlde. Bigrypste my?” “Ja
wol, bigryp ik dy, sei Gosse; gean dyn gong mar. Dêr lizze trije
inkelgounen en in skipkeskelling for dy klear.” Dy keardel gong dadelik
nei Klaes Tjibbes, in bygelovich man, en makke him wiis, det syn snoar
troch Roits Djorres bitsjoend wier, en det hja noait wer genêze scoe
foar det Roits hjar net seine hie. Troch forflokkinge wier se
bitsjoend, troch seinjen moast hja wer onttsjoend wirde. De man leaude
it sa fêst as in mûrre, en do de keardel syn snoars soan, Jan Dides, in
mounler, yn ’t selde gelove brocht hie, waerden beiden sa grimmitich op
Roits, det se it minske wol aenstons as in hoer fen de satan yn flarden
forskoerd habbe scoenen. De oare deis gongen se ûnder hjar beiden al
mei in skipke nei Kâlderwâlde, en sa gau as it tsjuster waerd (it wier
yn Decimbermoanne) rinkelen se by Roits oan de doar, dy opdie en frege,
hwet hja habbe woenen? Hja seinen neat, en bleauwen mar stôkstil stean,
sa det Roits, dy dit spil net stoe, de bûrman rôp. Dy frege wer, hwet
se woenen. “Wy wolle in piip tabak by dy drinke,” seinen se. “Wel nou,
kom den yn, sei de bûrman; hwerom bliuwe jimme dêr sa yn ’t tsjuster
stean?” Hja gongen yn, namen elts in lyts pypke sûnder hakke út in
pypsek, stoppen kroltabak, sa fyn as jern, út smelle earnen
tabaksdoaskes, dy se yn de broekssydbûsen droegen, en pypken sa oan; en
do se dêr hwet tabak en bier dronken hienen, gongen se wer foart. It
wier ûnderwiles noch tsjusterder wirden, en sa gau wier de bûrman net
to koai ef Klaes Tjibbes rameide mei in ljedde by Roits de doar yn. It
minske joech in gjalp fen skrik; mar Klaes sei: “Dou âlde divel! Bear
mar sa net! Dou haste wol witten, det wy komme scoenen. Dou haste myn
sister bitsjoend. Mar nou scilste ús net ontkomme.” It minske sei by
God in al syn hillige ingels, det se fen nin tsjoenen ôf wiste; det se
dêr wol tûzen eden op dwaen woe. Mar dat holp net. Hja griepen it sloof
yn ’e earm en slypten hjar yn ’t skip; en do se to Aldegea komd wierne,
brochten se hjar yn de mounle by Jan Dides, hwer se hjar twinge woenen,
om it sike wiif to seinjen. Hja joegen hjar mar kar, hwet se ljeafst
woe; seinje ef det se hjar yn ’t fjûr smite en ta yeske forbrânne
scoenen? Dêr stie in fjûr as in kastiel to brânnen, det de lôge yn ’e
skoarstien gong, en Roits tochte, det as se dêr yn moast it mar better
wier to seinjen, howol hja der neat fen bigriep; en hja seinde it sike
wiif, lyk as de broer en soan hjar foarseinen: _In den naam des vaders,
des zoons en des heiligen geestes._ Do dat dien wier, krige Roits fen
Klaes in slach yn ’e troanje, det hjar it fjûr út de eagen en it bloed
út de noas spatte; dat bloed fong Klaes op yn in kopke; en do er dat
syn sister ynjown hie, brochten se Roits wer nei Kâldwâlde.—Dat wier
fynkes oerlein. Roits krige in goed pak, en Gosse lake yn ’e fûst; mar
Klaes draeide for de ballen op. Dat ding kaem for it hôf to Ljouwert,
en dy hearen wierne om de deaker net mak. Hja sloegen by in
hôfssententie[62] Klaes Tjaerds for dizze onttsjoeninge yn in boete fen
hûndert inkelgounen, oan it kantoar fen de domeinen to biteljen. Dat
bern krige sa noch al in sêfte dea. Mar it dûrre wol in jier ef trije,
foar det dit fonnisse slein waerd; sa lang sieten se mei dat mês yn de
mage, en Gosse, dy eang waerd, det hy der as oanstoker ek yn bitritsen
wirde scoe, makke dadelik, do Roits it oanbrocht hie, det hy út de reek
kaem. Mar hy koe it dochs net mei de hiele hûd hirde: hwent to Warns,
dêr er hinne gong, bigoun er dadelik deselde flinken wer.
Gosse hie to Warns kennis oan in greatskipper Douwe Rinkes, dy lang mei
syn faer as stjûrman fearn hie. De man wier bliid, det er de soan fen
in âlde kameraet noch ’ris sjen mocht. Gosse bleau in dei mannich by
skipper Douwe, dy him ryk fearn hie, en nou fen de blêdden libbe. It
hiele foarhús hinge fol âlde sékaerten, en op in bontferve tafel mei
Hynlipper snijwirk stie in trijemêster, dy er op de lange reizen nei
Eastynjen ûnder it sjongen fen de salmen fen Dathenus by eltsoar nifele
hie. Bêst Dimter bier, dat men wol snije koe, dronken se jouns, en
middeis krigen se in glêske swiete Spaenske wyn, as er bears ef
kerntsjete snoek iten waerd. It glom yen dêr alles to mjitte; der laei
nin rabanke oerdwers, en it wiif wier sa sindelik, det de flierren net
allinne mei fine eastynjeske matkes bilein wierne, mar det se der sels
noch meast op hoasfoetlingen oergong. Hja forkearden den dageliks ek
meast yn ’t lytshûs; dêr ieten en dronken se, en hja slepten allinne yn
’t hûs, dêr it wiif faek hjar eine bêd net opmakke om nin stof to
meitsjen. It wier Gosse dêr fiersto eptich en to binepen, ho opperbêst
it iten en drinken ek wier, en hy foun der net oars to dwaen as de
skieppen to fortsjoarjen. Men moatte witte, det Warns op in lange terp
laeit, mei it fynste, koartste en pittichste gêrs, dat earne groeit. Op
dat rûge tapyt, (hwent it gêrs is sa koart, det it in griene wollen
tekken liket), op dat rûge tapyt weidzje de Warnser skieppen op, dy se
ien for ien mei in tsjoar fêstmyrje, en net allinne forsette se faek de
tsjoarprikke for elts skiep, mar siikje deis trijeris de skieppeloarten
op, om ’er dong fen to meitsjen en better lân to hâlden; hwent oars
forskieppet it. Dat neame se dêr loartsjen. Nou, dat die Gosse ek al út
forfelinge. Hwent as er neat foel to mâlfarjen ef nin loebesstreken út
to fieren, den wier er net yn syn bladeren. Dêr kaem by, det er bigoun
to bimerken, det er dêr hosk wier, en do er pinfiske nei de reden,
fornaem er fen in keardel fen Sondel, dy dêr boadskip hie en fen syn
kinde wier, det in moeike fen de soan fen de Molkwarrer kaichman, dêr
er mei nei Amsterdam west hie, mei namme Ael Idzes, al syn fiten
forklapt hie. Dy keardel, Hindrik Poep neamd, wier egentlyk út it ampt
Lingen fen dinne, en pielde by syn affearens ek hwet mei masterjen. It
wier sa’n heale divelbander, dêr de sike ljue bykwamen, as de masters
en dokters hjar net helpje koenen. Sa wier ’er do krekt in
skoenmakkersfeint, Haeije Klazes, to Warns, dy rju út de heak wier, en
al in dei ef acht krûden en dranken fen Hindrik Poep swolgen hie, do
Gosse him mette, sûnder det de patient dêr de minste bate by foun. “Dat
scil dy moeije birouwje, ef ik scil nin Gosse Knop hjitte, sei Gosse,
do er hearde, hwet se fen him sein hie; “is der nin middel op, Hindrik?
Dou wiste in bulte rie. Dêr is in dikketon for dy.” “Ik scil myn bêst
dwaen,” sei Hindrik, wylst er de dikketon yn ’e foarbroek glide liet.
