DE BOER EN DE HOANNE.

_Boer._ Hwet bistou greatsk! Hwet byldstou dy wol yn, heite? Dou

stapste der hinne as in darkert, ja, as in kening; by eltse trêd

hâldste dyn poat hwette yn ’e hichte en sjochste parmantich om dy

hinne, krekt eftstou seiste: Hwa is my allyk? En dat op in dongbult! It

stiet dy moai.

_Hoanne._ Ja, greatsk bin ik, mar dêr binne ek redens for. Ik stap as

in kening, omdet ik in kening bin; in kening mei ried en died.

[Yllustraasje: BY IT HIEM FEN SATHE WESTEREIN, PLEATS BY WOARKUM.]

_Boer._ Dou in kening?

_Hoanne._ Ja, ik in kening en faek in ruk better as ien, dy oer jimme

minsken regearret, tinke doar.

_Boer._ Kom, lit ’ris hearre, ho regearrestou den?

_Hoanne._ Ik hâld de wacht by nacht en by dei. Bigjint ’er in collega

fen my yn ’e bûrren to kraeijen, al is it yn ’t holst fen de nacht, ik

bin wach en kraei ek; ik tean, det ik ’er bin. As jimme noch miene, det

it piktsjuster is, den sjen ik al det de kjimmen hwette blank wirde, en

ik kraei it oer ’t hiele gea út: “Mannen, it is dei!” Astou ek mienste,

det ik liz to sliepen, as se my twa trêdden fen myn team ontstelle

wolle, den biste de planke fier mis, feintsje!

_Boer._ Nou fierder. Dou kraeiste goed, dat is wier. Dou haste in bek

as in sé; mar as de hânnen út de mouwe moatte, en it komt op stik fen

saken oan, ho den?

_Hoanne._ Den bin ik ’er ek, den bin ik krekt de man. Ik raem, ik byt,

ik pjuk, ik klau, ik stjit yn de hichte op, det ’er de fearren nei

stouwe. Ik siz kik noch mik; ik fjucht; ik fjucht as de dapperste held

ûnder jimme tinke doar; ik fjucht sa lang as ’er in drip bloed yn myn

ieren is, en de eagen hingje my al út de kop, foar det ik kamp jow.

_Boer._ Ja, mar, feintsje, dyn fjuchtsjen hat net folle yn de merse.

Hwent dyn hinkes scoene it nin krommel minder by in oare hoanne hawwe

as by dy. Dou fjuchtste mar út jaloerskens, krekt as ús dronkene

boerefeinten, dy eltsoar de bek opsnije om in moai faem.

_Hoanne._ Ik fjucht út jaloerskens, ja, mar ek út nocht. It is wier, ik

moat wol ’ris mei de stirt slypjende op de groun en in biblette kop om

in hinnekommen sjen; mar, jonge, aste ek ’ris wiste, hwet in wille it

is, as dyn fijne ûnderlaeit en toliter slein is, om den boppe op syn

bliedende en hymjende bealch to stean, en victoria oer de hiele bûrren

út to kraeijen; den scoeste de kâns ek al ’ris weagje.

_Boer._ Dou fjuchtste den út jaloerskens en earsucht; dos dou fjuchtste

for dy sels, en dou biste ek al nin hier better as de keningen oer de

minsken.

_Hoanne._ Nou, húsman, as dat den sa is, det ik for my sels fjucht, ik

doch it sels allinne ek ôf. Der is nimmen yn myn ryk dy fjucht, as ik

allinne. Der is ek nimmen dy in heale duit for de oarloch hoeft op to

bringen; hwent ik bitelje de kosten mei myn eigen hûd. Ik rop myn folk

net yn ’t fjild om myn rûzjes, dy ’t ik mei oare hoannen hab, út to

meitsjen. Dou seiste, ik bin nin hier better as de keningen oer de

minsken, mar as dy lilts op eltsoar binne, ef hja wolle eltsoar in flie

ôffange, ef hja loere om in hoeke lân fen hjar bûrmans hiem ôf to

skoerren, den is ’t gerop: _Te wapen! Uwe eer, uwe haardsteden en

altaren, uwe vrouwen en kinderen, uw goed en bloed zijn in gevaar! Op

de roepstem uws konings dan te wapen!_ En de ûnderdanen moatte faek

fjuchte as earme halzen for in ding, dat hjar nin botsen skele kin,

wylst de man, dy ’t egentlyk allinne oangiet, thús bliuwt en syn glêske

pons drinkt.

