Sa neamt it sprekwird Molkwar, en nou scil ik jimme ’ris sizze, hwer
dat fen dinne komt. De Molkwarrers binne allegearre nin heksers en al
hjar âlde wiven nin tsjoensters, mar der is by âlds in houwelik to
Molkwar west, dêr forkeard skaei útkaem, en dat moatte se nou
allegearre ontjilde. Dêr is in Gosse Knop west, dy it spil bidoarn hat,
en dy it troch syn neisieten sa fier brocht hat, det it sprekwird sei:
Flokken en swarren
Is ’t wapen fen Molkwarren.
Sa gau as Gosse to wrâld kaem, wier der sa’n sterke swevellucht yn ’e
kreamkeamer, det it hoarnwiif tsjin alle brûkme oan it finster opskouwe
moast; hwent nin minske koe yn dy stank dûrje. De wâldierde, dy de
jonge ôfgong, wier pikswart en kleare divelsdrek, en it hat wol in
fearnsjier dûrre foar det de faem de lucht út de ruften en doeken
spield hie. Syn faer wier in fyn kofskipper, dy mei in greate bibel
ûnder de earm en de holle op side sneins trijeris nei tsjerke gong. Syn
moer Isabella wier in gnap frommis, de dochter fen in poep, dy as
hearefeint by de Grypman tsjinne. Mynhear wier for in fjirdepart reder
yn in koffe, en do hja seis jier as keamerfaem by mefrou tsjinne hie,
troude se mei Jeyp Knop, dy fen mynhear it kapteinskip yn ’e koffe
krige mei in tsjep jong wiif; hwent de âlde skipper wier gammel en
krukkich, en koe de sé net mear bitsjinje. Do se trouden koe Isabella
net mear allinne rinne, en Gosse Knop kaem al mei de fiifde moanne
opdaegjen, folgens it sprekwird: “It twade bern komt op syn tiid, mar
it earste komt as it klear is.” Jeyp waerd der twaris om fen ’t
_Avondmael_ set; mar hy wier kofskipper.
Gosse waerd yn ’t opgroeijen yn alles in onfoech skepsel. Nei it lichem
dijde er oergrousom út; op syn tsjiende jier wier er al sa
dûbelliddich, det se him oanseagen for in feint fen sechstjin. Alle
jonges, dy er oer koe, skopte er en knoeide er, en fen nature wier it
in boal; hwent syn greatste wille wier it âljen fen in earm kat, dy er
by it ein fen de stirt jinnige minuten as in stien oan in reap yn ’t
roun gizele. As master him forbea, seach er dimmen en démoedich foar
him del, krekt eft er nin trije telle koe; ja, den liet er ek wol ’ris
in inkele trien fen djip birou rôlje; en as de man him omdraeide, stiek
Gosse syn greate blaijer út, en sei: “Alde poep, forrek!” It moaiste
wier, det sa ’n loebes, sa ’n olfert de fine man úthinge, en as er
nachts mei in skearsliperssleep yn it hea laein hie, det er den de oare
jouns mei de âlde wyfkes yn ’e kosterij siet to fimeljen en to
’salmsjongen. Dat die er al op syn sauntjinde jier; mar it wier noch
stil. Dy him goed koenen seinen, det er de smoarchste pluch en de
fynste pilarbiter allyk wier, dy ea minske-eagen sjoen hienen. Mar ho
er de knepen ek yn ’e mouwe hie, op syn tweintichste jier hie er in
bink, dy him hwet mear bikend makke.
De soan fen de Molkwarrer kaeich (beurtman) noadde him ’ris om in
reiske mei nei Amsterdam to dwaen; hy scoe frij út en thús. Dat gong
oan, mar dêr rekke er allehiel to sink, sa det syn kammeraet him op it
lêst bjuster waerd en sûnder him thús kaem. Hwer dy planeet do al sa
omswalke hat, dat hat nin minske ea neispoare kind; ik scil allinne
sizze, hwer er hjir en dêr op syn omswervingen fen syn kinde sjoen is.
Op it Wetter to Amsterdam mette him in man fen Molkwarren, dy
boekhâlder oer in mannich Rigafarjers wier; hwent do laeinen der soms
sechstich Eastséfarjers fen Molkwarren, allegearre mei it swanke yn it
wyt yn de flaggen, oan de brêge to Riga. Dy man wier in biis; hy hie in
bulte nocht oan gridzen en nuvere setten; en hy hie ek wol ’ris nocht
oan onnocht, lyk as der folle âlde Friezen wierne, do se noch nei hjar
eigen holle, en net nei de mode fen Hollân, as apen fen apen, libbene.
Hy wiste det Gosse in earste prefester by de panne wier, en det er
koarts sa folle as trije hongerige poepen bergje koe. “Wolste mei my
ite, Gosse?” sei de boekhâlder. “Ja wol”, sei Gosse, dy by de
Jonker-en-Ridderstrjitte omflintere hie, en rammele fen honger; hwent
dêr wier mear to drinken as to iten west, en it flêsk, dat se dêr
forkoften, wier ek nin kouweflêsk. De boekhâlder naem him mei nei de
Keizerskroane yn de Keallestrjitte. Dêr sette er Gosse op it ein fen de
tafel, dêr in tritich hearen oansieten, flak tsjin in Eastynjisk
kaptein oer, en hy sels ’er neist. Do de mieltiid sa hwette healwei
wier, hie Gosse der al in heal skinke en al de klokspizen, dy der om
hinne stienen, ynproasse. De feinten tôgen al mear en mear oan, mar it
forsonk alles yn de boaijemleaze mage fen Gosse. De Eastynjiske kaptein
koe net ite fen niget; hy hie it each net fen dy greate kevels fen
Gosse ôf, dy mar ivich troch mealden. “Ho sjen’ je my sa oan?” sei
Gosse einlinge. “Wel, kammeraet, sei de kaptein, “ik bin jister fen myn
reis út Eastynjen thús komd: dêr bin ik op Borneo ûnder de
minskefretters west, en it hat my nei stien ef hja hienen my mei myn
stjûrman ek opkôge. Mar as my dat ongelok oerkomme moat, den ho koarter
lijen ho better, en dêrom hoopje ik detstou my den opfrette scitte.
Hwent dou kinste mei it spil foart.” Al de hearen laken, en dêr alles
oan dat ein wer skjin ophimmele wier, waerd it tiid, det hja
opkroadene. Do de boekhâlder de kastelein bitelle, sei dy: “Mynhear, as
je my mear sokke gasten recommandearje, siz it my den foarôf; den scil
ik se neist de hynzers op stâl foerje.”
In wike ef seis dêrnei binne hja him wer ’ris op spoar komd to Aldwâlde
yn Noardhollân. Dêr kaem er oan op in snein-to-moarn, en omdet it jild
op wier hie er nin boadskip yn it weardshûs. Hy gong dos aenstons yn
tsjerke, dêr er flak tsjin de domenij oersiet, en him elts wird út de
mûle seach. Mar foar det de preek oangong seach Gosse noch in raer
ding. Der wier in keardel mei in mirdefanger yn ’e tsjerke; dy houn
hâldde him njuet en from, en laei mei de kop twiske de twa foarste
poaten flak op domenij ta to sjen. Dat kaem domenij lykwol yn syn eare,
en hy sei tsjin ’e hounegiseler det dy houn de tsjerke út moast. Mar do
dy tagripe scoe, liet it bist de tosken sjen, en gromde en raspte sa
freeslik, det domenij tsjin de hounegiseler sei: “Och Manus, lit de
houn mar wêze. It bist bigrypt ’er sachts sa folle fen as de measte fen
myn tahearrers”. Dêrop bigoun de man to preekjen oer de gewichtige
wirden fen Leviticus âlve, fers tritich: _Ende de mol_. Hy dielde syn
preek in trije parten; ten earsten, de mol is blyn, de minske is ek
blyn, ten twadden, de mol wrot yn de ierde; de minske wrot ek yn de
ierde om goud en wrâldske eare; ten tredden, de molwrot wirdt wipt mei
de lodde fen de mollefanger; sa wirdt de minske, de earme ierdwjirm,
wipt fen de divel. Do de domenij sa oardelûre wakker yn de stoel
omskrept en omslein hie, gong de tsjerke út, en domenij wier net yn de
pasterij ef Gosse wier der ek. “Jy kenne my net, domenij, sei Gosse,
mar ik moat jo dochs sizze, det je my skoan foldien habbe. Dat wier in
dierbar wirdke, dat je dêr oer de satan spritsen habbe. O! o! dat ivige
helske fjûr! Ivich is sa lang! Mochten de godleazen dochs noch hearre
en hjar wei bikearje! Mar wy binne de útforkoarnen, domenij! Wy kinne
net to bek falle.” Domenij wier in from, bêst man, mar in dripke
drankswiet, en dat wier bikend; dêrom waerd er net forroppen, en hy woe
sa minlike jern ’ris út dy fûke fen Noardhollân wei. Do domenij syn lof
hearde, frege er Gosse: “Hwa binne jy, frjeon?” “Ik bin in koukeaper
fen Warkum, sei Gosse; “dêr moat in nije domenij wêze, en nou ’t ik
dochs nei Pormerein moast, hat de tsjerkerie my forsocht om jo trije
sneinen oan ien to hearren, en hjar den ’ris biskie to dwaen, eft er
goede lonte yn jo siet en eft jy suver yn ’e leare wierne.” Domenij
tocht: dêr is byt, en sei tsjin Gosse: “Den kinne je hjir yn ’e
pasterij ek sa goed wêze, tinkt my, as yn ’e herberge.” “Dat is al sa,
domenij, andere Gosse, mar ik moat ûnderwilens myn affearens dwaen.” Sa
bleau Gosse dêr trije wiken út-fen-hûs; hy praette wakker mei domenij
oer it _goede_, soms let yn ’e nacht op; hy iet en dronk fen it bêste;
hwent domenij, dy ’t each altiten op it Warkommer birop hie, helle
treftich út, en sette him hiel sêft; middeis hie er sels in flesse wyn
oer tafel; en as er it iten binnen hie, sjoude er sa beare by de boeren
yn dy krite lâns om de kij to sjen. Tsjin itenstiid wier er jouns altyd
wer by de krêbbe; dêr hapere nin menút oan.
Domenij hie ek in faem fen achttjin jier, it ljeafste en golste
skepsel, dat men mei minske-eagen sjen koe, mei namme Elisabeth Klant.
Hjar heit wier loats op Texel, en om ’t er in bulte noed fen hjar stie
en de mem dea wier, wier de man bang, det se yn de hânnen fen de iene
ef de oare sékaptein falle scoe. Dêrom die hy hjar as faem by in
lândomenij; hwent dêr miende hy, det hja feilich wier for de
forlieding, dêr jonge fammen op sépleatsen altiten oan bleat steane.
Der siet in skrandere holle op dy faem; mar hja hie dit mei folle
dochters fen Eva hiem, det hja jern leaude, hwet de feinten hjar fen
hjar himelske blauwe eagen, fen hjar leeljeblanke hals, en hjar geve
rigele tosken wysmakken. Gosse hie dat gau yn ’e noas, en wist hjar dat
forgif sa fynkes en sa faek yn to jaen, det hy gau hjar hert stellen
hie, en hja him de soalen út de skoen tsjinne. Op it lêst bigoun er
hjar ’ris to tantsjen, wylst hja foar him stie om de thékopkes om to
spielen. Hy klamde syn beide greate hânnen fen efteren om hjar mil, en
wylst er sei: “Betsje, hwet hastou in moai kier yn de rêch!” joech er
hjar oer it skouder in tútke. Hja waerd sa read as bloed, en fleach
wei; mar hja sei it net oan domenij. Hy wier wakkere roazich nei ’t er
foarjoech, en om hwet út to wazemjen liet er him de lêste wike in kopke
thé mannich moarns fen de faem op bêd bringe. Do de tredde wike ten ein
roun, kamen der echte koukeapers út de krite fen Warkum yn dy oarde, en
Gosse, dy bang wier, det dy him forklappe scoenen, sei nei de tredde
preek oan domenij, det er net twivele ef hy scoe nei sok hearlik
preekjen wol to Warkum biroppen wirde. Hy scoe alteas dwaen, hwet er
koe. “Mar nou is der ien slim ding”, sei er. En hwet is dat?” frege
domenij. “Wel, sei Gosse, de riem is plat. Ik kom hwette bûsjild to
koart.” “Wel nou, sei domenij, “wy binne ommers yn de wrâld om eltsoar
yn ús neden by to stean. As dat net to hird oankomt, kin ik jo wol
helpe.” “Ik wit net, sei Gosse, “jildlienen oan in man, dy men net ken,
dat is al hwette nuver. Mar mei in hûndert goune wier ’k rêdden, en myn
kammeraet, dy hjir mei in dei mannich komt om kijnegoasje, kin it jo
werjaen.” Domenij telde him hûndert keizersgounen op tafel, en dêrmei
en in swiet galgemiel gong Gosse opstriken nei de Helder ta. Domenij
hearde fen syn nije frjeon, fen jild en birop tael ef teiken; mar mei
in wike mannich kaem der in gnap keardel fen Hynlippen, dy him
fortelde, det ’er to Warkum yn nin fiif jier in birop facant west hie,
en nou seach domenij yn hwet hânnen er west wier. “Den hat dy keardel
my bidragen, sei domenij, “en ta tank hat hy my myn hiele wynkelder der
noch by leech sûpt.” Mar ’t slimste wier noch bihâlden. De ingel wier
fallen; Betsje moast yn de kream. De heit kaem fen de Helder, en geat
as in rou séman al de flokken fen de hel oer de holle fen domenij út,
det er net better op syn bern past hie. “Ik miende, sei er, “ik miende
det ik ús ljeavenhear by de holle hie, mar nou sjen ik, det ik de divel
by de foetten haw”. Dit barde de jouns let; de man trille fen lilkens,
en koe de hânnen hast net fen domenij ôfhâlde. De oare moarns rôp
domenij de faem; mar der kaem nin gewach. De man gong skruten opstean,
en sa as er nei it fammekeammerke gong, seach er de reinwetterbak wiid
opstean en de toffels fen de faem ’er foar, krekt eft hja nei bêd gien
wier. De ljeave Betsje hie hjar, nei it toaniel fen de foarige joun, yn
’t holste fen de nacht fordronken. Hja koe hjar skande en ’t fortriet
fen hjar heit net oerlibje, en de ongelokkige loats koe oan syn bern op
de Helder neat oars ta wolkom-thús bringe as it lyk fen hjar fordronken
sister.