De twa folgjende dagen joech er Haije in hiel lyts braekmiddelke, dêr
hy deamisselik fen waerd en in bulte fen koarje moast, mar dochs net
fen hoefde to braken. Do dy twa dagen om wierne, hie Haeije syn nocht
fen dy dranken as spein spek, en sei: “Heare, Hindrik! Nou is ’t krekt
eft my it yngewand de kiel út scil. Ho moat dat?” “Dat scil ik dy wol
gau sizze, sei Hindrik; der binne for dy nin krûden woechsen. Dou biste
bitsjoend fen Ael Idzes; dy hat dy lêsten op ’e hersenpanne biäzeme,
doste hjar in pear skoen meatste. Der is mar ien middel op: de
tsjoenster moat dy seinje, ef der moat hjar in bloedrizinge slein
wirde, oars kinste nea betterje.” Dat sei er ek oan it folk en de
frjeonen fen Haeije, dat meast allegearre skippers, stjûrljue en silers
wierne, en it farjensfolk is meast allegearre wakkere bygelovich; de
measte leauwe sels, as it wetter nachts tsjin ’e stjuwne opbrûst, det
den de geasten út sé by de boech oprize, en mannich hat it der net op
stean, om de hounewacht op ’e plecht to habben. De frouljue leauden it
allegearre grif, en do dy it op ’e tonge hienen, fleach it as
diggelfjûr troch Warns fen it Sou nei it Noardein. Sa kaem ’er den ek
al gau in hiele trop by Haeije, om ’ris to sjen, ho se dy baerch waskje
scoenen. Dêr kamen Tjaerd Sibles, Claes Alerts, Sible Jans, Douwe
Rinkes, Jan Annes, Goit Jayes mei Tryn Claesen. Ja, dêr kaem Ruerd
Durks mei syn wiif At Sibles allehiel fen Starum. Do de rie spand wier,
kamen se oerien, det Sible Jans der op út scoe om Ael mei in frjeonlik
wirdke en in swiet lynke dêr to heljen. It minske gong mei sûnder de
minste erch, mar do se komd wier, dienen se aenstons de doar op
skoattel, en Hindrik Poep die it wird. “Ael, sei er, “dou haste Haeije
bitsjoend, en op steande foet haste him mar to seinjen, ef wy scille
witte, hwet wy mei dy to dwaen habbe. Aste net willich wolste, den
scille wy der dy wol ta twinge, al hieste alle divels út de hel ta dyn
helpers.” It earm sloof, mids yn sa folle folk, dy hjar oanseagen eft
se hjar opfrette woene, wier allehiel forbauwereare, en hja koe earst
nin wird kikke; mar do Hindrik Poep hjar perse om to sprekken, sei se
triljende, det se Haeije net seinje koe; hwent hja wist net ienders
hwet seinjen wier. Dêrop sei Tjaerd Sibles: “Hindrik, dêr moatte aeijen
yn kloppe wirde. Far foart mei de boel.” “Ja, mar, de donder! sei
Hindrik, “ik wol nin rûzje mei de Justitie hawwe.” “Dat is nin skyt,
sei Claes Alerts; “wy steane foar de breken. Far foart mar mei de
commisje, siz ik dy.” Do naem Hindrik in hynsteteam, en dêr sloech en
staette er Ael sa moarddedich mei, det hjar foarflechter oer de flier
stâu, en de frissels losfleagen en hjar as in wylde oer ’e troanje
hyngen. It earm sloof kiermde it út fen de onhjirmlike pine en
eangstme, en fleach as in kat yn binaudheit tsjin doarren en finsters
op, om ’er út to kommen, dêr sy hjar den wer hals oer kop fen dinne yn
’e keamer opslingeren. “Hja fordomt it, sei Sible; “hwet scille wy nou
mei hjar bigjinne? Scoe it net bêst wêze, det wy dy flarde in
bloedrizinge sloegen?” Mei ien bigounen se Ael wer to stompjen en to
bûtsen, det it earm sloof einlik bont en blau waerd, en it bloed der
oan alle kanten neiroun. It erbarmlik getsjirm fen it minske scoe in
tiger it hert britsen hawwe, mar dizze boalen net; hja tichelen der mar
op; hja tichelen der sa lang op, det it minske allehiel ôfboale
tajoech, en gammele Haeije oansjende, Hindrik Poep neisei: _In den naam
des vaders, des zoons en des heiligen geestes, ik zegene u!_
Mar dêr wier alles net mei ôfdien; dat mûske hie in stirt. De hearen
fen ’t Fryske hôf wisten fen nin divel, fen nin tsjoensters ef
tsjoenstersliken to sizzen, en skearden alles, hwet mar tsjin wet en
rjucht wier, oer ien kaem; hja sieten dizze knapen as gewoane
geweldeners efter de boksen, en hja leagden ’er net om! De procureur
crimineel makke Ruerd Durks actie oer misdedichheit en lasterlik
misbrûk fen Gods hillige namme, en ’t hôf sloech him dêrfor yn ’e boete
fen hûndert inkel-gounen mei de kosten[63]. Klaes Alerts en Tjaerd
Sibles, greatskippers to Warns, krigen fen it selde lekken in rokje. As
de hearen fen it hôf oer de divel toft hiene as de domenijs en de
Warnsers, den hienen se Ael Idzes op it heechste punt fen de Warnser
terp ta yeske forbarnd, en hjar boalen noch in preemje ta jown. En mûlk
hie dat noch wol sa goed for it sloof west as ûnder sa’n blaem foart to
libjen. Hja bistie hiel soberkes út in lyts winkelke fen linnen, jern,
lint, spjelden, nidlen, almanakken, heilingen, koeke, en sa foart
hinne, en elts wier hjar noch al tagedien, om ’t se in earm
silerswiddou wier. Hwent it Fryske farjensfolk ûnderhâldden de
widdouwen fen de silers net. O, né! Dêr wier it Fryske bloed to edel
ta! Mar hja ginden hjar de krúste penning mei de nearring fen de
fictualie. Nou houdde dat yn ienen mei Ael op. Elts wie skoftich fen
hjar as in trewant fen de divel. Nin mem, dy hjar mei in bern op
foetten ef fiemen neiby komme doarst. Nimmen doarst yn dy eagen sjen,
dy immen as slangen bitoveren, det hy stôkstil stean bleau en trille as
in blêd oan de beam. Nimmen doarst ûnder dy azem komme, dy elts pest en
bitovringe oanblies. Nimmen woe it minste triedke jern langer út in
winkel ha, dêr de divel mei syn helske kinsten yn alle hokken en hernen
nêstele, en de mingers pest en fenyn yn de ieren jeije scoe. As in
ôfgriis skoudere stie earme Ael dêr fen alle minsken forlitten: nin
earmesteat woe hjar opnimme; nin frjeon ef âlde boartfaem hjar
tasprekke. Mei de algemiene skande en forflokkinge ôfladen, litte hja
onskildich de bitterste earmoede, en de ljue, wol fier fen jinnich
meilijen mei hjar to habben, groeiden yn hjar honger en ellinde as de
straffe Gods oer in toverkol, dy hjar oan de divel forkoft hie. Yn sa’n
steat rôp hja de dead yn, as de jinnichste, de lêste frjeon, dy hjar út
sa’n domme wrâld forlosse koe en yn it ljocht fen in better oerbringe.
Hy kaem einlinge as in bode Gods om syn earme fortrape doaiter op to
heljen, en de tsjerkfâden lieten hjar stil by nacht bigrave oan de
noardkant fen it tsjerkhôf, neist de liken, dy hjar sels to koart dien
hienen.
Nei det Gosse dit masterstik útset hie, kroade er einlinge en to lêste
wer nei Molkwarren ta. Syn mem wenne by de Kattepôlsbrêge yn in oeribel
sindelik húske, mar dat flak mei de gevel tsjin de sydmûrre fen it hûs
fen de bûrman stoe. Do er thús kaem stieken alle frouljue fen de pôle
de koppen út; hwent simmers wierne alle manljue op sé, en seach men yn
Molkwarren neat oars as frouljue, bern en âlde mankes, ef boekhâlders
fen skippen. Hja toften det er earm en bleat werom komd hie, mar do se
him sa gnap yn ’e plunjes en mei de bûsen fol jild seagen, koenen se
net oars tinke as det it de suvere wierheit wier, dy er sein hie, det
er negoasje op op ’e eilânnen yn wrakgoed dreaun hie, en det it him dêr
skoan mei gien wier. Dêrby kroep er domenij wakker op ’e side, en
snijde heech op, ho dierbar it him ûnder syn wird wier. Sneins wenne er
hast yn ’e tsjerke; hy naem faek in stik iten mei yn ’e bûse, en as
domenij moarns hwette lang preke, bleau er oersitten ta de
kattechismuspreek. Dêrby bigoun er him yn de dagelikske wanlinge
wakkere noatich en ynbânnich to hâlden, en it dûrre koart ef al de
praetkes, dy fen him roun hiene, wierne dea blet en glêd forgetten; en
dit to earder, omdet alle jaloerske moers, dy in doaiter oan him slite
woenen, syn partij opnamen. Fen it farren hie er syn sinnen
alle-hiel-end-al ôfset; ivich op dat griene séwetter om to digerjen,
dat sinnige him net; boppe dat wier it him twiske stjûrboard en
bakboard hwette to nau, en it rjucht dêr ek koarter-nôch nei syn sin.
Sont hy mei Keimpe yn ’e kinde komd wier, hie er ek mear mei it fjûr as
it wetter opkrige, en dêrom naem er fen Albert Peer, dy út de tiid
rekke wier, de dûbele affearens fen bakker en smid oer. Dat gong mei in
feint, dy it wirk forstoe, yn it earst noch al matich; hwent hy wier
sels, sa lang it in nijke wier, altiten by de wirken. Hy brocht sels
syn graen nei de mounle; hwent hy slingere oan in tou oer eltse skouder
twa lippens rogge ef weet, ien foar en ien efter, en sa kuijere hy mei
fjouwer lippens graen fen Molkwarren nei de Koldumer mounle ta. Mar
oars, hy steunde dochs hwet to folle op de bilofte fen Keimpe, det er
yn binlikheit sa folle jild krije koe as er nedich hie. Dat makke him
loai; en Keimpe woe him troch krapte oan ’t snoer hâlde. En mei dat
bytke, dat er joech, die er noch krekt as in angelfisker, dy, as er byt
hat, it ies in bytke to bek takkelt om it fiskje noch happiger to
meitsjen, ta it tasnapt, fêst sit en ophelle wirdt. Sa liet Keimpe oan
Gosse, as er yn jildpine siet, in mannich dukaten wol ’ris tweintich
reizen sjen foar det hy se krige. Men kinne licht bigripe, det ien as
Gosse, dy mei it jild omsmiet as kjitte, út in bakkerij en smitterij
net folle hunich sûge koe. Alteas it stuitte him lang net heger-nôch,
en lyk as folle knapen, dy to loai en to rynsk for hjar ambacht ef
hannel binne, woe Gosse nou mar boer wirde. Hja tinke: “Hwa kin net
boerkje? In boer is in dom minske.” En boerkjen is krekt it fynste en
slimste ambacht fen allegearre, alteas as ’er úthelle wirde scil hwet
’er ynsit. Mar ho nou oan in pleats to kommen? Dêr moast Keimpe him oan
helpe, en gelokkich kaem dy mei koartens to Molkwarren.
