DE LJUE FEN DE POMP.

(_De rie fen it matigheids-geneatskip sit. In dragonder hat him

oanjown; in wachtmaster is ’er by._)

_President._ Nou, kammeraet, ik hear wol, wy kinne dat spil net mei dy

klear spylje. Oan ôfskaffing is op stel en sprong mei dy net to tinken.

Mar ik wol it mei dy op in binlyk akkoart smite. Ho folle romers nimste

deis?

_Dragonder._ Dat hinget fen it bûsjild ôf, mynhear. Sa lang as ik noch

in sint yn ’e pong hab, is ’t krekt, eft de hel my yn de bûse barnt; en

as dat op is, wel nou, den lit ik it blauwe stopjern noch rinne, sa

lang as Jan Credyt libbet. Dat is in bêst man. For seis kiperkes stean

ik altyd, en den sit ik noch op it hynzer eft ik ’er op floerre bin.

_President._ Nou, as wy dat nou ’ris brochten fen seis op ien romerfol

deis. Hwet tocht dy dêr fen? Sjen mar sa sunich net, man!

_Dragonder._ Ien, ien! Ien is ien! Ien dat is in wjirmforskrikker. Mar

ik wol der dochs myn hân for sette, omdet de Ritmaster it seit. (_Hy

teikent for ien romerfol deis._)

_President._ Nou, frjeon, gean nou hinne yn frede. Hear net nei ’t

geflok en gehún fen dyn domme kammeraten. Astou dy siik en earm sûpt

haste, scille dy dy net helpe. God sterkje dy yn dyn foarnimmen.

_Dragonder._ Dat hoopje ’k ek, mynhear. Hwent allinne is my dy sile to

swier. En moat ik to bek falle, yn Gods namme! Ik bin de earste net; ik

scil de lêste ek net wêze. It moat dochs mei ús minsken allegearre, ek

mei de wynsûpers, op in generael pardon oan.

_President._ Sa komt it út. Mar as ik dy nou in goe’ rie skildich bin,

bitterje net foar iten; wachtsje mei de slok nei iten. Den is men ’er

sa slij net nei as foar it iten.

_Dragonder._ Neam’ je dat iten? Ratjetoe en trompetterskost, potdome.

_President._ Hwet is dat, trompetterskost?

_Dragonder._ Sop, president. Hwent sop makket in liddich liif;

liddichheit jowt winen, en fen wyn moat de trompet raze. Mar om ’er op

to fjuchtsjen, ha ’k ljeaver in healpoun spek yn de ribben. Gesontheit

mynhear! (_Hy giet foart en bliuwt mei syn wachtmaster op ’e stoepe

stean_).

_Wachtmaster._ Nou, Jan, astou dy oan ien romerfol hâlde scilste, den

moat ’er ek in fordomd great mirakel barre. Ik leau det de Suder-Sé

earder opdruije scil.

_Dragonder._ Ho binn’ je nou sa onnoazel, wachtmaster? De hearen ha my

set op ien romerfol, en dat hab ik oannomd. For ien romerfol deis en

nin drip mear, dêr klaei ik my for. Mar de president hat nammers net

sein, ho great de romer wêze moat. Dêr is net fen kikt. As ik my hâld

oan _ien_, den hab ik oan ús contract foldien, en ik kin nammers in

romer nimme, dêr ik mei twa eagen allyk yn sjen kin, ja, in romer sa

great as in skilderhûs.

_Wachtmaster._ Dat skilderhûs kin dyn deakiste wol ris wirde, feint!

Tink om Bouwe, dy jister yn de jenever smoard is.

_Dragonder._ Fordomd, ja! dêr bin ’k by west. Hy kaem jister út de

_Trije forrotte Skylfisken_ neist de kaserne, en hy wist fen tewis ef

mewis. Foart dêrop krige er in bloedspijing. Wy brochten him op in

ljedde yn ’t hospitael, en om seis ure wier ’t in dea lyk. Do ’k him it

lêste leppelfol fen syn drank ynjown hie, frege ik him eft er de

pastoar ek hawwe woe? “Né, kameraet, sei er, “mei in ûre sprek ik de

baes sels; ik hab mei syn feint net to parten.” It moeit my

eigendivelsk. It wier in oprjuchte keardel, en hy hie in siel sa blank

as in skylde klaeiierdappel. Mar it is better in koart en in goed

libben, as ivich om to heukerjen. Scille wy _it kyn noch ’ris ’en bekje

gewe_, wachtmaster?

_Wachtmaster._ Om de bliksem net feint. Wy hawwe nou rju fen Jan

Doedel; ef wolste yn ’e kast? Ef de bek fol modder lyk as Bouwe?

(_Jalke, in âlde hôfsboade, Ynse, kaptein op Eastynjen, Geale-boer en

Jappe-tromslagger komme yn, wylst de dragonder dit seit_).

_Jalke._ Dêr habbe wy nou al de earste bikearling fen it _genootschap_.

Mar hjir to lânne kin dat net oars. De brakken fen ús krychsfolk binne

meast tsjustre stjonkhokken, âlde brakken, dêr se aleartiden justitie

yn dienen, ef in kleaster houdden, ef spinhûsboaven opsleaten, en sa

foart hinne. Dêr is it sa griemich en near, det de soldaet sit ’er nin

minút langer as hy moat.

_Ynse._ En hwer giet er den hinne?

_Jappe._ Dat scil ’k dy sizze, kaptein. Ik bin ek ûnder de soldaterije

west. Al dy brakken steane meast yn afterommen en binne bidobbe yn

lytse sûphúskes en grûzige gribussen, dêr for in duit mannich bline

nearring yn dreaun wirdt. Dat tydfordriuw hienen wy neist de doar. De

_overheid_ hie ’er neat tsjin, en wy sieten meast ûnder in

healfearntsje ef by Jank-en-hjarre, en ek wol, as it gaazjemintsdei

wier, by beiden allyk! Né, dat wier oars yn Frankryk. Dêr bin ’k ek

wêst. Mar dêr hienen wy brakken as paleizen. After de brak in fjild,

dêr wy koarddounsen, sprongen, yn mêsten ef touwen kladderen. Yn de

brak in seal om to skermjen en to dounsjen. Den noch in cantine, wiste?

sa ’n kofjekeamer, yn in moaije seal, dêr bêst iten en drinken en tabak

ta de minste prizen forkoft waerd. It kaem nimmen fen ús yn de kop, om

út ús cantine nei in lyts smoarch sûpkrûpyn to gean.