Foar det ik nou fierder forhelje, moat ik jimme sizze, det Gosse mem
nou in âlde fekke fen in snufnoas wier, dy de brune drip altyd hinge.
De ljue woene wol sizze, det hja in tsjoenster wier, en sels nin
frommiske ta hjar moer hawn hie. To Molkwarren leauden se allegearre,
det hja bret wier út in hoanne-aei; hwent in hoanne leit om de saun
jier in aei, en as dat bigjint to hikjen komt der in tsjoenster út.
Gosse wier ien fen twalingen, broer en sister; mar hy wier allehiel
ongelyk oan syn sister; hwent dat wier de gollens en frommens sels, en
hy wier in ondogenske loebes, dy jimmer op falskheit en forried út
wier. Hy seach ek mear as in oar; mar dat kaem dêr fen, det hy mei in
helm berne waerd, dy it hoarnwiif him ûnder de pap opfoerre hat. De
sister hie ek in helm; mar dy hie de kreamheinster forbarnd, en dêr,
woenen se wol sizze, kaem it fen dinne, det hja net mear sjen koe as wy
allegearre, wylst Gosse bigangels seach en foartsjirmerij hearde. Dêr
scille wy nou ’ris in jestael fen sizze.
Do Gosse dat fyt to Aldwâlde útrjuchte hie, gong er nei de Helder, en
nei ’t er dêr in pear nachten for de gounen fen domenij by
Janke-en-hjarre út-fen-hûze hie, swaeide er mei de postboat nei
Terschelling. Syn earste oanrin wier al wer by de domenij, in bêste en
ek wol in gelearde keardel, mar sa skichtich as in akke, en dy men mei
skik nin ûre by yen hâlde koe as troch frjemde telkes fen
foartsjirmerijen en spoken. Dêr hie Gosse altiten in sekfol fen klear,
en om ’t er fen domenijs swak gau de lucht krige, bitsjinne er de man
mei sokke nuvere en ôfgryslike stoarjes, det er soms fen forbazinge
hast net sykje koe. En dêr sloech noch ta in bigangel, dy Gosse sjen
koe, mar in oar net, en dy krekt útkaem, lyk as hy ’t sjoen hie.
Gosse hie mei domenij op in jounpraetke út west, do hja om tsjien ûre
hinne wer nei hûs trapen; it wier tsjuster moanne, mar de wyn waeide út
it noarden, en den is ’t altyd ljochter as mei oare winen. Hja rounen
in smelle wei lâns, dêr amper in wein troch koe, en it wier sa hwette
healwei do Gosse skoftich bisiden it spoar sprong en rôp: “Sjoch,
sjoch, domenij! Kom hjir!” “Hwet sjochste? sei domenij. Ik sjen neat as
wolken.” “Sa klear as de dei sjen ik foar my in bigraffenis, andere
Gosse; “ik sjen in haiwein mei it swarte deafet ’er op, en in swart en
in wyt hynzer ’er foar. En dêr komme de frjeonen ek al oan, dy efter it
lyk geane. Sjoch! In oar domenij hat de foargong; den folgje jy mei
jins boike oan de hân; den jins skoanfaer, en nou jins sweager fen
Pitersbjirrum.” En sa neamde Gosse de hiele smite, dy mei to hôf gong,
fen de earste ta de lêste op. Sels de frouljue, dy der efter rounen,
koe er troch it reinkleed en al hinne. Domenij woe him dy bigangel as
franjes út de holle prate, mar Gosse woe der op swarre, det hy it by
dei net klearder sjen koe, as hy it nou sjoen hie by nacht. In fjirtjin
dagen dêrnei stoar domenijs wiif oan de reahoun; hwent dy jachte wier
do húsriem op Terschelling. Domenij wenne wol in healûre fen ’t
tsjerkhôf ôf, sa det it lyk ’er hinne riden wirde moast, en om Gosse’
bigangel nou ta in ljeagen to meitsjen, liet er twa swarte hynzers
komme, en de lykwein lâns in breder wei, in einke fen de smelle leane,
dêr de bigangel sjoen wier, nei ’t hôf ride. Sa as de boer de hynzers
yn ’e sile sloech, krige it iene bist ongemak en foel del as in stien;
men seach oeral om in swart hynzer, mar der wier neat oars to krijen as
in wyt, mei in swart koltsje foar de kop. Sa gong it nei ’t hôf; mar do
se by de brede wei kamen, laei der in greate Noardske balke, dy út in
bútskip oanspield wier, dwers foar de yngong, sa det ’er neat oars
opsiet as de smelle leane lâns, dêr hjar de bigangel mette, dy nou mei
it wite en swarte hynzer, en domenij en syn boike oan de hân, ta
wierheit waerd.
Do it folk werom wier, gongen se oan it leed, en der weard rju reaunte
en mûskoppe oer dy bigangel. Mar do de pipen yn ’e brân kamen, waerd
’er fen ljue, dy ’er oan leauden, hwette lûder oer praet, en dêr hearde
ek domenijs sweager fen Pitersbjirrum ûnder, dy by syn beppe yn ’e
Bjirrumen greatmakke wier, en as bern folle fen skynsels bigangels en
foartsjirmerij heard hie. Hy koe de heit fen Gosse, dy fen Welsryp fen
dinne en to Pitersbjirrum greatmakke wier. “Nou, mannen, sei er, “jimme
leauwe net oan Gosse bigangel, mar lit ik jimme nou ’ris forhelje, hwet
’er om 1680 hinne bard is mei Reink Ipes, dochter fen Ipe Jochems en
Sipk Brongersma. Hja wier troud mei Tjaerd Poppinga, domenij to
Pitersbjirrum, en hie op in nacht, det hja en hjar man to bêd leinen,
in alderfrjemdst fisioen. Hja wier heech en dreech, en lyk as sokke
frouljue rare ynbyldingen en oankomsten habbe, sa seach hja fen it hege
bêd ôf yn ’e holle keamer del in deafet oer ’e flier stean. It wier in
kordaet wiif, en hja hie moed genôch, om hjar nijsgjirrichheit to
foldwaen; fen it bêd to gean, en to sjen, hwa’t yn ’e kiste laei; mar
ho great wier hjar ontsteltenisse, do hja hjar sels dêr lizzen seach!
Riboskjende fen skrik skodde hja hjar man oan de earm om ek ’ris to
sjen. De man seach nin kiste, seach neat, en sei: “Hwet gridzen binne
dat, Reints, yn ’t holste fen de nacht! Kom mar gau wer ûnder de wrine;
oars fetteste noch kjeld ta.” Hja gong wer op bêd, mar koe hjar eagen
net fen it deafet ôfhâlde, en sa as se dêrop digere, komt der in man
mei in read ûnderbaitsje yn ’e keamer, dy in hânfol skroeven fen de
skoarstienmantel griep en de kiste taskroefde. Do waerd der in wyt
kreamlekken oer it deafet spraet, en de dragers kamen en gongen dêr mei
wei. Domenij Poppinga, dy neat fen dat alles seach, lake om de
ynbyldingen fen pastoarske. “As de frouljue hwette ûnder de mûtse
hawwe, sei er, den is ’t altiten mei fisioenen to rêdden; mar aste yn
twa stikken fallen biste, ljea’, den sjochste krekt sa folle as wy
allegearre. En dy man mei it reade baitsje is klearebare gekheit. Hwent
yn hiel Pitersbjirrum is net ien, dy in read baitsje draegt.” “Nou, ik
hoopje it bêste, man, sei hja, “mar it laeit my sa op ’e lea, det dizze
wâldreis myn lêste wêze scil.” En dat wier dochs misret, hwent hja hie
in flotte, makkelike reis, en krige in skoan grou famke, dat mei in ûre
al oan ’e tate laei en dronk det se pûstte. Domenij doopte it Tite, en
do hja mei it bern yn it moaije reade kapruft út ’e tsjerke kaem, sei
domenij laitsjende: “Dat is nou it reade baitsje, datstou sjoen haste,
Reints. En dy deade is ús moaije poppe, dêrste sa greatsk op biste. Nou
sjochste, Reints, in dream moat yn de útlizzinge altiten omkeard
wirde.”
Maeije dêrop joech ’er him in timmerman to Pitersbjirrum del, dy in
read baitsje oan hie, en sa gau krige pastoarske dy man net yn ’t each,
ef hja sei: “Dat is nou de eigenste timmerman, dy myn deafet taskroeve
hat.” In jier dêrnei wier it wer sa mei hjar. Hja krige in moai boike,
dat hja Ipe (Epeus) neamden, mar hja stoar yn ’e kream. Do die domenij
alles om it fisioen ta in ljeagen to meitsjen. Foarearst liet er it lyk
yn de oare keamer oer ’e ierde sette; mar dat koe net; de
pastorijdeaden kamen altyd yn de sliepkeamer to stean, omdet de dragers
oars de swaei net mei it fet krije koene. Yn de oare keamer moasten se
to koart krieme, en domenij, eft er woe ef net, moast tajaen. Domenij
liet de skroeven ek yn ’e finsterbank lizze, mar ien fen de bûrren naem
se yn gedachten wei, en lei se op ’e skoarstienmantel del. De timmerman
mei it reade baitsje scoe as bûrman it lyk mei drage, en in pear oare
de kiste ticht skroeve; mar dy koene der net to goed mei to rjuchte en
knoffelen sa lang om, det de timmerman, dy krekt syn read baitsje oan
hie, taskeat, de oare skroeven fen de skoarstienmantel naem en de kiste
ticht draeide. Domenij woe ek nin wyt kleed oer it fet hawwe; mar ien
fen de bûrwiven gong dit sa oan ’t hert, det hja, in amerijke foar det
it fet op ’e bier tild waerd, hjar skjinne wite bûsdoek oer de kiste
spraette, en sa waerd it lyk opdrein.”
Underwilens dit forteld waerd, wierne der folle, dy hast net sykje
koenen fen oandacht; mar oaren glimken der om, en domenij sei neat: de
man wier oerstjûr en djip forslein; ek wier er nou fiers to weak en to
swak fen geast, om op sokke frjemde dingen troch to tinken. Der wierne
jonge wyfkes by, dy fen de stoarje bisauwen. Mar domenij, dy nea
forgeat det hy harder fen de kudde wier, sei tsjin hjar: “Dêr hawwe
jimme neat mei to parten, sisters. Hwent de iepenbierde dingen binne
for de minsken, en de forborgene for God. Jimme binne yn de hân fen
God, en dat moat jimme genôch wêze.” Domenijs sweager krong nou hwette
tichter oan Gosse; hwent nou er sjoen hie, det dy mear sjen koe as in
oar, woe er him jern ’ris oer in en oar útkloarkje. Mar Gosse wier stil
en hâldde him yn sa folle as er mei skik koe. “Dy man ken heit al,
tofte Gosse, “en hy koe ek licht ’ris útfiskje hwa ’t ik bin. En dat
hoeft net. Ik moat meitsje det ik út de reek kom. Hjir bret myn hoanne
net.” En dy selde jouns gong er mei in botter nei Amelân, sa er sei, om
havergûd fen in strâne skip to keapjen.
