It ûnderhâld fen tsjerkfâdijen, earmbistjûren, dyaconijen etc. -

1,259,190,465

mei eltsoar _f_ 2,307,592,69

Dêr fen binne twatredden sa hwet oan jenever gien.

_Geale._ Hwet donder! dat binne cifers. Dy kinne se sa mar net

weibabbelje. Dy ljue, dy wy nei den Haech ta stjûre om it wird for ús

to dwaen, witte dy dat net?

_Iebele._ Krekt sa goed en better as wy.

_Geale._ Hwerom foroarje se dat den net? Ik kin ’t hjar ommers mei

boerekryt op de tafel útrekkenje, det de earmen de greatste helte fen

ús giften en gaven forsûpe.

_Iebele._ Makkeliker sein as dien, Geale. It is in âlde kanker, dy der

útsnein wirde moat. En al wier it makkelik, den leau ik noch amper, det

hja it gau foroare krigen. En dêr scil ’k dy reden fen sizze. De greate

Dupin hat biwiisd, en hy hat it wer biwiisd mei cifers, dêr nimmen ta

dizze dei tsjin kikke doar, det in lân, dat in _Staatsloterij_

útskriuwt, in sedelike hel ûnder syn folk bout; hy hat biwiisd, det as

’er nei rato fen de rykdom trijeris sa folle lotte wirdt yn dizze

provinsje as yn ien oare, det ’er yn dizze provinsje den ek trijeris sa

folle for de galge opgroeije. Dupin hat biwiisd, det yn dizze provinsje

trijeris sa folle boaden hjar breahearen bistielen; trijeris sa folle

manljue wiif en bern forlieten, ef onminskelik tantearren; trijeris sa

folle ondogensk jild slein ef goed jild bisnoeid waerd; trijeris sa

folle ynbraek en moart dien waerd; ja, ek trijeris sa folle troch it

lotsjen ontaerde bern hjar heit en mem moarddedich skopten en sloegen,

ef by de hierren lâns de groun slypten. Al de direkteuren fen de

_loterij_ hienen hjar de kiel heas gûld tsjin Dupin; sa hienen hja ’t

grou op him.

_Hajonides._ Al wer it âlde ding! _Leve de Diana van Ephesen!_

_Iebele._ Alle de debitanten en splissers fen de _loterij_ hiene him

útmakke for in gaudief en lânforrieder; en alle de toalf stammen

Israëls en de tûzenen onbisneine Joden, dy allegearre frieten fen

lotterijbriefkes en biskiten, dy piuwden Dupin nei; hja smieten him mei

fûlens. Mar do er mei dizze rekkening yn it Franske parlement opkaem,

wierne se sa stil as piseamelers, en yn it selde eagenblik hawwe de

Franske representanten de _loterij_ for ivich út Frankryk band. Dat

witte se yn den Haech, tinkt my, krekt en allike goed as ik it wit, mar

hja litte dochs ús _Staatsloterij_ yn wêzen om jinnige tûzenen, dy it

opsmyt. En sa soarget de regearing yn Frankryk, dêr wy yn ús geastelike

greatskens sa leech as ongodstsjinstich, sedeleas en lichtsinnich op

delsjenne wylst wy ús sels forhefje as de godstsjinstichste en

earlikste naesje fen de wrâld; sa soarget de regearing fen Frankryk,

siz ik, for de onskild en de wolfeart fen ’t folk, wylst hjir to lânne

de ynwenners yn de _Staatslotterij_ de poarte nei de hel iepene wirdt.

Dêr kinne se nou, as se mar wolle, hjar sels mei wiif en bern nei siel

en lichem yn tiid en ivichheit formoardzje.

_Jappe_. Dou gieste der divelsk út, Iebele. Dat roait ich ef kant. Hja

koene dy dyn ontslach wol ’ris thús stjûre, en aste noch lûder geiste,

ek wol ’ris for in pear jier fêst wirk jaen. Mar hwet wolste dêr nou

mei sizze?

_Iebele_. Dêr wol ’k dit mei sizze, det as se de lotterij net weidwane

om ’er in stoerke út to heljen, det se den ek nin finger útstekke

scille tsjin it jeneversûpen; hwent dat bringt hjar noch folle mear op.

Dêr komt by, det hja om de _loterij_ ôf to skafjen hjar allinne mar net

hoeve út to skriuwen, en den is it lotsjen dien, wylst it in tûzen

foetten yn ’e ierde habbe scoe om it sûpen to stuitsjen.

_Tamke_. (_In skroar mei in kop sa fyn as in nidle_). Scoe der den

waraftich nin middel op wêze?

_Hajonides_. Hielendal leau ik it net; hwent it scoe in oarloch wêze

tsjin de minskelike natûr, en dy lit him mei nin foarken útdriuwe, ef

hja komt altiten werom.

_Geale_. Sûpen en bealgjen ús natûr? Ik miende, det wy minsken en nin

bargen wierne, domenij. Hwet seistou der fen, skroar?

_Tamke_. Ja, wy binne minsken, mar just dêrom sûpe wy, en ’t djier net.

Wy binne minsken troch ús forstân, en mei dat forstân, is de minske

just forlegen. Domenij Hajonides hat my dat lêsten ’ris útlein, do ’k

him in japon meat. Kom, domenij, jy binne better fen de tongriem snien

as ik. Liz jy de ljue dat ’ris út.

_Hajonides_. Ja, de minske wol syn eigen ik, wol syn lot en de wrâld

net sjen lyk as se binne; hy wol ’er net oer tinke lyk as hja binne;

hwent den steane se him net oan. Soms forfele hja him; soms hat hy der

in wearze yn, en noait is hy der fen foldien. Hy miende, det it in

klompke goud wier, en nou ’t er ’t goed bisjocht it ’t mar in stien.

Dêrom, hwerste de minske op it ierdryk fynste, oeral siket er ’t

forstân to bilommerjen mei in tinne blinkjende wolken, dêr er alles

folle moaijer troch skimerjen sjocht, as it yn wierheit bistiet. As er

yn dy wolke sitte mei, den hat er for him sels wysheit, krêft en eare;

de wrâld wirdt him in paradys, alle minsken syn frjeonen ef syn

oanbidders, en de takomst is mei goud ynlein en mei roazen bisiedde. Om

syn forstân nou yn sa ’n glansrike forbjusteringe to bringen brûkt er

de wyn dêr de wyn groeit, en dêr er net groeit tôget er de wyn by

skipsladingen oan út fiere waerme lânnen oer sé, as hy it mar bitelje

kin. Hat er dêr to min jild ta, hy brout bier út koarn en weet, en sûpt

him in sûs oan it bierke lyk as de oare oan de wyn. Do it bier net

hirdernôch tatroefte, bigoun de satan út rogge en weet jenever, út

rezinen en ierdappels brandewyn to stoken, en sa geat er it fjûr fen

syn gleone hel krekt as wetter yn ’t yngewant fen de earme minsken.

Mahomet bigriep dy kinsten fen de divel, en sei: “Dêr scille wy ’n

boerdke foar skouwe.” Hy forbea yn syn koran bier, wyn, jenever en

brandewyn, mei ien wird, it drinken fen alle kinstfochten, dy de

hearlikste gave fen God oan de minske, it forstân, fortsjusteren. Nou,

dat binne syn folgers trou neikomd; de twahûndertmiljoen minsken fen de

Islam drinke net, mar hja smoke de opium, dêr in swolch trije, fjouwer

fen it forstân mear bidwelmje as alle sterke dranken mei eltsoar. Sa

binne de Turken de koran, dy hja oanbidde, ontkomd. Is ’t den net wier

hwet Tamke seit, det de minske mei syn forstân forlegen, skjin forlegen

is? En as hy it den perfoars bidwelmje wol, den woe ’k wol ’ris sjen,

hostou hjar dat allehiel bilette scilste. Ontnimste hjar de wyn, hja

nimme it bier; ontnimste hjar it bier, hja nimme de brandewyn;

ontnimste hjar de brandewyn, hja nimme de jenever. Ontnimste hjar de

wyn, bier, brandewyn en jenever, en seiste, lyk as Mahomet: “Fen dat

alles scilstou net drinke, ef dou gieste koegelsfeart nei de hel”, den

roke hja de opium.

_President._ Nou as hja den hwet ha moatte, dat it forstân forbjustert,

litte wy hjar dat den jaen, hwet it minste bidwelmet en it measte op

brea liket, ik mien it bier.

_Jalke._ Dêr komme jy op de rjuchte wei, president. Der moat altyd in

remplaçant komme for de jenever, en better as bier is der net to

bitinken. Mar den nin sûr bier, dêr de minsken skeve bekken fen lûke,

en snijingen fen yn de termen krije, lyk as de kasteleins nou

forkeapje, om de ljue oan de jenever to hâlden. Né, krêftich bier dêr

men waerm en sterk op wirdt, dêr men in goed sin fen kriget; mei ien

wird, bier lyk as ús foarâlders dronken, en dêr se sokke krêftige

koppen fen út de kragen opstieken, det ús jeneverljue der mar spjuchten

en geasten by lykje; bier, dat hja dronken foar det hja it Romeinske

leger by Baduhenna forgriemden, en letter de bjizzem yn ’e hân namen,

om de oceaen fen Spaenske ef Ingelske en Franske fleaten skjin to

feijen.

_President._ Wy komme al yn ien skipke to lânne; it komt der mar op oan

om to meitsjen, det de remplaçant goedkard wirdt. Mar dêr scil in

slimme wize op gean. Do Tamke en ik as jonges boartten, wierne de ljue

noch wakkere dipper en sunich, en der yn alles op út om de spillen by

eltsoar to hâlden. Hja dronken do sterk bier, ek rju tsjok en swiet

bier, net allinne omdet se ’t jerne mochten en der in noflik sin fen

krigen, mar mei ien om hwet iten út to winnen; hwent hja seinen: “Dêr

de brouwer sit, kin de bakker net sitte.” Nou keare se it blêdke om, en

sizze: “Wy drinke nin bier foar iten, omdet it ús de mieltiid bidjert.”

Hja wolle in bulte ite, ja, frette. Hwet it kostet kin hjar minder

skele; en dêrom drinke se bittere jenever; dat skerpet de mage op,

krekt as de swipe in âlde knol, en den kinne se frette as wolven. Dat

jowt in dûbelde wille; earst de jenevernectar mei in piip hearebaei, en

den it liif op ’e leest. Ho scilste sa’n geslacht bierdrinken leare?

_Jalke._ Staf oer nacht giet dat net; mar as goede ljue de hânnen yn

eltsoar slane en der gedild en tiid ta dwane, den witte men noch net,

ho fier hja it bringe kinne. Mar den moat der earst in soarte fen in

mirakel gebarre; de lânsregearringe moat meidwaen. Hja moat alle

bilêsting fen it bier ôfnimme, en op de sterke dranken omsmite. En as

dat dien wier, den moast it _Genootschap_ oeral bier- en kofjehuzen for

it algemien stichtsje, dêr boeren en boargers, foaral op merkedagen,

bêst bier, brea en bôle mei bûter en tsjiis, en in pantsje kofje keapje

koene. En de seal, dêr dat forkoft waerd, moast sa rom, geryflik en

gnap wêze, de bitsjinning sa fluch en frjeonlik, en de priis sa binlik,

det se op nin foetten ef fiemen nei yn in jeneverkroech sa goed to

rjuchte koene as yn de bier- en kofjetimpels fen ’t

_Matigheids-Genootschap_.

_Iebele._ Fen de rie fen de stêd hoefste dy timpels net to

forwachtsjen. Hwent dy scoenen miene, det se hjar sels de glêzen

útsmieten, as se it gebrûk fen sterke dranken tsjingongen.

_Jalke._ Nou dêrom hoopje ik, det alle ljue mei rêgen yn ’t

_Genootschap_ gean scille en sa folle by eltsoar tôgje, det se dy

kofje- en bierhuzen iepenje kinne, en litte it de rie, fen de stêd

oansjen. Ik hâld it derfor, det as men sa folle naem, det men der efkes

mei útkoe, en der neat oan woun, det sokke huzen op it ein noch

klandyzje krije scoenen.

_Jappe._ Jimme hawwe noch hwet forgetten; dat binne de ambachtsljue, dy

moarns foar ’t wirk, jouns nei it wirk, en deis twisken de skoften yn

’e kroech om in romerfol wippe. Dat dogge ek brabiers, deabidders,

omroppers, mostertljue, brief- en krantebistellers, en al dat rypske en

rapske, dat om hjar bidriuw by de strjitte wêze moat. As jimme al dy

oxhoofden fen Skiedam ’ris by eltsoar seagen, dy dat soartke allinne

jierliks opslabbet, den scoene jimme sizze, det de fammen der de

strjitten fen Ljouwert wol mei skrobje koenen.