_Boer._ Nou, dêr scil ’k net fen sizze; dêr is al in bytke fen oan. Mar

dat foroaret ek njunkelytsen al. Fen âlds makken de keningen oarloch op

hjar eigen manneboet, mar nou wolle de ûnderdienen it al hwette mei

witte, omdet it op hjar hûd en jild oankomt. Mar né, sa as dou is by ús

de wisansje noch net. Dou dochste lykwol ek in bulte for dy sels; dou

fjuchtste út jaloerskens en earesucht, mar dou fjuchtste ek as in

hoanne út hoannichheit for dyn plezjirkes, feint!

_Hoanne._ Ja, plezjirkes haw ik, dat is wier; sa folle as ik mar út de

skinen sette kin; mar dêr bin ik ek tankber for. Ik doch in bult goed.

_Boer._ Sjen my dyn kammeraten ûnder de bisten ’ris oan; hwet in gelok

hastou boppe tûzenen! Is der in edeler bist as in hynzer? Sjen my dy

ljeave lytse fôleman, dy dêr mei syn moer oer de sleat rint to

boartsjen. Hwet in tsjep, fyn bisnien, nuver bistke is it! Scoe it yen

net grize, det men it forkeapje moat? Foar det it earme skepsel it ein

fynt, moat it earst noch troch tweintich boalshânnen gean. Mei in

mannich jierren wirdt it in âld knol, dy mear ferge wirdt hwet er

jierriger en swakker wirdt. Arbeidzje by it bealchfol; skriel foer; en

dat by de tomme heind; yn kjeld en snie faek oerwinterje yn de weide;

it boarst, ribben en skoften oan ’t blieden lûke, en den ta in salve

bruijen op de iepene rauwe bealch ta. As ’t alles omkomd is, ta lean

for al syn bodzjen it mês fen de filder troch de strôte en de hûd oer

de tromme. En dyn libben, it is ommers inkel wille; it is it libben fen

de Sultan fen Konstantinopel yn ’t midden fen syn harem.

_Hoanne._ Ik in Turk? Wrymmels net, Jelle! Ik bin in goed kristen

hoanne, lyk astou in goed kristen boer biste, En hwet dyn foarâlders,

de âlde Friezen oangiet, ik wier al de heechste yn ’t kristenryk, do

dat noch wylde heidens wierne; hwent do stie ik al boppe op alle

tsjerken en toerren, dêr kristenen wierne.

_Boer._ In kristen hoanne scoeste wêze aste in domenij wierste; hwent

dy kraeije, skraebje en bite ek wakker, as hja it wird _biskop_ hearre,

mar nouste njuggen frouljue allyk troud haste, biste in Turk. Dêr haste

de Ljouwter krante fen Smeuding; dêr kinste yn lêze ho de Sultan

libbet. Lyk as hy libbestou yn dyn harem, en dat is it hinnehok; hwa ’t

dy mar yn de kop komt smytste de bûsdoek ta, en ’t spil is klear. Dat

giet sa, de iene foar en de oare nei, en as de dei yn dat wirk forroun

is en de nacht komt oan, den sit dyn partelot, de earste Sultane, dyn

hertlapke neist dyn side to sliepen, wylst de oare fen de team hjar

lokkich rekkenje, det se hwet fierder ôf mei de greate hear op ’t selde

rik sitte meije. Hwet in wille! En dat giet sa dei út dei yn, it hiele

jier troch. Lijen haste net, lijen kenste net. Wirdste âld fen dagen,

en der komt in sike ûnder ús folk, dy in licht hoannesopke nedich het,

knik, draeije se dy de nekke om, en dou haste der west. It docht dy

noch minder sear as it lûken fen in losse tosk oan ús boi. De faem

stekt syn majesteit yn ’e soppanne, en it wetter, dêr de Sultan yn

útsean is, tsjinnet noch ta in forkwikkinge for in gammel sloof. Yn

glorie en wille haste libbe oan de lêste sike ta, en dyn lyk docht noch

goed nei dyn dead.

