(_Iebele, skriuwer fen de siktaris, en Jappe tromslagger, sitte yn de
stoepe fen Joute-baes to petearjen._)
_Iebele._ Dat bigjint der mei Joute-baes poatterich út to sjen. De
barbierstôk heal ôfbritsen; it hûs út de ferve; in partij pannen fen de
stoepe ôf; in pear ruten mei skriften biplakt. It giet swietkes op in
ein mei de man.—_Jappe._ As de gevel fen syn hûs sa moai wier as fen
syn troanje, den wier ’t in paleis. Syn noas is allehiel
forgulde.—_Iebele._ Ja, fol snijwirk der by. Mar hwet scille men sizze?
Jeneverke is der yn, en den giet it sa.—_Jappe._ Ja, en dat is oanboaze
sont er sels in slok forkeapet.—_Iebele._ Ik tink, det hy sels de
greatste minger wol wêze scil.—_Jappe._ En syn wiif spijt der ek net
yn.—_Iebele._ Nou, dat wol noch al jamk sa wêze, as de frouljue oer de
fyftich komme. As de iene streling ophâldt, moat ’er ien ef oar wer
wêze. Mar it koe hjar wol ’ris gean as Foâk-omme en Gadske-moije, dêr
ús pake selger altiten fen forhelle.—_Jappe._ Hwet forhelle hy
den?—_Iebele._ Dat wierne in pear âlde ljue dy yn ’t Goutumer dykhúske
wennen.—_Jappe._ O, dêr de Grousters en de Wirdumers Snjeon-to-joune
altyd oangongen, as hja fen de Ljouwerter wykmerke mei in lyts sûske
wer nei hûs pongelen.—_Iebele._ Krekt. Nou, dy âlde ljue krigene alle
beide smeits yn ’t koart gûd en pimpelen swietkes mei eltsoar hinne.
Hwet hja mei de gnirkerij woun hiene rekke gau op, en op it lêst
hâldden hja neat oer as in inkel moai bjizzemstûrke, dat noch in
poatstik fen Gadske-moije wier. Nou tochten hja: de houn dy ús biten
hat, moat ús ek wer genêze; hwet wy mei de drank forspile habbe, moatte
wy ek mei de drank wer winne.” Dêrom woenen hja oan de geande en
kommende man in sûpke fortaepje, en sloegen in kwartke jenever op by
Hannema to Harns. Do hja datte op ’e taep hiene sei Foâk-omme tsjin syn
wyfke: “Kasteleinske, jow my in romerfol, ljea’.” Gadske-moije tape him
in fiks sûpke en waerd bitelle mei ’t bjizzemstûrke. In amerij dêrnei
sei Gadske-moije oan Foâk-omme: “Kastelein, jow my ’ris in sûpke mei
Berenborger; ik hab hwette kjeld op ’e mage. Dêr habb’ jy in stûr.”
Foâk-omme naem de stûr oan, en joech syn wiif in romerfol, en wer
skoane mjitte. En dat stûrke gong sa lang oer en wer oer, det it hiele
kwartke op wier.—_Jappe._ Dat wier in drokke nearring; mar it kaptael
dat ’er for kaem wier en bleau in stûr.—_Iebele._ Dat is neat; sokke
stûren sweevje der ek altiten op ’t greate kantoar om. Foâk-omme brocht
it lege fetke mei de stûr oan de barnder to Harns. De man seach by de
noas lâns, en frege: “Hwet hja for de jenever nomd hiene?” “Wel, krekt
as oare kasteleins; de romerfol in stûr, sei Foâk-omme; “hawar! dêr
habbe jy ’t hiele kaptael, dat wy ynbard habbe. Gadske ef ik habbe der
nin duit fen opstitsen.”—_Jappe._ In gnappe rekkening. Ik tink, ’t
einkebislút mei Joute-baes scil nin hier better wêze. It moeit my fen
him. It is dochs sa ’n minnen keardel net, en der sit in flinke kop op
him; dy moat nou yn de jenever smoarje. Scoeste nin rie wite, Iebele,
om him de drank wers to meitsjen?—_Iebele._ Dêr binne nin krûden for
woechsen. Al sjen se de hel barnen, en de divel sei: “Dêr scil ik dy
ynkeile astou in drip wer nimste, drank moatte se hawwe. Dêr scil ’k dy
in nuver set fen forhelje. Ef wiste hwet der mei Bonsen Pilger lêsten
bard is?—_Jappe._ Mei Bonsen de hynstetysker? né.—_Iebele._ Krekt, dy.
Hy kaem alle jounen dronken thús, bruide syn wiif en sloech it gûd
stikken. Op ’t lêst foun de sweager, in âld bysjager, hwet út om him to
bikearen. Hja joegen him in rûs as in kartou; biklaeiden him as in lyk,
en leinen him yn in deafet. Tsjin det hy wekker waerd, setten se in kom
mei barnende foarloop op ’e groun del, dat in blauwe lôge joech en dêr
gongen seis fen syn kinde, forklaeid as divels mei hoarnen op ’e kop,
om hinne sitten. Bonsen waerd wekker; biseach de mouwen fen syn
hennekleed, dat er oan hie; stiek de kop út de kiste, en seach de
ougryslike swarte divelskoppen mei wite tosken, dy de wjerskyn fen dy
blauwe lôge noch ougrysliker makke. “Hwer bin ik hjir, mannen?” rôp
Bonsen to lêste. “Yn de hel!” brimden al de divels. “De hel! de hel!”
sei Bonsen, “Ei ju! En hwer forkeapje se hjir den bêste
Hannema-jenever?” Mei ien helle er in bjizzemstûrke ta de
ûnderbroeksbûse út, en sei tsjin ien fen de satans: “Hawar, heite!
Helje dou my as in man dêr ’ris in pear romerfollen for. Den scilste ek
mei priuwe.”—_Iebele._ In skoane bikearinge! Ja, sa giet it. En hwet it
langer dûrret, hwet it slimmer wirdt. As de minske âld wirdt, stjerre
njunkenlytsen alle mâlle flinken en raenjen yn him, allinne it sûpen en
de gjirgens net. Ho âlder wy wirde, ho earniger en drankswieter. Dat
binne twa divels, dy al sterker yn ús wirde hwet al ’t oare earmer en
lytser yn ús wirdt.