_Jalke._ Sa soargje de Fransken for de gevens en de krêft fen hjar

leger. Dy godleaze Fransken! En hwet dogge wy fromme, dimmene,

godstsjinstige en sedelike Nederlânners? Wy bringe hjar iendris yn ’e

wike nei tsjerke, en den moat de domenij ’er al de fûlens yn ien

healûre ôfskrobje, dy se de hiele wike lâns yn de sûp- en spylhúskes

opdien habbe.

_Hessel._ Nou, ik moat ta eare fen de Ingelsken sizze, det hja de

Fransken nei op de hakken binne. Dêr bin ’k wol faek yn de brakken

west, ek wol yn Ierlân; mar by eltse brak is ek in great plein, dêr de

soldaten fen alles dwane, hwet men hjir to lânne yn spillen sjocht. Dêr

leare se springen, mids yn de sprong oer de kop tommeljen, mei

gewichten fen hûndert poun as klinkertstiennen omkeile, oan de teannen

hingje mei in bosk fen oare keardels yn de earmen, en sa foart hinne.

Dy hanswoarsten yn de hynstespillen (_clowns_), dy sokke nuvere

sprongen en gridzen meitsje, binne meast after de brakken en fabriken

útbret. Hwent de Ingelske fabriken hawwe dy pleinen ek after hjar om it

arbeidersfolk yn ’e skoften út de sûphúskes to hâlden.

_Jalke._ Nou, in smoarge brak om in sûper to wirden, ef in moaije brak

om in linich en sterk keardel to wirden, dêr liz ik noch al in botsen

twiske. _O! Dat Nederland is zulk een zoetendal!_ Mar ik leau det hja

op ús wachtsje.

(_Hja geane yn; Jappe tromslagger en Geale-boer binne efkes foar

hjar_).

_President._ Dêr hawwe wy de tromslagger ommers ek. Men scoene sizze,

hwet dochstou hjir? Fen dyn jeneverjen ha ’k kikken ef mikken heard.

_Jappe._ Den habbe jy net alles heard, president. Nou bin ’k net oan ’e

drank, mar ’er yn myn jonkheit om-en-de-by oan west. Ik hearde yn 1794

ûnder de patriotten, en do sieten wy alle dagen yn sociteiten en

fraterniteiten to pimpeljen, om de aristocraten de skop to jaen, en de

Bafiaenske, ik woe sizze, de Bataefske Republyk op ’e proppen to

helpjen. De Fransken scoenen ús forlossers wêze, en hja habbe ús ek

forlost fen hûndert-miljoen goune; mar foar dy profytlike forlossinge

wier it soms wikkerdewik hwa it winne scoe, de Fransken ef de prins en

syn allieerden. Ik wenne do to Bolswert, en it hûget my as de dei fen

hjoed, ho wy alle dagen in bryk gat nei Gealtsje yn ’e doele rounen;

moarns ier en jouns let, kin ’k dy sizze. As wy by eltsoar kamen lieten

we faek de koppen hingje, omdet ’er kwea tynge komd wier. Mar as it

earste romerfol der yn wier, den gljirren de steatkindige kimen al

hwette op; by it twade hienen de Fransken de allieerden slein; by it

tredde, as ’er immen de treppen opkaem, mienden we, det it de

miebringer wier, det de Fransken mei _geforceerde marches_ rjucht op

Hollân yn oantocht wierne, en by it fjirde romerfol wierne wy pûr gleon

en seagen die Fransken mei wollene tekkens oer de bleate bealch lâns de

Dylakker marsearjen; wy spjeldden de nationale cocarde op it fesje; wy

dounsen en wy songen det it davere:

Dansons la carmignole!

Vive le son! vive le son!

Vive le son du canon!

_Geale._ Ja, Jappe-heite, dy pest hab ik ek hawn, mar nou ’k ’er fen

genêzen bin, bin ik better as in oar, dy him net hawn hat. Ik tink sa

mar, it giet de minsken as de kij yn de fépest. Tûzenen stoaren, mar dy

der trochkamen hienen de pong om ’e hals. Hja waerden tsjienris sa djûr

bitelle as ien dy de pest net hawn hiene. Mar hwat woeste nou dêr mei

sizze?

_Jappe._ Hwet ik de president sizze woe, dat is, det ik yn dy

rûzemûzige dagen de kop sa fol hie fen de Fransken en de polletyk fen

de Steat, det ik de steat fen my sels forgeat. Wy dispetearren det we

skombekken; wy smookten ús swart, en wy pimpelen de hiele dei yn de

_fraterniteit_ for it bihâld fen _’t vaderland_, sûnder to bimerken,

det wy swietsjeswei jeneverhâlden’ waerden en ús bidriuw forgeaten. Ik

wier gau sa fier hinne, det my middeis en jouns de wjirmen pleagen, as

’k net ûnder in slok siet. Op in snjeon-to-joun (it scil my nea

forjitte) kaem ik om âlve ûre fen de doele ôf mei in goed stik lead op

’e holle. Ik roun de Dylakker lâns en ik wier omtrint yn hûs, do it

krekt wier eft de foetten my yn ienen ûnder it gat wei slein waerden.

Ik truzele yn in dobbe mei wetter, det my it himd tsjin it gat plakte.

Dêr siet omkoal yn ’t tsjuster, wiet en ongedien. Ik wraemde en skrabe

al yn dy dobbe om, mar al scoe it boarste, ik koe net oerein komme. De

holle wier my wol tûzen poun swier. Sa as ik dêr siet, frege ik my

sels: “Hwa scil nou baes wêze, Jappe tromslagger, ef de jenever? Ik siz

fen Jappe tromslagger.” Mei ien kaem de rottelwacht, dy my opholp en

nei bêd loatste. Ik hie gau it fel oer de eagen, mar dat wier ’t lêste

sûske dat ik útslept ha. Ik makke my sels stedskyn en stelde my op

rantsoen. Alle dagen ien romerfol, en sont dy dei ha ’k ek nea in drip

mear hawn.

_President._ Is dat wier?

_Geale._ Dat is de suvere wierheit, president. In tromslagger hat ’er

oars wol occaesje ta, hwent hy is meast by de strjitte; hy moat alle

kroegen foarby; mar je kinn’ ’t him tapije sa ’t je wolle, hy giet net

oer syn rantsoenke.

