Trije boeren sieten by de skoalmaster to iten; elts hie in eigen
sizzewird. De master sei: “_Wikje segge, sikje segge. Ik sie wel wat er
aan de maaltijd mankeert. Wikje segge, sikje segge, de mostert mankeert
er aan, en dan is de boel lak._” Do bigoun Tjitte en dy sei: “Ja, nou,
nou jy it sizze, master, nou is ’t sa al; mar master, master! Né, nou
ik bin der net jin, mar, nou, as se sa onbidinklike sterk is, det se
yen yn de holle opskoert; nou, den siz ik, tankje for mostert.” Do
bigoun Age: “Poeha en gjin ein! Myn ljeave freon! Mostert! Ik bin ’er
sa bang fen, det ik se net yn hûs hawwe wol. Poeha! Wy hawwe it ’ris
ien fen ús lytse bern oan de foetkes lein; dêr kamen blierren fen as
hinne-aeijen. Myn ljeave frjeon! Poeha en gjin ein! Sok gûd nim ik net
by it iten. Hwet sizze jy, Durk?” “Hm! Ik foarûnderstel namelik, sei
Durk, as men der in bytke fen nimt, stel ik, scil it in minske gjin
kwea dwaen, mar, stel ik, om it flêsk ’er troch to dweilen, hm!
foarûnderstel ik namelik, det it ongesoun is; hm! ik tink den,
foarûnderstel ik namelik, det it in minske kwea docht. Mar ik brûk it
al, stel ik, en bin net tofreden as myn wiif it net op tafel bringt,
foarûnderstel ik namelik.” “_Frouluden_, sei master, _wikje segge,
sikje segge, die vergete et hast altiten, wikje segge; mines ten minste
as se kwaad is. Dan is ’t lak: want ik houd er feul fen, wikje segge,
sikje segge, en dan binne wy beide kwaad, in dan seg ik wel ’ris, wikje
segge, sikje segge, Aagt, as it de kofjekanne of de sukerpot waar, die
oppe tafel ston, die sude niet fergeten wurde, lak, hoar! wikje segge,
sikje segge._” Poeha en gjin ein, myn ljeave man, sei Age, jy falle
raer op jins wiif út, en den kwea to wirden om in bekje fol mostert.
Myn ljeave man, as myn wiif it mâl fel oan hat, poeha en gjin ein! den
is ’t eft de kweade yn de noadstal stiet om syn hynstepoat bislaen to
litten. Hja hellet de heuvel ta de skoarstien út, en dy den net fen
ruten spilet, dy scoe se de hûd sa murf takje as in hjersttsjiis. Poeha
en gjin ein! Myn ljeave frjeon! klei mar net. Hwet sizze jy, Tjitte?”
“Ja, nou, sei Tjitte, nou ja, der binne kweade frouljue, mar ek
onbidinklik ljeave hertsjes. Mar hja binne as it waer yn de
Aprilsmoanne, onbidinklik hinne en wer. Mar, né, nou, as mines hwet
ûnder de mûtse hat, den hat se in kop as in toer. Nou, ja, in
stikelbaerch lit him better hantsje as in kwea wiif; mar as ’t goed is
mei hjar, né, nou, den wit ik gjin aerdiger gûd as in treddekealskou en
in jong frommiske. Onbidinklik moai, siz ik jimme.” “Poeha en gjin ein!
sei Age, myn ljeave frjeon, in treddekealskou hat de pong om de hals,
sa as men seit. En dy hawwe de frouljue ek, myn ljeave frjeon, en dêr
giet alles yn, hwet de manljue fortsjinje. Poeha, en gjin ein! Tôgje
oan mar, myn ljeave man!” “Hm! ik foarûnderstel, sei Durk, as in man
alles yn dy pong smit, stel ik, hwet er namentlik fortsjinnet, hm! ik
foarûnderstel, det er den net felle wiis is, stel ik; hwent den makket
er him sels stedskyn fen it wiif, stel ik namentlik.” “_Wikje segge,
sikje segge_, sei master, “_dat is ’en kwestie, daar wil ik my niet in
geve. Wikje segge, sikje segge, ’en peert in ’en wyf binne hondert
datten an. Het iene dat hewwe se te feul en ’t ander te weinig. Mar jou
sprakken daar fen ’en dardekalfskoe: binne dat de beste in hoe fergelyk
je die by ’n wyf? Want as ik ’en ding niet begryp, wikje segge, sikje
segge, den is it mar lak om er over te praten, wikje segge, sikje
segge._” “Ja, sei Durk, ja, nou; nou né; in wiif is gjin kou; né, nou,
gjin kou, mar der is gjin wiif sa ryk, ef hja is in kou gelyk. Hja nimt
en jowt. En onbidinklik nuttich binne hja beide.” “Poeha en gjin ein!
myn ljeave frjeon, jy hawwe der al in nuvere forgelikinge,” sei Age.