_Jalke._ Dy klanten haw ik wol tige yn it eachmerk hawn. Dy moatte op

elke ûre fen de dei, moarns ier en jouns let, yn de winter in waerme

seal fine, en altiten goekeape kofje, stikken iten, bier mei pipen en

tabak, en alle kranten fen de foarige wike, dy men mar by eltsoar

swylje koene. Oflêzen lytse boekjes oer útfiningen en ambachten;

blêdkes mei printkes, lietkes en koartswilige setten, moatte oer de

tafels sjidde wêze; de mûrren bihinge mei lysten, kaerten en

caricatuerprinten. Domenijspillen, damboerden, heak- en ringspillen,

moatte by de hân wêze. Hwent dy mei de divel skipe is moat him oanslach

jaen. In bulte sûpe yn ús lân út dommens en forfelinge; hja witte hjar

mei neat oars as mei de romer onliddich to hâlden. Hienen se nocht oan

lêzen en ûndersiikjen, den scoenen se sa folle net sûpe. Gelokkich as

greate en lytse bern hwet to boartsjen en to giisgobjen hawwe; hwent

den dogge se nin kwea.

_Ubele_ (_Studint_). Mei ik ek in duit yn ’t ponkjen dwaen, president?

_President._ Hwerom net, Ubele? Wy wolle fen in bern leare, en scoene

wy den net nei in studint harkje wolle? Lêz’ op, man!

_Ubele._ Der wirdt nea mear sûpt, den as it folk foar de fyoele is. En

dounsje wolle se op merke. Keamerop, en net dounsje, dat giet net. Mar

stomnochteren dounset nin Fries. Der moat al hwet foer ynsitte foar det

hy de skonken troch eltsoar smyt. In Franskman dounset op in glêske

wetter mei sûker, det it lillet; mar dat kinne wy net, en ik rekkenje

sa, det in stomnofteren Franskman, en in Fries, dy in flesse wyn efter

de knopen hat, sa hwet op de selde hichte binne. _Nemo saltat sobrius._

_Jappe._ Nin smousepraet! Mar al wer prebearje. Helte better dounsseal,

helte lûder ljocht, helte mear muzyk as op de herbergen, en dêr sterk

bier by, dat koe noch al ’ris mannich ta in trantke forliede. En as der

ien skiep oer de daem springt, springe se der jamk allegearre oer.

_President._ Wy hawwe de striid tsjin in taeije divel, dy nou omtrint

tachtich jier syn helske skepter oer Nederlân swaeit, en it scil hwet

ynhâlde om him fen syn troan to wrikjen, en de tosken út de bek to

brekken. Dêr komt nin jenever yn ús kofjehuzen, en nou moatte se oan de

oare kant sa folle better en moaijer wêze, det se dêrom de

jeneverkroegen foarbygeane en ús kofjehuzen opsiikje. De remplaçant

moat sa goed wol wêze as de conscrit, en dat scil der om spanne, frees

ik. Hwent yn de jenever sit inerlike nocht, ynbylding, goud, krêft en

hearlikheit; dêr hat de satan in drip út syn helske distelearslange

ynmingd, dy ús arbeidersfolk yn ien romerfol jenever mear goud en heil

foargûchelt, as yn alle skatten fen ierde en himel beide mei eltsoar

bisletten binne.

_Geale._ Jimme binne allegearre koudom. It alderfoarnaemste forgetten!

As jimme dounsers hawwe wolle, jaen den de muzyk mar forgeefs, en jimme

krije mear foar de fyoele as jimme bergje kinne; hwent dat is ’t

jinnichste, det de ljue hjir tsjin it dounsjen hawwe: “in bulte wirk,

en jild tajaen.” Dêrom dounsje de boerefeinten de iene deis op ’e

keamer, en steane de oare deis yn ’e sleat to hekkeljen en to skriemen.

_Ynse._ Dêr hear ik dy, sei doave Japik, en der roun in lûs oer ’e

souder. De muzyk moat as yn Frankryk forgeefs wêze. Dat docht for in

Nederlânner de doar ticht! Fjouwer deuntsjes in dûbelke, dat slingert

oan, hear! Dat fret jild as it de hiele nacht trochsjout; en as hja mar

weiskotse koene, jonge, den scoeste der noch kluften fen sjen.

_Jappe._ Dat is wier; mar dounsjen sûnder jenever ef brandewyn, dat

liket my raer ta. It is krekt sa goed as hirddraven mei soare tsjillen;

der moat earst smard wirde.

_President._ Sa tinkstou, Jappe, en tûzenen mei dy; mar probearjen, lyk

as Jalke it foar hat, is ’t neiste rjucht. En ik leau, det it dounsjen

noch hwette mear is as in útspanninge. Ho nuttich is sa’n biweginge for

it jongfolk! Hja krije der in moaije flinke hâlding troch; it hâldt

hjar linich en fluch, en hja bliuwe der soun by. Wy forstjonke nou yn

de hirdsherne mei de noas yn ’t fjûr, en de romer en de piip yn ’e hân.

De Fransken dounsje folle, mar hja sûpe net. Us folk dounset allinne op

merken, en it scoe sonde en skande wêze, det wy dy tûzenen fen fammen,

feinten, ja, troude ljue, dy op de merken dounsje, en dêronder sa

moarddedich jenever en brandewyn sûpe, net yn ús timpels krigene. Kom

oan, as ús oer-oarre-heit-en-hjarre út it bierke songen, hwerom moatte

wy den drank hawwe? Hwet wy lietkes hjitte, neamden hja _bier-psalmen_.

En as hja dounsen, det it klapte, op bier, hwerom scoene wy den by in

kanne bêst bier ús as in lûs op de tafel deaknipe litte moatte? Hwet

seistou, doctor? Wy eamelje al, en dou dochste der it swijen ta. Lizze

ek ’ris in duit yn de fyoele.

_Doctor._ Jimme kinne ’t wirk wol ôf, mar as ik it sizze mei, den hawwe

jimme de slimste partij fen ’t _Matigheid-Genootschap_ noch forgetten.

_Jalke._ Hwa is dat, doctor?

_Doctor._ De ierdappel.

_President._ De ierdappel? De hearlike ierdappel, dy Europa sa faek for

hongersneed biwarre hat? Mar, doctor!

_Iebele._ De ierdappel? It foer for earmen en riken! As ik middeis nin

ierdappels krij den hab ik net iten.

_Jappe._ Doctor, doctor! Ho doar je it sizze? Wy wierne skjin forlegen

as der nin ierdappels wierne; hwet scoene wy gemiene ljue den ite?

_Doctor_. Hwet ha dyn foarâlders iten? Earte, beane, groat, strou,

rogge, weet; en is dat fordylge? Ef is it nin minske-iten, tinkt dy?

_Geale._ Ja, mar ierdappels is de baes. Elts mei se allike graech, en

dy to lyts binne for de minsken, binne goed for hjar kammeraten de

bargen; dy snasje der ek al yn om as banket.

_Doctor._ En lykwol hâld ik fol tsjin jimme allegearre, det as de

gemiene man de ierdappel net ontnomd wirdt, det jimme him yn der

ivichheit net fen de drank krije. Ik hab neat tsjin de ierdappel as der

goed spek en flêsk by lâns is; men kinne in hwotte sa wol koaitsje, det

er goed smakket; mar allinne, lyk as de gemiene man him meast brûke

moat, is ’t in ondogens iten.

_Iebele._ Ho bigrypste dat, doctor? Dat is hwet nijs. Dêr ha ’k noch

noait fen heard, as Bilderdyk, dy praette ek sa. Bistou in

Bilderdykiaen?

_Doctor._ Ik hab in bulte mei Bilderdyk omgien, mar dêrom bin ik noch

nin Bilderdykiaen yn de ierdappel. Hy hie fen dy bigripen en

oankomsten; it wier bêst om dy hjar feart to litten; hwent der wier

dochs nin forsetten oan. Hy hat my ’ris sein (en do seach er earst mei

syn skerpe swarte eagen om ús hinne, krekt eft er my in moart forhelje

scoe,) hy hat my ’ris tareaunte: “Sont Hollân him mei dat onkrûd

spizicht, wirdt men yn Amsterdam fen famkes fen toalf en trettsjin jier

oanroppen.” Hy miende nammentlik, det de ierdappel de minsken foar de

tiid ryp makket. Men moatte dat mei in dichter fen dy hege fljocht as

hy sa nau net nimme. Hy koe him oer de ierdappel sa lilts prate, krekt

eft it in godforflokte plant, in oardiel oer Europa wier; mar do ’k

ienris to Haerlem by him wier to iten, wierne der net allinne bêste

dúnierdappels op tafel, mar hy plúze der krekt sa goe’ fen as wy.

Lykwol dat docht nou allegearre neat ta ús. Ik bin tsjin de ierdappel

op hiel oare grounen as Bilderdyk.

_Iebele._ En hwet binne dy grounen den, doctor?

_Jalke._ Ja, dy moaste ús sizze.

_Doctor._ Ik kin dy ’t hast net bitsjutte, omdetstou nin doctor biste,

mar ik scil myn bêst dwaein. De ierdappel is in frjemdling; mar dêrom

witte wy dochs wol, det er út Amerika is; myn master, prefester van

Geuns, hjitte him dêrom de _Amerikaansche knobbelwortel_. Ek witte wy,

det hy fen in rudige famylje is, dy de namme hat fen _Solana_. De tabak

en de belladonna binne syn beide folle niften. Aste de tabak earst

prûmkeste ef smookste, wirdste misselik, en ytste de belladonna, lyk as

de boerebernkes wol ’ris by forsinninge dwaen, den stjerste; hwent it

is in forninich forgif. As de ierdappel noch net ryp is, den is hy glei

en kliemsk, en in pest for de yngewanden, en drinkste in ôflûksel fen

de griene siedappelkes, dy oan it ierdappellof hingje, den wirdste

blyn. Den earst, as de ierdappel folslein ryp is, en syn moal set hat,

hat er syn forgiftige natúr ôflein en is in onskeadelik iten.

_Geale._ Ho, deale, kin de ierdappel ûnder de forgiften thús hearre?

Dat giet boppe myn forstân.

_Doctor._ Nou, it is sa. It is krekt sa klear as det wite klaver en

bargeklaver beide klaver is, en flotgêrs en bêst finnegêrs beide gêrs

is. Lang is de ierdappel krekt as de dahlia, dat ek al in miich fen him

is, en dêr se de wirtels krekt as ierdappels wol ’ris fen yn it sop

siede; lang, siz ik, is de ierdappel yn de hôven fen de greate hearen

as in tulp ef bolblom kweekt wirden, en de earste kear, det ik wit, det

er hjir yn Fryslân op in tafel komd is, dat wier yn 1734 op it

Prinsenhôf to Ljouwert, do prins Willem de IVde mei syn jongwiif de

princesse Anna, fen Ingelân thús kaem en in greate gastmieltiid joech.

Jimme bigripe, dat wier in nij snufke en oan tafel fen prinsen en

greate hanzen smakket dat iten bêst, dat fier út de tiid is, ef dat nin

divel ef minske ken.

_Geale._ Dat is den krekt oars as mei in boer; hwent dy fret net hwet

hy net ken. Mar nou fierder, doctor. Hwet woenen jy sizze?

_Doctor._ Fen de tafel fen de prins kroade de ierdappel njunkenlytsen

nei de tafel fen rikeljue, mar slûkstirtsjende; hwent hy wier in lyts

bytke yn oansjen; en better, tochten de ljue, for ’t Jan-Rab as for

gnappe ljue, dy earte en beane bitelje koene. Om 1750 en 1760 hinne

waerd der wol ’ris in ierdappel by de skylfisk pikt, mar altyd min ef

mear to mûk, en sels de domenijs to platten lânne, dy God nou al tankje

det se in droege ierdappel hawwe, woenen ’t hast net for de boaden

witte, det se in ierdappel by de snoek ef bears ieten. _Ierdappel_, dy

namme wier sels to moai for him; hja neamden him by de skeldnamme fen

_konsjinjestopper_, omdet de moalige ierdappel, as er hwet gulzich

troch de hals skouwen wirdt, wol ’ris kropje wol. Noch forachteliker

neamden se him _lawabbel_, omdet er net by de man stie lyk as de

spekstrou, ef de earte en beane. Moaije bern ha moaije nammen.

_Geale._ Dat is wier. Nin keardel kin op ierdappels haeije, meane ef yn

’t fean baggerje.