_President._ Nou, den haste ’t fier brocht Jappe. Dou haste macht oer

dy selme, en dou hoefste net yn ús _Genootschap_.

_Jappe._ It is my better ôfgien as myn kammeraten, dat allegearre

seupelers wirden binne. Sont it patriotisme hat it dageliks sociteit-

en herberchrinnen, en dêrmei it sûpen earst krêftdedich oanfang nomd.

Us omke neamde sociteiten dêrom _sûpersteiten_. To foaren kamen se net

yn herbergen as op forkeapingen, ef om keamer to hâlden as ’t merke

wier. Dêrom scoene men do ek rju sjen, det de oranjeklanten, dy yn de

fraterniteiten net kamen, lang stadiger en dimmener ljue bleaun binne

as de patriotten.

_Jalke._ Ha jimme hast dien? Jimme scille sa lang patriotsje en oranje,

det jimme de kop wer oranje wirdt. Ik bin ’er sa sêd fen as spein spek.

_President._ Hwet hiene jy to sizzen, boade? Jy habbe de reade roede

lang drein, en ik haw noait net heard, det jy onbikwaem wierne.

_Jalke._ Ik kom ek net for my sels, mar for myn skearbaes. Dat is in

âld sondaer, dêr net folle salve oan to striken is. Mar om ’t it sa ’n

skrandere en deadearlike keardel is, wol ik him dochs net yn dy

stjonkene jenever forsmoarje litte. Mar foar det ik him hjir mei syn

frjeonen foar de rie bring, woe ik earst wol ’ris witte, ho wy ús

prikken yn ’t wirk stelle scille? Hy is net foar ien gat to fangen.

_President._ Der is mar ien wisse smeet op, ôfskaffing fen alle sterke

drank; nin drip mear nimme. En kinne hja dat yn ienen net, den alle

dagen in drip minder. As je hjoed in eart yn de romer dwane, moarn twa,

oare moarn trije, en sa foart, den krij je de romer njunkenlytsen fol

earte; en der bliuwt in bytke romte for de drank. As de lytse bern

swietkes wei fen de tate wenne: mar yn ienen stean litte, dat is de

baes, boade! Oars bliuwt it mar kliemen.

_Jalke._ Nou ja. Mar kinnen is ek hwet. En dy it kin, is noch net siker

fen syn stik.

_President._ Ja, wol siker. Dy ’t him wit to forbrekken, det er yn in

healjier nin drip krijt, scil noait in drip wer nimme. It is in wenst.

_Jalke._ Dat kin ik amper leauwe, president. De monnik Mathew hat

hûndert-tûzenen fen Ieren ûnder de eed nomd, det hja nin whisky wer

drinke scoenen, en nou habbe se allegearre de eed forgetten. Hja habbe

him it orkelpân (the pledge ef de penning) werom brocht en sûpe as

keallen, krekt as to foaren. En ’t koe ek nea oars; hwent hy joech neat

for de whisky yn it plak. Allinne dy healwei wierne en in goed sin

hienen, binne by hjar wird bleaun. Mar dêr komt Joute-baes mei

Ynse-en-hjarre oan.

_President._ Dei jimme allegearre, frjeonen! Gean sitten, en stek ’ris

oan. Ik scil jimme aenstons in kopke thé skinke. It sinnicht my altiten

wakker, det sokke gnappe ljue as jimme yn ’t _matigheids-genootschap_

geane.

_Ynse._ Dat noch net, president, mar wy wolle er mei jo wol ’ris oer

prate. As jy ús oertúge kinne, det it nuttich is for ús sels en ’t

algemien, den scille wy aenstons ús hân sette. Ik stek mei nin kaptein

yn sé foar det ik wit, det hy in goed kompas hat, en det hy compabel is

om my yn de haven to stjûren, dêr ik hinne moat.

_President._ Nou den, sa freegje ik, wirdt de man troch de drank nin

bist? Bistiet it geheim om siel en lichem soun to hâlden dêr net yn,

det men mjitte yn iten en drinken wit to raemjen?

_Ynse._ Tajown. Mar doch ’er den, as ’t jo b’leaft, mjitte yn ’t

jildwinnen by; hwent dat formoardet krekt sa folle sielen en lichems as

de drank. Hwerom den net krekt sa goed in _matigheids-genootschap_

tsjin it jildskraebjen as it sûpen?

_President._ De jilddivel is in ongenêslike epidemie oer ús hiele ryk,

dy sa âld is as de namme fen Hollân. Aste ’t lân dêr fen genêze woeste,

moaste de ynwenners as de Canaäniten útroeije, ef allegearre nei

Nij-Hollân stjûre om goud to dollen, en plantsje in oar naesje op dit

plak. Wy wolle nou nin âlde kanker útsnije. Wy hâlde ús mar by de

drank, omdet dy sjeachtme pas in 60 ef 70 jier âld is. Dêr is noch

kerearjen oan.

_Ynse._ Nou, den noch ’ris, tajown.

_President._ En dêr komt den noch by, det it _matigheids-genootschap_

in echt Nederlansk _genootschap_ is, dêr ús lân as syn útfynsel greatsk

op wêze kin, en det wy as Nederlânners, sa lang as de eare fen ’t lân

ús ter herte giet, mei alle mannemacht foartsterkje moatte.

_Ynse._ Dat leau ik skraech, president. Ik hab nou in Ingelskman as

passagier fen Java yn de kajút hawn, dy in pear jier to Canton yn China

west hie, om de Mandaryns ’ris to kloarkjen, hwet hja wol fen de

religie en de God fen de Christenen tochten? “Wel, seinen de Mandaryns,

jimme God dat is in jeneverfet, dy jimme tsjinje mei sûpen, en

bealgjen, en hoerkjen, en hwa den yn syn dronkenskip it dierbarst

flokt, it moarddedichst fjocht en alles stikken slacht, dat is de

fynste Christen, dy it bêste plak yn jimme himel kriget.” Mar hwer fyn’

je hwet yn ús Evangelie, dat nei sa’n god en godstsjinst swimet? frege

de man. “Hwet jimme leare ef sizze, dat rekket ús net, seinen de

Mandaryns; “wy weage jimme net nei jimme wirden, mar nei jimme dwaen,

en den sjenne wy, det al ’t folk, dat sneins fen jimme skippen hjir to

Canton oan wâl komt, neat oars docht as sûpen en hoerkjen, en alles

hjir yn grús en eleminten bruije scoe, as de policie hjar net boun en

as wylde bisten wer yn hjar hokken op de skippen efter it slot smiet.