Der wierne do in bulte kapteins en silers oan wâl, dy mei bûsenfol jild
út east en west thús komd wiernen, en Gosse foun gau syn folk, dy hjar
eigen jild en de gounen fen de domenij fen Aldwâlde mei him forswiere
woenen. Dat gong der oan ’e hoasbânnen ta yn lâns! Hwet hja sels net
opkoenen dêr holpen hjar de ljitskes ta, dy op Amelân rju wierne, en
mei in fjirtjin dagen wierne hja der sa skjin troch, det se eltsoar wol
op ’e kop sette koenen sûnder det ’er in duit út de bûsen rôlje scoe.
De oare moarns pandere it hiele boun nei in Eastynjisk kaptein ta, dy
nei Macassar moast, om in hier by him to krijen en sa oan hânjild to
kommen. Dat krigen se, mar foar det hja nei de Helder teagen, sei de
kaptein, det hy hjar net oan boart hawwe woe, foar det de lêste stûr
fortard wier. “Mei folk, sei de kaptein, dy noch in duit to forswieren
habbe, kin ik nin lân bisile.” De makkers tommelen sjongende en sûpende
yn de miebringer; en Gosse, sûnder frjeonen ef jild, bleau allehiel
mistreastich op it strân fen Amelân stean, en seach it skip nei, sa
lang er noch in stipke fen ’t seil oan de kimen biëagje koe. De grize
joun foel melancholiek del, en goede rie wier nou djûr. Hy koe nearne
ûnder tek komme; hwent kredyt hie er net. Hy gong nei in pear ljitskes,
dêr er rju mei omslingere hie, eft dy him dy nacht ûnder tek nimme
woenen; mar do hja fornamen, det syn dûbeltsjes op wierne, namen se
elts in bjizzem en tichelen him sa ongenedich op syn grouwe hûd, det er
de knip noch gauwer út rekke as hy der ynkaem. In ljeaf moai
fiskersfamke, dy dat seach, krige sa’n meilijen mei him, det hjar de
triennen út de eagen spatten. Hja naem him by de hân, en frege
flaeijende: “Hwet is ’t, ome?” Hy sei det er nin ûnderkommen hie, en
eft er net by hjar heit-en-hjarre yn koe? “Né, ome, sei hja, dat kin
net; hwent wy binne mei ús tsjienen; saun broers en sisters en ús heit
en mem, en wy hawwe mar in lytse hutte. Mar ik scil jo dochs
ûnderbringe.” Nou stoe tichte by Ballum in forlitten hûs, dêr de baes
mei de noarder sinne fen útknypt wier, en dat de earme eilâners by
nacht en ontiden wol heal ôfsloopt hienen foar det it oan de krediteurs
takaem. Dêr laette it famke Gosse hinne, en do hy yn de holle keamer
stoe, tute hja him de hân, en sei: “Nacht ome! Nou moat ik gau foart;
oars wirdt mem ongerust.”
Dêr stoe Gosse allinne yn ’t neakene hûs; it bigoun to skimerjen, mar
hy koe noch sa folle sjen, det de biwenner neat oars bliuwe litten hie
as it bêdstrie, en in reap fen it tou dêr er syn plunjes mei pakt hie.
Twiske dy twa dingen hie Gosse nou kar; it bêdstrie om ’er dy nachts yn
to sliepen, ef de reap om him op to hingjen! Dêr yn ’t tsjuster allinne
sûnder tek, sûnder iten, sûnder in swolch wetter, fen God en minsken
forlitten; op it lêst mûlk stelle om oan in stik brea en dêrnei oan de
giselpeal to kommen. En dat nei al dat fretten, dat bealgjen, en
rinkelroaijen mei dronkene silers en it skom fen slepen! “Né, sei
Gosse, ljeaver in koart en in goed libben, as in langer libben mei sa’n
ellinde.” Hy makke in stroppe fen de reap; probearre forskate reizen
eft de strûp goed glide woe, en do dat klear wier gong er mei de
stroppe om de hals de treppen op. Dêr sloech er de luts om in spiker
oan in dwersbalkje boppe de treppen; mar yn it eigenste eagenblik, det
er klear stie, om sa yn it treppenslûk to springen, waerd ’er ûnder
roppen: “Hijla! Folk?” Gosse skrikte, makke gau de stroppe wer los, en
gong nei ûnderen.
Dêr stoe in man foar him mei in dievelantearne yn ’e hân, dy Gosse yn
it eansicht ljochte, om to sjen hwa ’t er wier. “Dêr, sei er tsjin
Gosse, dêr hastou de lantearne; den kinste ek ’ris sjen, hwa ’t ik bin.
Wy moatte witte, mei hwa ’t wy to dwaen habbe.” Gosse biljochte de man
yn ’e troanje, en seach de moaiste jongkeardel foar him stean, dy ’t er
ea mette. Greate iepene blauwe eagen, dêr him de suvere, oprjuchte
nommelens út to mjitte blonk; foars en ta gelyk frjeonlik fen troanje,
en it hiele wêzen ynnimmende; mei ien wird, in gesicht, dêr men fen
sizze scoe: “Dat is in man, dy it hert op ’e tonge laeit. Dêr kin ik my
mei liif en siele oan oerjaen.” “Hwet dieste dêr boppe?” sei er oan
Gosse, do dy him bisjoen hie. “Ik makke my in legerstede klear,” sei
Gosse. “Ljeach net! sei de man. Hwent God dêr boppe wit en heart alles,
en hy scil syn blaksem op dyn holle slingerje aste ljeachste. Hearste
’t net tongerjen?” It rommele krekt yn ’e kimen, en Gosse foel troch ’e
koer en bikende alles. Do bigoun dy man him sa dierbar to kapitteljen,
det Gosse sa lyts waerd as in bern, en fen binaudheit net wiste yn hwet
gat er krûpe scoe. “God yn dy hege himel! sei Gosse einlinge, Hwerom
hab ik my dochs net ophinge?” “Bêst, opperbêst!” sei de man. “Sa moat
it just komme, aste frij fen galge en hel scilste. Fen natûre biste in
grousom en fordommelik skepsel, en _de toorn Gods_ is op dy; mar dêrom
kinste wol sillich wirde.” “Ho den? frege Gosse, “troch goeddwaen?” “O!
Lit dy dat foaral net troch de _werkheiligen_ wysmeitsje, andere de
man; “alle minskelike deugden binne mar blinkjende sonden, en fen
natûre wolste en kinste ek neat oars as God en dyn evenminsken to
haetsjen.” “Fen natûre? sei Gosse, “dat bigryp ik net. Binne wy minsken
den divels berne?” “Dat scil myn kammeraet dy útlizze, sei de man, en
rôp: Wobbe, kom hjir ’ris!” Mei ien kaem ’er in turfskipper yn, dy him
dat út de skrift bigoun to forklearjen. Earst praette er oer de
erfsonde, en ho elts minskebern yn sonden ontfinsen en berne is. Do,
det God eltse minske syn bistimming al jown hat foar det hy to wrâld
komt, de iene for it ivige helske fjûr, en de oare for de ivige
sillichheit, sûnder jinnige oanmirkinge fen hjar goed- ef kweadwaen. Do
fen it borchbloed, en ho de flammen fen Gods wrake dêr yn dweste binne.
“Dêr, dêr allinne op, op de genade, sei de turfskipper, dyste dêr troch
krigeste, moaste it stean litte. As brochtste dyn hiele libben yn
laster en bidroch, yn forgif en bloed troch, dy genade scil dy
silligje, en nin macht op ierde ef yn himel scil dy it erfdiel
ontskoerre, dat God syn útforkarden troch syn ivich riedbislút yn de
himel talein hat.” “Kin it sa?” frege Gosse. “Deugd helpt dy neat, siz
ik dy noch ’ris, sei de turfskipper; “it makket dy noch stjonkender,
omdet it dy noch greatsker op eigen _gerechtigheid_ makket. Dou biste
mar in blok ef stien yn Gods hân, dy dy smyt hwer ’t er dy hawwe wol,
en dou haste fen dyn kant neat oars to dwaen, as dyn fordommelikheit to
erkennen, dy sels as in monster út to spijen en den wetterbeken fol to
skriemen. En dat alles haste ommers folbrocht! Hwer scoeste den langer
eang for wêze?” Dat lêste wird noaske Gosse. It wier in salve for syn
britsen hert. Dit libben deselde wei lâns út to libjen; net ien fen syn
foarige streken to litten; net ien bistaftige tochtme to bitwingen, en
nei de dea yn de himel mei de útforkarden oergean! sa woe Gosse wol.
Nou hie er wer frede mei ’t libben, en hy tanke de man en de
turfskipper, en kniep hjar yn ’e hân as syn sielefrjeonen, dy him út de
strik fen de dea ta libben en gelok to bek roppen hiene.
[Yllustraasje: YN ’T WAD TWISKEN HOLWERD EN AMELAN.]
Gosse hie nou sielefrede, mar nin bûsjild, en sûnder jild scoe him de
frijpas fen de sonde, dy de turfskipper him op de mouwe spjelde, net
folle helpe. “Oan hwa, frege Gosse de turfskipper, “oan hwa hab ik dy
dierbare treast to tankjen?” “Ik bin Wobbe Lak fen Hauwelerwyk, sei de
turfskipper, “ik bin niis mei in weinfol tsjiis oerkomd, om dy hjir op
Amelân út to súteljen. Wein en hynzer steane hjir ûnder ’e gelderij.”
En ja wol, dêr stie in Kollumersweachster tsjiiswein mei in meagere gûl
fen trije goune der foar. De turfskipper gong ’er opsitten, en sei: “Ik
ryd mar foarút Keimpe.” “En nou, jy! sei Gosse oan de onbikinde man,
“ik hab jo sein hwa ’t ik wier; mei ik nou ek witte, hwa ’t jy binne?”
Hiel wol, sei de man, “ik bin in fabrikant út Súdhollân, ûnder de firma
fen _Pik en Zonen_. Mar ik sels hjit Keimpe Jakkeles. Ik hab twa stille
compagnons, de iene is debitant yn de _Loterij_, en de oare is in
jeneverstoker; dy leverje my it fabrykfolk, en ik it jild en forstân.
Ik hab de administratie. Sa wasket de iene hân de oare. Der is hjir in
skip mei pik en swevel strâne, en dat brûk ik folle yn myn fabryk; dêr
scil moarn feilinge fen wêze, en dêr woe ’k myn part wol fen habbe as
’t in bytke like. Hjoed bin ik mei in rottich fearskipke fen Holwerd
komd; mar do wy healwei wierne, waerd it blêdstil en der roun in felle
eb, sa det wy op it lêst om it skip hinnegongen, en wol _pierewaije_
koene. Dêr habbe wy de hiele dei laein to brieden yn ’e gleije sinne en
do de floed opkaem, krigen wy noch in tongergeate op ’e kop ta, det ik
miende det ús lêste ûre slein wier. Gelokkich binne wy yn skimerjoun
noch oan wâl komd; mar nou bin ik ’t paed nei Ballum bjuster rekke, en
hjir yn dizze âlde brake by dy to lânne komd. Bliuwstou hjir?” “Ik scil
wol moatte, sei Gosse, “ik hab nin duit op ’e bûse, en yn Ballum wol
nimmen my sûnder jild ûnder habbe.” “Jild? Praetste fen jild? Jild is
neat. Jild kinste yn binlikheit krije, aste my mar in rispiske jowste.
Ik bitrou dy wol. Mar dou moaste meitsje detste wer by honk komste;
hwent oars is ’er nin jildriedens ein oan. Ho folle wolste habbe?”
“Wel, hûndert goune, dêr kin ik wol mei yn Molkwarren komme, en hâlde
noch jild oer.” “Dat scoe ’k ek leauwe,” sei Keimpe, en helle in
fjûrreade pong út de ûnderbroek, dêr er Gosse tweintich goudene ducaten
út tatelde. “Nou in lyts biwyske twiske libjen en stjerren,” sei
Keimpe, en joech Gosse út syn memoarjeboek in stikje skjin pompier en
in pin. “En nou de inket?” sei Gosse. “Ja, dy hab ik net, sei Keimpe,
“mar dat is neat; jow my dyn lofterhân mar ’ris.” Dêr die Keimpe mei in
flymskerp pinnemeske in ljeaf lyts pjukje yn, det ’er in dripke twa
bloed útkaem, en dêr moast Gosse do mei skriuwe. Gosse waerd in bytke
skrutel fen dat bidriuw, en wier der noch net oan ta om syn hân to
setten. “Nou, sei Keimpe, “ik scil it dy en my makkelik meitsje. Dou
scilste wol gau wer oan jild ta komme, en den moaste al wer kwitansje
jaen, en ik hab al wer al dy briefkes to biwarjen. My tochte, dou
moaste yn binlikheit sa folle jild mar fen my helje astou nedich haste;
dou scilste der nin misbrûk fen meitsje; aste my dy sels den mar ta in
generael hypotheek jowste.” “Oan dat hypotheek hat Keimpe net folle,”
tochte Gosse, en skreau by ’t ljocht fen de dievelantearne in briefke
mei syn eigen bloed, hwerby er syn siel en lichem oan de firma _Pik en
Zonen_ to pân sette, om al syn skilden fen de earste duit ta de lêste
ôf to dwaen. Sa as Keimpe dat biwiis yn syn memoarjeboek stiek,
flikkere de blaksem en boarstte der in ôfgryslike tongerslach as in
kanonskot oer hjar hollen út, det de bynten fen de âlde brake der fen
kreaken. Der klettere ringen in tongergeate fen greate heilstiennen en
reindrippen as tommelidden oer hinne, det hjar hearren en sjen forgong.