_Hoanne._ Forginste my dat, Jelle?

_Boer._ Ik bin net oerginstich. Mar ik kin it net bigripe, hweromstou,

hoanne, in hoanne, dat is gelokkich wêze moaste; en dat ljeaf fôlke dêr

hynzer wêze moat, dat is, ongelokkich. Us lânhearre seit altiten, as

der in diere-ivichheit is, dêr al it kromme fen dizze wrâld yn rjucht

makke wirdt, den hastou dyn lean wei.

_Hoanne._ Ja, mar ik doch mear goed astou tinkste, boer!

_Boer._ Dyn goeddwaen dat mei ek wol sa wêze; dêr scille wy net fet fen

sopje, feint! Kromme aeijen leiste ús by de roes. Dou biste sa loai

detste stjonkste; fjuchte, nou ja, dat kinste, en dat wolste eltse ûre

fen de dei, mar krekt as de greate oarlochshelden biste noch to loai om

út to brieden, hwetste sels trêdden haste. Hawar! dêr haste dy doffert,

’t ljeave bistke lost syn douke ôf; hja sit deis, en hy nachts to

brieden; mar dou, loaije stjonkert, litste ’er de earme hin allinne mei

oanpiele. Dat sloofke sit trije wike oan ien stik op de aeijen to

brieden; alle fearren broeije hjar fen it liif; hja liket wol fild op

hjar bleat-rauwe boarst; en dou sjochste der net nei om. Ja, dou haste

net in kerlke for de earme piken oer, en it is al folle detste dyn

eigen bern net op ’e kop pikste.

_Hoanne._ Nou, ja, dat ha ’k dy al sein. Ik bin kening, en as ’er ien

kening oer jimme is, dy de kream for syn wiif útleit ef syn lytse bern

himmelt, hingje my den mar op. Mar myn wyfkes dy doch ik goed, en ik

trotsje de bêste kening út, dy better for hjar soarget as ik. Skraebje

ik de hiele dei net yn de groun, yn ’t gêrs, yn de rúchskerne en wech

ende wear? En as ik in kerl ef in wjirm fyn, rop ik den net altiten

fen, tuk, tuk, tuk! Stjerre scoe ik ljeaver fen honger as in grizelke

yn de mûle stekke foar det myn hinkes hjar biderf hawwe. Sjoch ’ris,

binne se net fet en tierich? Ha ’k se net yn steat brocht om it brieden

út to hâlden, en for myn jonges en famkes allinne to soargjen? En hwet

in skreits bin ik! Ik bin ommers sa meager as in range. Né! Jelle, ik

doar myn kaem skodzje det er klapt, as ik keningen ûnder de minsken

sjen, dy sels skatryk wirde, wylst de ûnderdienen swietkes wei

útdroegje. Eltse Hohenzolrnsman op klompen seit tsjin hjar: _Ha, bruder

mein!_ Hja witte net hwet hja ite wolle, en miljoenen fen hjar folk

witte net hwet hja ite scille. Hja witte net ho útwreidsk en oerdwealsk

se hjar wol optakelje scille, en miljoenen fen hjar folk rinne hast

neaken en bibberje fen kjeld.