_Doctor._ En ek al de âlde minsken fen 1740, 50 en 60, dy ik noch kend

hab, woenen fen nin ierdappels witte. Sokke hege ljue as de Humaldas en

de van Harens leinen yn de mage altyd in fondamant fen bêste grauw’

earte en bret kouflêsk, en lieten ’t folk nei lust en wolbiheagen yn de

lawabbels omsnasje, det hjar de strôte knapte.

_Iebele._ En nou is ’t de ôfgod fen Europa.

_Doctor._ In _drekgod_ wolste sizze, Iebele, dy syn oanbidders mei

stront en stank leanje scil. Mar dat is nou dêr oan ta. Dit lid fen de

famylje Solana hat it lyk as in bulte alforwoesters fier yn de wrâld

brocht, en hy scil it noch fierder bringe, as er tiid fen libben hat.

It is de aert fen alle forgiften, det, is men der ienders oan wend, men

der net bûten kin. Men is der pûr op forslingere, ja, oan forslave. Yn

’t earst haste, by foarbyld, noch al wirk om de tabak to felen. Men

flibet, wirdt misselik en deableek by ’t smoken fen de earste pipen. Om

dat tsjin to gean, moat der in sûre apel by lâns; de apel yn ’e lofter

en de piip yn de rjuchter hân, en om barren docht de learling in hap út

de apel en in mannich sûgen út de piip. Mar haste de natûr ienders oan

dat forgift wend, en krigeste smeits yn in pypfol, den kinste der net

bûten. De piip is moarns it earste en jouns it lêste. De piip is al yn

de brân foar det de man de hoazzen oan hat, en as er him ontklaeid hat

en mei de iene foet al yn ’t bêd stiet, smacht er noch gau de lêste

sûgen, en krekt as in sibbe fryster, dy er noait genôch tútsje kin,

leit er hjar skodholjende op ’e bêdplanke del. En astou dy man de oare

moarns fregeste, hwet er ljeafst misse wol, de piip ef it omstik brea

by de thé, den seit er: it omstik iten. Nou, dat forliedelik

famyljegebrek hat neef ierdappel ek oererfd. Al hâldt men noch sa folle

fen koal, wirtels, rapen, beane, groat; it kin neat skele hwet it is,

as it mar gesoune kost is, dêr rekket men noait sa op forslingere, det

men der net bûten kin. Sa lang as der nin ierdappels wierne, wikselen

dêrom de ljue dageliks mei it iten; mar do se op de smeits fen de

lawabbel kamen, mienden hja, det hjar de hûd sear die, as se him to

minsten net iendris deis krigen. As se nin ierdappels krije, habbe se

net iten.

_Jappe._ En de gemiene ljue trijeris deis; moarns oan daelders yn

pleats fen tsjiis op in omstik brea, middeis sean, en jouns opwaerme.

_Doctor._ Nou kinne jimme bigripe, hwet in feart dy ierdappel naem, do

nin hûnderten ef tûzenen, mar miljoenen en miljoenen minsken yn dy

plant hjar jinnichste iten seagen. Dêr kaem by, det der nin iten wier,

dat de ljue sa goekeap krije koene. De earmste wier der gek op, en it

wier faek it jinnichste iten, dat er bitelje koe. Dy in bulte folk yn

de kost hie, tanke God, det hy hjar mei de selde kost as syn bargen

foerje koe. Hy hie mei nin earte ef beane, mei nin koal ef rapen mear

to meitsjen; hy sloech mar in fjirtich, fyftich fjirders ierdappels op,

en dêr liet er it folk yn om frette, det hja blau waerden. It kostte

him de helte minder; hy hie der net heal sa folle omslach mei, en it

folk wier folle better to freden.

_Tamke._ En dêrom, om de omslach woene de frouljue der ek graech oan.

Hwent as se griene ef grauwe earte, koal en rapen, groat en soks to

fjûr hiene, dêr moasten se de hiele moarn op pasje, ef it barnde oan.

Mar do de lawabbels kamen, wierne se dêr ôf. In healûre foar it

middeiskoft, as de man fen ’t wirk thús kaem to iten, den skepte syn

ljitske in amerfol wetter; dêr rammele hja in soad ierdappels yn; den

rof! rof! rof! gau mei de luiwagen der yn omstompje, om de klaei der ôf

to skrobjen; den yn ’t goatling, dat al oer it fjûr stie to sieden, en

as de man ynkaem, wierne de ierdappels nôch en de mieltiid klear. To

foaren moasten hja by de pôt bliuwe, en nou koe tuttemoeije de hiele

moarn mei de bûrwiven de earmen oer eltsoar op strjitte stean to

rabjen, ef ek wol, as ’t hwette rommer omkaem, mei eltsoar kofjeslabje

en in lawaske pimpelje. De frouljue wierne fjûr en flam foar de

ierdappels, en dat binne machtige boungeneaten, sizze ik jimme.

_Jappe._ Ja, dat wit ik noch wol fen ús beppe. Dat kreaze wyfke mocht

nin ierdappels rûke ef sjen. “Sont dat túch yn de wrâld komd is”, sei

it sloof altiten, “binne ús frouljue wol helte sloffer, loaijer en

rabbiger wirden, en ’t koaitsen habbe se glêd forleard.” En as hja den

forhelle, det de ierdappel yn hjar bernejierren, noch minder as

talhout, net yn tel wier, sei se er noch de rjimslach by:

Als niet komt tot iet,

Is ’t allemans verdriet.

_Tamke._ Nou, hja klitse al nuver iten by eltsoar, as der hwet oars as

ierdappels wêze moat. Fierder as prom-en-bôle giet hjar kinst net.

_Doctor._ Meitsje nou jimme rekkening, frjeonen! Goekeap iten,

sloardich meije, en yn in amerij klear! Hwer dat hinne moast, is licht

to tinken. Der koe noait genôch fen boud wirde. Alle jierren waerden

der tûzenen fen pounsmjitten boulân mear yn Europa mei bislein. Dat

gong lykwol yn de earste 40 jier sa hird net; hwent de ierdappel bigoun

earst om 1780 hinne de foetten sa hwette ûnder ’t liif to krijen. Yn

dat jier waerden de ierdappels yn de grientekelders to Amsterdam noch

lyk as rapen forkoft, en kamen allinne by lytse panfollen as in

extratsje op tafel. Folle letter kaem de earste ierdappelkelder ûnder

in wynhûs yn de Fizelstrjitte, op de hoek fen de

Reguliersdwersstrjitte, dêr de Amsterdammers do noch al nuver by

opseagen. Sa let binne de ierdappels hjir ynfierd, en nou byldzje de

ljue hjar wol yn, det er hjir ivich west is. Mar sont dy tiid binne de

lawabbels der frjemd útnaeid. Elts jier bisloegen se mear plak, en der

kamen oarden yn Europa, dêr de fjilden, sa fier men eagje koe, ien

ierdappel al ierdappel wierne. De ierdappel hie der alle granen hast

weikrongen, en op oare oarden hie er sa folle lân ynnomd as al syn

kammeraten mei eltsoar.

_President._ Ta in greate seine fen de earme minsken, doctor, dy nou it

liif for in stûr mannich de hiele wike lâns fol krije koenen.

_Doctor._ Sizze dat net to lûd, president. Ik ha noch net dien. It

scoe, it koe alteas sa ’n seine wirde, as it libben en de gesontheid

fen de ierdappel forasserearre wier; mar hy is krekt as de minsken oan

sjeachtme, pest en cholera ûnderhevich, en it minskdom, dat op him

tynget, is wol in ongelokkich mar ek in gek minskdom, dat net better

wirdich is as swart to hongerjen. God almachtich hat by de skepping fen

dizze ierde sommige wetten ynsteld, dy wy minsken, wolle wy libje en

soun bliuwe, wol yn acht nimme meije, ef de iene tiid ef oare tiid scil

it ús min ôfgean. By ien fen dy wetten hat er yn syn ivige wysheit en

goedheit bisteld, det it ûnderhâld fen ús minsken net fen ien ef twa,

mar fen in bulte forskillige granen en fruchten ôfhingje scoe. Mei ien

ef twa doarste er ’t as in soarchfâldich heit net weagje; dat wier him

to noedlik; hwent as dy twa mislearren (en ho licht koe dat ’ris

barre!) den scoene syn bern nin brea ha, en miljoenen scoenen de

hongerdead stjerre moatte. Dêrom hat God makke earte, beane fen

allerlei soarte; hy hat makke rogge, weet, bokweet, koarn, spelt,

hjouwer, gierst, Turkske weet. En dat hat de skepper dêrom dien, det as

der ien ef twa fen dy granen troch misgewas mistribelje, de oare dat

gat wer oanfolje kinne. Hwent noait biswike hja allegearre allyk, en sa

kin den de iene altyd for de oare yn de bresse springe. Mar nou ha de

domme minsken dat oars bigrepen; hja sizze: “Né, baes! Wy bitankje dy

for al dyn granen! De ierdappel smakket ús better, en dy is ek

goekeaper. Hy heart hjir wol net thús; mar dat rekket ús net; wy scille

him de eare jaen, dy him takomt. Wy scille ’ris seis-achtsten fen it

plak, dêr dyn granen oars op stienen, mei ierdappels bislaen, en litte

dy twa-achtsten den oan dyn oare granen oer. Dat is ús folle

foardeliger, en hy smakket ús ek wol helte better.” En dat gong ek goed

sa lang as de ierdappel goed wier. Mar dêr kaem it sike-ierdappel-jier!

Do wier it ach en wé oer hiel Europa! Swart wirde fen honger! Ja, by

tûzenen fen honger stjerre! God, dy se yn syn wetten fortrape hienen,

oanskrieme om brea! Foar de riken stean mei it blanke mês, en it as

kannibalen útmoartsje: “Bloed ef brea, ierkloarkers!” Oproer, moard en

deaslach oan alle kanten! It ding wier sa klear as de sinne, frjeonen!

De granen wierne sa min net útfallen, mar der wier sa ’n bytke fen

útsjidde, det se ’t onmjittelike fjild fen dy forrotte ierdappels, dêr

se to foaren elts hjar plak op hienen, net wer oanfolje koenen.

_Geale._ Mar hwa koe nou ek tocht hawwe, det de ierdappels de

pestelintie krije scoene? Dêr hie men noait to foaren fen heard.

_Doctor_. En lykwol ha jimme dy plant sa tantearre, det er altiten siik

wirde moast. As de âlders de bern alle dagen mar fen ’t bêste frette en

sûpe litte, sa folle as de bealch mar fiterje kin, den scil it der dy

bern nei gean, en sa is ’t de ierdappels ek forgongen.

_Geale._ Wel, dat woe ’k den goddory wol ’ris biwiisge hawwe. Dou

rachste de bouboeren út, doctor, eft se nin turf heech binne.

_Doctor._ De ierdappel hawwe se helle út de fruchtbre, mar woeste

grounen fen Amerika. Yn Chili, Peru en Mexico waechst er yn ’t wyld lyk

as hjir de brânnettels, de toarnbeijen ef de doerren en siggen, en hy

scoe altyd goed yn steat bleaun hawwe, as men him mar sa hwette

bihandele hie as er dat yn syn geboartelân wend wier. De boekweet hawwe

de krúsfarjers Ao. 1200 út de barnende sânstreken fen Arabiën helle, en

dêrom groeit er hjir to lânne ek nearne better en gesouner as yn de

gleone yeske fen de forbarnde koarste fen langeturffeanen, dêr men de

finger pas yn daeije kin. Dat is syn klimaet.

_Iebele._ O! dêr wy yn de foarsimmer dy neare hearige loften fen krije,

dy ús hiele ryk yn in kalkoven foroarje.

_Doctor._ Deselde. Let nou wol op, det se yn hiel Europa de ierdappel

pript en mei allerlei kinsten en dongen oanfitere hawwe om mear op to

bringen as er koe, en dat hat him de deastek dien. Ik scil ’ris in

eksimpel oan Fryslân nimme; hwent dat bigripe jimme bêst. Yn Fryslân

hawwe se de ierdappel ek lang nei syn âlde aert bihannele en sa lang as

se dat diene, hiene we hjir, doar ik sizze, de bêste ierdappels fen de

wrâld. It dûrre net lang ef de frjemdelingen kamen ek yn de smeits; de

skippers krigen ’er de flucht op, en sa gau as ús ierdappels yn de

_verzending_ kamen, foroare alles mei in blits. De keapljue, dy se by

skipsladingenfol weifierden, sochten allinne mar Fryske ierdappels; nei

de deugd waerd net folle frege, de namme wier foldwaende; en do kaem it

der mar op oan, net hwet soarte de bêste, mar de measte ierdappels

opsmiet. Dat waerd probearre; alle jierren kamen der nije soarten by;

op it lêst hienen se yn Fryslân by de sauntich soarten, en dêr karden

se dy út, dy út in pounsmiet de measte koerfollen útmeat. Sa is de

greate ierdappelsteapel yn Fryslân en oeral bynei fordoarn, en yn steed

fen bêste kriget men nou yn Fryslân meastal, as men se sels net bisteld

hat, minne ierdappels foar de noas.