En de snein is ommers de dei fen jimme God. Jimme neame it alteas “de

dei des Hearen”.

_President._ Hwet wolle jy dêr mei sizze, kaptein? Jy siikje it fier,

as je fen China op ús _genootschap_ del komme scille.

_Ynse._ It bôget hwet om; mar dat binne de Eastynjefarjers sa hwet wend

mei de passaetwinen. Dêr lavearje wy ek, en meitsje wol ’ris oersneden

fen dagen en wiken lang. Nou, om koart to gean, der binne do in pear

sindelingen fen de Ingelsken yn China optein, en dy hawwe twa Chineezen

bikeard en doopt, en dy hawwe se do in silveren doopbekken jown; hwent

dy scoene den wer op hjar bar fen hjar lânsljue bikeare en dope, omdet

it for Europeanen sa’n slim ding is om fluch mei it Chineesk om to

gean; alteas om dêr yn sa mûlryp to wirden, det men de Chinezen

oerhelje kinne om de âlde godstsjinst fen ’t lân ôf to swarren en it

Christendom oan to nimmen. Nou, ja, dizze twa splinternije Chineeske

christenen scoene den yn hjar eigen moers tael it evangeelje oan hjar

lânsljue preekje, en dat scoe gean as in liere. It like, miljoenen

Chinezen scoene oan hjar Budha de skop jaen en christen wirde. Mar de

Chineezen hienen nin smucht op in jenevergod ef de jenevertsjinst,

seinen se. Hja founen Budha en de opium better. Dy twa sindelingen

forkochten as goede Chinezen it silveren doopbekken for âld silver; it

jild stieken se yn in lytse smouzenegoasje, dy se yn in merse lâns de

hûzen tôgene,[54] en dêr hawwe jimme nou it ein fen it Christendom yn

China. Dat wier nou bûtelâns; lit Hessel jo ’ris fortelle ho it

binnenlâns is. Hy komt ’er om de fjouwer wike. Den laeit er mei de aek

to Londen.

_Hessel._ Ja, dat sûpen dêr moatte men sjen om it to leauwen,

president. As it arbeidersfolk snjeon-to-jouns it wykjild bart, den

keapje se earst iten for de folgjende wike, en hwet der den oerbliuwt

dat forsûpe se mei wiif en bern, en dat libben dûrret faek fen

snjeon-to-joune oan moandei-to-moarne ta.

_President._ De frouljue ek?

_Hessel._ De frouljue, president? It jild rint by de frouljue as wetter

troch de ielbonne. Aste in frommis dêr in trijegoune jowste, dat is

krekt sa folle aste in deade smous yn ’e hel skopste. Hwent de frouljue

fen it ambachtsfolk nimme hjar drippen krekt sa goed as it manfolk, en

dy snjeon-to-joune ’ris yn in jeneverpaleis giet, (hwent kroegen lykje

dêr wol bitsjoende paleizen)....

_Jappe._ In jeneverpaleis; is ’er den in kening yn?

_Hessel._ Né, mar sa moai binne dy húzen. It liket wol, det de satan se

mei goud en ljocht oppronke hat, om de earme sielen noch better to

forlieden. Ja, hy hat syn eigen dochters, de moaiste jonge frouljue fen

Londen, yn peaskepronk ’er efter de toanbank by set, dy taepje. En

fregeste: Is der yn sa ’n paleis in kening? den siz ik, né; mar wol

keninginnen, en dat binne dy fammen.—Nou siz ik, aste snjeon-to-jouns

ris yn sa ’n jeneverpaleis gieste, den kinste ’ris sjen, ho dy Ingelske

arbeidersfrouljue it raende fjûr sa mar yn de termen jitte. Dat is neat

om der yn ien kertier in tweintich fen dy ljitskes to sjen, dy de iene

foar, de oare nei, troch eltsoar in romerfol ef trije sa mar foar de

toanbank wei ’er yn wippe. Hwent de Ingelsken priuwkje ’er net oer lyk

as wy. Hjar slane hjar brandy en whisky troch krekt as in swolch

reinwetter, sûnder in each to forlûken.

_Jappe._ Den scil der snjeon-to-jouns ek wol skeef folk lâns de

strjitte swiere.

_Hessel._ Nei tsjienen leau ik, net ien, dy suver nofteren is. Us Abe

wier okkerdeis to Glasgow, do ’er krekt in publicatie oanplakt stie om

de boargers oan to moanjen ta _matigheid_, en dêr sei de boargemaster

yn, det ’er snjeon-to-jouns nei tsjienen tsjientûzen Glasgowers, sa

frouljue as mânljue, stomdronken laeinen, dy moandeis noch net goed wer

by hjar wé wierne.

_Jalke._ Nou ha je de getugen heard, president. Sûpe as kreupels; nin

noed fen it jild stean, en den fen in arbeidersdeihier bistean. Hwer

moast dat oars bilânje as by de earmesteat? Mar dy earmesteat sei gau:

“Mannen, jimme frette my op; ik ha net mear.” Dêrom leinen se in

earmtax op alle huzen en lânnerijen. Do wier der bod, dat bigryp’ je,

president. De earmen fregen net mear, mar hja easken ûnderhâld. “De wet

kent it ús ta, seinen hja. En sa lang as er noch in pounmjitte lân

forboud wirdt, en ’er fen in hûs noch twa stiennen op eltsoar steane,

wolle wy úzers ’er fen ha. En as jimme it net jane, frjeonen, den

scille we jimme ’t blanke mês ’ris sjen litte, en ich ef rich mei jimme

boartsje; en den scil rich brea en ich bloed wêze.” Jy kinne jo

bigripe, president, ho dat de bisitters smakke. Bloedich for de earme

opbringe, en fen de selde ljue, dy hjar opfrieten, noch in wize bek ta.