As trije lytse byfekken by syn fabryk hie Keimpe ek negoasje bigoun yn
lotterijbriefkes, yn jenever, en yn de boeken fen Brakel, d’Outrein en
Smitegelt. Nou wier der in preker to Molkwarren, dy dizze trije
artikels as pesten fen it lân eltse snein útskûrre, en om’t de
oanhâlder wint, kamen der mear en mear to Molkwarren, dy der skoftich
fen waerden. Dat stike Keimpe sa yn ’t krop, det, do er to Molkwarren
kaem, syn earste wirk wier, om Gosse to bilêzen, det er dy preker syn
wirden alle krêft binaem troch de laster, det er it mei in slet hâlde,
dy neist him wenne. Gosse naem dat oan op condysje, det er him oan in
boerepleats holp. “Dat nim ik oan, sei Keimpe, “yn ien nacht foar det
de hoanne kraeid hat; aste my mar seiste honear.”
Der wenne do in smid yn Molkwarren, mei namme Sibe Doitses, dy in
tachtich pounsmiet fyn greidlân hie en dêr in jinnige doaiter by; in
skat, dy noch folle wirdiger wier as al syn lânnen en grounen mei
eltsoar. Dêr hie Gosse in oribelen bistek yn; en nin wonder! Hja wier
hwette lyts; dat wier jammer! en do Gosse ’ris mei hjar op Koldumer
merke gong, seinen de fammen, dy nin feint hienen: “Dêr giet hy ommers
ek mei syn sneinsfortriet hinne[64].” Oare seinen: “Dêr kuijert Gosse
Knop ommers ek mei syn braskoerke.” Twa rouwe silers, dy by syn faer
fearn hiene, pleagen him, do se him dêr by in kreamme metten; “is dat
nou dyn slypboerd?” reauntte him de iene yn ’t ear. “Né sei syn maet
sunich, dat is syn bulsek.” “Nou, hy is noch al breed, sei de oare do;
“dat scil net to rom omkomme.” “Ja, jimme prate hwet, sei Gosse; mar
dou wirdste mei frouljuflêsk licht bidragen; dêrom moaste der sa min
pounen fen nimme aste mar kinste.” Dy lytsens dat wier den ek it
jinnichste; hwent oars hapere der neat oan. Hja wier evenredich; moarns
ier en jouns let altyd allyk fen sinnen. Hjar hert smolt yn hjar as se
ellinde seach, en dêr troch bidraegden hjar ondogenske earmen jamk. Hja
namen hjar by it hert, en den scoe se hjar lêste stûr wol weijaen, ho
fyn en skrander hjar forstân oars ek wier. Hja waerd blyn slein troch
it meilijen. Hja koe ek skoan onthâlde; hwent de hiele _Maeght_ fen
Cats koe hja fen bûten. Der wier ek nin ien faem yn Molkwarren, dy heal
sa moai song as hja, en hja hie oan hjar omke Jarich Eytes, in
Eastynjefarjer, ienders in gouden skipkeskelling fortsjinne, omdet se
_Het daget uyt het Oosten_ sa moai songen hie. Elts mocht ek allike
graech oer hjar wêzen, en dy hjar for de earste reis mei hjar golle en
skrandere eagen seach, dy frege oan syn bûrman: “Hwet ljeaf skepsel is
dat?” “Dat is lytse Ingel fen de rike smid,” seinen se den. Mei ien
wird; hja like as twa drippen wetter fen aert en oansjen op hjar beppe,
dy om de religie mei hjar âlders út Frankryk fluchte wier en hjar by
Harich om del litten hienen. Nei dy beppe hjitte se egenlyk ek
Angelique, mar dat hie Sibe-baes by de domenij, dy hjar doopte, oanjown
mei de Fryske namme fen Ingel. By dy beppe hie se soms ek wol ’ris
wiken en wiken út-fen-hûze, dy hjar den lytse Franske gebetkes learde,
dy se allegearre noch onthâlden hie. Gosse wier sa eang, det hja him
ontkomme scoe, det er al om hjar frijde, do hja pas sauntjin jier wier.
Ek rûkte er gau, det Ingel net ôfwêzich fen him wier; hwent hja hie dat
gebrek mei in bulte jonge fammen gemien, det hja mear fen in losbol as
in dimmen feint hâldde. Dêrom teach Gosse de stoute skoen oan en frege
hy de faer om de tastimminge. “Dat rint mei jimme jierren rju út
inoar,” andere baes Sibe. “Hja sauntjin en dou acht-en-tweintich! Ien
fen fiif-en-tweintich paste dy better, Gosse.” “Is se hwet to jong nei
jou tinken,” sei Gosse, “dat is in kwael dy mei eltse dei better
wirdt.” “En den dou, sei Sibe wer, “dou sa’n greaten Rodger yn de helge
en hja sa’n lyts jifferke!” “En hwet scoe dat nou?” sei Gosse wer. “Jy
habbe ommers nea heard, baes, det in mûs ûnder in reak hea dea rekke
is!” Nou, tsjin dizze dingen koe baes al net folle ynlizze. Mar it
slimste wier in plak. “Ik hab ien kend, sei Sibe, dêr hastou, tinkt my,
in bulte fen; ien fen toalf ambachten en trettjin ongelokken. Dy hie
fen alles leard; rekkenjen, stjûrmanskinst, Fransk, Ingelsk, ja, lykfol
hwet. Dy like it boerkjen ek moai ta. Hy troude in lyts wyfke, sa’n
krûpelhin, wiste Gosse? dy altyd brodsk wier. Hja koften in lichlânske
pleats fen syn âlderserf, en dêr socht er in bislach fen griene kij op,
dy nearne as yn syn hersenpanne to finen wierne. Syn wiif en hy hienen
de divel op it hiem sjoen; hja wierne alle dagen yn ’t fjild to gast ef
krigen gasten. It hûs fol bern, en dy altyd elts mei in stik
krintebôlle en tsjokke bûter yn ’e fûst; boi baes; moarns en jouns it
hiele jier troch in meltser, en twa arbeiders. Folle hânnen meitsje wol
licht wirk, mar it is de divel yn ’e itenspanne. Dit boerke den ek sa
goe, det hy yn fiif jier sauntjintûzen goune formoezze hie, en er him
gelokkich rekkene, det er mei in lyts berneskoalke noch sa hwet mei
wiif en bern troch ’e tiid heukerje koe. En sa rekkenje ik, Gosse, scoe
it dy ek gean. Dou boerkje? It scoe dy moai stean.” “Wel, boerkjen is
dochs ek nin tsjoenen,” sei Gosse. “It kin my neat skele, sei Sibe;
“mar aste hjir oars nin boadskip haste, dêr is ’t gat fen de doar. Der
út mar!” Baes waerd lilts, en smiet Gosse de smittedoar efter it gat
ta.
Mar Gosse hâldde oan as stourein. Mei in wike twa kaem er al wer yn ’e
smitte om alderlei kakboadskippen. Hy hie ek wol ’ris heard, det
domenijs meast keppelers wierne en for elts pear in nije hoed krigene.
Gosse joech de domenij in nije hoed op hân, en as er it klear makke ef
net, de steek wier en bleau sines. Domenij wier dadelik mei pastoarske
yn ’e war om Gosse plak skjin to meitsjen en Sibe-baes to bilêzen, en
howol er steech wier en rju boldere, waerd er op it lêst dochs
hansommer. “Mar dat sizze ik dy, sei er Gosse; “lân hab ik, en de
boereskûrre ek; dy binne ta dyn tsjinst; mar it bislach en boere-ark
jow ik ’er net by. Dat fordom ik sa wyt as sûpe. Der moaste sels for
riede; en hwer scoeste dat wei helje? Dou biste ommers sa earm as in
swel!” “Ja mar, sei Gosse, “ik kin kraeije. Kukeleku! Kukeleku!” “Dat
hear ik, sei Sibe baes; “ik leau, dou scoeste better hoanne as boer op
it hiem wêze. Hwet gridzen binne dat nou wer?” Sibe baes bigoun wer to
smeijen en to smûgen, en hy harke net langer nei Gosse. Mar Gosse wiste
wol hwet er dreau, as er bargen foar hie. As jonge hie er altiten in
bulte nocht hawn om bistelûden nei to dwaen; hy âlle as in kat; hy
bâltte as in kou; hy gierde as in baerch; hy bile as in dogge; hy
blettere as in skiep; hy kweake as in ein; hy keakele as in hin; hy
tsjottere as in protter; hy kleppere as in earbarre; mar hy wier
binammen in great master om to kraeijen as in hoanne, en dat koe him
nou to pas komme. Dêrom wier er forskate moarnen foar dei en foar dage
yn ’t fjild west om dy âlde kinst fen syn bernejierren wer oan to
learen, en hy brocht it gau sa fier, det as er twaris kraeid hie, de
hoannen fen al de acht pôlen fen Molkwarren him biskeid dienen.