Gosse waerd ’er bleek fen; mar Keimpe sei hiel bidaerd: “Ik bin hwette
skriel by kas”, en mei ien naem er in stikkene pôt, dy noch op in
bedsteed stie, en sette him ûnder de goate fen it hûs. Mei in pear
minuten sei er tsjin Gosse: “Fantelje de fangst mar op, heite!” Gosse
helle de pôt, en seach neat as reinwetter, mar do Keimpe it wetter der
ôfgetten hie, seach Gosse, (en hy bisauwe!) det ’er hûndert ducaten op
’e boaijem laeine, dy Keimpe yn syn ûnderbroek stiek. “Dat kinstke scil
’k dy ek leare, sei Keimpe, “mar dou moaste dy allehiel oan my oerjaen.
Aste wer to Molkwarren komste, en dou komste yn krapte fen jild, den
haste by it earste reinboike it bêste, as de goaten mar rinne wolle, de
amer jouns mar ûnder de goatte to setten, en de oare moarns scilste sa
folle âlde skeljen op de boaijem fine aste yn binlikheit nedich haste.
Mar dou moaste it foarsichtich ôfdruije, krekt as in goatling mei wite
beantsjes. Kom nou mei, en bring ús yn it weardshûs to Ballum. Dou
wiste de wei.”
Sa gongen dy beiden nei it weardshûs to Ballum, dêr Keimpe noch twaris
by gelegenheit fen feilingen thús west hie. Do hja tichte by de doar
kamen bigoun it to libjen fen hûnderten katten; hja wipten oer en troch
elkoarne; fleagen as wylden Gosse troch de skonken troch; giselen om
him hinne; sommigen kladderen by him op en sprongen fen syn skouders
wer yn it boun del. Hy wier skjin forlegen en sette it op ’e doar ta sa
hird as er koe; mar hwet er mear wraemde, hwet er stilder like to
stean, ta er einlik en to lêste de doar ynkaem. “Hwet wjirmsk spil is
dat hjir mei dy katten?” frege er oan de kastelein. “Ja, sei de man,
“dêr binne wy hjir altiten mei oanhelle as keapman Keimpe hjir komt.
Mar dy scille jimme net opfrette.” De turfskipper stie mei de
tsjiiswein al foar de doar, dy er jern yn de stâl ride woe, omdet er
oars bang wier, det de Amelânders him de tsjiis ontkape scoenen; hwent
hja sile dêr krekt sa goed to kaep as to keapfardije. Mar Keimpe sei:
“Der is neat to dwaen. For myn rekkening de tsjizen, dy der moarn
misse. Lit de wein mar feilich stean.” En mei ien gong er de wein
trijeris tsjin de sinne om en om, en eltse reis spriek er in swier
wird. “Kom yn, mannen, sei de kastelein. “Kom yn, ik hab in opperbêst
soad skylfisk oer it fjûr. Dêr moatte jimme strak mar oer gear. De mage
scil jimme wol kitelje.” Wylst hja dêr nei wachtene dronken se in
gleske Spaenske bútskipwyn mei in preker fen Hollum, dy hjar in raer
gefal forhelle. Hy hie dy deis (it wier krekt snein) yn de formanje to
Nes preke, en nei de preek wier er to pearde wer nei hûs riden. Hy wier
amper in kertier fen Nes ôf, do him in hear yn ’t swart op in wyt
hynzer fen efteren ynried, sa as er nin hynzer op hiele Amelân bikend
wier. “Ik wist net hwet dat bitsjutte, sei de preker, en ik sette myn
hynzer hwette oan; mar ho snjiddich ik ek ried, de swarte man bleau my
altiten op ’e hakken. Ik tochte yn my sels, ik moat witte hwa-s-tou
biste, en ik liet myn hynzer stappe. De swarte man kaem my op side, en
ik frege hwet er fen syn bigearte wier. Hy andere nin wird, mar joech
my in drinkhoarn oer mei silver bislach, en bitsjutte my mei syn
gebearden om ’er út to drinken. Ik sette de hoarn sa beare oan de
lippen, mar liet it fochte dat ’er yn wier, bihindich by de oare side
fen ’t hynzer del rinne, en do seach ik det it allegearre fjûr wier! Ik
joech de hoarn oan de swarte man werom, dy dêrop yn in omsjen
fordwoun.” “En hwer hâld’ jy dat nou for?” sei Keimpe. “Wel, dat wit ik
net, sei de preker. Sjoen en ûnderfoun hab ik ’t. Mar hwet it is, wit
ik net. Ik hab hjoed oer de dronkenskip preke, en de gemeinte warskouwe
tsjin ’e jenever as in brousel fen de divel. Mûlk woe de helske barnder
my dêr for strafje mei my in slok fen syn hjitte koite yn ’e termen to
stjûren; mar dêr binne wy to hoedend ta, en ik hab ’er allinne út
leard, det jenever floeibar fjûr út de hel is. Hwent it fjûr, dat ik út
de hoarn geat, stonk krekt as jenever.”
Nei dat praetke gongen se oan de skylfisk, dy sa út sé komd wier en yn
skulpen op tafel stie. De faem garre de ribbelde bientsjes út de
koppen, en die se yn hjar knipke ûnder in mannich dûbelstoeren en
duiten. “Is dat nou dyn bûsjild, ljea?” frege Keimpe. “Né, keapman, sei
se, “dat binne gelokbientsjes. As men dy altiten by yen draecht hat men
gelok.” “Krekt, ljea’! sei Gosse, “dy gelokbientsjes helje dy in gnap
keardel oan.” “Nou, ja! sei de faem, “it is krekt eft wy ’t bûten jimme
net rêdde koene. Dat scoe wol spitich wêze, jimme sloven, det jimme
binne! Wel, wel!”—“Wol, ik wit net, ljea’! sei de ljeafdepreker: “it is
nou mode, det de manljue frije om de frouljue, mar as wy net by jimme
kamen to meiden, den scoene jimme by ús komme to meiden.”
Mei al sokke praetkes scoe ’t op lêst to koai. Keimpe en Gosse scoene
sliepe op in opkeammerke, elts op in bêd. Keimpe gong earst by de
ljedde op, do Gosse, dy him folge, en bimirk det er mei de iene foet
hwette stompele, him frege: “Ho is ’t? Ha je ongemak oan ’e foet?”
“Wel, sei Keimpe, “ongemak en ongemak is twa. Mar as bern bin ik ’ris
trape fen in hynzer, en dêr hab ik altiten sa hwet in knollefoet fen
hâlden.”
Gosse klaeide him út, en gong to bêd. “Ik wit net, sei Keimpe, dat scil
ik mar net dwaen. It is sa myld, ik gean mar mei hear en fear op ’e
wrine lizzen yn pleats fen der ûnder.” Hy lei in pak pompierkes op ’e
tafel del en wipte mei klean en al op bêd. It wier de oare moarns al
ier dei for Gosse. It wier brodsk en myld, en dêrby hie de gleije sinne
op dat opkeammerke bret, det it wier dêr smoarwaerm, en healwei
fjouweren wier Gosse de sliep al bjuster. Do bigoun him syn nije frjeon
en dy bloedrige acceptatie troch de holle to winen; hy koe de sliep mar
net fetsje. Hy seach fen ’t bêd ôf dat pakje pompierkes op tafel lizzen
en tochte: “as de acceptatie dêr ûnder is, scil ik him donderske gau
weimoezje.” Sa sein, sa dien. Mei in wip ’er ôf, op ’e teannen nei de
tafel ta, mar dat pakje wierne allegearre lotterijbriefkes, meast
hierlotten. Keimpe skynde fen nin waermte to witten; hwent hy slepte as
in roas, en raspte troch alles hinne, det it keammerke der fen droande.
Gosse die de gerdinen sêfkes fen eltsoar om to sjen eft ús maet syn
memoarjeboek ek op ’e bêdplanke del lein hie. Mar it wier wol mis.
Keimpe hie him op bêd ontklaeid; hy hie it memoarjeboek ûnder it
kjessen stitsen en laei der mei de holle op to sliepen. Gosse liet de
gerdinen falle; mar do er wer nei bêd gean woe, kipe der in soarte fen
bargestirt mei in wjerheak efkes ta de spleet fen de gerdinen út. Hy
bikipe dat ding ’ris goed, en ja wol, it wier ’t eintsje fen in stirt
mei lytse fearkes fen kleur as tou, en oan de kop ta fol piper. “Hwat
moat dat skepsel brânich en jachterich wêze, tochte Gosse, “dy sa ’n
stirt oan it gat hingjen hat!” en mei ien bigoun de stirt fen in blauwe
gounzer, dy der op kaem, in bytke to kroljen. Hy die de gerdinen noch
’ris hiel, hiel sunich iepen, tilde de wrine hoedend sa fier op, det hy
der efkes ûnder digerje koe. En hwet seach hy? Dy knollefoet wier in
hynstepoat; it fel fen syn frjeon wier leadblau mei it einefel ’er op,
en hjir en dêr in tin ûlefearke. It like folle op in âlde plôke
sophoanne, dêr noch lytse poddefearkes oan sitten bleaun wierne. Dêrby
kaem ’er in smoarge swevellucht ûnder de wrine wei, dy folle nei
rudesalve swime, en dêr Gosse wol fen koarje koe. Gosse liet wrine en
gerdinen sêfkes út de hân glide, en sei yn him sels: “Ik hab nôch fen
dy rudige lucht; mar dou biste in nuvere ome!” Hy kroep wer ûnder de
wrine, en tochte: “Dy bongel hab ik ivich oan de foet, mar ik hab ek
jild.” Hy laei pas, ef hy hearde wol tweintich katten âljen, en dêrby
fleach dat túch sa heiselik by de ramen op, det hy der wer útstapte om
’ris to sjen, hwet dêr to redden wier? Sa as hy foar ’t finster kaem,
wierne de katten wei, krekt eft hja weifage wierne; mar de tsjiiswein
stie der noch, en dêrby trije keardels mei in wiif, dy elts in tsjiis
yn ’e hânnen hienen, dêr se mei foart woenen, mar net koenen. Hja
stienen stôkstil as sâltpilers en liken wol bitsjoend. Gosse net links
skodde Keimpe oan de earm, dy wekker waerd en heftich sei: “Hwet is
der?” “Wel, strûp jo oan, sei Gosse, en sjen it sels. Hwent it is nin
minskewirk.” Keimpe gau de ûnderbroek en hoazzen oan, mar do er dat
trijetal dêr by de wein seach, hy as de blits de ljedde del, en mei in
swier ein piktou dy trije tsjiiskeapers sûnder jild sok in onwiten pak
bruijen om barren tateld, det hja it yn ’e gedachten útmoartten, as
tsjeaven dy de lieu yn de bek sjenne, mar nin oar lûd joegen, as dat
binaude gepiip, dat immen ôfgiet, as hy in akelige neare dream hat. Hja
koenen ek nin fin riere, en it like wol eft hja oan de groun fêstneile
wierne. “Ho let is ’t? sei Keimpe; “kin ik noch in reedtsje oer dy
rêgen hinne dwaen?” “Dat wit ik net, sei Gosse; “it is fjouwer ûre, en
mei in kertier komt de sinne op.” “Den is ’t heech tiid, sei Keimpe,
det se los komme.” Mei ien gong er wer trije slaggen om ’e wein hinne,
mar nou mei de sinne om, en yn pleats fen trije swiere wirden reauntte
er nou trije goede wirden; it tredde en lêste wird wier der amper út,
ef de trije tsjeaven lieten de tsjizen falle en stauwen as reek út
eltsoar. “Hwet haest makken je? sei Gosse do. “Jy moasten noch mar in
rid dien habbe. It koe hjar bêst wachtsje.” “De diker, né! sei Keimpe;
Dat scoe to hird oankomme. Hwent hie ’k se foar sinneopgong net
onttsjoend den hienen se dêr ivich stean moatten. En sa ek dy by dei
bitsjoend binne; as dy foar sinneûndergong net onttsjoend binne, bliuwe
se ek ivich oan ien-en-itselde plak fêstneile. Kom, it is noch ier; wy
habbe neat to forstriken; wy kinne noch wol in reedtsje op bêd dwaen.”
En sa gongen dizze twa wer to koai.