_Ynse_ (_in skipper op de Eastynjen, dy op dit praetke ynkomt_). En
dochs wit ik ’er in probatum rie for. As ’t net helpt, kinne jimme my
frij kielhelje.—_Jappe._ Dat wolle wy wol ’ris hearre, skipper. It kin
to pas komme, en den scil ik it op ’e tromme bringe.—_Ynse._ Ja, maet,
mar it giet om dea. Der komt fen de patient faek nin rabantke to
lânne.—_Iebele._ Nou, den is der noch net mear om hals as in sûpkeal.
Hwet er langer libbet, hwet er greater baerch wirdt en mear in lêst en
skande for wiif en bern. Dea ef better wirde, is de baes.—_Ynse._ Ik
bin nou thús komd fen Soerabaya, en dêr wier ik yn ’t hospitael mei
sike soldaten. Dêr brochten se my ek by in soldaet, dy in flesse mei
jenever neist him hie. “Dat is in swiet drankje,” sei ik. “Ja, sei de
dokter, it is in drankje om de drank mei ôf to learen.” “Mei ôf to
learen? sei ik, “sa bryk kin ik ’t net oan.” “Ja, mei ôfleare, sei de
dokter; as de korporaels de dronkenskip der mei nin bamboezen útbruije
kinne, den krij ik se yn de lapdoaze. Ik scil in sûper noait de jenever
onthâlde; hwent den wirdt hy der noch slijer nei. As er om in
healfearnke freget, bring ik him in dikkop; freget er om in dikkop, ik
skink him in healmingelen. Dat bealget den sa lang, det er stomdronken
is en yn ’e doljorum falt. Wirdt er nou wekker, den hat er troch de
hetsichheit fen dy drank in barnende toarst; as lear forskrokke, is syn
earste fraech nei kâld wetter. Yn pleats fen wetter bring ik him in
tsjettelfol jenever. Ik bring ’er him in stik brea by, dat ik yn
jenever dipt hab, en in panfol seane ryst mei in souske fen in mannich
leppelfollen jenever der oer. Dêr barnt hy den as de hel fen toarst!
Drinke moat it sûpkeal, eft er wol ef net, en omdet er neat oars fynt,
slacht er al wer jenever yn. Mei eltse swolch wirdt de brân
onhiermliker. Oalje jit er yn ’t fjûr, dat er úteaze wol. Hy beart en
stampfoetet as in biseten skepsel; hy flokt alle divels út de hel op om
wetter, mar nin drip, nin inkel dripke wirdt him ta lavenisse
jown.—_Iebele._ Dat liket wol nei de rikeman yn de hel. Mar hwet is ’t
ein?—_Ynse._ It eintsjebislút is, det de sûper heal forbrând fen binnen
en pûr razend fen toarst yn in grousomme tsjinst falt, dêr de measten
foar opstrûpe, mar dy der troch komme binne yn ’e groun genêzen. Hja
meije nin jenever rûke ef sjen; as hja it wird fen jenever hearre,
moatte hja koarts spije, sa ’n ynnige walge habbe hja oan ’t gûd. To
Soerabaya, sei de dokter, hie er in bulte soldaten mei dit middelke
holpen, mar noch folle mear op ’t tsjerkhôf brocht.—_Iebele._ Better,
skipper, det hjar kringen it ierdryk bidongje ûnder de deaden, as det
hja langer in stank en in walge ûnder de libbenen binne.—_Jappe._ Dou
gieste der út mei koegelsfeart, Iebele. Scoene wy ’t net hwet sêfter
mei Joutebaes oanlizze kinne? Hy is oars in bêst kearel, en wy binne
hjir net yn Eastynjen.—_Ynse._ Nou, dat siz ik ek. Yn Eastynjen komt it
op nin aep oan.—_Jappe._ En yn ’t fean net op in turf. As wy him ’ris
ta lid fen it _Matigheids-Genootschap_ krije koene? Hwet tocht dy dêr
fen?—_Iebele._ Nou, bisiikje it mar ’ris. Hy scil ’t mei de gek
bislaen, en dou scilste der noch sneu ôfkomme. Mar hwet boerd hat er
hjir boppe de doar hinge? Dat moat ik earst ’ris lêze. (_Iebele lêst_).
“Hjir wirdt skeard met Dútske messen; mar jimme moatte mei Hollânsk
jild bitelje.” (_Iebele giet mei Jappe en Ynse yn de skearwinkel._)
_Iebele._ Dêr habbe jy in gnap printke foar de doar hingjen,
Joute-baes.—_Joutebaes._ Foldocht it hwette? _Iebele._ Ja, mar ’t kin
noch moaijer.—_Joute-baes._ Lit hearre. Dy ’t wit moat ’t
sizze.—_Iebele._ Ik scoe ’t sa meitsje:
Lânsljue!