_Geale._ Mar nou bigryp ik noch net, ho wy de ierdappel de pestelintie

yn de hûd inte hawwe.

_Doctor._ In bytke gedild, Geale, en dou scilste it hearre. Dou wiste,

de ierdappel hat dit fen syn woeste geboartegroun oerhâlden, det hy net

mei it gêrs yn lege mieden omslymje wol; ek wol er nin weake dong op de

kop habbe; hwent den makkeste it lof wrak en geil, en de bollen

stekkerich, glei en kliemsk. It is in wylde Yndiaen fen Amerika, dy

sa’n weelde net drage kin. Hy wol in groun habbe, dy heech en troch syn

eigen natûr krêftich is, lyk as yn Amerika, en dêrom kinste him noait

net better tractearje as op bêste terpen en dunen, dêr pit, mar nin

ferske dong yn sit; de dong moat der yn forgien wêze. Sokke terp- en

dún-ierdappels binne de bêste. Mar lyk as ik sei, dat joech net genôch;

it lân, dat 50 koerfollen joech, moast 60, 70, 80 en mear jaen, sa

folle as it mar fiterje koe. En dêr ta sochten se net allinne de

fruchtbarste soarten út, mar hjar pripten it lân mei alderlei

kinstmiddels oeral sa dierbar, det er op it lêst de kop sakje liet. Hja

seinen: “Fyftich fjirders haste jown, mar hûndert moaste jaen. En

eftste lypste ef pypste, dou scilste. Moatten is ek hwet, en loaijens

is nin lammens. Wy scille it dy wol leare, baes!” Sa habbe se de

ierdappel yn de steat fen in forweend bern brocht, dat tweintich jier

oan ien troch wyntsje en Tryntsje, troch gastrearjen en swieren, syn

sintugen sa oerprikkele hat, det it op syn tritichste útlibbe en in

stôkâld man wirden is. Troch al dat kiteljen en prikkeljen waerd alles

mei in rep ontwikkele, waerd alles earder ryp. It bern waerd op syn

tredde jier al jonge; op syn toalfde al feint; op syn sechstjinde al in

man mei bern; en op syn tritichste stôkâld. De ierdappel, sa lang as

him tiid en romte ta groeijen jown waerd, brocht syn groei nei de

rigele yn ’e groun to’n ein, dûrre de hiele winter troch, en bigoun yn

’t foarjier earst wer to kiemjen, as de einpeal fen syn gewoane

libbensdûr neiby wier. Mar fyftich jier oeral troch allerleije kinsten

pript en oanfitere om al mear bern foart to tyljen, is er eindelik yn

syn tyldelen sa oerspand en forswakke, det hy, om sa to sprekken, syn

sied rinne lit; hwent syn egenlike kwael is in gammele oandrift om foar

de tiid, sels yn it midden fen syn groei noch, ûnder de groun to

kiemjen, en as er dat folbrocht hat, kin er nin moal mear sette; hy

bliuwt glei en kliemsk, ef set him ta rotsjen.

_Geale._ As dat sa is, sjucht it der net bêst út. Hwent den sit dy

kwael de ierdappel yn murch en gebiente.

_Doctor._ Sa wolle se wol ’ris sizze, Geale. It sit him djip yn de hûd,

yn al syn fezels en ierkes, en it giet ’er net licht wer út, sizze hja,

krekt sa min as in slymtarring út in minske. Sa faek as ’t der mar op

wjirret, miene se, scil de kwael wer foar ’e tried komme. As it waer

myld is, de wyn soel, en losse lije reintsjes gedurich út de lakwaerme

loft flappe, den habbe alle planten tier; hja brûze út de groun, en men

kin ’t gêrs hast groeijen hearre; mar dat narjen fen de sike tyldrift

kin de ierdappel net mear fele. Hy bigjint den aenstons to kiemjen en

to rotsjen; syn lof wirdt swart; syn greate bern, ek al oerstjûr yn ’e

tyldrift, sjitte troch yn de groun; syn lytse stjerre, en in libben fen

njoggen moanne hat er nou yn ien wike ôflein. Sa sizze de gelearden.

Nou, det se mei soele fruchtbre reinen en lij waer oan ’t rotsjen

slane, dat witte jimme allegearre. En lyk as it bêd, dêr in minske oan

de tarring ef de typhus yn stoarn is, sa is ek it lân bismettelik, dêr

de sike ierdappels yn forrotte binne. Al nimste it sied fen de wylde

ierdappels fen Peru ef Mexico, en dou sjiddeste it yn dy grounen, hja

scille de sjeachtme ûnder de lea krije, en dy feilich wêze wol, moat se

tylje op in plak, dêr noait in ierdappel op stien hat.

_Jalke._ Dat sjucht ’er net al to goed út. As ’t nou ’ris op ’t slimst

bisloech en de ierdappel bijoech him yn ienen ’ris hiel-en-al oer hiel

Europa, hwer moast it den hinne, doctor? As de helt fen it iten, dat

for twahûndert-miljoen minsken birekkene wier, yn de forrotte ierdappel

weisonk! Sa’n spektakel fen honger en ellinde scoe der noch yn de

skiednis net west habbe. In algemiene oarloch fen de earmen tsjin de

riken scoe hiel Europa mei bloed en moard folle, en der scoe neat oars

op sitte as det elts it stik brea, dat er oer hie, mei it blanke mês yn

de fûst tsjin syn evenminsken, as sa folle hongerige, forskoerrende

wolven, fordedige.

_President._ As de keningen nou in greate deugd oan hjar naesjes dwaen

woenen, moasten se in congres oanlizze en mei eltsoar bipale, ho folle

groun elts mei ierdappels bibouwe mocht, en krimpe den dat plak sa fier

yn, det, al forrotten al dy ierdappels, de oare granen it dochs noch

hysje koenen om in stik brea oan Europa to jaen.

_Doctor._ Dat wirdt heech tiid. Hwent wy hawwe nou sjoen, ho dôfhûdich

de boeren binne. Hja habbe leksom op leksom hawn, mar hja bouwe der

dêrom mar altyd ierdappels wer op ta. Hja moatte noch oars pit hawwe;

hja moatte yn ’t neaken himd by hjar lêste forrotte ierdappel stean to

skriemen, foar det se it poatsjen stean litte.

_President._ Ja, dat moasten de diplomaten mar ’ris op ’t tou sette.

_Jalke._ Diplomaten! Ei, ju! Binne der noch diplomaten? Dat wist ik

net. Ik wit wol, det se der west binne, mar det se der noch binne is

mear as ik wit. Mar hwat dogge dy den?

_Tamke._ Wiste dat net? By de dei libje, gods wetter oer gods akker

rinne litte, en in glêske pons drinke. Hja witte oars wol, det der nin

moarddediger oproer is as fen de mage. Hwent de earme minsken fjuchtsje

hjar ljeaver dea, as det hja hjar dea hongerje litte. De diplomaten

hawwe oars ek al in leksom hawn. Hwent do ’t earste sike ierdappeljier

kaem, wierne hja danich yn ’t gat bibiten; miljoenen fleagen hjar oan

om brea, en hja koene ’t ûnder de stiennen dochs net weiskoerre.

Wellington, dy de earste minister fen Ingelân wier, rekke der sa skjin

mei oanhelle, det hy, dy Napoleon by Waterloo forslein hie, nou op syn

bar it fjild romme moast for in forrotte stjonkende ierdappel, en syn

portefeuille dellei. Mar dêr is nimmen in drip wizer troch wirden. Dat

libbet en regearret ’er mar op ta, eft ’er neat to dwaen is, en wol de

ierdappel noch ’ris rotsje, wol nou, dy den libbet, dy den soarget.

_Iebele._ Mûlk hie ’t in seine for de wrâld west, det de ierdappel yn

dy earste sjeachtme mar de bonken útstitsen hie. Den hiene wy der ôf

west; elts hie witten, hwer ’t er oan ta wier, en wis spil spile. Mar

sa lang der noch ien ierdappel oerbliuwt, scille se him poatsje eft ’er

noch goed skaei fen komme woe, en sa, howol God allinne de takomst wit,

stiet it earme minskdom oan algemiene hongersneed en fordylging bleat.

_Jalke._ Ik mei graech in giele, moalige ierdappel; mar der is ien ding

yn him, dêr ik him net om luchtsje mei. It is in forrieder.

_Geale._ Ik miende, det wy de ierdappel forret hiene, en dou seiste det

hy ús forret hat?

_Jalke._ Do de ljue fen earte, beane, weet en rogge bistienen, bitocht

elk him noch ’ris foar det er in wiif naem; hwent sok iten koste altyd

noch al hwet; it is alteas nea net sa rom, det se der eltsoar koarts

mei om de earen smite. En dy den in trop bern krige hie rju to

skraebjen, om se de mûle iepen to hâlden, en in wintertarring oer to

hâlden. Mei de ierdappel is dat oars. Yn tamelike jierren hat elts dêr

fen for lyts jild de kost, en in arbeider woun genôch mei syn deihier

om syn wiif en bern de termen to foljen. Sont binne de earmen oan ’t

hylkjen gien, krekt eft it in jildwinnige wier, en yn alle delen fen

Europa tylden se foart as kaninen. Dat is jierren en jierren goed gien,

ta it siik-ierdappel-jier ta; do seach de hiele wrâld, det hy in

forrieder wier. Nei det hy miljoenen en miljoenen minsken yn it libben

roppen hie, dy ’er bûten him noait komd hiene, knypte hy der op it lêst

út, en liet se yn honger en ellinde sitte.

_President._ Dêr kin ik dy in ding fen sizze, det ik yn de Betouwe sels

sjoen hab. Dêr hierden de gemiene ljue in kampke lân, dêr se ierdappels

op forbouden; de man iet ’er earst út mei syn húsgesin, en ’t oare

forkoft er by de ôfslach, krekt as de skylfisk by ús op de fiskmerke.

De measte part koften de skippers, dy se oan oare oarden wer útsutelen.

Men koene rekkenje, det in gemien minske mei in wiif en seis bern dêr

it rouwe foer hie for 14 ef 15 stûren yn de wike, sa goekeap wierne de

ierdappels. En dy ieten se trijeris deis; moarns, middeis en jouns, dat

is to sizzen, altyd. Dat gong kaptael, útmintend, noait sa sjoen, en

lyk as de Egyptenaren yn de kou it sinnebyld fen de godheit, dy elts

skepsel klaeit en iten jowt, oanbeanen, sa dienen it de earme Betouwers

yn de ierdappel. Nimmen hie der erch yn, det ûnder ’t lof fen dy plant

in slange krolle en sifele, dy as er foar den dach sprong, hjar

allegearre de strôte ticht wrongelje scoe. Elts seach dêr op it platte

lân, wol nin rykdom, mar dochs rju folle romte en tofredenheid. En dêr

kaem it sike jier! Yn in eagenblik waerd it klaed, dat dizze oarden

ditsen hie, der ôfskoerd, en nou kaem der neat as neakene en bleate

earmoede oan ’t ljocht. Der wier neat! Nin klean, nin iten, nin stûr

jild, en hiele doarpen moasten fen de earste ta de lêste man mei

biddelgaven de mûle iepen hâlden wirde. Dat hie mei de folle bou fen

rogge, weet, koarn en al dy oare granen ta gelyk, sa as fen âlds,

onmûlk west.

