TAHEAKKE.

Foar ytlike jierren haw ik jimme oplêzen ho trije boeren, dy by de

skoallemaster to iten wierne, troch it kweade wiif fen master fen de

mieltiid reage waerden; it stik hiet _Mostert nei de mieltiid_. Dy

trije boeren en de skoallemaster kamen wer ’ris by elkoarren by Age oan

hûs, en hiene altyd noch hjar eigen sizwirden. Age miende, det syn wiif

nei de kreambisite wier, en dat scoe ek west habbe; hja wier al yn de

pronk, mar dy wier om de warmte fen de dei hwette op de wrinen lizzen

gien op in bêd yn de selde keamer, dêr dy manljue by elkoarren kamen.

Hja hie de doarkes ticht oandien, en de skoen op ’e bêdsplanke set; nou

koe se alles hearre, en gjin minske wist, det se dêr wier. Do de pipen

yn de brân wierne en de romers fol getten (it wier in wyngelach), fette

master it wird wer op, en sei: “_Wikje segge, sikje segge, wy sitte

hier niet op ’n ooyevairsnest: ’en flesse wyn, dat komt my alle dagen

niet over. Men kan wel sien, dat het de boer goed gait. Nou, Age, ik

gun it jou fan harten. Segen en gesontheit, hoor!_” en master leuge syn

earste glês. “_Dair is jenever mar bocht by_”, sei master.

“Né, nou, in oaijefarsnêst, master, sei Tjitte, “ja nou, dêr hearre ek

nin minsken op to sitten. Mar, ja, nou, as ik sa’n kwea wiif hie as jy

ien hawwe, né, nou, den sit ik ’er ljeaver op as by jo yn ’t skoalhûs:

ja, ik siet ljeaver op in âlde reidsompe, dêr de hearringslynders hjar

nêsten op bouwe, sa onbidinklike bang bin ik for kweade frouljue.”

“Poeha en gjin ein! rôp Age. Bang for frouljue? Greate bern binne it

mar, minskebihelpen, en dêr bang for wêze? Master is der yette

gelokkich oan; dy hat in ropper en in razer; dy flapt der yn ienen

alles út, en as hja pûr is, den scoe hja him mei gleone steallen ta it

hûs útkeile ljeaver as krimp jaen. Poeha! sa’n frommis is yette mei to

forkearen: dat binne mar Aprilsboikes; dêr folget de griene Maeije op.

Mar mines is in jeuzeler; dy giet de toet as in klapmoulke fen de bern;

in teapert, dy noait ophâldt. Lêsten hab ik hjar drige, om hjar troch

twa arbeiders de mûle fêstbine to litten mei in stûrtske line, det se

swije moast. Poeha en gjin ein! Do woe hja hjar sels smoare yn de

jarredobbe. Is ’t net freeslik, man?

“Hm! Ik foarûnderstel namentlik, sei Durk, “det jimme dy útheuveling ek

wol fortsjinne hiene, bûrman. Hwent jimme kamene fen de stêd, stel ik,

en dêr hiene jimme sa lang op de Os sitten to pimpeljen en to smoken,

det jimme sels oksen wierne. Hm! ik foarûnderstel namentlik, det de

frouljue den reden hawwe om in wird to sizzen.”

“Ja, nou, sei Tjitte, “né nou, wy wierne sa net, det wy koene ús wol

rêdde. Né, nou, sa mâl wier ’t net. Mar ik wier flau, sa flau, det ik

hab twa kâlde seane bargepoaten opiten mei wol in heal fjirdepartsje

brea der by, en do bikaem ik gânsk hwet. Né nou, skeef ef onbikwaem

wierne wy net. Wy wierne hwet smústrich, ja, nou, en dêr sa’n gejeuzel

om to hearren fen it wiif, né, nou, dêr jow ik Age gelyk yn. Sa’n wiif

scoene men winskje, det hja de pip krige.”

“_Hoar ’ris, wikje segge, sikje segge_, sei master, _mines falt met de

hele hued uet en dan is ’t deend; mar dan is ’t ook of de poorten fan

de hel open komme, en dair bin ik ook al toe wend: mar ik schaem my toe

de tonen uet as er andere minsken by binne; mar it is myn eigen schuld.