“Hjir is de skearwinkel fen Joute-baes. Us lân is fordield yn ljue dy
skeare, en yn ljue dy skeard wirde. Pas op, det jimme komme ûnder de
minsken dy skeare; dat is profytlikst. Mar kinne ef meije jimme net mei
’t mês omgean, kom den by Joute-baes. Hy docht oars as syn collegas. Hy
nimt jimme ’t bird hiel sêft en bileefd ôf, en yn pleats fen 21 sinten
is hjir it skearjild mar in botsen.”—_Joute-baes._ Dêr scille wy neat
fen ha; hwent as jimme allegearre ’t mês opnimme, den hab ik dien
wirk.—_Iebele._ It hat nin need, baes. As jy in pear tûzen goune
tractemint hiene, en ’er in bytke mear as neat for diene, en ’er ek
neat mear for hoefden to witten as _twaalf-maal-twaalf is
honderd-vierenveertig_, lyk as de ontfangers, ja, den scoe ’k it spil
ek net stean; mar nou je mei skearen en skoenmeitsjen amper in dukaet
yn de wike winne, scil nimmen jo ’t mês út de hânnen
nimme.—_Joute-baes._ Dat is gekkepraet. As der ien fen myn collegas
stjert ef syn gaezjemint kriget, den binne der wol fyftich, ja, soms
wol hûndert, dy de flecht op de skearwinkel habbe, en dêr krûpe,
flaeije, kringe, wrotte, wrame, lige, en lasterje se den om yn ’t plak
to kommen. Hwet woestou prate, Iebele, det nimmen my binijt? Der is sa
’n greaten banjer net yn dit lân dy syn soan net for de skearwinkel
opbringt. Sa gau as it boike yn ’e widze laeit, tilt de faer it
gerdyntsje op, sjucht syn soan oan, en lústert sêft, sa det de
kreamheinster it net heart: “Tink dou mar nearne om. Dou scilste ek út
it greate ieslok ite.”—_Ynse._ Nou, ik moat sizze, it is in bêst
farwetter. Yn de hannel en skipfeart giet it biteljen jamk sa hird as
in lûs op in tarre kleed. Mar yn de skearwinkel is ’t jild by de fisk.
Jonge, maet, as de krediteur de debiteur koartjan op de kiel hat, den
komt de lêste duit mei in amerij los.—_Jappe._ Sa komt it út, der moat
skeard en der moat bitelle wirde; as men mar gau, sêft en bileefd
skeard wirdt. Mar dêr skilt by tiden rju folle oan; dat hab ’k forline
jier ’ris to Warkum ûnderfoun.—_Joute-baes._ To Warkum? Ei, ju! Hwer
sjippen se dy dêr mei yn? Mei brij?—_Jappe._ Né, mar sûnder gekheit;
dat stie der bryk by. Ik kaem dêr mei Olfertboer, dy in pleats oer de
Hoarsa hiere woe. It wier krekt Warkumer merke, en foar det wy nei
lânhearre gongen, woe ’k my earst skeare litte. Sa roun ik by de
Hynste-brêge in skearwinkelke yn, en sei: “Baes, kinn’ je my de bird ek
ôfnimme?” “Ja wol, sei de man; gean jy sitten.” Ik foel djip yn in
brede briedstoel del, en seach ’ris roun wylst baes syn spillen
klearmakke. It wier allegearre tsjep en sindelik as de brân. De treeft
en ’t earnen gûd wier glêdskjirre, det men der yen wol yn spegelje
koene.—_Ynse._ Ja, mar dat wier ’t wirk fen de frou; wy moatte mar
witte, eft de baes de man wier dêr er for oan boart kaem.—_Jappe._ Dat
hie der wol oan. Ik lei de holle efteroer op it beklingsbankje del en
’k waerd ynsjippe; mar do de baes de fingers op myn troanje sette, wier
’t krekt eft my in lôge biwalme, sa hjit wierne syn hânnen. Mar it
slimste wier binefter; do er oan ’t skearen kaem, dounse my dat mês op
de kop om, sa staetten him de hânnen oan. Sa lang as dat by de kevel
bleau, telde ik ’t net; mar do er my mei dat flimige skearmês op de
strôte bigoun to kiteljen, toft ik, dat giet om dea. “Hwet skilt jo,
baes?” sei ik. “Neat, man, sei er; “ik bin sa frisk as in nút. Ho sa?”
“Wel,” sei ik, “it is krekt eft je in kwea consjinsje habbe en my
slachtsje wolle, mar det je net goed doare. De hânnen ridelje jo. Kom,
jow my ’t skearmês eris.” Dêrmei ik sels foar in lyts skylpodden
spegelke oan ’t skraebjen, mar dat waerd gau fillen. De earste streek
de bêste roun my ’t reade sop mei in strael it kin del. Ik joech de man
in stûr, en frege him eft er dêr tichte by nin oare skearwinkel wiste.
Mar dat wier poetsje ’t each út, baes wier prot en woe kik noch mik
sizze. Mei myn heal bird roun ’k as in tsjeaf de doar út, eang det my
immen sjen scoe. Gelokkich kaem my myn collega, Jan Tamboer, to mjitte,
dy my nuver oanseach, en frege: “Biste yn de rouwe, Jappe?” “Né, sei
ik, “ho den?” “Wol, dou rinste, sei er, mei in healskeard bird krekt as
myn bûrman Joël, de slachter, dy okkerdeis syn heit forlern hat.” “Nou
ja, sei ik, mar wiis my mar gau in goed barbier.” Hy wiisde my in hûs
yn de baginestrjitte dêr in earnen bekken úthinge, en in barbierstôk ta
de gevel útstike, dy wyt, read en blau ferve wier.—_Ynse._ O, dêr efter
it stêdhûs.—_Jappe._ Krekt. Nou dêr ik yn. Do de baes foar my stoe, en
de sjippe hwette yn ’t bekken klitste, seach er my wiles mei sa’n skeef
en bitinkelik each oan, krekt eft ik him net bitelje scoe. “Ho wjirmen
is ’t nou, baes? sei er op it lêst; “in heal bird? Jy binne noch net
ienders in goe Fries; dy binne troch de bân allehiel skeard, oars?” Do
’k him de set forhelle, skettere de man ’t út fen laitsjen. “Dat tanket
jo de koekút, sei er do: “it wier jister de bêste snein yn de marke, en