_Hessel._ En just op dy tiid wier ik yn Ierlân. Dêr hieste it selde

forried fen de ierdappel. Ik moat jimme sizze, dat is net allinne it

moaiste, mar ek it fruchtbarste eilân, dat minske-eagen sjen kinne. Dêr

libje nou sa hwet saun ef acht miljoen minsken, mar as it fen Friezen

biboud waerd, koenen der op syn minst tweintich miljoenen bistean; en

den scoenen se noch sa folle bûter wol nei Londen stjûre, det wy der

nin boadskip mear hienen. De Ieren wierne altyd slof en sûnder

omtinken; mar de ierdappel hat hjar smoarch en loai makke. De Ier wier

neat mear brek as turf en ierdappels. De turf stiek er yn ’t fean,

meast neist syn doar; hwent it is krekt as it fean yn Ierlân reind hat,

op de hege bergen ta; en de groun smiet sa folle ierdappels op, det de

Ier fen it iene part mei wiif en bern libbe, en ’t oare part yn ’e

bargen opfoerre, dêr er de lânhearre de hier fen bitelle. Om dy

ierdappels to forbouwen, hie er in moanne nedich om se to poatsjen, en

noch ris twa moanne om se to roaijen en de groun wer om to dollen; dat

wier yn alles trije: de oare njoggen moanne seach er yn ’t waer,

smookte syn pypke ûnder in glêske whisky, ef rinkelroaide er op de

merken om. Mei ien wird, de Ier libbe as de goden yn Frankryk. Mar dêr

sloech de ierdappel oan ’t rotsjen, en út wier de wille. De Ier seach

nou, mar to let, det hy om toalf moanne yn in jier to libjen ek tsjien

moanne arbeidzje moast. Der wier neat to bêste. Nin iten; nin

sparstûrke efter it linnen om iten to keapjen. It wier: bek ta, pong

iepen, en aste in net oer it hiele eilân spand hieste, wier it egenlik

mar ien earmehûs west, dêr de iene noch lûder as de oare moartte om

brea. Hier dêr waerd net oan tocht. De onbarmhertige lânhearren brieken

de koaterkes de huzen boppe de kop ôf, dêr de mûrren noch by tûzenen

fen oer it hiele lân spraet steane, en dy ierkloarkers dreauwen de

earmljus kijkes nei hjar eigen greate greidpleatsen. Ik laei do to Cork

mei in brik, en net fier dêr fen dinne stoarnen yn ien provinsje

fjouwer-en-fyftich-tûzen minsken oan honger, ef oan de gefolgen fen it

gebrek; en de folgjende ellinde hat twa miljoen Ieren út hjar lân

dreaun, dy nou yn Amerika ef Nijhollân sitte to boerkjen. Dat is de

seine fen de ierdappel! Hienen se by de weet en de hjouwer, de earte en

de beane, as hjar oarreheit-en-hjarre bleaun, den hie sa’n grouwel fen

jammer en dea net mûgelik west. Mar it is in nuver biskik! Amerika hie

Ierlân yn 1750 de ierdappels taskikt, om troch dy selde ierdappels, do

hja oan ’t rotsjen sloegen, hûndert jier letter dêr de Ieren sels for

yn pleats to krijen.

_President._ Mar, mannen, wy dwale fier ôf. Wy moatte fen dokter witte

hwerom wy de minsken net fen de drank krije kinne, sa lang de ierdappel

bynei it jinnichste iten fen de arbeidsljue is? Biloften meitsje skild,

doctor!

_Doctor._ Ja, ik moat wer sizze, president, it scil spanne om jimme dat

to bitsjutten, omdet it _nieuwe verbeterde onderwijs_ jimme sa hwet

koudom lit yn alles, hwet jimme it neiste oangiet, en dêr jimme it

measte bilang by hawwe; ik mien, de húshâlding fen it minskelik lichem.

_Geale._ Wel, it leart ús bern net ienders blaugêrs fen goed finnegêrs

to skieden; ho scoe it ús den leare, ho wy ús eigen tabernakel oerein

hâlde moatte?

_Doctor._ Nou, dat is dêr oan ta; mar ik scil der in smeet mei de mûtse

nei dwaen; ik moat sa folle pispraetkes by de smoarge tongen en polsen

fen mefrou-en-hjarre de hals brekke, det it komt op in forlern praetke

allehiel net oan. Jimme witte, det de dieren hjar sels troch it makelei

fen hjar lichem skiede yn flêsk- en griente-itende dieren; de minske en

de baerch allinne, omdet hja de hiele ierdkleat biwenje moatte, binne

_alfraets_. Flêsk en griente yt de minske allyk, mar de tosken en it

termkanael, en de specie fen iten, dat er nedich hat om syn lichem goed

yn oarder to hâlden, wize sinneklear út, det hy mear oan de kant fen de

flêskfretters as de griente-iters linet. Dat is wer in wet, in ivige

wet fen de skepper, dy syn groun hat yn ’t forskillich makelei, yn de

ynrjuchting en needdrift fen ’t lichem fen de dieren, en dy wet moat

nimmen wer oertrêdde, ef hy scil der wreed for kastijd wirde. In tiger,

in kat, in lieu binne flêskfrettende dieren; hja libje fen ’t jeijen op

oare dieren, dy se forskoerre, en mei it flêsk en bloed orberje. Hwet

scoene jimme sizze fen de man, dy de tiger, de kat en de lieu as

fetweiders yn de finne jeije woe om gêrs to iten? Ommers det er to

Snits yn nommer âlve moast. En moasten jimme it selde net tinke fen in

boer, dy syn kij en skiep mei spek en flêsk yn pleats fen gêrs ef hea

foerje woe? De minske is in alfraet; hy is makke om fen dierlik en

planteftich iten beide to bistean; mar bynammen dierlik. Jaen him nou

allinne dierlik iten, ef allinne planteftich iten, en yn beide gefallen

krinkste syn natûr, mar meast noch aste him mei planteftich iten, lyk

as ierdappels, allinne ôfsâltste. Jow him neat oars as flêsk, en hy

scoe wirde bloedryk, galeftich, opljeappend en wreed; mar jow him

allinne ierdappels, en dou krinkste syn natûr noch tsjienris mear.

Ynpleats fen bloed kriget er in soarte fen waei; de organen, it ark dêr

de húshâlding fen it lichem mei op proppen hâlden wirdt, slane oan it

kwinen, en hwet hja útrjuchtsje giet kliemerich, slypjende en

slieperich yn syn wirk. Langsum giet alles oan ’t sinkjen (_antonie_;)

nin kreazens (_energie_,) foartfarren ef krêft mear, sa min yn ’t sin

fen de minske as yn syn lichem, en dêr de ierdappeliter noch komme

moat, dêr is de flêskiter al twaris west.

_Hessel._ Scoe dat den de reden net wêze, doctor, det de Ingelsken sa

folle mear mansk binne as oare naesjes? De minste arbeider yn Ingelân

scoe miene, det er dea moast, as er middeis net in flink knoarre flêsk

yn de fûst hie.

_Doctor._ Wol siker is dat ien fen de redenen mei. En dou wiste ek,

Hessel, det hja it flêsk net oan flarden siede ef briede lyk as hjir,

en ’er de krêft útpiterje, mar det hja it heal nôch en dos mei al syn

soppen en krêft ynslane. De minister fen finansjes yn Frankryk jowt

jierliks it tal pounen flêsk en spek op, dy ’t ’er yn it jier oer it

hiele lân iten wirde, en as dat minder is as yn ’t foarige jier, den

sjocht er dêr spoek yn; hwent seit er, nei ’t de Fransken minder flêsk

ite, dêrnei scil der ek minder kinst, iver, dapperheit, mei ien wird,

minder krêft en hearlikheit yn hjar wêze. En de man hat gelyk, as er

net by de dei libbet. Hwent de ierdappeliter wirdt nei in pear

geslachten kliereftich, wettersuchtich en flanterich, en hy bringt

pizelige tsjirmers fen bern foart. Den earst jowste oan de minske

minskelik iten, aste him by syn panne mei ierdappels in komke fol

riezel, en in healpoun flêsk ef spek jowste. Nou hawwe de potentaten yn

Europa mei al hjar bloedich plokhierjen sa folle miljarden skilden

makke, en om de rinte fen dy skilden moatte de earme minsken sa folle

fen hjar deihierke opbringe, det hjar nin spek ef flêsk mear barre mei.

Miljoenen en miljoenen krije by hjar ierdappels neat oars as in

lawaisaus, by ús bikend ûnder de namme fen mosterstip. Dat koe nou noch

sa hwet oangean as se yn pleats fen ierdappels namen earte, beane,

groat ef moal lyk as yn oarreheite tiden; hwent dat planteftich iten is

sa dreech, det it yn fieding tsjin flêsk en spek opweacht, howol it ’er

de oare heechnedige fetfochten net fen hat. Mar ierdappels! Ierdappels

allinne! Tink ’ris oan! Yn 18 poun earte ef beane sit krekt sa folle

pit as yn 100 poun ierdappels, en om sa folle fiedsel to hawwen as der

yn in poun earte sit, moatte men sechtehealpoun ierdappels troch de

hals skouwe. Dêr komt den ek dat moarddedich fretten by de

ierdappel-panne fen dinne; hwent om hjar poarsje fiedsel to krijen,

moatte se de panse op de leest sette, det se hast boarste, en hjar nei

de mieltiid net bûge ef riere kinne. De forskrokke bern frette hjar ta

skande; hja sette it liif út as in tromme; men kinne der wol in lûs op

dea knippe, en dat alle dagen al wer oan, ta it liif to lêste sa spand

stean bliuwt. Dêr fen dinne den ek dy tsjokke ierdappelliven, dy ûnder

dy sloven fen earmelju’s bernkes sa húsriem binne. Mar litte se mar

skrokke en frette fen dy konsjinsjestoppers, det se pûste en blieze,

_de stok des broods_ sit der dochs net yn. Aste in arbeidersman in ûre

nei it iten oan dyn gerjuchten setste (ik ha ’t wol faek prebearre,)

den fret er yn dyn flêsk en spek om, krekt eft er nin krûm hawn hat.

Spek, flêsk, riezel, smoar bûter, moat de minske, moat de alfraet by

syn griente yn de ribben ha! Dêr longert syn natûr nei lyk as de bij

nei de hunich yn de blommen, en as him dy dierlike prikkel net barre

mei, den nimt er de remplaçant fen de prikkel, ik mien de jenever.

_Allegearre._ De jenever? De jenever? Ho komme je dêrby, doctor?

_Doctor._ Ja, mannen, de jenever! De forkrachte natûr ropt ivich om

wraek, en hja nimt wraek op de iene wei ef de oare. De ierdappeliter

fielt in leechte, in idel, in flaute yn syn yngewanden, en as er noch

in botsen oer hat, scil hy der in drip floeiber fjûr for keapje om syn

sloppe, kâlde mage hwet to kiteljen, en syn flabberich gestel in stipe

to jaen. It is in falsk fjûr, it is in falske kiteling, it is in falske

stipe, dy nin dûr hat, en om in amerij fornijd wirde moat; dat witte wy

allegearre wol. Mar dat kin de earme ierdappeliter net skele, as it him

mar in lyts eagenblik út de flauwe lardige lichte tilt, dêr syn ôfgod

him yn delsinke liet.

_President._ Fen sokke dingen hab ik nea in drip heard; mar it lit him

oars wol hearre.

_Iebele._ Ja, dokter, it wol my ek wol oan. Ik scil je de proeve op de

som sizze. Ik mei ek wol in slok, mar altiten foar iten; nei iten scil

’k ’er nea nei tale, en ik leau nimmen net, as er net perdoes ûnder de

sûpers ef suvere ierdappeliters heart; hwent dy meije it beide altiten.

_Doctor._ Krekt, dat is de proeve op de som. Aste neat yn ’e mage

haste, en dou fielste dy flau en lardich, den lûkt de natûr nei in

opwekkinge, en dy fynste yn ’e jenever. Mar is de mage goed pript mei

spek ef flêsk en griente, den hat er al in prikkel dy natúrlik is, en

de oare fen de jenever, dy onnatúrlik is, wearzet him. It omstik hoeft

net twaris smard.

_Jappe._ Mei de ierdappelljue giet it al sa. Hja meije it gûd altyd, en

as se in duit yn ’e marse habbe, geane se sa fen tafel nei de kroech,

en sette der in romerfol boppe op.

_Doctor._ Aste my seiste, ho folle koerfollen ierdappels tûzen minsken

yn in jier opite, wol ’k dy om-ende-by sizze, ho folle oxhoofden

jenever hja yn in jier ynnomd habbe. Ho mear ierdappels, ho mear sterke

drank; dat giet grif troch. Dêr haste Ierlân, dêr de koaterboerkes en

it gemiene folk neat oars barre mei as ierdappels mei hwette piper en

wetter, dat is ek it lân dêr it meast yn hiel Europa sûpt wirdt. Dit is

ek de jinnichste reden, det de drankswietens, dy alear allyk oer alle

standen fordield wier, nou meast de sonde fen de earmen is. De riken

krije al better en better iten, en sa is de sterke drank by hjar

ôfnomd, wylst it by de earmen yn deselde mjitte tanomd is, omdet dy al

minder en minder mei hjar iten wirden binne en, nou alles omkomd is,

neat oerhâlde as de ierdappel.

_Geale._ En it is krekt eft dat slimmer wirden is, sont se de

ierdappels bigjinne to skilen. Do ’k in jonge wier, waerden se sean mei

de skansloper oan; wy skylden se as se op tafel kamen, en wierne it

wite mei fine skylkes, den ieten wy se mei hûd en hier op.