Want sy waer foor ons trouwen al ’n baes met de mon’, in do hew ik hoar

te feul frij geven: want de liefde is blynd, en as men met die

blindheid slagen wurdt, dan is de boel lak, hoar, wikje segge, sikje

segge._”

“Hm! Ik foarûnderstel det je dêr yn gelyk hawwe, master, sei Durk,

namentlik as men forliefd is. Hwent myn wiif hat twa ongelikenske

eagen; it iene is blau, en it oare is griis: koartom, in douwe-each hat

se en in katte-each, en ik hie wol twa jier troud wêst ear ik ’t sjoen

hie. Hm! ik foarûnderstel, stel ik, det se ek in douwe-aerd en in

katte-aerd hat. Hwent, o, hja is sa ljeaf en sa sêft as ’t moai waer by

hjar is; den is it in douke; mar as de mûtse forkeard stiet, hm! ik

foarûnderstel, det den de katte-aerd boppe driuwt: den byt se, en klaut

se, en hja gûlt it út. Hm! ik foarûnderstel oars, det hja in bêste

húshâldster is, kloek en sindelik is se; hwent jildtellen en fliejeijen

is hjar greatste útspanning, stel ik.”

“Poeha en gjin ein! sei Age, “dêr moatte wy ’ris op drinke. Op ’e

fliejacht, mannen. Myn wiif jaget my en de feinten en fammen. Hwet is

’t treastlik, det se op ’e kreambisite is! ’t Is in divelsk soadtsje dy

frouljue! Men kin der net sûnder en net by wêze. Poeha! scoene it wol

minsken wêze? Ik leau, det it mar minskenbihelpen binne.”

“Ja, né, nou, sei Tjitte, in pompstôk is ek al in minskebihelp, en al

gûlt en kreaket er hwet, wy kinne him net misse. Sa giet it ús mei de

frouljue ek: de iene ropt en raest, de oare jeuzelt, in tredde stunet,

in fjirde fysket altyd yn hûs om, en koartom elts hat syn lek en brek.

Nou, ja, nou kleije wy, mar dat helpt ús neat; hwent wy binne keppele

rammen; wy meije mei de keppelstôk ombingelje sa ’t wy wolle, hy bliuwt

ús oan ’e hals hingjen. En wy hawwe se sels opsocht, en faek mei bidden

en smeken, mei suchten en triennen it jawird krige.”

“Hm! ik foarûnderstel namentlik, sei Durk, “det de frouljue sims al sa

folle frije as de manljue, net mei de mûle, mar mei de eagen, stel ik,

en dêr bitsjoene se de manljue mei. Men seit wol fen _âlde

tsjoensters_, mar der binne folle mear _jonge tsjoensters_, en dy lûke

yen oan, foarûnderstel ik namentlik, det ik al ’ris mei hynzer en karre

yn de sleat mend bin, sa seach ik nei in jong frommiske, dat yn it lân

stie to swyljen mei de bleate earmen. Dy hie my yn de hinnereis

frjeonlik taknikt. Dêr kaem dat fen dinne.”

_Hoarris, wikje segge, sikje segge, jonge frouluden is noch in aerdich

goedtsje, mar asse ouder wurde, den ken de duvel hoar wel as prokkereur

bruke. Ik hew dar twie by de skoal wonen, dat binne kwade rakkers. As

se kwaed wurde dan is ’t krekt as de see opkomt. Se kraeye it uet krekt

as de oude kipen, die gien eyers meer legge._

“Ja, nou; né, nou, sei Tjitte; “ja, jy neame dêr ek sokke earste

bekstikken. Sokke heksemasters binne ’t ek allegearre net. Né, nou, wy

wolle allegearre graech âld wirde, en dy sloven, dy yn hjar jonge

jierren sa’n ellinden en tramtaesjes mei de bern útstien habbe, oer ien

kaem to skearen, omdet der ytlike kweade ûnder binne, né, nou, dat komt

net to pas nei myn sin.”

“Poeha en gjin ein! sei Age. “Det je in frouljesgek wierne, dat wisten

wy allegearre wol, mar âlde frouljue binne minder as âld blik. Dêr kin

men yette rinkelbellen fen meitsje oan de bernehoepen, en âld lear kin

men de kachel mei oanstoke. Koe men se yette mar forroalje oan de

potskippers for pot- en pangûd ef nije romers, mar hja binne neat

wirdich.