Dêr moast remeedzje for wêze, it gong sa it gong, en do bigriepen se

gau, det se de kwael yn de wirtel oantaeste moasten. Mei it ûnderhâld

fen de earmetax hienen se tûzenen forlaet om hjar by de earmesteat oan

to jaen, dy ’er to foaren net om tocht hienen; hja hienen de earmen en

de earmoede tûzenris greater makke. Dêrom seinen se: “As wy de earmen

net leare, om it sûpen to litten en sunich to wêzen, den komme wy yn

der ivichheit net út de luzen, en hja scille ús op it lêst mei hûd en

hier opfrette. En dêr tsjin founen de Ingelsken do út _Het

matigheids-genootschap_ en _de Spaarbank_, twa echte Ingelske

ynstellingen. It iene wol sizze: “Lit de drank stean!” en it oare; “Pas

op de heale cinten, de ryksdaelders scille wol op hjar sels pasje.”

Nou, omdet de Ingelsken it hienen, moasten wy it ek ha, dat spriik as

in boek; hwent as wy net for aep spylje, hwet scille wy den dwaen? In

Nederlânske útfininge is it net, president, en as it in Nederlânske

útfininge wier, scoenen de Nederlânners it ek net ienders habbe wolle.

Mar as wy den dochs neiaepje moatte, den koene wy al net better

útsiikje, as om de minsken nofteren en sunich to meitsjen.

_Geale._ Dat is wier. Mar wy binne nin goede apen. Wy sette it ding op

’e kop. De Ingelsken hienen earst _de earmtax_, en do _de spaarbank_ en

_het matigheidsgenootschap_. Mar wy earst _de spaarbank_ en het

_matigheids-genootschap_, neijerhân _de earmtax_. Yn ’e Dongeradelen

dêr forlustigje de ljue hjar al yn dizze seine. Dêr binne al boeren, dy

fjouwer-, fiif-, ja, ta acht-hûndert goune ta jiers oan earmejild

bitelje. Helje oan mar! Ho mear hja bitelje, ho mear earmen hja krije!

Jouke bier is swiet bier. Der binne rju, dy de seine to great wirdt;

hja forkroadzje nei oare gritenijen, en ek wol nei Amerika. De ljue

gean’ ljeaver de wrâld út as hjar libbend opfrette to litten.

_President._ It liket wol, boade, det jy yn dy dingen omstudearre

habbe.

_Jalke._ Studearre ef net, mar as ik hwet hear den merk ik op, en den

gean ’k as de hearen fen ’t Fryske Hôf to rie mei it soune

boereforstân, sûnder to harkjen nei it gekraei fen de domenijs en de

philanthropen, dy noch meitsje scille, det de earmen ús tsjinstjonke

fen loaijens, en ús mei ham en gram opplúzje.

_President._ Nou, lit it in apespil ef eigen baksel wêze, as it

_genootschap_ fen sûpers mar nofteren minsken makket, den moatte jy en

elts syn bêst dwaen om it op ’e proppen to helpen.

_Ynse._ Dêr hat de president gelyk oan.

_Hajonides._ (_Mjirkus-domenij, lid fen de rie_). Mar foar det wy

fierder geane, frjeonen, woe ’k wol ’ris witte, eft ús foarâlders ek ús

_genootschap_ net nedich hienen? Gongen dy hjar ek net to bûten? As ik

de registers fen de censuer yn ús âld tsjerkeboek neisjen, den komme

der eltse kear rju dronkene lidmaten foar de knobus, dy fen ’t

_avondmael_ set wirde.

_President._ En hwet in drinkark hat me noch net fen hjar oer, dy nou

noch yn de kasten fen de âldheitkenners pronkje! Wy hawwe ien romer, en

dêr hâldt it mei op. Hja hienen wol tweintich, elts fen in oar makelei,

en elts for in bysûnder oansit. Sint-Geertruden-minne,

Hansje-yn-de-kelder, Duc-d’Alfs, romers mei bellen, en hwa wit al net

mear. Den noch dy nifeldinkjes om eltsoar de wyn ta to pijen, sa as

silveren bekerkes mei mounlekes, ef in drink- en klinkglês mei in foet

as in moarmert, dy net stean koe, en yn ienen op moast. Den noch dy

greate bekers fen silver; dy oeribele bokalen fen grien glês mei grouwe

warten ’er op; dy fleachten fen lange bôgige oksehoarnen mei silver

bislein, dy allegearre earder útfoun lykje to wêzen om bisten to

boarnen as minsken to laevjen.

_Tamke._ Dat liket al nuver; mar de âlden hienen fen dy dagen en riten,

det hja it ’er ta setten. Den gongen se der oan ’e hoasbânnen mei sûpen

troch, en den krigen hja faek wer yn in healjier neat mear as in glêske

húsbier, dat hja op it fet hiene. Dat wier sa folle as ús kofje en thé.

_Grypsma._ (_Abbekaet, lid fen de rie_). Dêr seiste hwet, skroarke, dat

is wier. Wy hawwe noch fen hjar oerhâlden de merken; den dogge w’ ús ek

to goed. Mar ho folle feesten hienen hja boppe dat? Den hienen se

kopermendei; den in gildemieltiid; den de bûrrerekkening; den

prinsejierdei; den in brilloft; om it fearns- ef healjier wier der

altiten hwet to rêdden. En omdet hja it oars net krigen, sûpten hja

den, det hja pûleagen. Yn de mindere klasjes roun dat den jamk sa fier,

det hja as earme helden yn eltsoar omsloegen, ek wol de rún fen stâl

hellen, en eltsoar sneinen, det de termen op ’e skoen hingen. Hja

seinen: “dat feest is der for; de tiid seit sa,” en nimmen bitocht hjar

dêr tonei om. Hja slepten de rûs út, en de hûd hie jamk in healjier

facantie. Sa koenen hja dy bealchpartijen útstean, en it bleauwen ’er

geve keardels mei rêgen ûnder, dat siz ik jimme. Wy sûpe op in stuit

net in tredde part, hwet ús foarâlders dienen; wy hawwe der ek sa folle

gefjucht en geskras net by as hja, omdet ’er sa folle pit net yn ús

sit; en dêrom ropt it sa lûd net. Mar wy nimme de drippen alle dagen,

op eltse ûre fen de dei yn; moarns, middeis en jouns; wy nimme se

altyd, en howol by lytser dosis, sa giet it ús dochs as de stêdsljue

sizze:

Al weêr an, al weêr an,

Maakt menig out peert lam.