Yn Molkwarren stienen de huzen krekt eft se der delreind wierne. Do de
Friezen noch frij wierne, sette elts syn hûs op dat plak en nei dy kant
ta, dêr de holle him opjoech. Dat kinne men ek noch sjen op Merken, to
Katwyk, to Hynljippen en op oare pleatsen, dêr de huzen noch stean sa
as se alderearst set binne. Sa lang as ’er romte wier, koe dat; mar do
’er mear minsken kamen bouden se it plak sa fol as in aei, en do waerd
it forlegen spil. To Molkwarren wier it sa fier komd, det hja de deade
liken net op de skouders, mar ûnder de earmen nei it tsjerkhôf droegen;
oars koenen se yn al dy hernen en gatten net koarternôch krieme. Sa
scoe Gosse ’ris op in moarntiid om healwei saunen oer de
Kattepôlesbrêge nei de Eesterich gean, do er by de Rintke-brêge
stilhâlden waerd. Hy seach om, en it wier in bigangel! De bigangel fen
Sibe-baes mei al syn folk der efter! Do de frouljue kamen, loerde er
’ris ûnder de reinkleden op, en sjochste wol! de earste wier
pastoarske, dy hie de foargong, en de twade nimmen oars as syn lytse
Ingel, dy earmhertich kriet. Gosse liet de smite foarbygean, mar hy
naem ’er sines fen. “Hwa wit, sei er yn him sels, “hwa wit, as ik Ingel
krij, det ik mei koartens it kaptael fen de rike smid der net op ta
krij!” Dit makke him noch happiger, en hy klampe Keimpe, sa gau er yn
Molkwarren kaem, dadelik oan om reau en bislach for syn nije
boerepleats. “Nou, lyk as ’t sein is, sei Keimpe; astou dy preker
preker ôfmakkeste, den scil ik dy oan in skoan reau bisten helpe cum
annexis mei alles, hwet by in boerespil heart. Ja, ik scil dy de
ûleboerden op ’e skûrre sette, al is ’t moarn de dei, en noch wol foar
’t kraeijen fen de hoanne.” “Dou mochtste hwet! sei Gosse; “hwer
scoeste it sa gau weiskoerre?” “Dat rekket dy net, sei Keimpe, “mar as
ik it net doch, hawar, den jow ik dy dyn rispis wer.” “Ja, dat seiste
wol, sei Gosse, “mar aste it forlearste, dieste it dochs net.” Keimpe
seach nou, det Gosse net mear yn syn macht leaude, en dat wier dochs
nedich as er him allehiel oan him oerjaen scoe. Om nou dat gelove, dat
fêst fortrouwen yn Gosse to hammerjen, sei Keimpe: “Ik wit rie. Dêr,
lyk aste sjuchste, is dyn rispis; dat slút ik yn dizze brief, en ik lak
him ticht.” En do er him ticht lakt hie, sei er: “Gean nou mei my nei
baes Sibe ta.” Hja gongen, en Keimpe joech oan de baes it rispis yn de
lakte brief. “Ik hab dizze jongkeardel, sei er, bilove om him moarn
foar it hoannegekraei yn in reau bisten en boere-ark to setten; dêr is
in sletten brief mei in oblegaesje fen tsjientûzen goune der yn.
Biwarje dy, en jow him my wer as ik it dwaen. Dwaen ik it net, smyt him
den mar frij yn ’t fjûr, en nou kom mei nei jou pleats.” Sibe-baes
sleat de brief yn in pultrom, en jouns twiske ljocht en tsjuster kamen
se mei hjar trijen yn in idel boerehûs mei bûthûs en skûrre, dêr neat
yn wier as hwette spinreach. Op it hiem groeide alles yn it wyld; de
appelbeammen wierne net snoeid, en út it lange gêrs koe men hast net
stappe, sa raeijich wier it. De boer wier der foar in jier útstoarn, en
sont hie baes de pleats by stikken forhierd. Hwent it wier hwette
ongeryflik, omdet ’er nin opfeart nei de huzinge roun. Hja wiernen pas
yn dat holle idele hûs ef Keimpe tyspele hwette mei syn fingers en
bromde wiles ek hwette yn him sels, en eltse reis, det der hjar hwet om
de earen wyndere, riisde der in stik húsrie út de groun. Sa kamen der
earst in tweintich aden; do in tsjerne; do in tine; do in
tsjiistsjettel; do in brokaed mei in tsjiisperse; en sa wier der op it
lêst neat yn in boerkerije to bitinsen, dat net krekt as in bûrle op in
stjonksleat út de groun opsetten kaem. Ik tink, det ’er eltse fiif
minuten in stik fen it boere-ark opkaem, en sa wier it al hynstemiddei
wirden, do er in klok mei weauwjende skippen, dy op toalf ûre stie, by
it bedskutting opskoude. “Nou it bislach, sei Keimpe; “mannen folgje my
nei de finne!” It wier wol nacht, mar de moanne skynde prûs ûnder in
trop bleke stjerren, dêr fen tiid ta tiid in swerk fen wite wolken oer
hinne skau. Baes Sibe wist net hwet er sjoen hie; hy wier stom fen
forbazinge, en folge sûnder in wird to kikjen ef to mikjen nei de
finne, dy leech stie. Mar do er dêr op it getipel en gegons fen Keimpe
nei eltsoar tritich reabonte meltskij mei in swarte trinterbolle út de
gêrzen oprizen seach, dy aenstons mei hjar lange blaeijers yn ’t gêrs
omskearden; ja, do bigoun baes twivelriedich to wirden, eft hy net mei
syn collega út de helske smitte to dwaen hie. “Nou is ’er sa fier
alles, as ik better net wit,” sei Keimpe; allinne it byld fen de minske
is der noch net. “Minsken? sei Sibe-baes, dy oan tritich minsken ef oan
tritich iters tofte; “Minsken? Minsken en fretters genôch! Nin minsken
mear. Den ljeaver bargen. Dy kinne men yette slachtsje en ite.” “Nou
krekt, sei Keimpe, “ik siz net fen minsken, mar it byld fen de minske,
en hwa komt dy eare ta as de baerch, dy nei siel en licham al heal
minske is. Dêrom is de baerch ek oeral de kameraet fen de minsken. Dêr
minsken op de wrâld wenje, dêr binne ek bargen. De hounen mankearje
noch wol ’ris; mar de baerch noait.” Hja gongen wer nei it lytse
bûthûs, dêr it rju tsjuster wier; mar op it gegons en getipel fen
Keimpe hearden se it gnoarjen fen in partij bargen, en do it ljocht fen
de moanne troch in kier fen de bûthûsdoar yn ’t bargehok foel, seagen
se seis glêdde sûgen neist eltsoar lizzen to hymjen. Keimpe sette de
amer ûnder de saed; hy pompte, en der kaem neat út as sûpe, dêr hy de
bargen mei boarnde. Hy tipele en gonze foar it lêst noch ’ris, en in
keppel gies wraggelen mei tsjokke gatten troch de skûrrereed; mar foar
’t al dy gjizzen mei hjar garren klearspile waerden, wier der sa folle
tiid forroun, det de dage yn oantochte kaem. De kimen waerden min ef
mear blank, do Keimpe oan baes Sibe frege: “Is der ek lek ef brek oan
hûs ef skûrre?” “Ja, sei baes, de ûleboerden binne okkerdeis mei de
noardweste stoarm der ôfwaeid.” “Kukeleku!” kraeide Gosse do. Keimpe
glimke ’ris, en sei: “Ja mar, feint, dat hâldt net; dou biste nin
hoanne.” “Kukeleku?” kraeide Gosse noch ’ris, en as in blits kraeiden
alle hoannen fen de acht pôllen fen Molkwarren, Kukeleku! det it fier
oer de stille mieden hinne klonk. Sa as Keimpe dat gesjong fen de dage
út it easten hearde, bisauwe hy for de earste kear fen syn libben.
Bidragen, ta skande makke fen syn eine learling, waerd er woedend fen
skamte en spyt. It brûs stie him in hânbré op ’e mûle. Hy krige in kop
as in bolle. Hy tynde út oan alle kanten as in sjipbûrle, dy in bern út
in piip bliest, en do de nochteren dage hjar earste blike striel op syn
eansicht smiet, boarstte er ek as in bûrl mei in plof en in ôfgrysliken
stank út inoar, det er as in tichte stourein fen hunichdau yn ’e loft
opgong.
“Dat is my to mâl! sei Sibe-baes; dat is klinkkleare divelerij! Dat is
iselik! Fij, man!” Mar Gosse kraeide fictorie, kukeleku! en tachtich
hoannen fen de acht pôlen fen Molkwarren kraeiden him efternei,
Kukeleku! “Dou kraeiste al fictorie, sei baes, “en ik trilje as in blêd
oan in beam, sa ontdien bin ik. Mar hwet scoe yn dat brief fen dy snaek
skûlje? Ik wol it nin eagenblik langer yn myn pultrom ha; oars fljucht
myn hûs en smitte mei Ingel en de hiele santepetyk noch yn ’e loft.”
Hja mei in blits nei hûs, en do Gosse de brief opskoerd en sjoen hie,
det er syn eine rispis yn stike, smiet er it ding dadelik op it fjûr.
Gosse liet dêrmei by in âlde sister fen syn mem in fyn linnen doek oan
de rânnen bisije mei sidene beammen en blommen, en dêr midden yn de
wirden: _Fryske trou oan de alderljeafste._ Dêr biknoopte er tsjien
gloednije dikketonnen yn, en do er op in jountiid by it slûge ljocht
fen in smidslampe by Ingel yn it lytshûs siet, sei er:
“Wotte sa wotte?