Do sprong Age syn wiif forwoed fen it bêd ôf en sei: “Nou wirdt it my

to mâl, skobbejakken, dy jimme binne! En dou to minste,” sei se, en do

treau se Age de fûst ûnder de noas; mar Age sei gjin poeha, en siet as

in forwezeling. “Sitte jimme dêrom hjir to wynbealgjen fen myn jild?

Hwent hy hat ’er neat ynbrocht as in pak klean en in brêgemanspak, dat

er yette boarge hie. Sitte jimme dêrom fen myn jild to sûpen, om de

frouljue alle hoon en smaed oan to dwaen? Jimme scoene ljeaver oer kij

en hynzers prate, lyk as jimme freeds op ’e Os dwane, sa lang as jimme

op ’e stoel sitte kinne. Den komme jimme gjin minsken to nei. Mar ik

scil net skelde en rache, lyk as masterke die, do jimme dêr to iten

wierne. Dy sonde binne jimme my net wirdich; mar ik scil jimme in

teltsje fortelle, dêr jimme jimme ’ris aerdich oan spegelje kinne.

“Jimme moatte den witte, det der oan de Tuikemar in kroechje stiet, dat

neamt men de _Brette Hoanne_. Nou, dêr wenne sa hwet in glêdde widdou

yn fen sa’n stiif tritich by de fjirtich jier. Dêr laei ek in

preamskipper, dy mei syn wiif allinne foer; dat minske wier gansk in

ruk âlder as hjar man. Nou hie de man smuchte op dy glêdde widdou, en

dêr wier er net by wei to slaen. Dat sangere dêr twa trije dagen by om;

in goed slok der by drinke. Einlinge waerd it seil ophyst, en do mei in

weste wyn nei _Twa-Hûs_ ta oan de oare kant fen de mar. It wiif hie al

hwette prottele, det er dêr sa lang omneuld hie, mar de skipper sei

neat, mar tochte by him sels: “Wier ik dy mar kwyt, den waerd ik

kastelein yn de _Brette Hoanne_.” Einlinge do se in stikje yn de mar op

wierne, komt it wiif út de roef yn de bollestâl om in dweil út to

spielen. Hja linet oer boart mei de iene skonk yn de hichte, en nou

grypt hjar man de oare skonk, en sa wipte er dat earme sloof yn de

greate mar. Syn hert sloech him al wakker; en dêrom seach er net om,

hwer ’t hja bilânne. It minske dreau earst hwet op ’e rokken, mar dy

mar is droech, en hja krige gau de groun mei de foetten, en sa wâdde

hja nei in great fiskerskot ta, dat fier yn de mar útstiik, en dêr

hâlde hja hjar sa lang oan fêst, det der in boer mei in boatsje

oankaem, dy hjar ynnaem en nei syn hûs brochte, en dêr forhelle hja it

hiele stik sa as ’t bard wier. Hjir waerd hja fordroege en forsoarge.

De boer, dat in stoeren hond wier, en dy meastal syn eigen rjuchter

wier, frege it wyfke: “Ho is ’t mei dyn man? Leaut er oan de divel? Is

er dêr ek bang for?” “O, ja, sei it wyfke, “hy doar net op ’e koai

lizze, as der nin ljocht barnt: hy giet noait by tsjuster fen boart.”

“Den is myn plan al klear, sei de boer: “hy scil wol op _Twa-Hûs_

sitte, en hy moat dadelik ôfrjuchte wirde. Hwent wy kinne him wol yn ’t

tichthûs bringe, mar den misse jy jins breawinder, en ik scil him sa

mak meitsje det er jo tsjinnet as in feint.” De boer hie krekt in drint

slachte, en do naem er dat drintefel mei, dêr de hoarnen noch oan

sieten, en den naem er in twinter bollepyst mei, en sa gong dat mei in

moaije wyn op _Twa-Hûs_ ta. Dêr hie de boer kunde oan de kastelein; dêr

gong er dadelik nei ta, en dy frege er eft der ek in preamskouwer wier?