_Doctor._ Dat leauste wol. De ierdappel is net folle; mar aste him

útklaeiste is er noch minder; aste him neaken siedste, en it komt

hwette hird oan, den lobbeste him. De krêft sit yn it setmoal, dêr it

ierdappelmoal fen makke wirdt, en dêr siede se in poarsje fen út as de

skyl it net tsjinhâldt. As se ôfdroege wirde, fynste it setmoal faek op

de boaijem, binamme as se hwet stikken sean binne, en dy it

ierdappelmoal barre mocht, dat de earme ljue op dizze wize jiers yn ’e

goate jiette, hie sa folle ynkommen wol as de kening.

_Ynse._ Yn Ierlân komme se noch mei de skyl op alle tafels, fen riken

sa wol as earmen, en wol twaris; ienders sean, en noch ’ris bret. Bret

binne se noch fiedsommer, krekt as de kastanjes en it brette flêsk.

Hwent it brieden skroeit de hûd dadelik ticht en hâldt ’er alle krêft

en sop yn; it sieden iepent de hûd, en nimt der altiten min ef mear fen

de krêft út.

_Doctor._ Nou ja, de earme ljue moatte de lawabbel noch ek útpiterje!

Den wirde se noch slopper yn de termen, en dêrom ek noch slijer nei

Jan-Doedel; hwent dêr sit de kerl yn.

_Hansma._ (_President fen it nut, komt yn_). Binne jimme noch al oan ’t

eameljen oer ’e ierdappels? Foar ’n healûre wierne jimme der ek al mei

dwaende. Scil dat de hiele nacht dûrje? It wier better, det jimme mei

ús de sedelike forljochtinge fen it gemien foartsterkene; den scoe it

de jenever wol stean litte.

_Doctor._ As it gemien nin goed foer kriget, den komt fen jimme

sedelike forljochtinge nin byt, Hansma! Alles giet by de minske fen de

mage út. Lit ús arbeidersfolk mar spek en flêsk ite, en it scil mei

goede skoallen wol better wirde.

_Ubele._ Sa tochten de Romeinen der ek oer. Dy forneamde helden, dy

djippe steatsmannen, dy snoade wysgearen, dy hjar wjergeade net op de

wrâld habbe, wierne altyd beuzich mei dong en ploech, mei greide en

boulân; hja sprieken en skreauwen oer it boerkjen, omdet hja mei hjar

kleare koppen seagen, det men in folk goed foerje moat om ’er greate

dingen mei út to fieren.

_Doctor._ Sa tink ik ’er ek oer, en hab ik for jimme to lang op de

ierdappels omeamele, ik bin bliid, det ik fier-s-to koart fen stoffe

for trochloftige Romeinen as Scipio en Cato west habbe scoe. Mar dêr

komt Joute-baes oan. President, set je nou skrep. Nou scil de bûter

jilde.

_Joute-baes._ Moarn, hear president!

_President._ Goemoarn, Joute! Doctor seit my, det je net ongenegen

wierne om de drank stean to litten. Is dat wier?

_Joute._ By God is alles mûlk. Mar ho scil in lupaert syn plakken en de

moar syn hûd foroarje? Sa seit de profeet, en sa siz ik ek.

_President._ Nin jenever mear, man! It is de pest for siel en licham.

_Joute._ Ei! Mynhear. En den de wyn, dy jy brûke? It eksimpel fen sokke

ljue as jimme docht mear ôf as al de tractaetkes fen ’t

_Matigheids-Genootschap_. Wy boargerminsken hinkje de greaten ommers yn

’t ein altyd nei. Lit de wyn stean, meitsje jimme bûken slanker, en wy

scille de jenever stean litte, en ús noazen fen pûkels en snijwirk

reinigje. It eksimpel, it eksimpel, mynhear! dat docht de doar ta.

_President._ Ik drink wyn, mar bin der net oan forslave; ek bin ik der

by myn witten, noch noait onbikwaem fen west as by ’t Nut to Amsterdam.

_Joute._ En wolle je ús den neat tahawwe?

_President._ Drink in kopke thé, ef meije jy dat net, Joute?

_Joute._ Ja wol, mynhear. Ik bin in kattechismusbern; ik leau oan de

erfsonde. Us heit mocht wol in slok, ús mem dronk jern in kopke thé, en

ik, de soan, mei graech fen beiden.

_President._ Mar hwet gelove habbe jy den, Joute? Ik miende det jy

Luthersk wierne.

_Joute._ Ik hab in hounegeloof; ik hâld mear fen it flêsk as de bonken.

Mar it flêsk mei my net barre, en de bonken wolle myn tosken net.

_President._ Ik mei ek jern flêsk. Mar ik woe wol, Joute, det je

allinne nei jins mem útskaeid wierne. Hwet smeits ha je doch, yn

godsnamme, yn dy jenever, dy in minske ta alle hoeken en hernen fen syn

hûd útstjonkt?

_Joute._ De godganske dei bodzje om in stik brea: in liiffol ierdappels

mei mosterstip, en in lafenis fen sûkereiwetter. Jonge, mynhear, as je

’ris fielden ho lardich in minske dêr op wirdt, den scoenen jins termen

ek wol ’ris grine om in drip; hwent dêr sit noch kerl en stôk yn.

_President._ In drip kin nin kwea; mar de earste drip hellet de

tûzenste oan. Joute, Joute! It misbrûk.....

_Joute._ Hat de grouwelikste gefolgen for my, en myn wiif en bern.

_President._ Hwerom litte je it den net stean?

_Joute._ Och, mynhear! Jy witte net hwet it is earm to wêzen. De

skeamele wente dêr wy yn omkruse; de foddige plunjes dêr wy ús yn

klaeije; de honger en kjeld yn de winter; de minachting dêr de riken

mei oer it skouder op ús skogje; o, dat is sa ontmoedigjend! Dat

forslacht ús sa djip! En den siikje wy in blik fen moed en treast yn de

jenever. Wy wirde net earm omdet wy sûpe; hwent dat wierne wy al; mar

wy sûpe, omdet wy earm wirde ef binne.

_President._ Ja, jimme sûpe, dienen jimme it noch hân foar de fûst; mar

jimme dûke wei yn smoarge krotten en stjonkhoalen, en dêr sûpe jimme as

mûzen. Nin minske heart, nin minske sjocht jimme, tadet der fjouwer

binne, dy it lyk op in ljedde nei hûs sjouwe.

_Joute._ Dat hat de policie ús leard. Eltse hillige syn ljocht. Eare dy

eare takomt!

_President._ Sprekke je kwea fen de policie?

_Joute._ Ja, de policie, en nimmen oars. Sa lang as wy op strjitte

swiere, joele en sjonge mochten, wierne der in bytke kroegen. Wy gûlden

en kraeiden it út fen wille, en wy diene nin kwea ef ontucht. Hwent dat

docht men yn donkere slûphoalen, net foar alle minsken op strjitte. Mar

Napoleon wier in tiran, en omdet hy yn eltse trop minsken, dy hwette

woelich op strjitte wierne, in complot seach om him de nekke to

brekken, liet er syn policie de strjitten fen alle gedjoei en gegûl

skjin feije. Wierne der mear as njoggentsjin by eltsoar, yn ienen mar,

wei mei de boel! Mei de bajonetten dreau hy se út eltsoar. Yn dat bêd

is ús policie lizzen gien. As wy jountiids joelden en gûlden lâns de

strjitte; as de bern mei Sint-Mertenstokjes rounen; as se in govert yn

in foarname strjitte dounsen; aenstons de policie mei de tsjinners, en

mars wier de boel! En hwet bleau ús do oer, as wy ús formeitsje woene,

as yn in kroech sitten to gean, en ús yn alle stilte stomdronken to

sûpen?

_Tamke._ Sa gong it hjir to lânne alear ta op de _dank-, vast- en

bededagen_; den wierne alle herbergen sletten. Elts moast mei tichte

doar en finsters thús bliuwe, en op sa ’n _vastendag_ waerden der

binnen hûs mear rûzen sûpt as oars yn seis wike op alle herbergen yn ’t

iepenbier.

_Hessel._ Yn Skotlân wirdt ek grousom sûpt; dêr binne de Ingelsken mar

bern by. Mar dêr binne de Skotske domenijs de skild fen; hwent dy wolle

habbe, det de ljue op snein neat oars dwaen scille as bidde en yn ’e

bibel lêze. Laitsjen en gibeljen is sabbatskennis. Nin rydtúch meije

hja oanspanne; nin kuijerke snein-to-eftermiddeis dwaen. Men sjocht nin

minske op ’e wei ef strjitte as dy nei tsjerke giet ef ’er útkomt. En

omdet de goede kristenen bûten hûs net kuijerje ef dounsje meije, sûpe

hja binnen hûs in rûs, en de domenijs hawwe lâns dizze wei, dy hja for

de wei nei de himel hâlde, hûnderttûzenen oan de whisky brocht en nei

de hel stjûrd.

_Joute._ Dat is de bêste útlizzinge op myn tekst. De policie hat ús op

deselde wize fen de strjitte dreaun en tûzenen yn namme fen de orde oan

de drank, de biddelsek en giselpeal brocht.

_Arkema._ _(Lâns-ontfanger en lid fen de rie fen it

mjittigheits-geneatskip). Dat is geen tail, die wy hier fan in

scheerbais, ik laet stain, fan in super, hore wille. Wil jou wel lowe,

Joute, dat ik dat woard fen jouwes by de commissaris fen polysje angewe

sal? En wil je ook wel lowe, dat je foar ’n maind na et hues fan Jan

Nekje gaine?_

_Joute._ Men hat it mei de luzen slimmer as de niten. De feinten fiere

nou in steil wird tsjin de hearen, dy hjar leanje.

_Arkema._ _Wat wustou dair met segge, bretale keerdel? Weestou wel

datste spreekste tegen ’n amptenair fan de Eerste Klasjes?_

_Joute._ Mynhear, de ontfanger! As jy in slot op de mûle hiene sa great

as der laeit op jins swiere izeren kiste, dêr ús aep yn sit, den scoene

je in gnap keardel wêze. Ik winskje jimme allegearre de segen en

gesontheit.

_President._ Hâld je stil, ontfanger. Jy hawwe in kwea pleit tsjin in

partij, dy neat to forliezen hat. Dy docht en seit hwet er wol, en dy

tinkt mar: Hja kinne in lûs net mear nimme as it libben.

_Doctor._ (_Yn it útgean_). Is der nou net oan to dwaen, Joute?

_Joute._ Jy miene it goed, docter. Mar ik bin in forlern man.

_Sate Westerein._

J. H. H.

[Yllustraasje: DE SKEARWINKEL FEN JOUTE-BAES.]

DE SKEARWINKEL FEN JOUTE-BAES.

TAJEFTE.

_Gouke._ (_slachter_). Woll’ je my gau rêdde, Joute?—_Joute._ Myn

ljeave man, ik kin net hirder. Skearen is nin bargeskraebjen. Ho sa’n

hast?—_Gouke._ Myn sweager hat dêr jisterjoune yn ’t Dockumer trekskip

in raer ding hawn.—_Joute._ Ei? Dêr ha ’k neat fen heard. Bouwe

slachter?—_Gouke._ Ja, Bouwe. Jy kenne him wol. Hy wennet to Birdaerd.

In moai tsjok keardel, mei in roune fette troanje en bolle

wangen.—_Joute._ Ja, ik ken him wol. As it op syn troanje reint, rint

it wetter der ôf as de fearren fen in ein.—_Gouke._ Hy siet mei in kok

fen Ljouwert en domenij Skrokstra to praten. De kok spoun braef op fen

fette kalkoenen, dy er op in rikeljues brilloft to Dockum levere hie.

Domenij is in earst ljeafhabber fen swiet iten en drinken; mar hy hat

suppleesje, en der kinne nin kalkoenen op stean; hy komt faek by de

grytman to tsjokiten, en as exteur him forknipt, det der kalkoenen

komme, dêr festet er twa dagen to foaren op. De kok fizele syn

kalkoenen sa heech, sa hearlik op, det domenij de flibe om de tosken

roun en op iens in hap die yn it rjuchter wang fen myn sweager, dêr er

neist siet. It like wol, det er dat bolle fette wang oanseach for it

gat fen in brette kalkoen, sa’n oanstride hie de man der fen. Myn

sweager moartte fen pine, en it bloed sipere him it baitsje lâns.

Domenij waerden earmen en skonken fleugele, en sa waerd er mei syn

parleplu en syn koperen stove yn ’e bollestâl treaun. Hwent elts

miende, det er mâl wier. Mar dat is nou noch neat. Domenij hie krekt in

skram yn de noas, dêr er lêsten, do er oan ’t earterûpeljen wier, mei

yn de toarnen fallen is, en nou hat Rients trekskipper myn swager

wysmakke, det domenijs fidelke mâl is en him yn de noas biten hat. Nou

boarst sweager hast fen binaudheit, en mient det er ek mâl wirde scil.