Hja ombieten dy moarns mei hjar fjouweren, Gosse, Keimpe, de
turfskipper en de preker. Keimpe song earst in ’salm, en die do in lang
gebet. Under it thédrinken bigoun de turfskipper en de preker to
dispetearjen oer it gelove, det de lapen ’er nei fleagen. Do it sa fier
kaem, det it op lilts wirden ôf wier, sei de preker: “Wy scille hjir
mar in spjeldke by stekke. Wy krije dat net yn de liken. Jy scille in
bulte wirk hawwe, skipper, om my sâlte baggeler for ferske en in
skriemer for in geve tsjiis to forkeapjen. Wy reisgje as de
Easterlingen mei in liedsman op in kamiel troch ’e woastine; jy wolle
alle pakkaedzje op it lêstbist smite, en ik wol ’er myn poarsje mei fen
drage. Jouwes is ’t maklikste; mar mines is ’t binlikst, en as wy thús
binne, scille wy sjen hwa ’t gelyk hat.” Do waerd de turfskipper
grimmitich. “Praetstou fen maklik? sei er, “dou, dy mei dyn goede
wirken bihâlden wirde wolste? It stiet dy moai! Dou strûzeste op dy
brede wei, earm minske, dy yn ’t forderf liedt. Mar ik gean yn troch de
inge poarte. Ja, wol ing, man! Ing, ing, siz ik dy! It fel scil de
útforkarden, dy der troch wrame, noch tsjin de doarstilen fen de hûd
strûpe; mar dou, wirkhillige, komste der yn der ivichheit net troch.
Hwet sizze jy kastelein?” “Dou moaste der my, as ’t dy bljeaft, bûten
litte, Wobbe. Ik bin in Romein. Ik oardielje net oer jimme gelove; ik
oardielje oer jimme dwaen; mar dit moat ik dy sizze, det de preker in
kinst forstiet, dy ik net kin, en dy ik yn dyn kaliber, keapman, alteas
net jamk sjoen hab.” “En hwet is dat den?” frege Wobbe. “Wel, sei de
kastelein; “hy hat alles forlern; earst syn wiif, do syn bern, lêsten
noch syn jinnichste soan, dêr er koarts alles, hwet er yn de wrâld hie,
by opset hat. En nea hab ik him oars as oars sjoen, mar evenredich,
altiten evenredich en dimmen. Ho habbe je dat dochs, preker?” “Dat scil
ik dy sizze, kastelein, sei de preker; “it geheim is dea-ienfâldich.
Aste om dy hinne sjuchste, wiste it ek. Yn hwet steat ik bin ef kom, ik
sjen altyd earst op nei de himel, en ik hab dit yn myn eachmerk, det ik
hjir bin, wrot en arbeidzje, om dêr hinne to sjen en einlik ek myn
ivich honk to finen. Den sjen ik del nei de ierde, en stel my foar
eagen it lytse dobke, dat ik deryn mei koartens bislaen scil. Den
loaits ik wech-ende-wear yn de wrâld om, en sjen tûzenen en tûzenen om
my hinne, dy folle ongelokkiger noch as ik binne. Sa lear ik, hwer al
myn soargen eingje moatte, en ho ’n bytke reden ik hab om to kleijen en
to gnoarjen.” “Allegearre riddenaesjes, sei Wobbe, fen de natúrlike
minske, dy de dingen Gods net bigrypt. Litte wy bidde, det de eagen fen
dyn forstân iepene wirde meije, en dêr ta sjonge fen de _stieren fen
Basan_ út de twa-en-tweintichste ’salm.” “My tochte, sei de preker,
“det de fjouwer earste fersen fen Camphuysens 36ste ’salm jo better
passe scoene.” Mei ien droande Wobbe al op fen de _stieren fen Basan_,
en de preker gong wei. Op de ’salm folge noch in lang gebet, dat Keimpe
útgalme, mar hwerby Gosse mei forfelinge efter de hoed seach, en dêr
waerd dat ombyt mei sletten.
Wylst Keimpe nei de condysjes fen de feilinge fornaem, mocht Gosse, dy
wakker nijsgjirrich wier, sa oan de kastelein freegje: “Hwet âld
stikken skoudermantelke mei gouden heakken hinget dêr dochs op ús
sliepkeammerke?” “Wel, sei de kastelein, “dat is fen ús oarre. Wobbe
sei niis fen it felôfstrûpen yn de inge poarte; mar dy hat it nei stien
by in wide poarte. It is in frjemde extoarje, dy ’t ik oan syn pleats
lit; mar it âld minske woe der wol op stjerre, as se ’t ús forhelle.
Hja wenne to Nes en gong alle moarnen, dy God joech, nei de misse.
Ienders op in moarn, do hja noch to bêd wier, hearde se it misklokje
lieden. Forskrikke forriist it sloof, en seit: “Heare, hear! dêr liedt
it klokje al, en ik noch yn de fearren!” Hja tochte noch, det it in
ynbyldinge wier; harket noch ’ris skerp; mar ja, it wier sa. It klokje
lette wol. As de blits de rokken oer de holle; jak en hoazzen
oanstrûpt; de skoen oan; it skoudermantelke om, en do hals oer kop nei
tsjerke, dêr se nin inkelde libbene siele yn foun; mar de kearsen
stienen op it altar to brânnen en joegen in kwinend triljend ljocht,
towyl in sêft orgelmuzyk mei missjongers út de groun like op to kommen.
Hja knibbele, en do hja hwet lêzen hie, kamen ’er eindelik forskate
minsken deastil yn ’e tsjerke, mar dy al lange tiden wei west hienen.
Ek wier der in bûrman ûnder, dy noch nin wike dea west hie, en dy gong
flak efter hjar sitten. Kel seach hja om, en sei: “Myn God, bûrman, ho
komstou hjir?” “Bûrwiif, andere de geast, “dit is in mis, dy for ús
lêzen wirdt, mar net for de libbende. Sjen mar net om, en stean net op
foar ’t wy der allegearre út binne. Rep je den sa gau je kinne de doar
út; mar pas op, det je de heak fen jou skoudermantelke los habbe, hwent
oars binne jy in lyk.” Mei ien kaem in pryster op it altar, dy ek al
lang wei west hie, en do dy de misse lêzen hie, stoenen de geasten op
en gongen de iene nei de oare mûsstil de tsjerke út. Do de lêste der út
gong, wier beppe him as de blits op ’e hakken; mar hja hie de teannen
noch net oer ’e drompel ef de doar waerd mei in gryslik misbaer
tasmiten, sa det de slippe fen beppe mantel yn ’e doar biflapte, en hja
hie siker efteroer slein en de plasse forbrizele as de heak fêst sitten
hie. Hja helle de mantel mei alle macht nei hjar ta en krige him ek
los, mar mei forlies fen de slippe, dy yn de biknipinge fen de doar
sitten bleau.”—“En dêr is dat skoudermantelke noch in reliquie fen! sei
Gosse; “as ’t bard is, is ’t wier!”
Keimpe kaem gau werom en helle Gosse op om mei eltsoar nei de feilinge
to gean, dy ticht by de séwâl wier. Underweis bigoun Gosse al wer fen
dat rispiske to neuljen; dat wynde him al yn ’t liif om, ho mear as er
der oer neitochte. “Hwet meije de ljue wol tinke, sei er tsjin Keimpe,
“as se in rispis fen my sjenne, dat mei myn bloed skreaun is? Ik scil
jo dat straks mei inket wol oerskriuwe.” “Hwerta dy moeite? sei Keimpe,
“it bliuwt ommers ûnder ús, en der kinne nea mear oer gean as fjouwer
eagen. En hwet kin ’t skele eft in ding mei swarte ef reade inket
skreaun is?” “It mei de divel! sei Gosse; “yn alle gefal bin ik dy neat
mear skildich as jild, mar bloed hâldt yette hwet mear yn. Né, mynhear
_Pik en Zonen!_ al binne jimme Hollânners noch sokke bitoevde feinten,
sa lit ik my net forrifelje. En wiste hwet, keapman Keimpe? Aste my dat
rispiske op it eagenblik net wer jowste, den scil ik de minsken op ’e
forkeapinge ’ris fortelle, hostou der útsjuchste aste nin broek oan
haste.” It wier, tink ik, sa hwet healwei tsjienen; hja wiernen yn de
neakene dunen, dêr neat to sjen wier as it skaed, dat de gleone sinne
efter hjar makke. Do Gosse drige, bearde Keimpe eft hy bang waerd, en
helle it memoarjeboek út de bûse, kwanskwys om it rispis to siikjen;
mar hy lei it op ’e groun del, en flink rôlle er mei beide hânnen it
skaed fen Gosse op, krekt as in reep swart pompier, dat lâns ’e groun
laei, fâldde it op yn in lyts bistek; hwent it wier sa tin as in
loverke; en sa biteard lei er it yn it memoarjeboek, dat er yn in
binnenbûse fen it baitsje stiek. Dêr stie Gosse sûnder skaed! Hy seach
wakker sneu, krekt as in jonge, dy de draek ôfknipt is. “En hwet scoe
dat nou?” sei er. “Dat scilste daelk wol wys wirde, sei Keimpe; “mar
dou krigeste dyn rispis net wer, feint!”
Hja kamen by de feilinge, dy yn ’e iepene loft hâlden waerd; mar it
dûrre net lang, ef in boun ondogenske Amelâner jonges krigen Gosse yn
’t each. Hy hearde al efter him: “Sjuch, sjuch! Dy keardel hat nin
skaed!” Dêr kaem ek in âlde fekke by, dy tsjin ien fen de jonges sei:
“Dat skaed hat er forkoft oan de kweade. Hwent dy docht yn skaed; dat
is de prins fen skaed en tsjusternisse.” Gosse hie in bytke nocht oan
dy praetkes; hwent hy tofte, as de Amelâners dat leauwe, forsûpe se my
noch as in mâl houn yn sé. Dêr kamen al mear jonges by, en hwer’t er
hinne wynde, hja folgen him oeral op de hakken mei de rop: “In keardel
sûnder skaed!” Gosse, dy bang waerd, det de jonges him allehiel yn ’e
maling nimme scoenen, seach op it lêst nin oare útkomste as mids yn ’e
heap fen de feilingkeapers to kringen, en dêr to hûshâlden, sa goe’ as
er koe, ta it bigoun to jounjen, en it skaed mei it ljocht to neate
gong. De preker wier der ek, en hie meilijen mei Gosse, en naem him mei
yn in tinte, dy in weard dêr for it jongfolk opslein hie. Dêr bleau er
ta de lampe opkaem. Do kommandearre er in flesse wite wyn; mar do de
taper him dy brochte, en seach det de lampe nin skaed efter him joech,
houdde de man de amme yn fen forbauwerearringe; hy stie sa lang as er
woechsen wier stôkstil Gosse oan to gapjen, en sette einlinge de flesse
wyn hoedend foar him del; it jild striek er yn in pantsje, dat er heech
op in keeft weisette; hwent hy doarste it net yn ’e bûse drage. En om
’t er eang wier, det de kweade mei yn ’t spil wier, doarst hy der ek
nimmen in wird fen kikke. Nei de feilinge waerd it op ’t lêst in heale
merke; it streamde der brandewyn en bier; de fyoele kaem op ’e lapen,
en silers en fammen skotsten dêr, det it klapte. Gosse naem ek in
slytke, in moai Amelânner blomke fen achttjin jier, dy om him hinne
hinge, as hea om ’e skûte, en dat spil gong opperbêst ta det hja ek
foar de fyoele kamen. Der waerd skotst; de kreakeling waerd makke, do
yn de rounte, en nimmen hie hwette mirken, as de taper, dy bang waerd,
det syn hiele tinte yn de loft fleane scoe. Mar do it oan de Uterske
mars takaem, wier it mis. Wylst se foar in lampe, dy yn ’e tinte hinge,
op ’e rigele stienen om foarút to marsearjen, dûrre it noch hwette foar
de spylman klear wier, en op iens mirken de feinten efter hjar, det de
hiele rigele skaed efter him hie, allinne Gosse net; efter Gosse wier
’t ljocht. Op iens gûlden se ’t út: “In keardel sûnder skaed! Mannen,
bergje jimme!” Nou wier ’t krekt eft de tinte leech fage waerd; de
dounsers spatten út eltsoar as diggelfjûr; de kreupele spylman sprong
fen de tafel ôf en briek de hals hast, goeman. Mar der wier nin ien dy
mear skonk makke as Gosse faem; dat sloof miende, det hja mei de bare
divel oanlein, ja, op syn skirte sitten hie, en it minske fleach yn de
dúnen op sa fier as hja lân fine koe. Dêr stie Gosse; hy hie it ryk
allinne, mar dat noaske him net, en hy makke, det er ek út it ljocht
fen de lampe kaem. Sa as er de tinte útsloep, seach er de preker, dy by
de yngong stean bleaun wier, om to sjen ho dat spilke ôfrinne scoe.