nou is myn collega fen nacht oan de gyl wêst. Fen ’e moarn to fiif ûre
hie er in stik lead op ’e holle, det ’k tochte, daelk saeit er yn ’e
dolte. Sliepe koe er net, en do hat er ta tydkoartinge in skippoun
mannich tsjiis wreaun, det him ’t swit de kop del roun. Bigripe jy nou,
hwerom him de hânnen ridelje?” “Klear”, sei ik, “as de dei”. Ik joech
de man in stûr, en gong mei Olfertboer nei de lânhearre, en do wy de
doar yngongen, sei ’k tsjin Olfert: “Hjir is nou dyn skearwinkel.” “As
dat sa is, sei Olfert, den hoopje ik det ik der ôfkomme scil as dou;
namenlik, healskeard.”—_Iebele._ Dat liket my nuver ta mei dat
rideljen; jo ek net, Joute-baes? ’t Tsjiiswriuwen moat it dien ha, mar
oars ridelje de jeneverljue net, as der mar goed foer yn sit lyk as mei
de skearbaes. As hja jouns de mage der in tommebreed ûnder set habbe en
de moarns de krêft der út bromd, den moatte hja earst al in
wjirmforskrikker habbe, foar det hja mei de hânnen hwette útrjuchtsje
kinne.—_Joute-baes._ Dat giet mei in minske, Iebele, krekt as mei in
haloazje. As hja ôfroun binne, moatte hja wer opwoun wirde, en it kaike
is bêste jenever fen Koatstertille.—_Jappe._ Wol to forstean, by in
jeneverminske. De houn dy him jouns biten hat, moat him moarns wer
genêze, en dy byt him krekt sa lang det er yn flarden skoerd
is.—_Joute-baes._ Hearstou ek hwette fen de separatisten,
Jappe?—_Jappe._ Né, as det it troch de bân goede ljue binne, dy hjar
stil by hjar bidriuw deljane en dêr men wol steat op meitsje kinne. Myn
sweager, Aukebaes, hat in pear timmerfeinten dy separatist binne, mar
hy seit, as hja allegearre sa binne, den woe er wol det al syn foltsen
separatist wier. Mar ho freegje jy dêr sa nei,
Joute-baes?—_Joute-baes._ Myn sister Marijke is der ek by komd, sont
hja sa mei de limoer oanhelle is, en nou scoe hja wol sjen det myn wiif
en ik mei de einen yn ’t kroas fen de sleatten omgrûdzene.—_Jappe._ Ja,
yn de drank habbe hja de divel sjoen. In domenij, dy moarns in goed
slok drinkt, kriget seis wike by hjar, en lêsten habbe se ien in moanne
ûnder de preekstoel set, omdet er yn ’t _Matigheidsgenootschap_ gien
wier.—_Joute-baes._ Dêr habbe se gelyk oan. Nou wit ik net, eft ik ek
nin separatist wird.—_Iebele._ Ho kaem dat sa bryk?—_Jappe._ Wol, hja
seinen, immen dy net sûpt en him sels bitwinge kin, hwet hoeft dy him
sels mei hânteikening to binen en oan keattingen to lizzen? Dat dogge
allinne sûpers, dy oars nin macht genôch oer hjar sels
habbe.—_Joute-baes._ Nou wirdt it wer hwette oars. Mar ús Marijke hat
it net allinne tsjin dat onskildich dripke, dat ik nim; mar forline
snein hab ik ’t noch oars by hjar forbruid—_Iebele._ Dat hie Bauk
jister al yn ’e bôlkoer. Mienste dat net fen de hoanne?—_Joute-baes._
Dat is ’t. Wol, ik hie der allehiel nin erch yn; mar forline
snein-to-moarn in bytke foar njoggenen roun ’k efkes by hjar yn; hja
wier al mei in fleet fen hjar kaliber nei in boereskûrre ta, dêr ien
fen hjar domenijs ’t wird die, mar de faem wier thús. Sa kaem ik efter
by de bleek, dêr de hoanne yn in fjirderskoer stoe, mei in net ’er oer.
“Scille jimme hjoed in sopke ha?” frege ik de faem. “Né, sei hja, “ho
komm’ je dêr by.” “Wel, sei ik, en wiisde op de hoanne; “ik tochte det
dy baes der oan moast. Hwet docht er den yn de koer?” “Frou tinkt, sei
de faem by de noas lâns, en hja glimke wiles, “frou tinkt, det sneins
in hoanne yn ’t hok nin pas jowt.” “Moat dat bist ek al sabbath hâlde?
sei ik; “ik kin wol sjen, ljea’, det dyn frou nea net troud west is.
Oars scoe hja alle herten by hjar eigen tinke, en de hinkes net sûnder
man litte. Pastoarske, masterke, myn wiif, dy minsken habbe ûre noch
wille, sa lang as ’er gjin hoanne wer yn ’t hok is. En sa tink ik ’er
ek oer.” Mei ien skoerde ik ’t net fen de koer los en soalde de hoanne
yn ’t hok. Nou, der wier wille yn Jerusalem! dat kinne jimme tinke.
Skraebje, kerlke siikje, kok! kok! kok! roppe oan syn weitene
jifferkes; om hjar hinne bôgje, en wiles de wjukken as in bileefd
tsjinner lâns de groun slypje; dat wier ’t wirk fen in eagenblik. De
tapassinge wier, det de sultan ’t hiele serail yn de fearren siet, en
ta slot victoria kraeide oer alle separatiste fammen, dy de limoer
hienen.—_Jappe._ Dat is sa moai, det it hast net moaijer kin, en men
moatte foartgean, as it op syn moaist is. Dei jimme
allegearre!—_Joute-baes._ Ja, mar dou hoefste it net op de tromme to
bringen. It is al ûnder de frouljue!—_Iebele._ Is de bar oan
my?—_Joute-baes._ Ja, fal del.
_Hessel_ (_in ielskipper op London_.) Goe’n dei, foltsen!—_Joute-baes._
Wolkom thús! Biste wer by honk? In goede reis hawn?—_Hessel._ Sa
matichjes. Ik hie in poun mannich tabak oan boart; dêr hiene se my
omtrint mei snapt. Dat reau fen Ingelske kommizen hat my de mêst en de
hiele aek mei hammers bitikke, eft ’er hjir ef dêr ek forholen gatten
wierne, dêr wy slûkersgûd yn hiene; it is lykwol noch al goed biteard.