_Wopke._ (_In âld rintenier, lid fen de rie_). Dou haste it goed yn de

gatten, Grypsma. De âlden koenen it fiterje; it wierne ljue mei

ynhâlden. Nou scoenen se mei de helt stomdronken wêze, dêr se do mar in

sneedke fen yn ’e noas hienen. Om de streek fen sauntsjinhûndertfyftich

bigounen de rike ljue it hjir wakker yn it Fransk djûrhollich swiet to

lizzen, lyk as ús Gysbert-omme seit; dat is, yn de reade-baei. Mar do

siet ’er noch sa folle fen it âlde pit yn de minsken, det hja der in

ammerfol fen bergje koenen. In âlde nift fen de grêftswâl, jiffrou

Wopkens, forhelle my wol ’ris, det ’er, do hja in jongfaem wier,

fjouwer hearen fen de kinde fen hjar heit wierne, dy jouns by ’t

kaertspyljen elts in kwartke wyn efter hjar stean hienen, en as hja

opstienen, hie elts syn âlve flessen himmele. Dêr kuijeren dy hearen

hiel dimmen mei nei hûs, krekt eft hja in kopke thé brûkt hienen.

_President._ Sokke talinten hawwe wy, godtank, net mear, en wy hawwe

der net for to kedizen. Wy moatte mar meitsje, det ús jeneversûpers

nofteren en bikwaem wirde, en as ús _genootschap_ sa folle mansk is,

leau ik det eltse gnappe keardel it op proppen helpe moat.

_Ynse._ Dêr hat de president gelyk oan, mar mei domenijs en rike ljue,

dy ite en drinke hwet se lêste, scil it net lokke; der moatte oare

prikken yn ’t wirk steld wirde. Yn Noard-Amerika wirdt ek grousom sûpt,

mar dêr hawwe se remeedzjes, dêr ik hjir net fen hear. Sa is ’t wier,

det de skippen, dêr it measte sûpt wirdt, ek it measte forgean. De

kapteins, dy bang binne, sûpe allegearre om courage to krijen as de

need oan ’e man komt, en den is boi baes. Kliuwt de need op it heechst,

jan-maet slacht de fetten mei rum iepen, en sûpt sa folle as hy lade

kin; den giet er stil sitten en lit gods wetter oer gods akker rinne,

yn pleats fen syn man to roer to stean, en sa hinke hja stomdronken yn

de ivichheit op. De assurantie-maatschappijen nimme dêrom de skippen,

dêr matrozen fen de _matigheid_ binne, for folle lytser premie oan as

de oare. De reders op hjar bar jowe folle greater moanjilden oan dit

folk, en sa wirde tûzenen, dy oars drankswiet wierne, troch it heger

lean bilêzen om yn de _matigheid_ to gean.

_Hessel._ Ja, mar nou wit ik yet hwette, dat fûlder lûkt as alle

assuradeurs, reders, premies, moanjilden, domenijs en pastoars mei

eltsoar, en dat binne de jonge frouljue.

_Geale._ Dat seistou goed, Hessel. Us dôge, lyk astou wiste, is oars sa

hiemfêst as in mûrre, en jister wier er dochs op ’e dril. Bijke fen ’t

heech-hiem hie him meitokke, en dêr ha ’k him hjoed mei kneppel en

keatting wer weihelle.

_Hessel._ Dou haste it goed yn ’e gaten, Geale. Sa tinke en dogge krekt

de Matigheidsljue yn Amerika mei hjar Amerikanen. Hja strike en flaeije

alle moaije jonge _ladies_ sa fynkes, det hja lid fen ’t Geneatskip

wirde. As nou in hear oansiik by hjar docht en hy is nin lid, den

sjenne se him mei de skeane nekke oan. Dy de tsjeppe jonge frouljue

knipt, hat de manljue op de keap ta. Wolstou wol leauwe, det dat

ynstreminten binne, dy noch better lûke as de beffen fen de domenijs en

de prûken fen kattechiseermasters?

_President._ Dat is net mis, dêr scil ’k oer neitinke. Yankee-en-hjarre

binne bitûfte feinten. Jild en moaije jonge frouljue regearje de wrâld.

En as wy de frouljue oan ’t snoer habbe binne wy in stik om de hoek.

Hja rûke goed, en de man, dy hjar in fûgel jaen wol, moat wol suver oan

de heak wêze.

_Jappe._ Bihalven de âlde wyfkes, hwent dy spije sels net yn in

lawaske.

_Grypsma._ Dêrom sizze wy ek fen _jonge_ frouljue, Jappe. Nou, in skerp

tasicht is ’er wol nedich. Hwent in oprjucht ljeafhabber fen Jan Doedel

is de divel to slim ôf om efter it gûd to kommen. Dêr ha ’k in set fen

sjoen, do ’k studint yn de rjuchten wier, dy my net licht forjitte

scil. Anno 1834 seach ik yn it militaire tichthús jamk in nuvere feint,

dy syn kammeraten de lange winterjounen koarte mei teltsjes, dêr er

ytlike dezinen fen yn ’e merse hie. As ’t net aerdiger-nôch wier, den

liigde hy ’er by det er swart waerd; en hy koe in ding sa moai

opsmukke, det hy egenlik for domenij yn ’e widze lein wier, om nei de

mode fen ús tiid it Evangeelje yn syn preken ta in roman to meitsjen.

Mar by abús kaem er yn it tichthús to lânne, en dêr, yn pleats fen

komeedzjechristenen yn ’e tsjerke hwette wys to meitsjen, formakke er

de tichtelingen mei syn telkes. Hja hienen sa’n nocht oan syn telkes,

det se him elk in dripke fen hjar rantsoen jenever joegen, om him noch

wolsprekkender to meitsjen. Mar sa folle spraekwetter kaem wol ’ris to

hird oan, en de cipier foun de redenaer, as syn preek út wier, faek yn

in sûske. De directeur, dy nin gekheit ûnder syn kostgongers dildde,

liet elk syn rantsoenke, wylst de bottelier it seach, opdrinke; as ’t

’er ynlapt wier, koenen se ’t eltsoar net werjaen; dat wier klear. En

lykwol it wier wol mis; de redenaer waerd oerskis skeef, skeef as in

ûl, kin ’k jimme sizze, krekt as to foaren. Ho kaem er oan dy jenever?