Dêr haste de knotte.
Wotte it net dwaen,
Kinst’ de knotte werjaen.
[Yllustraasje: MEMMELOK EN MEMMESOARCH.]
En Ingel sei: “Ja, myn!” Hja taestte ta, en de boask, dy mei tûzen
triuwers fen lippen en hânnen bisegele waerd, wier sletten. Gosse
troude syn Ingel en gong mei hjar op de pleats; mar Sibe-baes, goe’man,
hie sa folle fen de skrik skipe, det hy sont dy nacht nin soun ûre wêr
hie en as in siik houn omwynde. De jierren wierne ek dêr, sadet hy
fordwynde einlik as snie foar de sinne, en seis wike nei Gosse troudei
rekke Sibe-baes út de tiid, hwer troch al syn lân en goed op Ingel
erfden. Sa gau as hja yn dat jild foel, wier hjar earste wirk om to
testemintsjen. Hja moast yn ’e kream, en as se dêr ’ris yn bleau, woe
se net habbe, det Gosse troch hjar folk út syn dwaen staet waerd. Hja
woe for him soargje. “Hwent alles mei eltsoar gemien to habben, sei
hja, “bihalven it jild, dat jowt nin pas. Dêr is it wrâldske goed my
net wirdiger nôch ta.” Ongelokkich wier der nin seine op al dat jild.
Ingel krige mei de âlfde moanne al twalingen, in feintebern en in
fammebern. De blydskip fen it jongwyfke wier mei nin pinnen to
biskriuwen as se hjar Isabella yn de lofter en hjar Sibe yn de rjuchter
earm hie, en sa yn hjar folle boarsten optreau, det de bern de tate om
it kin kweaze. Yn twa glûpen bistoppe mem se neist eltsoar, en dêr
laeinen se den mei de geur en it waes fen de gesontheit op ’e troanje
en dauwe fen fine switkobbelkes op it foarhaed to sliepen. Tsjienris yn
in ûre kaem Ingel mei de foarste finger op ’e lippen, en teantsjende op
hoasfoetlingen yn ’e keamer, om ’ris to sjen ho de bern it hienen, mar
egenlik om hjar eagen wer ’ris to forklearjen oan dizze twa ingelaftige
pronkstikken, dy hja nea genôch biljurkje en triuwe koe. As it folk om
bûrren kuijere, siet hja foar it finster mei hjar twa hertlapkes to
pronkjen. Do de bern doopt waerden, die hja twa gouden riders ta
tankberheit yn it bekken, en hja bea: “O Dou, hege Heit yn ’e himel, dy
ús minsken noch mear ljeaf haste as ik dizze bern. Dou haste it yn myn
herte ritst om hjar ljeaf to habben. Lit hjar groeije en bloeije! Lit
hjar libje, det ik myn ljeafde biwiisgje kin; det ik dyn hillige wirden
oan hjar folbringe mei, en dy priisgje en tankje ta yn ivichheit.”
Ingels lippen beefden, en do hja Amen sei, foel se mei de holle twisken
de hânnen op it skouder fen de kreamheinster del; hja boarste út yn
triennen, det de dyakens yn ’t hek mienden, det hja in oerfal krige.
Hja gong wer nei hûs; mar de heechste ljeafde, dy ta gelyk de heechste
wysheit is, oardielde det Ingel in better man en hjar twalingen in
better faer wirdich wierne, en naem se alle trije by him op, om hjar
for de skande en ellinde, dy noch folgje moasten, to warjen. Fiif
fearnsjier nei de berte stoaren beide de twalingen op ien-en-deselde
eftermiddei oan torminen; de moarns laken en djoeiden se noch yn ’e
glûpe, en de jouns wierne it kâlde blauwe lykjes; twa roazen, dy ek as
roazen mar de koarte ûren fen in moarntiid bloeid en libbe hienen. Hja
woene wol sizze, det dy earme hertkes troch de kreamheinster forgiftige
wierne; dy moat hjar mâlken-twiebak út in earnen panke, dat bloeide,
klearmakke ha. Mar ho dat ek siet, Ingel fielde hjar sels eft hja fen
de blaksem ta pletter slein wier. It wier as it yngewand hjar tsjin de
kiel kroppe. Hja koe nin wird sizze, hja koe nin trien litte; hja siet
by de twa glûpen, dêr de lykjes ynlaeinen, as in stiennen byld, en
seach mei greate opspalke eagen nei boppen ta. Gosse kaem by hjar en
sei: “Hwet skilt myn wyfke? Ho sjucht se sa nei boppen?” Dêr hja mei in
sêfte mar earnstige stimme op anderde: “Ik sjen dêr hinne, dêr myn skat
is, Gosse.” “Hwer is dyn skat den, ljeave?” frege hy. “Ik sjen dêr
hinne, sei se, “dêr de sielkes fen dizze twa ingels nou binne.” En mei
ien sonk hjar holle wezenleas op hjar boarst del. Mei in ûre kaem se
wer by; mar do waerd hjar hwet forhelle, dat hjar djip yn de siele
stiek, en twa houwen yn ien sear wierne. De lytsfaem klage Ingel hjar
need, det de boer hjar net mei frede litte koe, en wiles de frou yn ’t
waerme bêd laei, forskate ramen op hjar dien hie. Dat laei hjar heech!
O! dat stiek en krinkte lytse Ingel sa! Ja, stitsen, djip stitsen wier
hja, mar dochs, edel en heech, smiet hja mei fonkeljende eagen it
moaije kopstik yn de nekke, en sei de faem neat oars as: “Dat hab ik
net fortsjinne.” De faem gong snjeon-to-joune wei, en dat joech nin
each, omdet to Hynlippen en Molkwarren de fammen[65] by de wike hierd
waerden. Dy selde jouns gong Ingel mei in lampe nei in keeft op ’e
souder om ’er deahimkes en hennekladen, dy altiten by de Friezinnen for
elts fen it húsgesin klear lizze, út to krijen. Hja kaem blyk as de
dea, allehiel bistoarn en triljende wer ûnder, krekt eft hja in skynsel
sjoen hie, mei de lampe yn de hân, mar sûnder himkes. “Nou, ja, den!
sei hja wanhopich yn hjar sels; “nou, ja, den mar nei boppen! Nou, ja,
den mar nei ús heit en myn twa ingels!” Hja gong de doar út, en kaem
net wer. Wech ende wear waerd hja socht, mar nearne foun. Allinne hjar
toffels waerden op de mûrre fen de Molkwarrer syl oan de séwâlsside
werfoun.
It wier sa, Ingel wier wei, en hjar bern waerden opdroegen. Mar mei de
saunde dei; hark ’ris minsken! mei de saunde dei nei de dea fen de
bernkes kaem Ingel werom, alteas ien dy troch Gosse en hiel Molkwarren
for Ingel hâlden waerd. Der waerden rare eagen fen Gosse opskoerd, do
hja oer de Kattepôle brêge kaem en hjar hûs wer ynstapte. “Myn God!
Hwer komstou fen dinne?” sei Gosse. “Dat moarddedige fordommen, andere
Ingel, dat godlasterlike flokken en swarren, Gosse, datstou altiten
dien haste, koe ik net langer hearre. Dou haste him sa lang tritrotte,
det hy dy dyn twalingen ontnomd hat, en dat moast ik mei ontjilde.
Dêrom bin ik weiroun. Mar ik hab my bitocht. Ik hab dy ienris foar it
eansicht fen in alwitend God de bilofte fen ivige trou dien, en dy wol
ik folbringe. Ik wol dy hou en trou wêze. Mar ien ding moaste my
biloofje, dat flokken en swarren moat ophâlde, ef ik rin noch ’ris
foart, en den, den sjuchtste my yn der ivichheit net wer.” Gosse bilove
hjar, det hy ’t flokken sa goed litte scoe as er koe, en dêr joech er
hjar de hân op; mar de swierste flokwirden wiernen in oanwenst by him
wirden en him hast yn ’e mûle bistoarn. Hja libben sont yn frede mei
eltsoar; hja joech Gosse, as it diveldei mei him wier, wakker ta; hja
troaide him yn alles, en dat gong sels fiers-to fier. Hwent foar de dea
fen hjar bern wier hja dipper en sunich, en hâldde alles wakker by
inoar, lyk as in kloek hûshâldster tabiheart; en hja scoe for hjar sels
nin duit onnut fortarre om dûbelstûren en sechstehealen oan earme
widdouwen en wezen wei to jaen. As Gosse oanslaggen hie, dy to folle
jild kostje scoene, ef as er to rynsk mei jild en iten omgong, den wist
hja him yn to binen. Mar nou wier ’t blêdke yn ienen omkeard. Hja
taestte nou alles sels mar rom oan, en wol fier fen Gosse to bek to
hâlden, gong hja him mei pronkjen, gasterearjen en alle rynskens foar.
Dêr bleauwen de fruchten net fen wei. De boel gong efterút, en de
húshâldinge bigoun mei ’er tiid mear to kostjen; hwent it wiif krige
alle jierren in bern, en op it lêst hienen se in keppel fen njuggen
doaiters by eltsoar, dy altiten as hoantsen yn eltsoar omsnauden en
tsjierden. Dêr kamen noch in bulte kinsten fen Gosse yn de boerkerij
by, dy ek jild kostten. Hwent hwet gridzen al sa yn dat holstik
opkamen, dat kin nin minske bigripe. Sont is er den ek twa winters yn
’e war wêst, om fen hea echte gêrsbûter to winnen. Hy hie domenij ’ris
trije ûren preekjen heard oer de praktesaesje fen Jacob om swartbonte
skiep to krijen, en dat die er, lyk as bibelkindige ljue witte, mei
skylde twigen yn ’e boarne to smiten, dêr de skiep út dronken en de
rammen by dreauwen. Hy tofte, as de kij it hea for gêrs oanseagen, det
’er den ek gêrsbûter komme moast, en dêrom as it sketjeftstiid waerd,
sette hy alle kij, foar det hy foerre, earst greate griene brillen op.