Hja habbe neat foun.—_Joute-baes._ Ha jimme ’t goed mei de iel
hawn?—_Hessel._ Nou, dat mei sa wol wêze. Der is ús in bulte ôfstoarn;
ik leau wol tûzen poun. Sont de sjeachtme yn de bargen west is, is ’t
ek yn de iel, en dat wol mar net ophâlde. Wy habbe soms ek noch wol
’ris lêst fen de fochte fen dy koaltarfabriken, dy yn de Theems
útrint.—_Iebele._ Myn wiif hat my frege, Hessel, eftstou hjar fen
Londen it thégûd ek meibrocht haste?—_Hessel._ Dêr habbe wy in skean
ongelok mei hawn. Sa as se my de koer mei pastelein oan boart brocht
hiene, komme der in pear skeve fiskwiven by my om iel. Oan boart founen
se in pear fordroege prûmkes, dy de feinten útspein hiene; dy treauwen
hja yn hjar koarte einkes piip en stieken do ’ris oan. Hja dampten, det
hjar de reek boppe de kop fleach, en do elkoar kitelje en hompe, en oan
’t mâlfarjen; det de iene mei ’t grouwe dronkene gat yn de koer fen dyn
wiifs pastelein foel; ik hab neat oars meibrocht as in partij diggels,
dy allinne goed binne for ús lytse Beits om ’er mei to
pronkjen.—_Joute-baes._ Is dy Ingelske jiffer ek mei hjar gat yn myn
skearmês fallen?—_Hessel._ Dat woe ’k wol; mar dat is bihâlden bleaun.
Dêr habbe jy ’t.—_Geale-boer._ Binne dy nou sa folle better?—_Ynse._
Dat scoe ’k leauwe. Sjoch, dêr liz ’k nou in hier op ’t ich; blies der
’ris op. (_Geale bliest, en it hierke fljucht yn twaën._)—_Geale._ As
in flime, hê? Mar kinne jy de Dútske ek sa net slypje,
Joute?—_Joute-baes._ Hwerom net? Mar dy geane aenstons omlizzen, en de
Ingelske witte fen nin fyftich âlde birden to sizzen.—_Geale._ Hwer
komt soks by to pas?—_Joute-baes._ It Ingelske stiel en de timpering is
better. En dêr komt by, de Dútske messen binne breed en tin-blêddich,
en rinne mei in ynpannige bocht fen de rêch nei it ich ta. Dêr troch
skeppe se, en as se net fjûrskerp binne, den snije se de birdstoppel
net allinne, mar wippe dy der ek út. Dêrom lûke folle Dútske messen sa,
en dogge sear. De Ingelske binne smeller, mar steviger, hwent hja rinne
as in beitel by de ich ta. Dêrom snije hja wol, mar om hjar stevichheit
lûke se nea net, en as se net skerp binne, sear scilste dy net dwaen,
mar dou kinste der neat ôfkrije.—_Geale._ Ja, sa binne de poepen. It
kin hjar neat skele as se ’t ’er ús ôfskeare ef ôfskoerre, mar alle
rûchte, dy wy op de bûse habbe, moat ’er ôf.—_Joute-baes._ Praetste fen
de fyndoekspoepen?—_Geale._ Ja, fen dy flienske poespassen, dy ús
frouljue allerlei bellen en flarden oansmarre, en as der op ’t ein net
gauwernôch jild komt, it de earme boer ta bislút mei parate executie
fen de bealch skoerre. Mar siz my ’ris, Joute, as de Ingelske
skearmessen sa folle better as dy Dútske binne, hwerom nimme de
skearbazen den allegearre nin Ingelske?—_Joutebaes._ Omdet hja dom ef
earm binne. De Ingelske messen binne dûrsommer, mar folle djûrder. Hja
kinne de Ingelske ek net goed oansette; hwent as dy net fjûrskerp
binne, doge se de houn yn ’t gat net. En den miene se ek, det se mei sa
’n brede Dútske seine de stânnen fen in boerekin better ôfmeane kinne
as mei in Ingelske sichte.—_Ynse._ Lêsten bin ik skeard to Stiens, det
de triennen my oerrounen. Wy scoene dêr to gast by Rinke-bysitter, dy
in omkesizzer fen ús mem is. Foar det ’k nei him ta gong, liet ik earst
myn bird ’ris neisjen by in skoenmakker. Sa as ’k yn de doar kaem,
riisde my dêr in greate Olfert fen in keardel fen de skammel oerein. Hy
hie hânnen as slaeijen, dêr knoarren as foege barge-ierdappels
oansieten fen ’t skoenmeitsjen, en dêr skoerde er sa moarddedich mei op
myn eansicht om, det it krekt wier eft de kop ’er ôf scoe. Ik tochte,
dit wirdt myn lêste ûre, as der noch in stomp mês bykomt, en omdet ik
krekt in Londonsk mês for bysitter by my hie, forsocht ik him om my dêr
mei to skearen. “Sa ’n pyst glydt my troch de fingers, sei de man; ik
moat in foech swird yn ’e kloeren habbe: dêr kin ’k de bargeboarstels
better mei reitsje.” En dêr rekke er my ek mei, det it my ivich hûge
scil. Wel, ik kin je sizze, Joute, det ’k lêsten yn dy stoarm, do ús
alles stikken fleach, net sa bang west bin as ûnder dat fordomde
poepemês en de poaten fen dy Stienzer oaljefant.—_Geale._ Né den is ’t
my lêsten to Frentsjer better ôfgien. Dêr wier ik op de bargemerke; ik
hie de kroech al tweintich kear út en yn wêst om in bargenegoasje, do
ik my skeare liet yn in winkeltsje, dêr in tsjep jongfaem it mês
hantearre. Sa as hja my ynsjippe hie, sei ik: “Kom, ljeave, wy kinne ’t
eltsoar hwette makliker meitsje.” Ik sette ’t minske op myn knibbel, en
sa hat se my skeard. Us domenijs Frans, je witte wol, de studint, hie
my dêr ynlaet; hwent hy hie kinde oan dat frommis, en stie mei noch in
pear hoantsen oer dit wirk to kachelakjen; mar ik bin noch nea sa
bihindich bitsjinne as fen dy sêfte linige fammefingers.—_Joute-Baes._
Ja, dat is Fryske skranderheit, det wy skoenmakkers mei ús stive,
pikkige, knoarrige lobben de minsken ’t bird ôfnimme moatte. Myn âld
wiif scoe ’t ommers trijeris sa maklik dwaen, en dy scoeste ek net op
de knibbel sette. Joech hja dy ek in fûgel, Geale?—_Geale._ Dat kin
ommers net minder. Dy skeard is wirdt fen de skearbaes de mûle ôffage.