_Boer._ Hou, hou! Dou gieste ’er mei feart út. In ryk is nin hinnehok

en in kening nin hoanne. In kening kin net fen in kerl ef in

keallegêrskje libje. Dou wiste ek sa goed as ik, det in kening moat as

in kening yn pracht en hearlikheit foar ’e tried komme; oars leauwe se

net oan him en syn macht om oarder to hâlden. Dou strûzeste dêr oer

hiem en dongbulten hinne mei lange spoaren oan de learzens; in takkelde

kaem, sa read as kralen, fierste op de edele kop; twa lellen bloed

litste bingelje ûnder dyn kin; in rôk mei goudene knopen en grien

flewielen opslaggen haste oan; en den noch in stirt fen bonte fearren,

dy dy mei in nobele swier efter it gat swypkje en neibôgje. As ’er de

sinne op spilet den wit men wrychtich net eft men goud en juwelen

flonkerjen sjocht, ef side en flewiel. En dou fordomste ’t ek al om ’er

lang mei to rinnen! As ’er it minste sprûzeltsje oan komt, litste ’t

pak by stikken en brokken by dy del falle, dou skopste ’er as fodden yn

om, en tsjochste in splinternij oan. Dat dochste yn dyn keninglike

oerdwealskens alteas elts jier iendris, en nou biste lêbich, det ús

keningen hjar ek nei hjar steat yn ’t brat stekke, en dêr in bulte jild

for útjane. Dou haste goed sprekken; dy groeije de klean oan de bealch,

en hja, dy sa neaken as in swel to wrâld komme, moatte ’t ommers keapje

for ’t jild, dat wy hjar jane. In swan hat syn fearren krekt sa goed

nedich as in mosk.

_Hoanne._ Dat witte de bern wol, Jelle! Mar ik siz nou mar ’ris, jimme

wirde der neat better troch. As de harder in baitsje oan hat fen

flewiel, in hoed mei silveren lutsen en reade plommen, en in staf mei

poarper strûzen hat fen goud, dêr scille de skjippen nin byt better by

farre, as det er yn pij klaeid is en in iken stôk yn ’e hânnen hat. Mar

sa binne jimme minsken. Jimme leauwe oan nin kening as er him net op

jimme kosten oppronket. Den earst kin de kening syn hoanne kening

kraeije, as syn pracht jimme blyn skynt for jimme eigen jild.

_Boer._ Kinste Fransk?

_Hoanne._ Né; hwet Fransk! Ik kin net iendris lêze, myn ljeave man.

_Boer._ Dou praetste oars omtrent krekt as de Fransken foar in sauntich

jier. Do krantte ús heit wakker, en den hearde ik dêr alle dagen op

omtongerjen. Ef sit ’er den Fransk bloed yn dy? Biste in Franske

hoanne?

_Hoanne._ Ik bin in echte Fryske hoanne. Myn mem hat my to Frentsjer yn

’e bocht fen Guinea lein. Ik bin to Lollum yn de pasterij útbret en

opfet. Domenijs Hindrik hat my to Bolswert oan dy forkoft, en sa bin

ik, astou wiste, hjir to Westerein komd. Ik stean hjir op in âlde

groun, dêr dyn foarâlders twatûzen jier tsjin de tirannen for fochten

habbe. Nin foet kinstou hjir sette, dêr nin heldenbloed fen hjarres for

ús frijheit yn sipere is. Spat it net tsjin dy op? Fljucht it dy net yn

de eagen, noustou my foar de skinen smytste, det ik in Franske hoanne

bin, omdet ik praet as de âlde stânfriezen? Dou tinkste ommers net, det

hjar âld soun forstân en de nije Franske franjes, dy op guillotine en

tirannij útdraeiden, it selde ding wierne?

_Boer._ Nou, dêr seiste hwet, hoanne, dat koe de planke wol net ’ris

fier mis wêze. Us pake dat wier in âld-frinzich keardel en in Fries op

en út. Dy mochte nin Franskman sykjen hearre; mar dy praette omtrint

krekt en allyk as dou. Nim it my net kwaelk; mar de smousen, dy de

kranten skriuwe om ús jild yn hjar pong to krijen, meitsje ús sokke

fabels wiis.

_Hoanne._ Né, ik krantsje net. Ik kraei mar út myn dom hoanneforstân,

mar dat is den dochs noch better as it getsjanter fen de toalf stammen,

dy kranten skriuwe en lotterijbriefkes en brillen forkeapje, om de hân

yn jimme pong to krijen.

_Boer._ Dou seiste al gedurigen, ik kin net lêze. Dat flouste ommers,

hoanne. Do ’k in bern wier, ha ’k dy wol tûzenris yn ’t A-bie-boek

sjoen. Dou stoeste ’er foare yn flak tsjin it A-bie oer; en dêr stie

ûnder:

Gelijk de wakk’re haan tot kraaien is genegen,

Zo laat u, jonge jeugd, tot onderwijs bewegen.