“Dat is forlegen spil. Dou biste dêr al raer yn ’e lampe roun”, sei de
preker. “Skjin forlegen”, sei Gosse. “Ik hie nea tocht, det it skaed ús
noch nediger is as brea.” “Ja, sei de preker, “yn sa’n wrâld binne wy.
By it ljocht heart hjir skaed, en it ongelok by it gelok. Sûnder skaed
en tsjinrampen kin de minske net troch de wrâld komme. Skaed en ongelok
meitsje him ta in man, dy oeral achtenearre is.” “Is ’er den nearnze
ljocht sûnder skaed? frege Gosse; “dat is in rare biskikkinge.” “Ja,
wol, sei de preker, “is ’er ljocht sûnder skaed, en laitsjen sûnder
triennen. Mar dat is boppe, net ûnder de sinne.” Keimpe kaem der ek op
ta, en romde wakker, det er de bêste percelen pik en swevel for in
pryske krige hie. “Mar ik bin wirch, sei er; “litte wy nou nei hûs
gean.” En hja gongen wer nei it weardshûs to Ballum, dêr Gosse neat
gauwer to dwaen hie as om to meitsjen, det er út it ljocht fen de lampe
efter de gerdinen kaem.
Sa gau wierne se de oare moarns net op, ef Gosse moanne Keimpe om syn
skaed. “Dou haste my jister moai to fiter hawn, sei er; “gekheit is
gekheit; mar det de minske nearne forskine kin, ef hy wirdt for in
trewant fen mynhear Rounpoat oansjoen, dat is nin gekheit.” “Nou, sei
Keimpe, “dyn skaed scil ik dy wer jaen, aste my swarste, detste nea wer
fen it rispis, ef ho ik ’er ûnder de klean útsjen, reppe scilste.”
Dizze condysje brocht Gosse wakker yn de knipe; mar omdet hy nou
dudelik ûnderfoun hie, det hy sûnder skaed ivich yn de tsjusternisse
omstrune moast, die er dy eed. Do rôp Keimpe in âld wyfke, dat dêr wier
to kreamheinen, en mei hjar en Gosse sloep er yn de dunen midden yn de
gleone sinne. Hy helle it swarte pompier wer út syn memoarjeboek;
striek ’er de tearen en knûkels sa hwet út, en lei it krekt op de selde
ûre as de foarige moarns, do hy it der ôfkrige hie, efter Gosse del. De
âlde kreamheinster, dat in tsjokke moggel fen ’n moeije wier en fen it
mylde waer wakker útwazeme, helle hjar finger trijeris troch de hoksen
hinne, en striek en lymde it skaed oan de rânnen fen Gosse soalen mei
hjar swit fêst. Keimpe bliesde der op en sei: “Klear is ’t!” En, ja
wol, Gosse hie syn skaed wer, en wier sa bliid as in ingel, det er wer
reisgje koe, hwer ’t er woe. Mar it kaem dochs sa út, Gosse wier nou
bikend op Amelân; en ho bikend? As in hekser, in trewant fen de
bokkepoat, en hwer ’t er hinne draeide, it wier en bleau dochs “Gosse
sûnder skaed”, al hie er den ek syn skaed wer krige. Dêrom ho earder
det er fen Amelân ôf wier ho better, en noch dy selde aftermiddeis
brochte Keimpe him yn in âld fearskipke, dat nei Holwert gong. Keimpe
krige syn sin. Mei Gosse it skaed ôf to nimmen woe er twa miggen yn ien
flap fange; hy woe Gosse ôfleare om him ea wer om ’t rispis to moanjen,
en him ta gelyk twinge om wer nei hûs to tsjen, en ’t kaem beide sa.
It wier moai waer en flak foar ’t lapke nei de wâl ta. De skipper joech
it roer oan de feint, en kroep sels yn ’e roef om in praetke mei Gosse
to hawwen. De skipper hie ek al heard fen de keardel sûnder skaed, en
nou er seach, det Gosse krekt sa wol skaed hie as hy sels, miende hy
det de kweade de eagen fen hiel Amelân dy deis bitsjoend hie, hwent hja
swarden der allegearre op, det nimmen dy deis skaed oan Gosse bikenne
koe. “Ik wit net, Amelân is myn geboartepleats”, sei de skipper, “mar
it is dêr yn der ivichheit net plús. Hja sizze ommers ek, det it mei de
namme fen Amelân oremus is.” “Ei! sei Gosse, “en hwet is dat den?” “Dou
wiste ommers wol, sei de skipper, hwer it wird _Ameland_ fen dinne
komt? Alteas de Amelânners witte it wol; mar hja scille it faek net
sizze.” “Ik mei it dochs wol witte?” sei Gosse. “Hiel wol, sei de
skipper. “Dou moastte witte, det Harmen koarthakke oan alle eilânnen
hjar nammen jown hie, en det hy dy yn syn memoarjeboek oanteikene. Hy
hie efter de lêste namme al _Amen_ set, do er to let bimirk, det ’er
noch in eilân binoarden Fryslân forgetten wier. Om nou net yn syn
memoarjeboek to malkjen sette er after _amen_ it wird _land_, en dêr ús
maet in Amsterdammer fen geboarte is, dy de N op it ein net útspriek,
sa kaem fen _Amen-land_ de namme fen _Ameland_”—Der foer ek in fiskael
mei hjar, dy Obbe Ruardi hiette; hy hie foar jierren in bankerot slein,
en do fluchtte er nei Vianen, om net mei de sintinsje op de boarst in
healûre oan de kaek to pronk to stean[58]. “Dat lit him wol hearre, sei
dy fiskael, “mar de reden fen de namme fen _Vianen_ is noch wol sa
apokryf.” “Vianen, Vianen? sei Gosse, “hwer laeit dat?” “Der binne twa
Vianens, sei de skipper; “ien yn Hollân en ien yn Fryslân, mar fiskael
hat, bigryp ik, Vianen yn Hollân op it each.” “Ja, wol, skipper! sei
fiskael, Vianen yn Hollân. Nou, dêr kaem yn
toalf-hûndert-twa-en-tweintich fen bûten in ezel oan, dy midden yn ’e
poarte in greate brodze, in dûbeld miel, falle liet. In mounts, dy
krekt út de poarte gean scoe, sei yn ’t Latyn: _Fi, Ane!_ Fy Ezel! en
dêr fen hawwe se dy pleats do _Vianen_ neamd. Sa det Amelân en Vianen
wol op hjar nammen romje meije.” “Ik winskje jimme wolkom oan wâl,
mannen!” sei de skipper; hja stapten út it skip, en gongen yn Holwert
op.
Mei it getij wier ’t al moai let op ’e joun wirden, en Gosse moast to
Holwert wol oernachtsje. Yn ’t weardshûs trof er in boer oan fen
Frentsjer, dy nei it eilân west hie om in pear Amelânder kjedden to
keapjen; dêr scoenen de soantsjes fen syn lânhearre hynsterriden op
leare. Gosse hie in âlde moeike to Wjelsryp wenjen, dy in bulte splint
hie, en him tochte dy koe er op syn wei nei Molkwarren noch wol ’ris
forsiikje; hja húshâldde mei in faem fen Molkwarren, dy Gosse goed koe,
en him tochte, dêr koe er wol hwette wille mei ha. Hy woe de boer net
jern freegje, eft er mei nei Frentsjer ride koe; mar hy sei him, det hy
der hinne woe, en noch net wiste, ho ’t hy der hinne komme scoe. De
boer die eft er ’t net hearde; hwent it wier in boune sa as der folle
binne. Mar it wiif, dy mei him wier, griisde it dochs, det Gosse dat
greate ein foetearje scoe, wylst hja mei hjar beiden yn ’e faijeton
sieten, en noch pleats for twa man oer hienen. “Kom! sei se tsjin de
boer, “dou moaste alle herten by dyn eigen tinke. It is in dimmen
jongkeardel. Lit him mei ús ride. It nimt dy neat ôf. De wei is as
klaphout. It is moai waer, en de tredde man bringt de praet oan.” De
boer sei earst al, det hy der neat mei fortsjinne, mar liet him troch
it flaijen fen syn wiif oer stach sette, en Gosse ried mei hjar. Hy
siet efter mei it wiif, en die ek noch nut, hwent hy paste op de twa
kjedkes, dy efter oan de faijeton boun waerden.
It wier krekt snein, do se de moarns om fjouwer ûre foartteagen, sa det
Gosse, dy to Oerdum, dêr de húsman op wenne, ôfstapte, al yn tiids to
Frentsjer wier. Hy socht nei in tsjerke, en in famke wiisde him de
Academytsjerke, dêr in prefester it wird dwaen scoe. Gosse seach wol
oan de klean fen de ljue, det it hjir treftich spul wier; en det er
hjir net ûnder syn kaliber wier, dat hearde er al gau, do de tekst fen
Matheus saun, fers ien-en-tweintich, ôflêzen waerd. De prefester joech
de ljue fen de inge poarte, dy smeulden op de goede wirken, ek sa’n
ongenedich pak, det de hounen der nin brea fen frette scoenen. Gosse,
sûnder det er it wiste, wier by forsinninge to lânne komd yn ien fen de
studintebanken; de studinten hellen him yn en lieten him sa fier troch
komme, det er flak tsjin de preekstoel oer to sitten kaem. It wier
alles oandacht yn ’e tsjerke, en sa stil, det men wol in stûrke rôljen
hearre koe. Gosse forfeelde him ûnder dy preek; it wier nin spek for
syn bek; en om ’t it rju waerm yn dy lytse tsjerke wier, en er sa ier
op west hie, krige Gosse foar de tapassinge al de sliep. Hy hie in plat
rounbollich hoedke op nei âld Molkwarrer jestael, en sa siet er dêr to
sliepen. Under de tapassinge gong ’er ien fen de breedste studinten
foar him stean, wylst in oar yn de bank ’er efter Gosse hiel sêftkes it
hoedke fen de holle lichtte, der mei syn pinnemês gau de plasse fen de
bol útsnie, en it Gosse do wer bihindich opsette. Gelokkich, det de
prefester, dy preke, der neat fen mirk; hwent der wier nin minske, dy
de hierren fen Gosse rjuchtfirdich ta syn hoedke útstykjen seach, dy
net in glimke ûnder de preek ôfgong. Twa dyakens foel it yn ’t each,
mar dy minsken wierne forlegen mei hjar sels, en op it punt fen út to
prûsten. Einlinge kaem de prefester mei in neigebet oan amen ta, en
scoe de foarlêzer de ’salm ôfkindigje; yn dat eagenblik hompte ien fen
de studinten mei syn earmtakke Gosse fûleindich oan, forheftich
sizzende: “Boer, Boer! Bidde!” Gosse as de blits it hoedke fen de kop
en dat foar ’t eansicht! mar do hy mei syn slieperige kop forheard
troch de bol fen syn hoed yn de gemeinte omdigere, sjuch, dat koe nin
minske sûnder laitsjen oanskôgje, al moast hy ’er ek om stjerre. De
prefester hie der krekt it each op, mar de man kearde him om yn de
preekstoel en die de wite bûsdoek foar de mûle, omdet er it útskettere.
En al de dyakens, dy yn ’t hekje sieten, en de manljue dy neist de
preekstoel flak oer Gosse wierne, gierden it út, en it wier gelokkich,
det it orgel en it sjongen fen de ’salm de boel hwet forbjusteren en in
ein oan dat ergerlik mirakel makken.
Gosse makke gau, det er by in kastelein yn ’e bocht fen Guinea kaem, dy
er syn need klage en it hiele stik forhelle. “Ja sei de kastelein, “den
biste yn ’e hânnen fen de hoantsen wêst; dat binne bysfeinten.”
“Hoantsen? Hwa binne dat?” frege Gosse. “Dat binne studinten,” sei de
kastelein. “Dy neame wy hjir to Frentsjer sa, omdet se mei alle mâlle
franjes oan, en altiten wer oars, op strjitte komme. De iene dei seit
mei dat foltsen de oare net; den binne se sus klaeid, en den wer sa;
nin minske kin ’er each op hâlde; krekt as de hoantsen op ’e terpen, dy
oan ’t fjuchtsjen binne, en hjar nou spits opsette, den de fearren as
boarstels oerein stykje; nou dy en den wer in oare kleur oannimme; nou
stilsteane, gysten foartrinne, en den werom op eltsoar ta fleane. Sa
binne de studinten ek.” Koartom, Gosse bigriep det Frentsjer syn lân
net wier. “It is hjir nin trewes for my, sei er tsjin de kastelein; “ik
scil mar gau meitsje det ik to Wjelsryp kom.” “Ja,” sei de kastelein,
“dy mient det er gochem is, wirdt hjir noch bitritsen. Hja binne de
divel to tûk ôf.” “Dat liket wol, sei Gosse; “der is altiten baes boppe
baes. Mar hwer kin ik hjir in nije hoed keapje?” De kastelein wiisde
him in winkel, en Gosse kuijere mei in splinternij rounbollich hoedke,
dêr twa griene linten by del biggelen, nei Wjelsryp ta.