As se dêr troch seagen, krige it hea in griene kleur, en dy ynbyldinge
scoe den sa sterk op de bisten wol wêze, tocht hy, det de mâlke foroare
en de reamme by it tsjernjen gêrsbûter joech. De bûter bleau noch wol
hwette blyk, mar dat forholp syn wiif mei kleursel, en hy koe him mar
net bigripe, det de bûterkeaper, do er it fet stitsen hie, forklearre,
det it neat oars as readferve heabûter wier, dy er in trijegoune
ôfstiek.
Mei al dy kinsten, mei in greate keppel doaiters, dy pronken det it
boarstte, en in rije húshâlding, droege de boel hird út. Hy forsette
syn lân it iene stik nei it oare, en it jild, dat hy der for opnaem,
dêr bitelle er in daelder mear rinten fen as hy fen it lân makke. Do
dat ’er by kaem, gong it sa hird efter út as twa hynzer lûke koenen. Op
it lêst wierne alle einen to koart. De doarwarders kamen mei citaesjes:
it krielde fen moanners, en it kredyt wier op. Do it sa fier komd wier,
kaem der einlinge útslútsel fen in tsjuster riedling, dat Ingel
neilitten hie. De greatfaem scoe de dreage mâlke út de aden yn ’e
tsjiistsjettel jiette, mar glied op hjar wiete klompen út; hja truzele
mei it aed en al oer ’e bûthúsflier hinne, sa det de mâlke yn de groppe
roun, en dêr waerd Gosse sa breinroer-lilts om, det er de ôfgryslikste
flokwirden, dy ea Molkwarren onthillige hiene, útbraekte. “Aste net
weigieste, flarde, sei er op it lêst, den skop ik dy tsjin dyn grouwe
bealch, det dy dyn termen om ’e koustilen slingerje!” “Hâld dy stil!
sei syn wiif tsjin de faem; “de boer scil syn lean wol krije. _Boontje
koomt eindelijk om het loontje._” “Ja, frou, sei de faem, “ik gean mar
wei.” En de faem gong yn ’e yester to meltsjen, mar de frou gong nei de
molkenkeamer om to reamjen. Dêr bleau se wol oardel ûre, sûnder det ’er
gewach fen hjar kaem. Do Gosse hwette bikaem, rôp er hjar, mar der kaem
noch nin gewach; einlinge tinsende, det hjar mûlk hwette oerkomd wier,
gong er sels yn ’e molkenkeamer, dêr er de klean fen syn wiif op in
tropke oer de flier foun, mar hja sels wier wei; en nin minske hie hjar
sjoen; nin minske wiste, hwer ’t hja stouwen ef flein wier. Nou kaem it
einlinge nei tweintich jier út, det Ingel, út wanhoop oer de dea fen
hjar beide bern en it smoarge stik fen Gosse, hjar by de yngong fen de
Molkwarder syl yn sé drinzen hie, en det Keimpe do dadelik in âlde
fekke fen in nift, dy de gedaente fen Ingel oannaem, op him ôfstjûrd
hie. De njuggen doaiters, dy fen dy aeijen set wierne, wierne ek
allegearre fen it wird; dy habbe dêr wol in fyftich, sechstich, jier
húshâlden, en dêr krige Molkwarren do onskildich de skeldnamme fen it
Heksershol fen. Tsjinwirdich is ’er noch skaei fen, mar net mear as ien
ef twa âlde fekken, dy hjar soms by nacht en ontiden yn hazzen
foroarje, en den de kij de mâlke ôfsûpe, det de Molkwarrer boeren
moarns de jaren sa slop fine, as in lege moalpûde.
Sa gau as de tynge yn Hollân kaem, det Gosse de kluwers yn hûs hie,
kamen de twa compagnons fen de firma Pik en Zonen om him to helpjen. It
wier de splitter yn de lotterij Philanthrope, (sa neamden se him yn ’e
wânlinge, hwent hy hiette oars Filou En Troupe), en de jeneverstoker
Graenstra. Do al syn lânnen en spillen him troch de krediteurs ûnder it
gat wei forkoft wierne, sette Graenstra him yn in lytse gribus, dêr in
slok forkoft waerd, en Philanthrope spegele him de lotterij sa moai as
de haven fen syn bihâld foar eagen, det hy syn lêste fiifhûndert goune,
dy er noch út de brân rêdden hie, yn hierbriefkes to weak lei. Mar dêr
kaem nin duit fen to lânne, en dêrmei wier er rûpele, útpûle, yn ienen,
kin ik jimme sizze, ta de lêste duit ta. Do er neat mear to forspyljen
hie, joech mynhear Philanthrope him in traktaetsje, dat er sels skreaun
hie, ta treast fen de ongelokkigen en forbetteringe fen sondaren.
Dêrmei winske er him de segen des Hearen, mar kaem net wer. Gosse
bigoun nou syn treast to siikjen yn it koartgoed, dat er in oar
forkeapje scoe; mar foar det er allehiel to neate rekke, die er op it
âlderlêste noch in needsprong, dy him de nekke briek.
Jan Kredyt wier for him yn de kriten fen Molkwarren stiendea; en oan
stellen en falske wiksels weage er him net, omdet er nin sin hie om de
lieu yn ’e bek to sjen, en den noch in tsjien jier op ’e keap ta
provinsjehout to raspjen. Der moast hwette oars op úttoft wirde. Hy
hearde sa ’ris by de boekhâlders fen skippen yn Molkwarren om, hwet
keapljue en winkels se yn Hollân koenen, dy sa it iene en oare oan de
redery forkoften; it koe him den egenlik net folle skele hwette. Oan al
dy winkels en kantoaren skreau er gnappe brieven, det hy oan hjar
rikkommandearre wier, en det er in lytse negoasje yn hjar fak driuwe
woe, en det, as se him in priuwke stjûre woenen, en de waer bifoel
goed, hja in goede minger oan him habbe scoenen. Ytlike wierne wol sa
hoedend, det se him earst ’ris hifken, en dêr krige er, sa as fen sels
spriek, neat fen. Mar in bulte wierne sa nearringsiik, det hja him op
syn gnappe brieven ôf fen hjar gûd stjûrden, en sa krige er it hûs
boarstende fol fen alderleije waren. Dêr foun men fiterbân, spikers,
frouljues mofkes, manljues hoedden, inket, pin en pompier, klompen,
hazzenuten, messen, kakynjes, toffels, putheakken, kanten, groat,
romers, almanakken, Spaenske sjippe, hoazzen, snuf, piper, jokken,
reade riften, klontsjes, silen en beagen, ja, lyk folle hwet. It wier
in útdragerij fen nij gûd; in arke sa as er nei Noachs tiden mûlk nea
wer op ’e wrâld wêst hie. Dêr hat er do noch in bulte wille mei makke;
hy krige de bûsen fol jild, en de Molkwarrers goekeap gûd. Mar dat
lietke wier mei twa jier glêd út; hwent do der op dy priuwkes nin
gewach kaem, waerden de Hollânners wekker, en sa as se hearden, hwa ’t
Gosse wier, lieten se him rinne for hwa ’t er wier; hwent, toften se,
men kinne in lûs net mear nimme as it libben, en goed jild by kwea to
smiten, om him sette to litten, wier hjar foech net. Mar der wier in
Amsterdammer, dy bikaem it danige nij, det er fen in boarger fen it
_Vriesche doolhof_ sa fynkes bitritsen wier. Dy liet him foar rjucht
citearje, en do Gosse dêr kaem joech er syn boel oer oan de krediteurs
en forklearre him sels bankerot. Mar hy wier sa gau net thús, ef by
nacht en ontiid liet er syn hús leech toaije fen it bêste, dat er noch
yn wier, en dat boarch er op souder by in wiif to Starum, dy sa ’n
húske fen hâldoan for fammen en feinten hie, en der sels hwet bline
nearring ûnder dreau. Ongelokkich kaem dy lêstige justitie der efter,
en in wike dêrnei wierne de witsjers fen Ljouwert to Molkwarren en
lichtten Gosse by nacht fen syn bêd ôf. Do er foar de kommissaris fen
it hof kaem, wier ljeagen it neiste rjucht; mar de biwizen en de
getugen, det er nei it bankerot syn goed út hûs tôge hie, sprieken sa
klear, det it hof nin swierrichheit makke om him in ûre op it skafot to
Ljouwert to pronk to setten en him boppe dat noch fiif jier fêst wirk
to jaen. Do Gosse dêr to skande stie, stoe der ek in tropke fen fiif
minsken foar it skafot, dy oer him praetten; dat wieren domenij Bavius,
de abbekaet fen Gosse mei ien fen syn boeren, en den noch de hearen
Philanthrope en Graenstra. Hja hienen oars al sein, det Philanthrope út
de tiid wier; mar dat wier sa net; splitters binne sa taei as hier.