_Joute-baes._ Wier der ek nijs to Frentsjer?”—_Geale._ Né, mar wol to
Herbayum. Dêr wennet in minger fen ús Jelt-om, dy koeken fen him nimt;
dêr moast ik ’ris oanrinne. Dy boer hie de soan fen syn lânhearre by
him yn de kost; mar sa ’n frjemde ynbyldinge, as dy jongfeint hie, ha
’k noch nea fen heard.—_Ynse._ Ik doar wedzje, sa mâl net as fen
Foâke-moalker.—_Geale._ Hwer maelt dy de plasse oer?—_Ynse._ Dy mient
det er in groatkerl is, en sjocht er in hin, den fljucht er hast út
eltsoar fen binaudheit, sa bang is er det it bist him oppikke
scil.—_Geale._ Nou, hwet ik dy forhelje scil, liket my rikelik sa mâl
ta. Dy jongkeardel, dêr ik dy fen sei, stie stôkrjucht op en del, mei
de earmen slûk by de tsjea del, yn de hirdsherne to brommen, krekt, kin
ik dy sizze, as in pedaelpiip yn in oargel.—_Iebele._ Dat is briker as
bryk.—_Geale._ Ja, mar hear syn ynbyldinge ’ris, en ho er dêr oankomd
is. Syn faer woe him twinge om domenij to wirden, omdet er de
kattechismus sa goed opsei, en dêr hie er krekt sa folle sin oan as oan
hingjen. Bihalven rju gehúgen hie er ek nin formogens, goeman. Mar dat
holp net. Hy moast op de preekstoel, al scoe er der troch ’t gekkehûs
opfleane. Do er noch op de Latynske skoalle gong, moast er altiten
earst syn leksom by de faer opsizze, in strang keardel, dy se as jonge
ek hwette kreammers-Latyn mei de bollepyst ynheid hiene. Koe er syn
leksom noch net, den waerd er yn in fjirders-turfkoer by de eftergevel
ophyst, en dêr hong er den sa lang twiske himel en ierde to bingeljen
ta er alles op in prik koe. Boartfeinten mocht er nea by him ha; dy
wierne to biisaftich, en scoene him ondogensk meitsje. Hy krige nin oar
boartersreau om de sinnen to forsetten as in keameroargel; dêr spile er
den de ’salmen Davids en de Evangeliske gesangen op, en dat gounzjen en
hersenskraebjen hat krekt sa lang dûrre, det er simpel wirden is.
Forline hjerst, do de blêdden fen de beammen foelen, bigoun er
tipelsinnich to wirden. Iendris yn ’t holste fen de nacht hearde syn
heit in oeribel gebrom; de âld man giet opstean, rint mei in lantearne
it hiele hûs fen ûnderen nei boppen troch, en fynt eind’lik syn soan
boppe op de fljirring pûrneaken rjucht op en del krekt as in soldaet,
dy mei ’t snaphaen op skouder yn ’t gelid stie. Undertwiske bromde er
mar toereloers foart. De âld man frege him: “Hwet scil dit bitsjutte,
Frans? Gean nei bêd as in feint.” “It bêd is myn plak net, heit, sei
Frans; “myn plak is yn de tsjerke. Ik bin in oargelpiip; mar mei dy
swiere twjirre wyn fen jisterjoune bin ’k út it oargel waeid. Ik hab in
pomp tsjin de preekstoel oan hawn, en dêr hab ik dy dûk fen krige.
Gelokkich det ’k hiel bleaun bin. Bring my gau wer op myn plak, heit!
It hiele moaije oargel is oars skeind. Gau, gau! Mar foarsichtich.” En
do bigoun Frans wer to brommen, en hy bromt nou al fyftsjin jier oan in
stik.—_Ynse._ Wel, sa mâl kin ’t net. Mar de lêste kening fen Ingelân
hie ek al nuvere gridzen yn ’e kop.—_Iebele._ Hwa?—_Ynse._ George de
tredde. Hy hie 56 jier regearre, do er yn syn bernskens kaem, en op ’t
lêst allehiel simpel waerd, noch sa net fen âlderdomme, as fen syn
ondogenske bern, dy him in bulte fortriet goeman oandienen.—_Iebele._
Ik miende det de kroande hollen boppe sokke dingen
wierne.—_Joute-baes._ Jonge, né! De kroan is wol boppe de holle, mar de
holle net boppe ’t fortriet. Mar hwet wier er den mei Jurjen-omme to
redden?—_Ynse._ De âlde hear miende, det er in slinger yn in klok wier,
en stoe ûren efter ien yn in herne fen de keamer fen de iene skonk op
de oare to wiuwen—_Iebele._ Nou, dat wol sa wol ’ris gean mei de
keningen. As hja miene, det hja slinger en gewicht beide binne, en det
’er nin rêdtsje him reppe mei, dat hja net earst oan ’t rinnen brocht
habbe; as hja tinke, det ’er net in inkele biweging wêze mei, dy net
fen hjar útgiet, en den hjar sin net krije kinne; ja, den bigjint hjar
op ’t ein de plasse noch wol ’ris to malen.—_Tamke_ (_in âld skroar dy
de hiele dei krantet_). Ja, en dêrom hie ’k forwachte, det Jurjen-omme
ek noch in klokswicht oan syn gat hongen hie. Den hie er de oppositie
en it ministerie en de kening tagelyk west.—_Geale._ Dat rint my to
heech. Dêr bigryp ik neat fen.—_Tamke._ Dat hoeft ek net, boer. De
Friezen rinne nou dochs mar for spek mei.
