_f_ 602,346
makket _f_ 1,505,866
Sa det de bidielden yn ien jier fortard habbe oan jenever rikelik
oardel-miljoen gounen.
_Geale._ Ik tankje dy for de ûnderrjuchtinge, Iebele. Ik wit nou hwer
in poarsje fen it earmejild bilânnet, dêr se my jiers op sette.
_Iebele._ Ik scil dy neijer sizze, Geale. Myn rekkening is noch net oan
ein. Hwet de goede minsken de earmen sa dageliks wei yn ’e hânnen
treaun habbe, dat bidraegt tonnen gouds, mar ho folle kin nimmen witte.
Ik praet hjir fen bikende opgaven. Yn it selde jier 1835 hawwe de
earmen fen dit ryk mei eltsoar fen gemeinten, earmbistjûren, doarpen,
stêdden en sa foart hinne tritsen 3,081,171 goune, dy hjar meast yn
klean, iten, brânje en sok biderf tadield binne. Fen dy somme habbe se
for ’t sûpke ôfnomd, lyk as wy seinen, 1,505,866 goune, en dy ôftritsen
fen de
_f_ 3,081,171
– 1,505,866
jowt _f_ 1,575,305
En sa bleau der den fen rikelik trije-miljoenen gounen oan de earmen,
sa hwet de helte for hjar egentlike needdrift oer. It oare hiene se op
yntres fen ellinde en dea yn de jenever set.
_Jalke._ En ho folle fen de gaven fen de goede minsken scoenen se wol
forpreaun habbe?
_Iebele._ Lyk as ik dy siz, Jalke, dat kin men net witte. Mar ta dy
trije-miljoen hiene de collecten bydragen
_f_ 1,048,402,225