Philanthrope en Graenstra skodhollen bitinkelik en riddenearren wakker,
ho djip de minske falle kin, dy fen God forlitten wirdt. “Ja, sei de
abbekaet; “en binammen as er in hompke kriget fen in splitter en in
jeneverstoker”. Mar dy hearen wierne yn ’e wol ferve en hienen spek
efter de earen; hja dienen eft se der neat fen bigriepen, en
riddenearren mar foart, det men de fallene sondars in hân tarikke
moast, om hjar wer oerein to helpen, en det elts dêr in bytke ta dwaen
moast. “Ik leau net, det elts it dwaen moat, sei de boer; “dat is jimme
fak egentlik. Dy de ljue mei lotsjen en sûpen yn it tichthûs bringe,
moatte der hjar ek wer úthelpe en betterje. Dat is in roune O.” “_Ja,
heeren!_ sei domenij Bavius; _Dair het de boer gelyk an; elk moet de
fuelnis, die er maikt, self ook allienig weêr ophemele._” Dêrmei wier
de kattechesaesje út; hwent dy rauwe wirden fen de boer tingen nei de
lever, en de hear Philanthrope sei oan Graenstra: “Hja habbe ús hjir yn
’e kaert sjoen;” en hja kamen noait wer to Ljouwert. Gosse kaem tagelyk
mei in poep, dy spek by in boer stellen hie, yn it tichthûs. De poep
seach wakkere sunich, do de cipier hjar by de oare boeven brocht, dy
mei heal neakene hûden twa oan twa in read stik hout stienen to
raspjen. Haermen skodde de holle en sloech de hânnen yn eltsoar, do er
yn ’e doar stie. “Lieber Gott im himel! sei er, Wäre ich bei mein weib
zu hause! Aber was wird man sagen?” “Previnsjehout, divel!” sei de
cipier, en staette him yn it tichthûs op.
[Yllustraasje: GOSSE OAN ’E SKANDPEAL (DE KAAK) TO LJOUWERT.]
Do Gosse dêr fiif jier forkeard hie, wier er net better wirden. Hwet de
iene net wist, dat wist de oare. Hja fortelden eltsoar hjar
skelmstikken; hwa en hwet se forklapt hie; ho se hjar foar de
commissaris forspritsen hiene, en ho dy hjar knipt hie; allegearre
leksoms fen in ripe ûnderfininge, om as se los kamen en tonei wer
stielen, it hwette tûker oer to lizzen. Der wierne ek forskate ûnder,
dy húsbraken en moarten op it each hiene, mar dy foar dy tiid yn de
lampe roun wierne. Dy commisjes droegen se nou oer oan kammeraten, dy
gau los kamen, mei oanwizinge fen pleats, fen tiid en minsken, dêr de
bút to striken wier, en ytlike tsjeaftmes en moarten, dêr men in bytke
dêrnei fen hearde, wierne yn dat forbetterhús klear makke. Sa hwet ’er
noch oan Gosse hapere om ien fen de earste skelmen fen de saun
provinsjes to wirden, dat learde hy ’er yn it tichthûs út de pin by.
Do er syn jierren útsitten hie, kaem ’er krekt ek in gnap frommis los,
mei namme Rynk Ockes, dêr er even bûten de doar fen it blokhûs mei yn
kinde kaem. Dat frommiske wenne eren as faem by in ryk rintenier to
Ljouwert, dy in ynbânnige en stille húshâldinge hie, en de boaden
sneins trijeris nei tsjerke stjûrde, det ’er nin jongkeardel
hin-ende-nei by hjar komme koe. Hja spriek ek nimmen hast as it
húsgesin en in kattechesearmaster, dy dêr wol ’ris om in glêske wyn
kaem, dat de man sels net barre mocht. Nou wier dy faem grousomme
mansjeak, en it sloof byldde hjar yn, det hja nin frijers krige, om ’t
se net moaijer nôch klaeid wier. Dêrom pronke se det it boarstte, en om
se ’t noch ek wol ’ris in pear sechstehealen en in himd oan hjar earme
mem to Harns stjûrde, sa kaem it mei it bûsjild krap om. Hja krige op
it lêst sin oan in ferversfeint, dy in rút yn ’e koken lape en hjar do
’ris in fûgel ontstiel, en lyk as it giet, ek ’ris troch de hânnen gean
liet. Nou moasten alle seilen byhyst wirde! Hja seach yn in winkel op
de Kelders in nij jestaelke fen in jak, nei hjar sin sa nuvere moai,
det as se dat oan hie, ja den moast de feint sin oan hjar krije, eft hy
woe ef net! Mar it bûsjild wier to koart, en nou koe it earm sloof de
hânnen net thús hâlde. Hja naem in pear inkelgounen út in fesjebûse fen
hjar hear, dêr wol tweintich ynsieten, om se der letter stilkes wer yn
to dwaen, as se hier barde. De rintenier, dy banger for syn jild, as
for de siel fen in earm forljeafd sloof wier, brocht it oan; de
commissaris ûnderstie hjar, en hja bikende kritende en om genede
biddende aenstons alles. De justitie moast hjar gong gean; omdet Rynk
hjar breahear bistellen hie, wier de sententie in giseling en fjouwer
jier sitte. Nou kaem se ûnder it skom fen frouljue, dy mear op divels
as minsken liken; rabsters, slepen, tsjeaven, sûpsters, trochtrape yn
alderhânne listen en leagen, oars spriek hja net, oars hearde hja net.
Hja wist net det ’er sa’n smoarge tael wier as se hjir hearde, en yn
trije jier wier se er sa al ta wend wirden, det hja net better wiste ef
it hearde sa. Mei ien wird, as in ingel, dy stroffele hie, kaem hja yn
it tichthûs en bidoarn kaem hja der wer út. Mei dit frommis gong Gosse
al skoaijende it fjild yn. Hja hie in koerke mei lietkes en hwette
lodderein, en hy hie in boskmannich swevelprikken en riskepitten, mar
dat wier mar om de bysjagers, dy de bidlers efter de faksen sieten, to
forrifeljen mei to sizzen, det hja mei de merse rounen; yn wierheit
skoaiden se, en foel der hjir ef dêr hwet to grabbedaeijen, dat lieten
se ek net stean. Nachts forkearden se meast by de boer yn de skûrre yn
’t hea, nei det Gosse de boer earst de hals fen allerlei onbegripelike
dingen fol leagen hie, en sy de boerinne en de doaiters út de fâlden
fen de hân wiersein hie. Hja hienen it nearne better, as dêr it molken
bitsjoend wier; hwent den lei Gosse krûden om ’e tsjerne, en mompele
der in mannich frjemde wirden binnens mûle by: den koe de boerinne
aenstons wer tsjernje as in liere.
Nei det se oeral west en fen alles bisocht hienen, kamen se einlik yn
de kompenije fen Kollumersweach-westeinde to lânne. Dat wier hjar lân;
hwent dêr wierne do noch trije dingen, dêr de dogeneaten ûnder ús noch
al lêst fen habbe, onbikind: to sizzen, in hûs, in tsjerke, en it
houwelik. De ljue wennen dêr meast ûnder de groun; twiske sneins en
deis wisten se nin ûnderskie, en hja kroepen mar by inoar, sûnder det
’er in domenij by to pas kaem. Hja trouden dêr omtrint as de
polderjonges noch dwane. De ûnderbaes, ek folle de man fen de keet, dêr
iten en drinken oan it arbeidersfolk forkoft wirdt, komt mei de pin
efter it ear en syn rekkenboek yn ’e hân as domenij op. Hy stekt in
putheak dwers foar him út mei de punt yn ’e groun. Den giet it pear oer
de putheak hinne stean, sa det se de stôk twiske de skonken habbe;
hwent as ’er ien oerspringt; dat hâldt net. Earst giet de breid ’er oer
stean, en den de brêgeman, en dêrnei forklearret de baes fen de keet,
det it hijlk sletten is. Dêrop drinke, dounsje, en sjonge se, en einlik
to bêd. Dien is ’t! Dat is it hiele houwelik, en sa wier ’t yn de
kompenije ek. De measten kroepen yn hoalen ûnder de groun. Dy letter in
hûs boppe de groun krigen, hienen dat ek al yn in omsjen.
Snein-to-moarns tôge elts fen it folk hwette oan; de iene in kezyn, de
oare in doar, de tredde in finster, in fjirde hwet reid, ef hwet kalk
en stien, ef in spar mannich, in fyfte in stoel in seisde in lampe ef
tafel. Dy boel waerd mei alle mannemacht yn de foarmiddei kant en klear
oerein set, en om toalf ûre wenne it pear der al yn, en onthellen it
brilloftsfolk op brandewyn en pannekoeken, dy it jongwiif yn it nije
hûs sels bakte. Dat wier it hiele houwelik yn de kompenije, en omdet se
seinen, det ljue, dy de measte reizen de lieu yn de bek sjoen hienen,
dêr de hirdshernen krigen, sa miende Gosse, det er op sa’n kompenijster
houwelik mei syn faem ek rjucht hie. Mar do de kompenijsters hearden,
hwer dit pear fen dinne kaem, seinen se: “Wi habbe hjir genôch fen dat
flêsk,” en dreauwen hjar mei kjitte en pôlkjen de kompenije út.
De winter kaem oan, en der wier nin ûnderkommen, nin klean, nin tek,
nin brânje, en nin iten. Nou moasten hja lije as koarn op it fjild.