dat wier ’t riedsel. De directeur hâldde in each yn ’t seil as de

tichtelingen de slok ophiene; den kamen se yn de policieseal, dêr in

pypgatke yn ien fen de mûrren wier, en dêr loerde er troch. En hwet

seach hy dêr, mienste wol? De tichtelingen hienen in lyts hapke fen

hjar rantsoen efter de kiezzen biwarre, dat se de redenaer de ien efter

de oare yn de mûle opsnjitten, en dat skau mynhear den troch as in

fortoarste houn in swolch wetter. Mei ien stau de directeur de doar yn,

en kaem it tropke oer ’t mat. Hja foelen dadelik troch ’e koer: sont de

redenaer syn Jan-Doedel-collecte net mear barde, seinen se, wier ’t

krekt eft him geast en tonge beide boun waerden, en hja forfeelden hjar

yn de lange winterjounen sa grouwelik, det se ’er dy snjitkes op

útpraktesearre hienen, om him wer op de hichte to bringen. De

onbarmhertige directeur hie nin earbied for in jenever-genie; en as de

tichtelingen hjar slok krigen moast elts, as hy ’t binnen hie, sizze:

_Wel mag ’t u bekomen!_ Dy praet, kin nin fochte efter de kiezzen

hâlde, en sa, by gebrek fen oalje yn de lampe, waerd it ljocht fen dat

hearlike genie útdompt. Dêrom is ’t, pas op! As de seupelers it habbe

wolle, witte se it wol yn to slûkjen, al wierne der ek tûzen eagen

wachtsjende. De divel binne se to slim ôf; en as dy hjar yn it

_matigheids-genootschap_ hie, scoenen se ’t noch troch de helsdoarren

ynslûkje. Dy in grien faem hjar feint en de seupelaer syn slok ontkeare

wol, moat ier opstean. Hja moatte it sels wolle, en den is alles klear;

dêr hat it geneatskip gelyk oan.

_President._ Hwet seistou der fen, Ynse? Wirdt it nin tiid; det wy sa’n

divel de tosken út de bek brekke? En biste net foar ús _genootschap_?

_Ynse._ Ja wol, mei liif en siele. Mar jimme hawwe wyn en stream tsjin;

en it wirdt ek net goed oanlein. Nin doarp- ef stêdsbistjûr, en folle

minder noch de lânsregearring, kinne jimme mei goede eagen oansjen.

_President._ Dochs in bulte, dy op it kjessen sitte, habbe teikene, en

scoene dy der tsjin wêze?

_Ynse._ Wiereftich binne dy er tsjin.

_Geale._ Ja, president, hja binne der tsjin; mar hja kinne soms nin kop

by hjar frjeonen hiel hâlde, as se hjar hân net by jo sette. Hja binne

as myn kij; as dy troch in droege sleat rinne, den frette se fen beide

wâlskanten. Mar meitsje dou dyn eigen plak mar skjin, Ynse!

_Ynse._ Kom, Grypsma; dou biste sels lid fen de rie. Dou scilste net

tsjin it _genootschap_ leagje. Dou haste de lyst fen de opbringsten fen

de ymposten. Lêz op, en doch ’er nin hier by ef ôf.

_Grypsma._ It lân mei jierliks fen ympost op de sterke dranken twiske

de twa-en-trije-miljoen barre, en it sit oan kop en earen ta yn de

skild.

_Ynse._ Maet, helje dy nou ’ris foar de eagen ús minister fen finansjes

goeman, dy de holle kardet, ho er 35 miljoen rinten jierliks by eltsoar

skraebje scil. Tinkstou, det hy ef ien fen syn collega’s ef ien fen dy

tûzen-en-ien ampteners ûnder him, dy út it greate rib foerre wirde, it

_matigheidsgenootschap_ forsterkje scille? Dat kinste sa bigripe! As

dat _genootschap_ ta syn eachmerk kaem en der nin drank mear brûkt

waerd, den forlearen se twa- ef trije-miljoen ynkommen, en mei ien de

macht fen dat leger fen kommizen, dy út dy bilêsting ûnderhâlden wirde,

en as soldaten fen hjar winken fleane. Den scoenen se ommers steapelgek

wêze; hja scoenen hjar sels de noas ôfsnije mei hjar eigen kniif. It

lân scoe op de rânne fen ’t bankrot komme, en hja sels, tink ik, scoene

gau hjiljoun krije. Scille sokke potentaten jo helpje, president?

_Iebele._ En stêds- en doarpsbistjûren noch folle minder. Earst skoert

it ryk sines fen de jeneverljue, en den bigjinne stêdden en doarpen nei

to swyljen. Dy lizze der opcinten op.

_Jappe._ Nou, hwet wier dat, heite? It wier al wakker hwet! It is nin

bilêsting; it binne ommers mar opcinten.

_Geale._ Rin dou nei de divel! De ontfangers lúzje myn pong moai; en

eft hja my opcintsje ef bilêstje, dat kin my neat skele; ik reitsje myn

jild kwyt ûnder de beide nammen. Ik hâld om de donder net fen dy

Farisieuske bilêstingen. Siz mar yn ienen, ho folle jimme habbe wolle,

en ik scil bitelje.

_Iebele._ Nou, nou, sa hird net, Geale! Dou wiste ommers wol, hjir to

lânne moatte men altyd oankomme as fine lju en stourein, om efter it

jild fen de minsken to kommen. Ik wit like goed as dou, dy opcinten

knipe ta, mar hja laepje de kassen fen doarp en stêd de broek. Yn

Ljouwert stiet om it tredde hûs, sizze se, sa hwet in sûphúske, en hja

barre sa hwet in 60 ef 70 tûzen goune jiers oan opcinten op de sterke

dranken. En hjir op ’t platte lân is ’t ommers fen ’t selde lekken in

pakje, de opcinten op de jenever is ommers ien fen de bêste ynkomsten,

dêr wy ús net bûten rêdde kinne. As it _matigheids-genootschap_ syn sin

krige, den scoenen alle sûphúskes as timpels fen de satan ôfbritsen ef

forbarnd wirde, en it jild, dat nou oan drank útjown wirdt, dêr scoene

se den spek en brea en wol for keapje. Wolle je wol leauwe, president,

as dat barde, det it ryk mei alle stêdden en doarpen in biddach

útskriuwe scoene to ôfwarring fen dizze nationale ramp; dat wol sizze,

ta útroeijinge fen alle _matigheids-genootschappen_, en ta herstelling

fen alle barnderijen, taperijen, kroegen en sûphúskes?