_Geale._ Dêr stiet Jappe nou al sont in kertier to eameljen mei
Jarich-ontfanger en syn soan Ubele, de studint. Hwer scoene dy ’t sa
drok oer habbe?—_Tamke._ Lusterje ’ris efter ’t doars-skird; den wiste
it. (_Geale harket_). _Jarich._ (_Bûten doar_). Ik siz ’t dy, Jappe;
Joute wit syn paed fiks skjin to meitsjen. _Jappe._ Ja, mar hy is noch
sa fier net hinne, ef hy stiet noch wol for reden. It slimste is, hy
slacht ’er mei in kwinkslach troch hinne, en as er dêr syn formoanner
mei oan ’t laitsjen kriget, den hat er it woun.—_Jarich._ Ik wit rie,
wy moatte him mei syn eigen jild bitelje en gekheit tsjin gekheit
sette. Dou, Ubele, bigjinste mar ’ris mei de kop troch ien fen dy beide
ruten to stekken, dy mei pompier biplakt binne.—_Jappe_ Dat is goed.
Mar den moastene jimme ’t der hinne draeije, det Joute yn ’t
_Matigheidsgenootschap_ komt. Dat liket my skoan for him ta. By ús folk
to Drachten habbe hja dat ek.—_Ubele_, de studint. (_Hy stekt de holle
troch ien fen de beide ruten, dy mei pompier biplakt binne, yn de
skearwinkel op_). Dei jimme allegearre! Is de baes by
honk?—_Joute-baes._ (_Hy stekt de gleone pûkelige holle troch it oare
pompieren rút nei bûten ta_). Krekt útgien om in poddehierrich
studintsje to skearen.—_Allegearre._ Moai! gnap, man! Ha, ha, ha! Gnap,
Joute!—_Jarich._ Dei jimme allegearre! Ik wiste net Joute, det jy op
jins âlde dei noch piip-ba boartene.—_Joute._ Men moatte al sa hwette
dwaen om de bern, ontfanger. Ik hear, jimme wolle my yn ’t
_matigheidsgenootschap_ habbe.... O Fetse! Wolstou in bytke weiskikke;
dou sitste foar ’t lear. Ik woe ’t mês ’ris oanstrike.—_Jarich._ Ik
sjen, det wy forklapt binne. Mar scoe dat sa fier mis wêze, det wy
allegearre yn ’t _matigheidsgenootschap_ gongen? Wy meitsje ommers lang
sokke kearels net út as ús oarreheit-en-hjarre. Mar dêr wier ek nin
jenever oer ’e flier. Noch yn 1790, 1800 en om dy streek, as in dokter
by in boer oan hûs kaem, en der moast in dripke wêze, den moast it
earst út it neiste doarp helle wirde. En kom nou ’ris! Dy bûter is
ommers oeral oer ’t fjûr. Sa ’n ôfgelegen klûs is der yn ’t wyldlân
net, dêr nin flesfol jenever is.—_Joute-baes._ Nou, en hwet scoe dat,
collega?—_Jarich._ Hwet dat scoe? Det ’er út dat jeneversûpen in partij
pysten en skreitsen opstien binne, dêr ús oarreheit-en-hjarre man foar
man elts in stik ef fjouwer fen ta kjitte sloegen. Hawar! Hwer sjogge
jy dy drege, geve, longerige, bjinitige en breedskoftige kearels yn
Fryslân, dy er foar 50 jier noch wierne? Ommers nearne net. Alle
jierren wirde der by ’t lotsjen mear ôfkard, dy de mjitte net
habbe.—_Joute-baes._ En komt dat fen de jenever?—_Iebele._ Ja, fen de
jenever, dy de divel yn de hel útfoun hat om ús Friezen nei siel en
lichem to moardzjen. As men hounen lyts hâlde wol, hwet docht men den?
Men jowt hjar jenever ef brandewyn yn. En mei ús minsken giet it net
oars. Hawar! jonges fen trettsjin, fjirtsjin, fyftsjin jier bigjinne
ommers al jenever to drinken. Op ’t lêst scille de Friezen der noch
útsjen as forskrompele mankes, dy op sterk wetter steane.—_Jarich._ En
om de bern noch gauwer op to druijen, komt der de baeitabak by.
Streuperts, dy pas yn ’e broek binne, rinne nou al mei in barnende piip
ef sigaer lâns de strjitte to boartsjen.—_Jappe._ En den binne se ek
hwet mansk. _Iebele._ Dat is noch ’t slimste fen allegearre. Smoken en
brandewyndrinken waerd âldtiids oer ien kaem skeard. Do ik in bern wier
mocht nimmen roke foar syn achttsjinde jier, en dy ’t weage, waerd
neiroppen: “It wirdt onwaer, mannen! De bargen bigjinne mei strieën to
rinnen.” En kaem him ien fen syn folk to mjitte, dy sloech him de piip
út de bek. De piip wier ’t bigjin fen de mounichheit. Nou habbe de bern
de piip beet as hja pas út de rokken binne, en dêrom binne hja den ek
mounich; dêrom meije hja flokke, sûpe, dôfhûdich en bretael tsjin
âlders en masters wêze.—_Jarich._ Wel, der binne jamk âlders, dy der
greatsk op binne, det kak-by-de-hak al in sûch mannich dwaen kin. Myn
bûrwiif Beits groeit in foet yn ’t fjouwerkant, as se hjar opsloepen
jonge mei in piip yn de hirdsherne sjucht, det him de reek om de kop
bôget. Mei in ynnich wolbiheagen, krekt eft hjar soan in oerfleaner yn
kinst en wittenskip wier, seit dy gekke malappe den: “Ja, ús Teakeman
mei graech in pypke.”—_Iebele._ De bern miene, det de piip hjar yn
ienen in pear foet greater makket, en sa komt it, det hja nou de
bernskens oerslane. Hwent al dat boartsjen fen knikken, topjen,
hoepjen, hazze-en-houn, en kaper-op-sé, dêr ’t hiele jier elts op syn
tiid de strjitte fol fen wier, dêr sjocht men nou sa net mear fen. Mar
makket de tabak de bern gek en bretael, de jenever makket de âlde ljue
ondogensk.—_Joute-baes._ Wel, dat scoe den wol eigendivelsk wêze, det
men nin slok drinke koene sûnder in biskiter to wirden.—_Iebele._ Ik
siz net, det in sûper ’t ’er op taleit om my to biskiten. Ik siz, det
hy syn koerakter forsûpt. Lyk as er pit en merch út syn lichem sûpt, sa
docht er it ek út syn siel. Der is nin hâldfêst mear oan de man. Hwet
er nou bilooft en wol, dat is him wer forgetten as er omsjocht. Hawar!