Kjeld en hongerbâlje, det hja swart waerden, wier nou hjar lot. Hja
waerden as heineballen fen it iene doarp nei it oare keatst; hwent nin
earmfâd woe dizze twa kostgongers oanhâlde. To lêste kamen se to Harns,
dêr it frommis fen dinne wier, to lânne, en om ’t Gosse allehiel
forlijd en forkjelde wier, rekke er der siik. De earmfâdije fen de stêd
moast him mei syn frommis wol opnimme, mar de pine, dy er útstie, wier
onhjirmlik, sa det er nin oare útkomste as de dea seach, en God om in
hastich ein bea. Syn frommis forliet him net, en wol omdet se frommis
wier. De man hat it wiif ljeaf om him sels; it wiif hat de man ljeaf om
de man, mei hwa se hjar lêste stik brea part, en dy se folget op it
skafot en yn it grêf. Ho djip Rynk ek fallen wier, dizze grountrek fen
in wierheftich frommis hie it tichthûs net by hjar útfage; hja paste
him op as in mem hjar siik bern, en hwet hy minder waerd, hwet hja mear
hoedzje en noedzje woe. Op it lêste waerd it sunich wirk, en hy bigoun
to weinen, det se it fjouwer húzen fier hearre koenen. Sa as Rynk dêr
foar de bank fen Gosse mei de holle foaroer siet to kriten, kaem de
earmedokter der mei mynhear Philanthrope yn, dy for syn affearens fen
Amsterdam mei de beurtman to Harns oer wier, en nou by tafal fen de
dokter heard hie, det Gosse op it gybjen laei. “Is der neat oan to
dwaen, dokter?” frege Philanthrope. “Ja wol, sei dokter, “mar mear mei
in goed bêd en switten, as mei drankjes, en dat is hjir net.” Aenstons
liet Philanthrope for syn rekkeninge in goed bêd en skjin linnen komme,
mei trije wollene tekkens, en do Gosse dêr ûnder kaem, bigoun er sa
dierber to switten, det it him ta de fingerseinen útdripte. Dit wier
syn genêzinge; mei trije wike koe er it hûs fen barmhertichheit wer
forlitte. Fen it eagenblik, det Gosse op strjitte stoe, hâldde
Philanthrope de hân fen him ôf; hwent hy hie fen syn compagnon Keimpe
yn commisje, om it libben fen Gosse sa lang to rekken as ’t mar koe,
mar him nin duit tsjin de ellinde fen ’t libben to jaen. Hy moat ’er
wille fen ha! sei Keimpe; der moat yn it grounsop fen de libbensbiker
nin bitter grizelke lizze, dat hy der net útdrinkt en priuwt, en dêr
moatte wy him tiid fen libben ta bisoargje.”
“Sjê sa! sei Philanthrope, do er Gosse wer op strjitte seach; hy giet
wer in nij fjild fen ellinde yn.” En dêrom krige Gosse nou den ek nin
duit ûndersteuninge mear. Allinne stiek er him by it ôfskie noch in
lotterijbriefke yn de hân, dêr in nul op foel. De firma fen Pik en
Zonen handelt mei hjar klanten omtrint as de Japanees mei de Jesewiten
die, dy er mei de holle del boppe in put oan ’e foetten ophinge, en as
se om-ende-by dea wierne, liet hy se yn in gasthûs bringe, en mei in
bulte soarchfâldichheit oppasse en genêze. As se den wer kant en klear
wierne, kamen se wer op nij oer dy put to hingjen, en dat waerd sa faek
herhelle, ta se ef dea pinige wierne, ef it Roomske gelove ôfswarden en
ta de Japanske godstsjinst oergongen. Sa die de firma Pik en Zonen ek
mei Gosse.
De lêste treast, dy Gosse noch oerhâlden hie, wier Rynk, dy alle
ellinden mei him dielde; mar dy forlear er op in winter yn it iis. Hja
wier in sterken fotse, dy sa goed as de bêste tsjirl in lippen mannich
rogge oer iis slydzje koe; ienders do Gosse en sy elts mei in slide fol
graen oer de Makkumer mar nei Bolswert scoenen, rieden se tsjin de
sinne yn, dy sa op ’t glêdde iis teistere en tispele, det se nin wetter
fen iis ûnderskiede koenen, en sa ried Rynk mei de folle feart yn in
wjek, dêr se earst hwet op de rokken omdreau, mar forfolgens ûnder in
hertbrekkend jammerjen sonk en fordronk. Gosse, dy hjar net helpe koe,
skoerde him de grize hierren út de holle, en men moatte sizze, det dit
ontsettend eagenblik it earste yn syn libben wier, dat him fiele liet,
hwet achting en genegenheit is. Hy miste nou syn jinnichste oanhâld,
syn taspraek. Hy wier allinne yn ’e wrâld, fen God en minsken
forlitten. Hy hie nin oar selskip as it byld fen de onskild, dy er
bidragen en formoarde hie. Sa lang as er noch syn brea simmers mei
houkjen ef houtfarren, en winters mei slydkjen winne koe, gong it noch
hinne; mar do er by de earmesteat fen Molkwarren, dêr elts him forspei,
to lânne kaem, wier it libben him in hel, en hy sels troch jeld to laf
en to lyts wirden om ’er mei wetter ef strop in ein oan to meitsjen.
It wier ek al lang útkomd, hwet er to Aldwâlde útrjuchte, en hwet er
dêr neilitten hie, om domenij for syn frjeonskip to tankjen. In pear
bizen to Molkwarren hiene opmirken, det Gosse onwitende bygelovich
wier, en det se him mei telkes fen skynsels, fen foartsjirmerijen en
soks sa bang prate koenen, det hy net wiste yn hwet gat det er wine
scoe. En hy hie ek sa ’n sterke ynbyldinge, det er in ding, as it sa
dageliks wei en wier wier, net leaude. Hy moast hwet hawwe, dat
boppenatúrlyk wier; dat woe der aenstons by him yn. En as er dat fen in
oar net krige, den praktisearre hy it sels, en al de ljeagens en
mirakels, dy er fen syn eigen libben opdichte, dy forhelle hy sa lang,
det er sels miende, det se wier wierne. Nou hiene de earmefâden him by
in earm man, dy hiel sunich laei, set to wekjen yn in hûs by de
Brieskrinke brêge, dêr de bak skjin makke waerd en allehiel leech wier.
Ien fen de bizen hie in fryster, dy ek fol oanslaggen siet; dy makke de
frissels los, en spraette se do forwylderd oer hjar troanje hinne, dy
se mei fyn wetenmoal bipoeijere hie; widers strûpte se noch in wiet
deahimd oer al hjar klean hinne. Dat spoek lieten se in amerij foar
toalven stilkes yn ’e bak, en op de klokslach fen toalven bigoun de
faem wakker to weinen en to kroanen, dat yn dy holle bak by de stillens
fen de nacht in near en akelik lûd joech. Gosse stiek anstons mei in
tikjend hert de earen op. Hy harke; it kaem út de groun! Hy sloep yn ’e
gong en harke noch ’ris; it wier yn ’e reinwettersbak! Hy moast witte
hwet it wier! Mar sa gau as er it lid opdie, riisde in jong frommis mei
de holle ta de bak út, en do Gosse dat wiete wite himd, en dy lange
gitswarte lokken seach, dêr hjar wite troanje ôfgryslik troch hinne
skimere, frege er forheard: “Hwet dochstou hjir? Hwa bistou?” “Ik bin
sa wiet en sa kâld, Gosse,” sei se triljende, “ik riboskje sa! Kinste
my net hwet waermje? Ik bin Betsje fen Aldwâlde!” Do Gosse by dat
skynsel de namme fen Betsje hearde, ja, do miende er yn de groun to
forsinken. Hy fleach út it hûs; hy fleach út Molkwarren de dyk út nei
Hynlippen, eft de hel en de fordommenisse him efter de hakken sieten,
en der wier nin stilstean yn to krijen, foar det er to Taeike Sytsjes
(Skulenborch) allehiel efter azem oankaem en delfoel. Dêr founen se him
de oare moarns yn de skieppestâl, neat oars sjende, neat oars roppende
as: “Betsje út de bak!” Hwer hy mei syn wylde opspalke eagen
hinnedwylke, oeral, Betsje, Betsje, oprizende út de reinwettersbak! Den
fage er de beide hânnen ôf oan syn grize hierren; den helle er de iene
hân troch de oare, krekt eft er it wetter ôfstrike woe, en sei
riboskjende: “Hwet is dat wiet en kâld!” Den kriet er wer glimkjende:
“Né, né, Betsje! Né, flarde! Dou biste net wiet en kâld. Dou barnste
my! Dou smitste my de flammen fen de hel op it liif! en den klaude en
skoerde er yn syn klean om, en smiet de hânnen fen him ôf, krekt eft er
gleone koallen fjûr fen syn flamjend lichem smite woe. Mei ien wird,
Gosse wier fen syn forstân rekke, en hy waerd dy selde deis noch sa
razende, det nin fjouwer keardels him maneare koenen. In koart birie,
in goed birie; de earmfâden fen Molkwarren bounen him hânnen en
foetten, en smieten him yn de stjuwn fen in fiskaek, om him yn it
gekkenhûs to Snits to bringen: mar it hoefde net; hwent dy skrik by de
bak hie him sa djip en fornieljend yn de siel taest, det se noch net to
Heech wierne ef Gosse hie it tidelike al mei it ivige wiksele. Alle
ljue, dy him koenen, seinen: “Der is in dogeneat minder.” Mar de
splitter Philanthrope sei: “Ik hab in skoane klant forlern.” En dat
wier it útein fen de extoarje fen it heksershol. Ut.
_Sate Westerein._
J. H. H.