Do er to Wjelsryp oan it hûs fen Wypkmoi kaem, sieten de finsters
sletten. Hy rinkele oan; Fod, de faem fen Molkwarren, dy opdie, seach
hiel bidrukt, en forhelle him, det Wypkmoi dea wier, en det ’er nou twa
omkesizzers fen hjar mans kant mei exteur yn hûs wierne. De twa migen,
de iene Foake Tjommes, en de oare Jelle Pibes, twa jongkeardels, dy it
der al hwette jinlik foel, fregen Gosse, eft er in deimannich by hjar
út-fen-hûzje woe, dêr hy neat tsjin hie. Do se de jouns hwet jimmette
hiene, frege Gosse de migen gau, hwerom se de exteur yn hûs hienen? Eft
der onrie wier? De âldste, Foake Tjommes, naem it wird op. “Dou wiste,
Gosse, sei er, en dat is bikind oeral, det moeike in skoan kaptaelke
fen hjar man urven hat, en dat is net yn hjar hânnen formindere, mar
mear as fortsjiendûbele. Hwent der koe neat ôf. Hja scoe hjar eigen
kwea wol ite; dy earniger is as hja, moat ’er noch berne wirde. It gong
sa fier, det se nou minsken, dy oan legerwâl laeinen, jild liende op
húsrie tsjin tweintich en tritich percint yn ’t jier. Der is alles by
to pas komd, om dat minske yn oare stokken to bringen. De domenij is
hjir wol hûndertris west om hjar dy tsjinst fen de mammon as ôfgoderij
foar eagen to spegeljen, en as de wirtel fen alle kwea; mar it wier
allegearre bûter tsjin ’e galge smard. Hja houdde hjar earm, en sei,
det alle pracht en oerdiedichheit ek yn de skrift forbean wierne.
Domenij koe nin duit for de tsjerke ef de earmen los krije, en it
jinnichste, mei ik wol sizze, dat hja willich bitelle, wier it jild,
dat hjir omslein is om de wachten to leanjen, dy it doarp nachts rinne
lit om op de tsjeaven to pasjen. De moaiste grap, dy ik hjir sjoen hab,
is fen hjar sweager, de prefester yn it Hebreausk en Arabisk to
Frentsjer, west, dy hjir in pear dagen by hjar út-fen-hûs wier. Dy man
woe wyn ha; hwent hy sei, det for elts fatsoenlik minske deis in
healflesse wyn groeide, en do dat net gauwer-nôch kaem, stjûrde hy in
jonge nei in wynkeaper to Frentsjer om for rekkening fen Wypkmoi in
anker bêste reade wyn to stjûren; hy wier ’er boarch for. “Mar,
sweager, sei hja, “hwer scil dat hinne? In anker wyn? Dat kin ’k net
op.” “Den scille domenij en pastoarske dy wol helpje, ljea’! Dy hawwe
hjir langer-nôch sloppe thé mei blauwe dreage malke by dy dronken. En
aste net bitelje kinste, den scil ik yn Hennaerderadiel mei permisje
fen de grytman in omgong for dy dwaen.” Mar it moaiste wier noch, det
er moeike op syn Turksk bikeare woe, hwent hy mient, det hiel Wjelsryp
Arabisk kin en de Koran lêst. As der in bidler oan de doar kaem, den
sei er: “Hâld de hân op!” en den liet hy sa heech as syn hân rikke koe
in sechsteheal yn de hân fen de bidler falle, dy takniep en bliid
foartgong. “De biddelsek hat in gat, sweager-om! sei se den, “dat is
jild weismiten. It reau sûpt en fret it aenstons wer op. Mar hwerom,
prefester, litte je jins gave sa heech del falle?” “Dat scil ik dy
sizze, Wypk, sei er: “net om de moriaen to waskjen, mar om dy to
biwiisgjen, detste noch net ienders in goe Turkinne biste, ik lit stean
fen Kristinne. Mahomet liet syn gave ek ’ris sa heech del falle yn de
hân fen in ongelokkich man, en syn sweager Ali, de fjirde fen syn
opfolgers, frege him, lyk as dou my, hwet dat bitsjutte? Hwerop Mahomet
dit andert joech: “As de gave út dyn hân giet, den seit hja fiif
hearlike wirden oan dy, foar det hja falt yn de hân fen de ongelokkige,
dy hjar kriget. Ik wier lyts, sei de gave en dou haste my great makke.
Ik wier min yn getal, en dou haste my forhûndertfâldige. Ik wier dyn
fijne, en dou haste my ta dyn frjeon makke. Ik wier tidelik,
foarbygeande, en dou haste my ivich makke. Dou haste my biwarre, en nou
biwarje ik dy; dou wierst’ earst myn wacht; en nou ik dyn wacht en dyn
biskermingel for de ivichheit.” “Mahomet, sweager! frege Wypkmoi dêrop,
“wier dat nin Harnzer trekskipper? Forline jier bin ik mei ien fearn,
dy hjitte ek hast sa. Ik leau fen _Makke Mets_.” De prefester seach
hjar noch ’ris oan mei eagen fen de djipste forspijinge, en gong
aenstons mei in opsteand seil nei Frentsjer, sûnder hjar goendei to
sizzen. Sont is hy der net wer west.” “Ja mar, sei Gosse, “ik wol witte
hwerom exteur hjir yn hûs is?” “Nou, sei Foake, wachtsje dyn bar; dou
scilste ’t hearre.” “Mei dyn wolnimmen, Foake, sei Jelle-miich. “Dou
haste noch hwet forgetten. Moeike wier wakkere rynsk mei alles, hwet
nin duit kostte, om dêr for sa folle earniger to wêzen op alles hwet
jild kostte. Hja wier frjeonlik, sels fliensk; ja, knikte it lytste
bern en in bidler goendei; praette as in alk op de bisiten, det elts,
dy hjar for de earste reis mette, hjar for it flotste frommis fen de
wrâld oanseach. Dat kostte hjar allegearre mei eltsoar noch nin reade
duit, en de ljue wierne der wakker mei op streek. Binammen priisgen se
hjar, det se sa godstsjinstich wier. Hja gong eltse snein op in prik
trijeris nei tsjerke: wier der de earste en de lêste; yn ’t
’salmsjongen snettere hja boppe allen út, en it wier krekt eft hja
domenij de wirden út de mûle sjen woe. Dy grap kostte hjar eltse snein
trije duiten yn it ponkje! En dat wier de jinnichste en de greatste
útgave dy hja ta de eare Gods die, en for dy trijeduiten koft se wol
for trijetûzen goune achtinge by de minsken, dy folle ljeaver de skyn
fen de godstsjinst, as de godstsjinst sels sûnder de skyn hawwe. Nou
witste alles, Gosse! Gean nou dyn gong. Foake-miich.” “Dêr komt it op
út,” sei Foake; “Wypkmoi hie foar tweintich jier al in skoan kaptael
erfd; der wier neat ôfgien, en alle jierren bulten bykomd. En hwet
hawwe wy nou yn ’t nêst foun? Neat, as ’t húsrie en hwet klean.”
“Neat?” sei Gosse. “Né, neat; sei Ritske. Wy kinne yn ’t nêst sjen.”
“En hwer is dat den bleaun? frege Gosse. “Ja, hwer is dat bleaun? sei
Jelle, “as wy dat wisten scoenen wy hjir exteur net yn hûs habbe. Der
is premomsje op de faem, en exteur moat oppasse, det hja net ontsnapt.
Hja wol net klappe, en is sa ticht as in pôt, howol wy witte, dat
Wypkmoi noch al it ien en oare mei hjar oerlei” “Is hja den net
earlik?” frege Gosse. “Hja is sa trou as goud, sei Jelle, en as hja
stelt, den stelt se for de man, dy se ljeaf hat. Sa scoe se Wypkmoi de
apels onttake, dy efter de latten fen de itensspine op it slot laeinen:
hja woelle in spiker om it ein fen in stokje, en dêr pikte se den in
rûkapel mei troch de traeljes hinne for hjar hertlapke, in ljeaf
flaeibekje fen in famke dat hjir neist wennet. Wy witte ek, det hja de
restjes fen it iten for Wypkmoi weimoffele en oan in earm widdou joech;
en de swierste sonde fen ontrou, dy wy fen hjar witte is, det hja in
heal flesse wyn oan hjar frijer opfoerre hat: dy hie se nomd út twa
oare flessen fen moeike en ’t gat wer oanfold mei reinwetter.” “Nou,
sei Foake, “as dat hjar greatste skelmstikken wierne, dat mochte hinne
bruije; de fammen stelle meast net for hjar sels, mar for hjar âlders
en frijers. Mar der is neat, en wy moatte witte hwer ’t bleaun is. En
nei minskeëach kin nimmen it witte as Fod. Hja scil ús net ontkomme;
dêrfor habbe wy exteur yn hûs. Men sjucht immen wol foar de kop, mar
net yn ’t krop.”
Sa gau as Gosse de oare moarns mei de faem allinne wier, forknipte er
hjar alles, hwet de twa migen him sein hienen en hwet premomsjes it
gerjucht troch oanbringinge fen de twa migen op hjar krige hie. “Dêr
scil hjar de wjergea foar helje, dêr ik sa’n wird om siz!” sei Fod, dy
sa edel wier as de prins: “hja moatte net tinke, det ik in tsjeaf bin.
In tsjeaf, dy it seit.” “Mar wiste ’er den neat fen, frege Gosse, “hwer
it jild fen Wypkmoi bleaun is?” “Ja wol, wit ik dat, sei Fod, mar ik
hab in hege eed sward, det ik ’t nimmen sizze scoe.” “Nimmen sizze? sei
Gosse; “haste ek sward, detste it nimmen skriuwe scoeste?” “Dat net,”
sei Fod. “Wel, skriuw it den, sei Gosse, en dou biste út de kinken.”
“Ho koe ’k sa sleau wêze, det ik dêr net oan tocht ha? De wjergea! ja,
ik scil ’t skriuwe. Dou gieste joun mei de beide migen nei Reinou to
pizeljen; dêr is in oansit om de bûrrerekkening fen forline jier op to
nimmen. Dat scil wol healwei toalven wirde ear ’t jimme dêr weikomme.
Wiles kin ik alles skriuwe.” Hja liet aenstons for in stûr pin, pompier
en inket fen master helje, en bigoun do dit to kwatteljen.
[Yllustraasje: DE APTHEEK FEN MASTER CAMSTRA.]
“Us frou, earm minske, is noch fen kjeld en honger mids yn al hjar jild
omkomd. Hja wier sa eang, det hja it ein net fine scoe, det der nin
turfke op stean koe, om hjar in bytke to waermjen. Soms hie se in
mannich koalsblêdden fen de rúchskerne fantele, dêr se thús op
omgnaude. Do hja sa forswakke det hja bêdridich waerd, hie se altiten
it each op de pultrom, dêr hjar lânskipsbrieven yn laeinen; oars hie
hja ek net; hwent om hjar jild by de ljue út to setten, dat bitroude
hja net. Hja wier ta it lêste ta by hjar forstân, mar op in jountiid,
(it skimere sa hwet) do it tsjin it ein roun, sei se tsjin my: “Fod, ik
leau det myn ûre hast forroun is, en ik hab noch hwet oan dy to
sizzen.” “Hwet is dat frou?” sei ik. “Dou haste my lêsten frege om
fjouwerhûndert goune om de faer fen dyn feint to rêdden, dy oars de
kluwers yn hûs kriget, en den noch twahûndert goune for dyn feint om in
negoasje yn skjippefellen to bigjinnen. Ik koe dat do net dwaen, mar
nou hab ik jild. Lykwol scil ik dy de seishûndert goune net liene, mar
wol jaen; op ien condysje, detste my in eed swarste, detste dwaen
scilste hwet ik dy hjit, en detste dat oan nimmen op de wrâld forklappe
scilste.” Do ik dy eed dien hie, joech hja my de kaei fen it pultrum om
in sek gounen to krijen, dy ik ûnder myn sneinspak yn myn kleankiste
treau. Do liet hja my de tromp mei al hjar lânskipsobligaesjes krije,
en sei: “Dêr, Fod! Pas dêr op! Dêr sit de aep yn! Dêr moat nin ien fen
myn erven syn kloeren oan sette. Liz dy ûnder myn holle as ik yn de
deakiste liz.” Do liet se my út in forholen hernke fen it pultrom noch
in lyts seamlearen pûdtsje mei 25 goudene ducaten krije, en do hja dy
yn de hân hie, sei se: “Jow my kâld wetter.” Ik joech hjar in komkefol,
en mei lytse swolchjes bigoun hja do dy goudstikjes der yn to proazjen.