Syn wiif en bern binne skjin mei him forlegen, en ik moat aenstons nei

Birdaerd om rie to skaffen.—_Joute._ Fal del mar, Gouke. It kin raer as

’t ’er op wjirret. It wang fen in grou slachter for it fet gat fen in

bret kalkoen oansjen! Dat is briker as bryk.—_Ubele_ (_studint_). Nou,

as se de lândomenijs nin mear tractemint jane, den scille we fen mear

ongelokken hearre. Hja sizze den wol ’ris, yn ’t gat bibiten; mar nei

jou sizzen, Gouke, is jins sweager yn ’t wang en ’t gat beide

bibiten.—_Gouke._ Dat bigrypste, Ubele! Stjonke fen eangstme. Dêr laeit

it botsen, Joute! Goe’ moarn jimme!—_Joute._ Goereis nei de

skjippeslachters. Dat binne allegearre stomearlike ljue. Hja ljeage

noait ef hja binn’ der sels by.—_Allegearre._ Moarn! Goereis!

_Douwe_ (_sylman_). Ha, Ubele? Ek wer ’ris by ’t folk sjen?—_Ubele._

Wel ja, Douwe. Dêr to Grins om to bingeljen hie ’k ek net folle oan. De

studinten en prefesters binne yn de facantie wei; en den rin ik yn

_sted en lende_ om as in siik houn.—_Douwe._ Dou biste der nou in jier

west, net?—_Ubele._ Op ’e kop.—_Douwe._ Dat wist ik, omdet ik to Drylst

krekt wier, doste mei de preemje opgongste nei de academie ta. Dou

spriekste do de rie fen Drylst yn ’t Latyn oan; ik koe der nin wird fen

forstean, mar de rie nei ’t skynde wol; hwent dy prottele wakker,

omdetste hjar yn hjar eare kaemste.—_Ubele._ De rie fen Drylst my

forstean? Nou, ja! Ik scil ’t dy sizze sa as it ding laei. Yn myn

oratie kaem noch al faek it Latynske wird _quibus_ foar, dat “oan hwa”

bitsjut, en sa ek _vestra_, dat “jimme” bitsjut. _Vestra munificentia_,

by foarbyld, “jimme myldens”, en _vestra approbatio_, “jimme

goedkarring”, en sa foart hinne. Do ’k oan ’t orearjen wier, seach ik

wol, det it dy rie net noaske; hwent hja seagen my oan as ûlen; mar do

ik dien hie, foelen alle froedsljue oer de rector hinne. “_Hoar ’ris

rector_, seinen hja, _gekheit is gekheit; mar om ons fen in strop fen

in jonge hier in ons weerdichheit op ’t statshues fen Drylst

allegedurigen in ’t Latyn foor_ quibussen _uetmaike te laten, dat gait

niet an. Want as jou miene, dat wy dat woart_ _quibus_ _niet ferstaine,

den binne je mis. So dom binne wy noch niet! Wy gewe de ondankbre

loebes ’n gouden preemje, en hy skelt ons nog de hued fol toe._ “_Maar,

Mijne Heeren_, sei de rector, _de jongeling heeft u toch bedankt voor

de premie. Hoe kan hij u dan uitschelden?” “Dat is wair, rector, seinen

hja, mar wie het er bedankt? Ommers froedsman Westra mar allienig;

Westra foar, in Westra na! It is krekt as Westra de preemje allienig

geeft, en hy komt ommers fan de hele raid fan Drylst. Soa binne wy hier

noait nog afgrondeert. Wech mar met de stinkert!_” De boargemaster

trille fen lilkens, en scoe froedsman Westra wol forgriemd ha. “_Ik

weet niet, ho jou by Westra komme_, kniep er de rector yn ’t ear.

_Westra is in lief man om de raid fen Drylst te representeren! Syn

meiske loopt met in tromke met keapmankes by de strait te koop._ Sa as

er dat sein hie, teach er it mâl jak oan, en sei oan de bode: “_Bode

bring dat aes it statshues af._” De bode griep my mei in izeren hân yn

de earm (dy keardel hie de moarns noch oan ’e seine stien) en skodde my

ongenedich as in wetterhoun. “_Ik sal dy Westra en quibus leare; dou

biste sels in quibus, streupert!_” sei er, en mei ien staette er my út

it stêdshûs en smiet my de gouden preemje as de houn in bonke op

strjitte efternei. Dat wier nou myn yngong yn de timpel fen de

wittenskippen.—_Douwe._ As de útgong ek sa tagiet, is ’t net bêst for

dy sjoen, Ubele!—_Ubele._ Mar hwer hastou hinne west, Douwe? Ik ha dy

allehiel noch net fornomd.—_Douwe._ Ei! Myn sweager hat heiwirk oannomd

oan de dyk to Starum, en dêr hab ’k in dei ef trije by west. Mar ik hab

earst in omlânske reis dien. Ik moast ús frjeonen wol ’ris forsiikje;

hwent oars forfrjemdet it sa. Op it lêst is it allehiel kâld.—_Ubele._

Hwer gong dyn paed den oer?—_Douwe._ Foarearst bin ik to Akkrum

west.—_Joute._ O! to Akkrum! dêr tsjerke en toer bûten it doarp steane,

omdet se oars ûnder ’t preekjen sa ’n lêst fen de katten habbe. To

Akkrum? Krekt! dêr se in boarre in wike op wetter en brea yn ’t

hounegat settene, omdet er de reamme fen de aden slabbe hie.—_Douwe._

Ei, né, ju! Biste gek? To Akkrum is tsjerke en toer ommers yn ’t doarp.

Né, Akkrum dat is in treftige pleats. Dêr hawwe se it mear mei de

hirddravers as de katten to rêdden. Us omke hat my mei hynzer en sjeas

weibrocht; mar mei sa ’n guds fljuchste troch de hel, det dy nin hierke

op dyn kop singet. Ik kin my wol bigripe, as in hear mei in liiffol wyn

sa troch de loft fljucht, det er net leaut, det immen noch ellinde en

honger habbe kin.—_Joute._ Ja, wy kinne allegearre net ryk wêze. Dat is

al âld. As ik by ús oarre op ’e skirte siet, den sei se ús altiten dit

rjimke op:

De iene yt swiete rizenbrij[55],

De oare keallesûpen lij,

De iene yt beane út wetter wei,

De oare wit net hwet er mei.

De iene giet yn sydne klean,

De oare nei de lappen flean’.

_Ubele._ En hwer do hinne? Nei Vianen?—_Douwe._ Né, nei Loijengea,

Goijengea en Offingawier, dêr habbe wy allegearre folk fen ús

mem.—_Joute._ Fen âlds bineamde pleatsen, folgens it sizke fen beppe:

“Ut de trochgong fen Loijengea kaem Goijengea en fen de stank

Offingawier.”—_Ubele._ Dat jildt dy, Abe. Dou biste ommers fen

Offingawier.—_Abe._ Ja, hwet in skeve skearbaes seit, der jowt de

lommert nin jild op. (_Abe giet prot wei_.)—_Ubele._ En hwer do hinne,

Douwe?—_Douwe._ Do nei Toppenhuzen en Twellingea; dêr wenje omkesizzers

fen ús heit; boeren mei rêgen. Dêr hie ’k it as smoarge beane.

_Joute._ To Toppenhuzen

Dêr fange men de luzen,

En to Twellingea

Dêr knippe men se dea.

Dou biste fen Twellingea, net Sjouke?—_Sjouke._ Ja. En dou fen

Schiedam, hê? Dou falste hwet rjimmerich, Joute. Haste in doaske

rjimmersgûd ynnomd? Mar it liket my noch wol sa gnap om de pejoatkes to

knippen, as om se oan to setten lyk as de jeneverljue dwaen.—_Joute._

Nou, ja; it komt sa yn ’t rym to pas. Dou hoefste dêrom sa lêbich net

to wêzen. Us beppe hat it my sa leard, en ik hab ’t net makke. Frou

bring my in nij stik sjippe!—_Ubele._ Dou biste noch net to Starum,

Douwe!—_Douwe._ Noch lang net. Fen Offingawier bin ik nei Snits gien,

en do mei it fearskip nei Sleat syld.—_Sjouke._ Is dêr noch al hwette

agoasje?—_Douwe._ Né.—_Sjouke._ Hwer libje se den fen?—_Douwe._ Fen de

brêge. Brêgebidlers sizze ommers de bizen.—_Gouke._ Siz hjar dat ’ris!

Den kneppelje se dy dea.—_Douwe._ Ik scil my wol wachtsje; hja binne

nin narjen wend.—_Ubele._ Den wier er allehiel nin nijs?—_Douwe._ Nijs

en nijs is twa. Ald nijs is der in bulte. De rottelwachten rounen yn

âlde tiden mei hoarnen en dêr bliesden se de ûren fen de nacht op. Yn

’t poepelân dogge se it noch.—_Ubele._ Ja, hoarnen wierne de earste

klokken. De bakkers blieze noch op hoarnen as de boltsjes nôch binne.

Mar hwet woestou sizze, Douwe?—_Douwe._ Det de Sleatumer nachtwachten,

do de rottel yn swang kaem, mei in rottel en in hoarn ta gelyk rounen.

En dêr komt it noch fen, det de rottelwacht to Sleat, as er de lêste

rop docht, dit rjimke seit:

Boargers fen Sleat! Stean op! It is dei.

De hoarn is fol skyt en de rottel is wei.

De koster is gek, en de toer is mâl;

Ik wit net, hwet ik roppe sal.

_Ubele._ Dat liichstou, Douwe!—_Joute._ Nou, ik hab dat rjimke wol faek

heard.—_Douwe._ Aste seiste det ’k liich, siz ik nin wird

mear.—_Ubele._ Nou, nou, sa gysten net. Dou biste sa gau op ’e tean

trape. Forhelje dou mar foart. Wy scille alles leauwe hwetstou seiste;

aste mar net forhelleste, det de soan âlder is as de faer.—_Douwe._ To

Sleat mette ik ek noch in âld sib fryster fen my; mar, jonge, jonge!

toft ik, ho is ’t mûlk, det sokke tsjeppe jonge fammen sokke smoarge

âlde wyfkes wirde kinne! It minske wier al stiif fyftich, mar hja waerd

noch read om ’e holle. Alde ljeafde roastet net, en in frommis nimt

sa’n ding altyd hwette earnstiger op as in manminske. Mar ik hie der

nou nôch fen, en gong mei in wâldweinke fen Sleat nei de Galamadammen.

De skoufeint dêr is myn miich; dy woe minlike jern, det ik dêr

oernachte, en dat hab ’k do dien.—_Ubele._ Foel der ek hwette to

_skûrren_, lyk as de Gaesterlâners sizze?—_Douwe._ Né, it wier nin

merke. Ik hie ’t der as smoarge beane, mar ik hab nin wink yn ’e eagen

hawn.—_Ubele._ Ho kaem dat by? Wier der jongfolk?—_Douwe._ Né, it wier

der dea-stil. Mar de godsganskelike nacht gounze it sa foar myn earen

lâns, bom-bam! bom-bam! bom-bam! It wier krekt eft de greate klok fen

de Aldehouster toer fen Ljouwert djip ûnder de groun let waerd. Do wy

de moarns ombietene frege ik de kastelein, hwet dat west hie? mar dy

seach my skean oan, en sei det er ’t net wiste. Dat leach er; hwent syn

mem, in âld wyfke fen 80 jier, kaem op hjar kruk by my: “Niis, do it

folk der by siet, koe ik it dy net sizze, Douwe, mar ûnder fjouwer

eagen scil ik dy dat bombamjen forklearje. Dou haste wol heard fen St.