Hwent oan boart wier er net; dat hiene hja wol sjoen. “Ja, sei de

kastelein, “dy sit hjir yn hûs; dy hat syn wiif op de mar forlern, en

dy sit drovich forslein yn de hirdshoeke. Dy scil hjir fen nacht

sliepe; hwent hy doar net oan boart sliepe.” Do forhelle dy boer oan de

kastelein syn plan, en sei: “Dou moaste mar gau meitsje det er op bêd

komt.” Hy gong nou sa lang by it skipperswiif yn de roef fen de pream

sitten, en do it njoggen ûre wier, gong er mei syn drintefel ûnder de

earm en de bollepyst yn de hân nei de herberge ta. En dêr laei de

skipper yn in keamer apart mei it ljocht op ’e tafel, sa as er it

bisteld hie. De boer hie him om de holle en de hânnen pûr swart makke

en it drintefel omslein, det de hoarnen him boppe ’e holle útstieken:

en sa stapte er der yn en skoert onforsjoens dy skipper fen it bêd ôf.

“Och, heare! sei de man, “binne jy de kweade, wyk den yn de godsnamme

fen my.” “_Neen_, sei de boer; hwent dy moast nou steds prate om

ontsach to hawwen; “_Neen, ik ben de duivel niet, maar ik ben zijn

oudste zoon, en mijn vader heeft mij afgezonden, om u te straffen voor

de gruweldaad, welke gij aan uwe arme vrouw gepleegd hebt. Kniel neder,

sei de boer, en als gij schreeuwt dan snijd ik u dadelijk de keel af._”

En hy lei in skerp mês op ’e tafel del. De skipper foel op ’e knibbels,

en do krige er fyftich slaggen op syn bleate ûnderbaitsje mei dy

bollepenis, det er krolde as in iel. It wier in giseling. “_Ga nu

dadelijk op bed_, sei de boer, _en wanneer gij eene vrouw wederom

mishandelt, dan zal mijn vader komen om u nog erger te pijnigen in de

hel. Dus pas op!_” Hy gong nei bêd, mar koe net sliepe fen de pine.

“Nou gong de boer mei syn boat wer foart, en de oare moarns, do it

ljocht waerd, gong de skipper wer nei de pream mei in rêch, dy wol in

tomme oproun wier, en hy tochte by him sels: “As ik nou for sa’n pak

bruijen mar fen it âld wiif ôf bin, den mei it yette hinne bruije.” Mar

ta syn skrik foun er dat minske wer yn de roef sitten. En ’t earste

wird, dat se sei, wier: “Biste “dêr wer, godforgetten dogenet en

moardner? As goede minsken my net holpen hiene, den wier ik ommers

fordronken. Ik kin dy wol yn ’t tichthûs sette litte.” Do foel er foar

hjar op ’e knibbels, en sei: “De kweade hat der my al genôch for

straft: wêz’ my nou genedich. Ik scil my goed hâlde en drage.” Do liet

er hjar de rêch sjen; dy wier swart. “Ja, sei se, dat is gjin

minskewirk, dat sjen ik wol.” Mar hja wiste wol better, en tonei koe se

him om in finger wine; en de man joech him oan ’t bibellêzen en

’salmsjongen.

“Is dat gjin moai forteltsje, hearen? sei de frou do; “hwet tinkt

jimme?” Mar hja seinen neat. “My tinkt, sei se do, det jimme allegearre

ek sa’n pak fortsjinne hiene. En nou gean ik nei de kreambisite, en dêr

scil ik oan jimme frouljue fortelle, hwet snaken fen keardels det jimme

binne.”

Do it wiif der út wier sei master: “_Wikje segge, sikje segge, nou is

de boel lak, hoar! Dar sel ’n oordeel op komme._” En dat kaem der ek

op. Durk en Tjitte kamen der ridlik goed ôf, mar Age waerd wol in

healjier dat âld blik en dat âlde lear foar de foatten smiten. Do

master thús kaem, stoe it wiif al mei de tange yn de doar; dêrom gong

er mar stil yn de skoalle en die de doar op ’e skoattel. Dêr hong in

âld jas; dy teach er oan, en sa joech er him op ’e planken del mei in

pak âlde skriften fen de bern ûnder de holle: en omdet er in bûkje fol

wyn hie, sa slepte er de moarns oan fjouweren en fiven ta, en do joech

er him oan ’t pinformeitsjen. Om seis ûre rôp it wiif him by de

thétafel, en der waerd net mear oer praet. Hwent hja wier opljeappend,

mar hie in gau birou. En sa roun dit geselskip ôf.

_Grou._

E. H.

Rimen en Teltsjes · 第 200 / 279 题