Soms bleau der ien yn de kiel stykjen, en as hja den kokhalze, den toft
ik: “Nou smoart frou!” It slikjen foel hjar wakkere swier; mar mei
folle gewraem hie se yn in ûre al de fiif-en-tweintich ducaten der
trochskouwen, en do de lêste der mei in útritsene hals troch komd wier,
sei hja: “Godtank! Dat is birgen, Fod. Dêr scille myn migen de fingers
net giel oan telle.” Dat wirk hie hjar sa ôfboald, det hja gau nei de
siken bigoun to gapjen. Der kaem in ôfgryslike greate flearmûs mei
swarte wjukken tsjin de finsterruten oan to flodderjen; de boarst fen
frou bigoun to rotteljen, en mei in tweintich tellen wier hja wei.
Dat ding ûnderteikene Fod en joech it de oare moarns oan de migen, dy
beide útrôpen: “De wierheit hat in skel lûd!” Aenstons gongen se nei de
grytman, eft hja it lyk wer út it grêf opdolle mochten, en dy stie it
ta, mits det exteur en adstinten der by wierne. Do de deagraver en syn
soan, dy dat wirk bifellen wier, de kiste jouns yn master Camstra’s hûs
optôgen, sei dy: “Ho is ’t nou? By hjar libben woe se nimmen in duit
jaen; tinke jimme, det se it nei hjar dea dwaen scil?” “Dat scille wy
bisiikje”, seinen de migen. Do de timmerman it teksel fen de kiste
skroefd hie, wier de earste greep fen de migen ûnder de holle fen it
lyk, en ja wol, dêr founen se al de lânskipsbrieven, lyk as Fod skreaun
hie. Mar de ducaten sieten hwette djipper, en dêr kaem master Camstra
by to pas. Hy lei it lyk op in lange bargetrôch, en do er it dealekken
der ôf hie, siet ’er in onwiten gielspekkelde pod op hjar boarst, dy
der mei de tange ôfnomd waerd en yn de jarresleat smiten. Mar do master
it mês yn de mage sette om de ducaten to finen, do kamen ’er trije
slangen út hjar kiel opsetten, dêr de migen mei exteur en adstinten fen
út eltsoar spatten, mienende det it gesanten fen koarthakke wierne; mar
master, dy wol oan in goede, mar net oan in kweade god leaude, feegde
der mei syn rotting yn om, det de bisten gau krekt sa folle to sizzen
hienen, as Wypkmoi sels, dêr hja by út-fen-hûze hienen. Master Camstra
hie mei in rep de ducaten wer, dy er yn in komke mei wetter lei, en do
hy se ôfdruid hie, joegen de migen oan master Camstra der twa fen, oan
exteur en de deagraver, in earm man, elts ien, oan de adstinten ien mei
hjar beiden, en fen de oare tweintich stieken se elts tsjien op. “Sjê
sa!” sei master. “Dat is sa fier birêdden. En nou forsiikje ik de
frjeonen op in glêske wyn.” Hja gongen op in opkeammerke, dat
boarstende fol siet fen seagen om bonken ôf to setten, fen toskelûkers,
papaverkoppen, aptekersflessen en potten, fizels, liedbânnen, stimpers,
slangen en salamanders, dy oan de balken hingen, en alderlei reau mear.
Do’t hja mei de piip en de romer yn ’e hân ûnder seil wierne, sei
Foake-miich: “Dat like earst wol eft it net ienders in waeideade wier;
en nou is ’t noch in wyndeade wirden.” “Nou ja, sei de deagraver; it
kin ’er ek op stean. Hja komme allegearre by my to lânne, mar sa’n ien
as Wypkmoi hab ik noch net bistoppe. Dat liket ommers as in hier op in
baerch; dy dooch ek net foar det er op de ljedde hinget, en dy de
riezel der út hawwe wol, moat ’er mei it mês by.” “Sa, sei master
Camstra, “den bin ik de slachter? Dou makkeste al in moai man fen my.”
“Ja, master, sei de deagraver, om jo de wierheit to sizzen, binne jy
lang sa’n goed man net for myn húsgesin as jou foargonger Pillenborch.
Dy wiste hwet in deagraver takaem. As dy mei in Wjelsrypster goed oan
’t pirgearjen en ierlitten wier, den sei ik tsjin ús Wiggele: “Boi,
meitsje de klokstouwen mar los en set de lodden mar klear!” Sa heart
it. De deagraver en de doctor moatte maets wêze. Dy moatte eltsoar it
wirk yn ’e hân spylje[59]. Mar jy litte de siken hast yn hjar eine sop
opkoaitsje, en de flime en de jalappe lykje wol contraband by jo to
wêzen. De need moat al oan de man komme as je dêr ta oergeane, en it is
eft de divel ’er mei spilet, nou is ’er net heal sa folle op it
tsjerkhôf to rêdden as mei master Pillenborch. It liket wol eft de dea
folle banger is for in docter, dy in bytsje as dy in bulte docht.” “Ik
forjow it dy, Jouke, sei Camstra; “it is myn eine skild. Ik hab dy
spraekwetter ynjown, detste alle dagen net krigeste.” “Ik scil jo oars
net lekje, master, sei de deagraver; “nou alteas binne jy in bêst man;
hwent út de mage fen in breid fen de divel helje jy in wintertarringe
for my en myn earme bernkes.” Us moeike de breid fen de divel? sei
Foake-miich; “dou makkeste ’er hwette moais fen, Jouke.” “Ja mar, dy
eare, sei Jouke, is net allinne for jimme Wypkmoi; dy is for alle
earnige âlde fammen, dy hjar jild ljeaver opfrette, as det de earmen
der brea for koften.” “Nou, den scil it koarthakke oan nin breiden
haperje, sei Jelle: “hwent de âlde fammen wolle ljeafst allegearre it
midden mei de beide einen allyk habbe.” “Kom, frjeonen, litte wy dit
glêske ’ris drinke op de brilloft fen koarthakke en Wypkmoi!” sei
master Camstra; “jild hat se net, hwent dat habbe wy yn de bûse, mar
hja is moai en ljeaf, en dat is ’t princepealste. Hwent jild smeit hjar
brêgeman sels sa folle as er wol.” “Jimme spiele de mûle wakker oer ús
moeike, sei Jelle-miich, “mar dat wol ik dochs net sein habbe. Kom,
litte wy hjar de lêste eare biwize, Foake! Wy binne ’er de neiste ta.”
Hja gongen nei it lyk, en kamen mei in rep by it selskip werom. Do de
tredde flesse wyn ek himmele wier, sei Jouke: “Kom, frjeonen, nou woe
’k myn oeft den ek wol wer habbe.” Do se wer by it lyk kamen laei ’er
in plasse wetter ûnder de kiste. “Hwer komt dat wei? sei Jouke.” “Wel,
sei master, “ik tink, det de faem dêr hwet reinwetter poezze hat; hwent
ik hie hjar sein om de flier mei in wiete dweil hwette op to nimmen.”
Jouke djipte de finger ’er efkes yn en preau det it hwette siltich
wier. “Reinwetter is ’t, sei Jouke, “mar it is earst troch de teams fen
de bonge roun.” “Ah! sei master; “bigrepen! Twa bysfeinten hawwe de
wite beantsjes op Wypkmoi ôfdroege.” De beide migen gysgobbene, en
seine: “Jy witte wol, master; alle hilligen moatte hjar waeks habbe.”
Hja tilden it deafet op in dongwein en setten it húske fen master, dat
lege wirde moast, ’er neist, en sa rieden se mei brânnende lonten nei
it grêf ta. Dêr kommende lieten se de kiste it boppeste ûnder yn it
grêf tommelje, sa det Wypkmoi mei de noas nei ûnderen en it gat yn ’e
hichte to lânne kaem. It húske moast nei in rúchskerne ta, dy in ein
fierder laei, en dêr se yn ’e fierte gestrún hearden fen nijsgjirrige
minsken, dy op it flikkerjen fen de dievelantearne oangongen, dêr se de
bigraffenis mei biljochtene, smieten de beide migen de âlde rogge
hastich út it húske boppe op hjar moeike del. “Dat is plechtich! sei
master oan de exteur en adstinten. Mar habbe jimme nou neat om de deade
to earjen, as om jimme glêske to leegjen?” “As it der op oankomt om in
deade de lêste eare oan to dwaen, sei exteur, al moat dat hwet kostje,
dêr binne wy allehiel nin houn fen. Hawar! Dêr is de contributie fen
exteur en adstinten fen de gritenij Hennaerderadiel!” En mei ien
keilden se mei hjar trijen elts in deade forsûpte kat, dy se út de
jarresleat opbaggere hienen, op de kiste fen Wypkmoi del. “Soarte by
soarte, sei Jouke, en tsjoenster by tsjoenster. Mei better selskip koe
Wypkmoi nea ûnder de kluten komme.” Hy naem de lodde, pompte de kluten
op de kiste, stampte it grêf ticht, en genacht wier it mei de âld faem.
It wier al nachtwirk wirden, en hja kamen net foar healwei toalven
thús. Gosse hie ûnderwiles forskate ramen op Fod dien. Hja seach sa
blier ta de eagen út; en der fonkele sa’n bulte wyt yn! Hja siet ek sa
fol kwinkslaggen, det hy tofte: “O, as ik dêr mar mei in swevelstôk nei
wiis den stiet hja ek yn ’e brân.” Mar dat wier misrekkene. Hja praette
as in alk de hiele joun troch, mar as er hwet frijpostich waerd, den
wier ’t: “Dou moaste it mei de mûle ôflizze, heite! Hânnen fen de
tafel; it is forkoft flêsk.” Op it lêst treau er hjar in nije keabelde
keizersgoune fen Keimpe yn de hân. “Ik tankje dy for Beits,” sei se, en
joech de goune de oare moarns oan Beits, in earm widdou, dy mei seis
lytse bernkes sitten bleaun wier. Gosse, dy seach, det er dêr nin
boadskip hie, wier al om njuggen ûre to koai gien, en Fod siet mei
greate noed to wachtsjen, ho de boel ôfroun wier. Do se fen de migen
hearde, det de aep birgen en alles birêdden wier, foel hjar in stien
fen ’t hert. “Godtank! sei se, det jimme jimmes habbe, en det Ynse
âlders rêdden binne. Hwet in brodze jild habbe jimme nou, en noch habbe
jimme fen moeike net ienders leedbôllen jown!” “Wel ja, ljea’! sei
Foake-miich, “in âld kring, dy hjar jild opfret, hjar oblegaesjes mei
yn ’e kiste nimt, dêr noch jild by lizze! Nou ja! Wy binne noch net
steapel, Fod!” “Dat is sa, sei Fod, “mar nou is ’t dochs bihâlden
smoar.” “Wier is ’t sei Foake, en dochs leed krigeste net; dat is
foarby; mar de sûkerbakken en de kreambôlen binne ta dyn tsjinst. En de
brandewynskop scil ik dy ek tabringe. Moarn neimiddei om twa ûre is ’er
kreambisite, en dêr kinste mei ús faem wol hantrekken by dwaen.” It
wiif fen Foake-miich wier yn de kream fen hjar earste bern, in grou
jonge dy Tsjalling hjitte, nei syn pake oan memme kant, en dêr scoe do
de lêste kreambisite fen jown wirde. Hwent der wierne al twa oansitten
west.
De klok hie de oare deis nin twa ûre let, ef de boerefrouljue kamen der
al oansetten; allegearre wakkere twang; ytlike allehiel yn ’t brat. Hja
hienen allegearre hwette for it kreamwiif yn it braskoerke ef de
bûsdoek: de iene brocht in poun greate klontsjes, de oare brune; de
iene in swiere krúskekrintebôlle, en de oare in spekkoeke; de iene in
sutmestsjiis, en de oare in bôle bûter; de iene in stik ljirre, en de
oare in poun thé, ef in pear poun struisûker. Koartom, hja tôgen sa’n
bulte oan, det de kreamheinster mar wirk hie om alles in bihoarlik plak
to jaen. Tel dêr nou den noch by al it swiet iten, dat se dagen fen to
foaren al troch hjar bern bringe litten hienen, den scoene men ’er in
ploech hongerige poepen mei ôffoerre hawwe. Alle bern krigen den in
twiebak mei sûker; en as se de poppe yn ’e glûpe en it kreamwiif yn it
waermbêd seagen, en fregen, hwer dy poppe fen dinne komd wier, en eft
de frou siik wier, den sei de kreamheinster hjar: “Reinsk, ljeave! hat
in fiere reis nei de wâlden dien om in poppe to heljen. Dêr sieten
hûnderten fen poppen yn ’e beammen, dy hjar allegearre tarôpen: “My
earst! My earst. Mar do hat Reinsk dizze poppe nomd: hwent dat wier de
ljeafste en de moaiste fen allegearre. Mar op ’e weromreis hat Reinsk
in spiker yn ’e foet trape, en dêr moat it sloof nou fen to bêd lizze.”
[Yllustraasje: KREAMBISITE.]