Ealskleaster to Starum, dat nou yn sé laeit?” “O ja! sei ik; “myn pake

hat mei syn koffe noch ’ris op dat plak ankere. De beanhearre hie do

krekt lang waeid en it séwetter troch ’e gatten yn ’e noardsé jage. Mar

do it ebbe, kamen de ûnderste stompen fen it mûrwirk fen de tsjerke fen

Sint-Ealskleaster boppe; ús pake laei der midden yn en do de wyn

opstiek koe er der net út.” “Nou, heite, sei âld beppe, de klokken fen

Sint-Ealstoer hienen se forgetten to wijen, en do dat nei in hûndert

jier oan ’e bisskop fen Utert forknipt waerd, sei dy: “Den binne dy

klokken for de divel.” Sa gau hie er ’t wird net sein ef koarthakke net

links fleach as in wylde tsjin Sint-Ealstoer op; skoerde de klokken

troch de kloksgatten út, en keilde se sa fier as Himelum. Dêr sloegen

se in gat yn ’e groun, dêr wol in boereskûrre yn koe. Mar do woe

oerdwealske koarthakke der ek noch wille fen ha. Hy hie in kammeraet

hjir op Galamadammen, dy mei in âlde tsjoenster tahâldde, dy hjir de

skjippen molk. Dy en hy boartten alle nachten efkes nei toalven

heinebal mei de beide klokken. Hja keilden se eltsoar ta. As koarthakke

ien fen Himelum nei de Dammen smiet, saeide syn miich him de oare ta

nei Himelum, en dat hat krekt sa lang dûrre, as se de klokken goed

heinden. Mar de miich, in jong gysten divel, wier sa tûk net yn ’t

heinen as de baes sels, syn omke, en sa kaem it to barren, det hy ien

fen de klokken yn ’t wetter fen de Dammen del soalde, en de oare in ruk

fierder yn ’e Fljussen. Nou let koarthakke noch mei dy klokken hjir

ûnder ús yn de groun; hwent hja binne mei geweld dwers troch de koarste

fen it ierdryk hinne flein, en sa komt it, det de fiskers op de

Fljussen en wy hjir op Galamadammen nachts it doffe bombamjen út de

groun opkommen hearre.” “Mar, ho komt it, moeije, sei ik, det ik dat sa

klear heard ha, det ik ’er net fen sliepe koe? Dat is ommers alle

nachten sa net.” “Né, Douwe, sei it âld wyfke. Mar earjister is de

hûnderttûzen yn de lotterij fallen, en den is ’t altiten freugdedei yn

de hel. Den lit Satan piktonnen barne en alle klokken liede.” “Ik

winskje jo gesontheit, sei ik tsjin it âld wyfke. It is myn tiid, ik

moat foart.” Ik fûske mei myn miich, en gong nei _Rawier_ ta, dêr ik

noch nea west hie.—_Ubele._ Rawier! Rawier! Hwet is dat?—_Douwe._ Sa

neamden de Súdhoekers by âlds it[56] Readeklif. It is dat steile en

hege punt fen de Gaesterlânske dunen, dat tsjin de stoarmweagen stean

bleaun is en yn sé útstiket.—_Ubele._ O krekt, dêr Tjesk-moer op stie,

do hjar swift ûnder seil gong;

Tjesk-moer seach fen fiere weagen

Ho se fêst fen lân ôfteagen.

(De eagen gâld’ se, earm-moer, koarts út,)

Dêr se op ’e hege _wier_ del bokke,

En fen beide ich ’t lân bilôke,

En de sé seach yn syn tút.

Haste dêr ek hwet nijs sjoen, Douwe? Neat; as hja wiisden my dêr noch

it gat, dêr de fjûrige draek út oplein is; dou wiste wol, dêr de

kroniken fen skriuwe. En, ja! den habbe se my ek noch it plak yn sé

wiisd, dêr greate Rodger fen syn wiif dea makke is. De grizel rint my

noch oer de grouwel as ik dêr om tink.—_Hessel._ Ik bin der wol faek

west; mar dêr hab ik noch nea in wird fen heard.—_Douwe._ Rodger, lyk

it telke seit, wier in fiskerman fen it âlde sterke Fryske laech. Hy

wier acht foet lang, en syn wiif Saske spile net swak by; hwent dy wier

mar in foet lytser. Rodger skeakelfiske sa hwet by Starum om; ek gong

er wol om kongeriel yn de Sudersé op, en do er iens op in moarntiid

thús kaem to iten, hie Saske neat klear. “Ik hab der nou al trije dagen

droechskûrre, sei Rodger, “en nou noch nin waerm iten. Hwet doch ik den

mei in wiif?” Mei ien waerd er sa breinroer, det hy hjar mei in heak in

gat yn ’e skonk sloech, en dat kaem sa hird oan, det sy der wol in

fjirtjin dagen mei to bêd lizze moast. Rodger, dy hastich en opljeppend

wier, bitommele gau, en hie sa folle birou as hierren op ’e holle. Hy

wier net by it bêd wei to slaen, en hy paste hjar op sa soarchfâldich

as in mem hjar gammel bernke dwaen kin. De fyftjinde dei kaem Saske wer

oer ’e flier, en do gong Rodger wer oan ’t fiskjen; hwent yn de lêste

pear wiken hie er neat fortsjinne en hja koenen hjar koarsten, lyk as

de measte fiskerljue, wol op. Hja wennen yn in âlde tinte op ’t klif,

en as hja de holle út it finster stieken, seagen se op ’e boatsjes del,

dy lâns de séwâl foeren. Sa seach Saske hjar man Rodger ek farren. Hja

bigoun to tinken oan de pine en smerten, dy hja útstien hie, oan it

djippe gat, dat se noch yn hjar skonk hie, en mei ien wier it krekt eft

der saun divels yn hjar foeren, sa koegelsk waerd se; hwent in

frommiske forjit en forjowt net licht; hja is goed fen onthâlden, as it

op wraek oankomt. Hja naem hjar bêd op, flokte alle divels út de hel op

om it yn in stien to foroarjen, en smiet it Rodger do boppe fen it klif

ôf yn sé efter nei. Koarthakke stie klear, lyk as oeral; dêr er in

spoenke ûnder it fjûr stekke kin; hy hearde dy winsk, en yn in amerij

foroare er it bêd ûnder ’t weisoalen yn in stien sa great as it bêd

sels. De stien plofte boppe op Rodger del en bidobbe him mei aek en al

yn sé, det der neat fen him oerbleau as in kûle yn it wetter en de

lêste bûrlen fen syn smoarde amme, dy boppe kamen en in amerij op it

wetter omglieden. Do Saske dy bûrlen seach, lake hja gigeljende, wyld,

lûd en ôfgryslyk; it wier krekt eft de moer fen de divel kâldgnyskjende

hjar tryomf útskettere en útkraeide. Mar lyk as men seit: “smertkerne

komt efter nei.” Bier en barmhertichheit kamen njunkenlytsen wer boppe.

It birou sloech hjar einlik om it hert, en yn de jinlikheit mei honger

en ellinde, as hja mei holle opsparde eagen oer it flak fen de sé, it

grêf fen hjar man, hinne seach, den mompele hja yn hjar sels: “Mei

Rodger wier ’t net bêst; mar sûnder him is ’t noch folle minder.” As

hja in brok fen Rodgers klean ef skeakels seach; as hja syn namme

hearde, kearde it yngewand yn hjar om. As hja tochte om dy kûle yn it

wetter, om dy bûrlen, den wier ’t eft hjar it hert tichtknypt waerd.

Hja sloech oan ’t kwinen en tsjirmde út, det men hjar wol mei in kears

trochljochtsje koe. Do hja op it úterste kaem, kearde se de holle noch

’ris nei hjar Okele om, in skrander boi fen acht jier. “Hwet likestou

op heit, boike!” sei se sêfkes: “Bid for mem, ljeave.” It bern bea in

_Vader onse_; ûnderwiles kaem der noch in lyts, lyts sigentsje út hjar

wite lippen; Saske rekte hjar langsom út, en wei wier hja.—_Ubele._

Wiste mear fen dy telkes? _Douwe._ Ja, de fiskerljue habbe my noch ien

sein fen de faem fen Inkhúzen, dy yn in aed oer de Súdersé roeike; mar

dat scil ik dy tonei ’ris fortelle.—_Joute._ Dat is bêst. De

skearwinkel skinkt jimme alle âld-wive-telkes.—_Ubele._ Hwer biste do

hinnegien, Douwe?—_Douwe._ Nei ’t heksershol.—_Iebele._ Hwet is

dat?—_Douwe._ Dat is Molkwarren. Dêr tilt it op fen tsjoenders en

tsjoensters.—_Ubele._ Ei, wakker! Ik miende, dat dy útstoarn

wierne.—_Tamke._ Dy stjerre nea út sa lang as der minsken mei

ynbyldingen binne.—_Douwe._ Nou, ik leau, det der hwet is; ik hab dêr

sokke nuvere telkes en fen sokke stadige dimmene ljue heard, det ik it

hast leauwe moat.—_Ubele._ Wel, hwet den? Lêz e’ris hwette op.—_Joute._

Frou, woll’ je de âlde baker ’ris komme litte? Hjir scil hwette forteld

wirde; dat is krekt hwet for hjar.—_Douwe._ Nou, wy scille der jimme

net mear lêstich mei wêze. Den kinne jimme nei hertenlust rabje en oare

ljue by it gat ophelje. It wier noch better, det jimme fen kjitte

praettene.—_Joute._ Al wer lêbich. Ik bigjin wrammels to leauwen,

Douwe, detste greatsk biste, detste in einke yn Fryslân op west biste

en nou hwette nijs wiste to forheljen. Mar dou biste noch net fier yn

’e wrâld op west. Hwer biste west? By de Jirnsumer katsjes; by de

Gaesterlânske heidebikkers; de Starumske ribbekliuwers; de

Molkwarrenske tsjoensters, en dêr is nou alles. Mar ik kin jimme noch

hwet oars forhelje, as jimme op mirakels bilust binne. Hwent do ús

oarreheit mei de merse troch Fryslân roun, wier ik as in boi fen toalf

jier altiid mei him om de knapsek to dragen, en sa bin ik as bern al

west by de Ljouwerter galgelapers, de Harnzer tobbedounsers en neven,

de Frentsjerter klokketsjeaven, de Snitser dúmkefretters en weaksk ....

rs, de Bolswerter oaljekoeken, de Warkumer brijbekken, de Drylster

kipmankes, de Hynlipper húlen, tsjeunken en tsjoaten, de Dokkumer

grenaten, en de Grinzer klúnkoppen. Fen Ljouwert tôgen pake en ik nei

de Berltsumer hounefretters en de Hallumer koekefretters; ef de oare

wei út nei de Wirdumer toerfretters, de Wergeaster brêgebidlers, de

Earnewâldster luzefeijers, de Ureterper oanbreide hoazzen, de Grouster

tsjiisfordounsers, de Jirnsumer kattekneppelers, de Boarnster

toermjitters, de Akkrumer skytstoellen en de Hjouwster klienroggen.

Wierne wy to Dockum den sjouden wy nei de Kollumer kattefretters, de

Hantumer margeïters, de Ternaerder bargestrûpers, de Holwerter

roekefretters, de Wierumer katsjes, de Peazumer hountsjes, de Blijer

bellefleuren, de Hallumer koekefretters ef de Birdaerder skieppekoppen.

Wierne wy to Snits, den dienen wy útfallen nei de Gaestmer hounewippers

en otterfretters, de Hegumer brêgebidlers en de Wâldeinsters

driuwpôlen; en fierder op nei it Dockum fen de Súdhoeke, nei _Koudom,

de koude turven om_, en nei de Warnzer skieppeloarten. Ek bleauwen wy

wol ’ris tichte by honk, en gongen in dei nei de Idzegahúster

beanefretters. Fen Bolswert út nei de Arumer moudekrûpers, en de

Makkumer strânjutten, de Peinjumer beanehulen, en de Kimswerter

moudekrûpers, en ienders allehiel nei de Texelske kraeijen, en de

Amelânske balketsjeawen[57]. Hwer bistou mei dyn reizen Douwe? Mienstou

my nijs to sizzen? As jonge hie ’k tsjienderis mear sjoen as dou op dyn

âlde dei.—_Douwe._ Ik jow it dy woun, Joute. Ik bin it bernsbern net

fen in merskreamer, en ik hab de ear ek nea hawn fen syn knapsek to

dragen. Mar hieste dêr nocht oan, oan dat gesjou it hiele lân

troch?—_Joute._ Ik hab nea mear wille hawn. En pake wier goed. Hie er

in goede dei hawn, den treau er my in dûbelstûr yn de hân, en sei:

“Dêr, myn feint: keapje dêr koeke foar.” En nei det ik den earne wier,

koft ik Frentsjerter dúmkes, ef Harnzer hoiteflip, ef Dockumer

glêddingen, Bolswerter oaljekoeken, ef Drylster kipmankes, ef Drachster

koeke, ef Boarnster flut, ef Ljouwerter deadmansfingers.—_Douwe._ Wy

prate mar net mear oer ús reizen; hwent den komme wy noch yn tsjok

waer. Mar dêr, Ubele, dêr haste in pompier fen de âlde skoalmaster fen

Molkwarren. Dêr kinste alles yn lêze, hwet ik fen Molkwarren heard hab.

Rimen en Teltsjes · 第 204 / 279 题