_Hessel._ It giet it lân as ús, Iebele. As wy oan ’e earen ta yn de

luzen sitte moat ’er hoffene wirde, ef hja frette yen gatten yn de hûd.

En as wy yn de skilden sitte, den moatte wy rinten bitelje, al scoenen

ús wiif en dochters ek for hoer spylje. Hwent oars sette se ús de

boelgûdstafel foar de doar, en ús sels efter de traeljes.

_President._ Dat is hird sein. Mar it moat bûgje ef boarste, dat is

wier. It jild moat ’er wêze, ef hja spylje allegearre bankerot. En it

is dy God yn den hegen himel klage, det it mei ús lân sa fier komd is,

det de ynwenners hjar earm en ondogensk sûpe moatte om it op proppen to

hâlden. Mar to greater eare for ús, as wy ús lân njunkenlytsen út sa ’n

falske, sa ’n skandelike wolfeart, ik scoe hast sizze, út sa’n

sedeleaze stjonksleat, weihelpe. Hwent as it ús lokt om de jenever fen

kant to helpen, den scil der in langsumme mindering yn de accynzen

komme, mar eltse goune, dy it lân dêr yn forliest, scil opwoegen wirde

troch tsjien oare gounen, dy de krêft, en de moed, it gedild en de

skranderheit fen in nofteren en bikwaem geslacht yn al hjar bidriuw en

ûndernimmingen mear opbringe scil. Fen jeneverljue kin de steat op den

dûr krekt sa min as in húsgesin bistean en bloeije. Hja kinne yn de

oarloch net fjuchte, en yn frede neat opbringe.

_Geale._ Dêr ha jy gelyk oan, president. In tsjirmer fen in kou, en dy

noch op in keallegêrske, dêr kin de bûter net fen komme.

_Jappe._ Mar is dat sûpen den sa ombidich, as der fen geid wirdt? Der

scille, tinkt my, noch wol plakken oerbliuwe, dêr sa dageliks nin

brûkme fen drank makke wirdt.

_Iebele._ Dêr hinget de kaert fen it _Rijk der Nederlanden_, en aste

dêr ien stêd, ien flek, ien doarp, ja, ien bûrren wiste oan to wizen,

dêr nin jenever tape wirdt by boarnammerfollen, den scil ik in jier for

de earmen by siktaris skriuwe. En dat kinste ek wol bigripe, Jappe,

aste dizze rekkening ’ris oandachtich neigean wolste. Litte wy mar ’ris

bigjinne mei de soldaten; ljue, dy, altiten sa droevich oan in droege

lever sukkelje. Yn 1833 (jow my ’t kryt ’ris!) hat ús leger to fjilde,

dat do oan de grinzen fen Brabân stoe, it hiele jier lâns brûkt 42.666

Nederlânske fetten jenever, en dêrfor oan it lân in bilêsting bitelle

fen 512.000 goune.

_Ynse._ Nou, dat binijt my net. It leger sûpte út klinkkleare

forfelinge. Jonge, astou dêr njoggen jier út dyn ambacht moaste, en

steane dêr al dy tiid for spek mei it snaphaen op skouder, sûnder in

koegel op de fyand sjitte to meijen, den scoeste ommers grien wirde;

dou scoeste ommers dy sels forgrieme. Is ’t wonder, det de minsken for

it gedild drippen ynnamen?

_Iebele._ Ja mar, dat is it net. De ljue sûpe hjir altyt, hwet hja

dogge, hwer ’t hja binne, ef hwer ’t se hinne geane. Ride se yn ’e

moarntiid op in wein, der moat by it earste hillige húske in romerfol

wêze, om de dauwe fen de mage to striken. Foarmiddeis nimme se in

wjirmforskrikker. Nei thédrinken nimme se in ôfsetterke. Om acht ûre

sitte se nei ’t swiere bodzjen fen de dei ûnder in slok to smoken en to

petearjen. En jouns nei it iten, it sprekt fen selme, sette se in

sliepmûtse op; hwent hwet kristenminske scoe sûnder dat middel it fel

oer de eagen krije kinne? En fen sokke loffelike oanwensten komt de

folgjende rekkening oer ’t hiele lân. It kryt, Jappe!

De accyns op it distelearre hat yn 1835 oer it hiele ryk opbrocht

2,911,947 goune. De accyns op it Nederlânske fet wier 12 goune, en dat

omslein oer it hiele kaptael jowt 24,266,225 kannen jenever dy de

Nederlânners yn dat jier oppreaun habbe. Dat kin noch al for sa ’n

gnappe, sedelike en godstsjinstige naesje as de Nederlânners, nei it

sizzen fen hjar sels, binne.

_Hessel._ Fjouwer-en-tweintich miljoen kannen jenever! Dat is

saun-en-tweintich miljoenen flessen jenever! Men scoene sizze, det se

’er de strjitten mei skrobje.

_Jappe._ Nou, it is rikelik genôch. Mar it is ek net for de goezzen

broud. Ljue, dy ’t barre mei, komt sa ’n forkwikkinge ta.

_Iebele._ Ljue, dy ’t barre mei? Dêr scil ’k dy op tsjinje. Yn de

hongerjierren fen 1847 en 1848 hienen de measte drankforkeapers ’t

foaral net minder as oare jierren; in bulte slieten wol de helte mear

jenever. En dat komt dêr fen dinne, det ho earmer de minsken wirde ho

mear as hja sûpe. Yn dy slimme jierren, by foarbyld wierne to Swol

allinne 162 patinten fen weardshûzen, tapers, kroechhâlders en sliters;

dat is, ien patint op de hûndert sielen. Ljue, dy it dwaen kinne,

drinke hjir to lânne yn ’e stêdden nou folle wyn, en de measte part

jenever wirdt troch de gemiene man brûkt. Stel mar, det se beide in

gelyk poarsje krije; en den scil ik noch iendris mei jimme rekkenje, en

dêr mei ôfdien. Jow my ’t kryt ’ris, Jappe!

Yn 1835 telde Nederlân 2,528,367 sielen, en dêr wierne 237,766

bidielden ûnder, dy for hjar poarsje 22,588 Nederlânske fetten jenever

lege habbe. It fet op 20 goune rekkene, habbe se forpreaun for

_f_ 451,760

Rimen en Teltsjes · 第 201 / 279 题