“Ja, in wiif is as in brânspuit; dy nimt ek, myn ljeave frjeon, en gjin
ein. Mar den moat er net lek wêze as úzes is. Dy bringt it net fierder
as in skoaljonge pisset. Is dat in ding? Poeha en gjin ein! kom dou
’ris yn de stêd, myn frjeon.” “Hm! Ik foarûnderstel for in eagenblik,
dêr kom je my op it sear, sei Durk; my as brânmaster, stel ik
namentlik. Hm! ik foarûnderstel, as ik it nei myn sin hie, den waerd
’er in nij brânspuit makke, stel ik. Hm! ik foarûnderstel namentlik,
det ’er wol jild by de gritenij is, namentlik stel ik.” “Poeha en gjin
ein, myn ljeave frjeon! In nije brânspuit! Den wier it better in twade
der by, mar ja wol, poeha en gjin ein! It scil der net ynstean. Den
wier it mar better in twade der by, siz ik, myn frjeon.” “_Wikje segge,
sikje segge_, sei master, _so kenne se er ook wel ’en twiede
skoolmeester by neme. Lak, wikje segge, sikje segge, dat gaat niet._”
“Né, nou, sei Tjitte, nou, ja jy binne der op biroppen, master; mar do
ús âld smid allinne wier, do moasten wy al frij hwet ûnder him stean.
As de feint kaem om in hynzer bislaen to litten, nou en de baes siet
ûnder syn soapke, eft it noaske him net; nou ja; hy die it al, mar né,
nou, as de feint hwet dreau den wier ’t: “Wachtsje, divel! Wachtsje
hwet! Jimme mem hat ek al op dy wachte”. “En den sa onbitinklik flokke
eft it ambyld boarstte. Mar nou de baes partij krige hat, ja, nou, nou
is er al makker wirden. Ik wol dêrom net sizze det jy onmak binne,
master. Jy binne oars in onbitinklik bêst man.”
Dêr kaem de masterke yn saun hasten mei moster. “Dêr stiet de mostert,
hearen! sei se. _Wikje segge, sikje segge, jou hewwe jou forpraten by
de buren. Wikje segge, sikje segge, it is mostert na de maaltijd. En
dat seg ik nog e’s, frou, hoar! De boel is lak met jou van daeg._” Do
sette it wiif de hânnen yn de siden, en sei: “Jimme divelske manljue,
dêr ik sa’n wird om siz; alle klapsketen en haverklappen moat men nei
jimme loai gat rinne. Dat sit mar to smoken, to sûpen, to riddenearjen
en to argewearjen, to prûmkjen en to kwatsen, en wy kinne de smoarge
boel wer oprêdde.” “Poeha en gjin ein! sei Age, myn ljeave frjeon, giet
de helsdoar iepen? Dat hawwe we hjoed net fortsjinne, wis wol?” “Hâld
dou de bek mar mei dyn poeha! sei masterke, dou haste noait nin keardel
útmakke, ju! Dou haste al twa frouljue hawn, en der is noait skaei fen
dy komd.” “_Wikje segge, sikje segge, sei master, jou beledige de
minsken hier in dat komt niet to pas, frou_”. “Hwerom hat er de bek der
yn to slaen? sei hja, it is jou skild mei jins geëamel om sa ’n
bekjefol moster. Moster is noait yn myn âlders hûs west; en dat wierne
dochs gnappe boeren, en jou heit wier mar in waechdrager, in
lantearneopstekker yn de stêd. Jimme divels! it grim scoe yen út de
beugel spatte, dêr ik sa ’n wird om siz.” “Hm! ik foarûnderstel for in
eagenblik, masterke is boas, stel ik, sei Durk, mar ik foarûnderstel
namentlik as wy ’ris in slok dronken, en wy masterke ’ris yn de govert
namen. Ho scoe dat lykje, stel ik?” Do sette masterke wer de hânnen yn
de side en sei: “Dou smoarge trôch! Ik mei dy govertsje? Ik woe ljeaver
det jimme allegearre smoarden, dêr ik sa ’n wird om siz; en dy in hân
oan my slacht, dy helje ik it ljocht ta de kop út.” “Nou, dat komt my
hirder-nôch oan, sei Age; mar né, nou, masterke, jy moatte bidare, jy
binne sa onbitinklike kwea.” “Bidare?” sei masterke, “bidare? For
loaije sûpkeallen, en pluggen bidare, man! Yn der ivichheit net, dêr ik
sa ’n wird om siz”. En dêrmei stau hja de doar út. “_Wikje segge, sikje
segge, sei master, nou is ’t lak. Wy leze in de skruft, dat it eerste
frouminsk uet in mansribbe maekt is, mar dat is wis in forkeerde ribbe
weest, die nergens goed foor waar, as om er in wyf fan te maken. Het is
best, dat jimme nou mar na hues toe gane: want ’t fermaek is over.
Wikje segge, sikje segge, it is lak_”, sei master. En sa tochten de
boeren ek en gongen nei hûs ta. En hja toften by hjar sels: “Hiene wy
sokke mostert by de mieltiid hawn yn pleats fen nei de mieltiid den hie
it ús yet sa goed net smakke as it nou dien hat.” Ut.
Grou.
E. H.
[Yllustraasje: BY AGEBOER.]