Dou wierste in eksimpel for de bernkes; dêrom hjitte it ek in

Hoanneboek. As hja fregene, ho fier is boi hinne? en hy wier noch yn ’t

A-bie-boek, den wier ’t: “Hy is noch yn ’t Hoanneboek”. En nou seit de

hoanne sels, det hy nin A foar in Bie ken.

_Hoanne._ Nou just. Sa lang ik yn ’t A-bie-boek wier en alle letters

jimmer foar myn snavel hie, koe ik alle letters op in prik; ja, ik koe

ek noch boekstaverje A Bie, ab; E Bie, eb; O Bie, ob. Mar nou bin ’k

’er al fyftich jier útskopt west; wolste wol leauwe boer, det it my

allegearre skjin forgetten is?

_Boer._ Ja, mar in ding moat ûnderhâlden wirde. Dou pielste der ek net

mei.

_Hoanne._ Ja, wol, piel ik ’er mei. Ik hab lêsten al ’ris yn de

finsterbanken sitten en harke, do de master út it Heidenskip jimme

Rindert lêzen learde; mar dêr koe ’k nin grizel fen fetsje. De master

wiisde op in printke en frege: “En wat is dat?” “_In Lodde_”, sei

Rindert. “_Het is een spâ_”, sei master. “Is dat sa?” frege Rindert oan

in Ljouwerter, dy ’er by siet. “_Né, jonge; dat is op syn Luwerdersk

’en leppe. Mar mogelik is ’t Hollansk_”. “_Né_, sei Freark

Dimter-farjer fen Bolswert, dy der ek by siet, _Né, it is geen

Hollansk. Te Deemter-en-zo dar segge se altiten fan skup_”. “_Ja_, sei

de Hollanske hear, dy jou span bleskes keapje woe, _maar Deventersch is

Overijselsch, geen Hollandsch. Spâ is Hollandsch, zoo als ’t gemeen

spreekt, maar een fatsoenlijk man zegt spade, en zoo ziet men het ook

altijd geschreven en gedrukt. “Nou, den mar spade_”, sei Rindert. “Né,

sei master, _spâ_, hwent oars komt it net út. _Spâ_, _A_.” En dat wier

nou om de a to learen! Mar do Rindert oan de _Bie_, _Die_ en _Effe_

kaem waerd it noch mâller. Dêr moast er tsjin sizze _be_, _de_, _fe_;

hwent dy hienen nin klank, en dochs moast hy se útsprekke. Nou, dat

giet fier boppe myn hoannebrein. Nei myn dom forstân kin ik net

kraeije, en dou nin letter neame, al is ’t noch sa sunichjes, as it hat

in lûd.

_Boer._ Der is dochs noch in bytke fen oerbleaun, detste in pearhûndert

jier yn ’t A-Bie west haste. For in hoanne praetste ’er moai tûk oer.

Mar detstou dat mei dyn hoannebek net útsnetterje kinste, dat tanket dy

de divel! Dat kin Prinsen fen Haerlem allinne, dy ’t útfoun hat.

_Hoanne._ Ik wit it net. Mar it liket my ta, det de Friezen wakkere

onnoazel wirde. Hja litte hjar troch domme Hollânners yn ’t lêzen en

troch Juda en Israel yn de polityk ûnderwize.

_Boer._ Hwet wolstou mei polityk sizze? Det wy ljeaver nei smousen

harkje as nei ús dimmene foarâlders? Wolstou sizze, det wy it bigryp

forlern habbe fen de echte âlde Fryske frijheit?

_Hoanne._ Kukelekoe!

_Boer._ Nou, nin oerdwealskens! Fiele wy net mear, hwet Fryske frijheit

is?

_Hoanne._ Kukelekoe! Kukelekoe!

_Boer._ Dou biste in greatske gek. Der is nin wiis wird mear mei dy to

sprekken. As sa ’n Fryske hoanne it wird fen âlde Fryske frijheit

heart, wirdt er pûr gleon; den kraeit hy it út.

_Hoanne._ Kukelekoe! Kukelekoe! Kukelekoe!

_Sate Westerein._

J. H. H.

Rimen en Teltsjes · 第 198 / 279 题