lit alle ljue, dy hannel en wannel dien habbe, sizze, as hja sa op ’t
wird fen in sûper wol in oartsen joegen? Dêr haste Seakele groatmakker,
Ubele skipper, Feike tsjiisker; binne it yn ’e groun net de bêste
minsken fen de wrâld? En hwet steat kinste meitsje op hjar wirden ef
biloften?—_Geale._ Jonges, né! Hja binne sa wif as de wyn. Jimme
seinene niis det de jenever en de tabak ús manljue sa lyts en onsjuch
makke ha; dêr komt my hwette by yn ’t sin. Wy hienen lêsten in poep yn
ongetiid, dy noch ûnder Napoleon tsjinne hie; dat wier in moai skrander
en fornimstich keardel. Dy hie altiten syn oanstriid, det ús frouljue
sa great, sa flink en sa moai wierne, en de Friezen sels sokke
pysten.—_Iebele._ Dat leauste wol. Us frouljue meije hwet kofje en thé
slabje, mar hja drinke nin jenever en hja smoke net.—_Ynse._ Sa giet
it, maet. For de hel wierne de ljue net eang mear. Do hat de divel syn
fjûr yn de jenever stitsen, en sa jit hy hjar nou yn dit libben al de
hel as wetter troch de weaze yn de termen del. Nou forbarne hja
ynwindich. En hja binne der wol tûzen ris slijer nei as nei brea. Sa is
de divel. Syn hel gûchelt er ús foar as in himmel. Hjir by ús yn ’e
stêd rekkenje se nou, det om ’t tredde hûs in jenever-hûske stiet. Dat
binne allegearre timpels fen de satan. Yn Ingelân hingje boerden út de
kroegen, dêr op stiet: _Stomdronken, en nin strie yn de kelder, for ien
stûr. One penny!_—_Joute-baes._ Nou, Ynse, praet dou hwetstou wo’ste,
mar astou dy divel weijageste, den helleste der in oaren wer yn, dy
neat better is.—_Ynse._ En hwa is dy?—_Joute-baes._ It bankerot. Den
moat ús lân sinke as in stien. Myn ljeave man, as ik en in oar nin
dripke op syn tiid namen, hwer scoenen den de miljoenen weikomme, dy ’t
lân, en alle stêdden en doarpen, nou fen de accyns op de jenever
rispje. Ik siz mar, dy nin jenever drinke, dat binne lânforrieders, dy
’t net goed miene mei hjar lân en kening. Hwet seistou, Jaen Heindrik?
ef Haerm? Ho hjitste?
_Harmen_ (_in hantsjemier_). Wolstu mich manges barbieren?—_Joute._ Ja
wol, man. Sa ’n naesje is der net dy ik net skear.—_Harmen._ Jau,
boasken! Aber ich gebe dich nich mehr dan ’n ortken.—_Joute._ In
oartsen? In oartsen? En dat fen in riken skevel as dy, dy mei tritich
keabelde keizersgounen yn ’e pong en in tsjiis op ’e puchel wer nei dyn
lân tsjochste?—_Harmen._ Jau, jau! Du krigeste nich mehr.—_Joute._ Nou,
gean sitten mar. Libje en libje litte. Us ljeavenhear hat ommers de
oksen krekt sa goed skepen as de minsken. Mar nou moat ik dy earst
freegje, Harmen, ho wolste skeard wirde? Op ’e rachel? Op ’e tomme? Ef
op ’e leppel?—_Harmen._ Auf dem rachel? Was heis das?—_Joute._ Den spij
ik dy yn de bek, Harmen; stryk ’er de sjippe trijeris oer hinne, en ik
skear dy.—_Harmen._ Und was meinstu, boasken, mit dem daum?—_Joute._
Den stek ik dy de tomme efter de kiuwen, ik span it fel fen dyn wang
út, en ik skear dy.—_Harmen._ Und dei leffel?—_Joute._ Ik stek dy in
silveren leppel twiske fel en kevel, en dêr skear ik dy op. Op de
rachel kostet in duit; op de tomme en de leppel elts in
oartsen.—_Harmen._ Noe, männeken, für mich auf dem leppel.—_Joute._ Op
de leppel? Op in silveren leppel? Kaptael! Nou sjen ik, Harmen, detste
út in ryk lân biste; út it lân fen de baronnen en de _gnädige herren_.
(_Joute sjippet him yn mei hinnekjitte. Hy hellet in blikken leppel út
in komke mei divelsdrek, en stekt him dy efter de kiezzen. Sa sit
Harmen dêr, wylst Joute it skearmês op it lear oanstrykt, en syn mopke
smoarfet troch de noas roffelt en oandachtich nei Harmen
opsjocht._)—_Harmen._ Wo kik dat hündeken noa, baes?—_Joute._ Ei, ju,
as ’er drokte is, lyk as nou, den giet it wol ’ris hwet hastich ta; den
fljucht ’er wol ’ris in flitske fen noas ef kin ôf, en dêr gobbert ús
mopke op.—_Harmen._ Potstausend sakkrement! Kerl! Meinst mich die nase
ab zu schneiten? Du henker! (_Harmen smyt de skeardoek ôf en fljucht
mei koegelsfeart de skearwinkel út._)—_Allegearre._ Ha, ha, ha! Jy
scille de nearringe staf meitsje, baes.—_Joute._ Wol to forstean, de
poepenearringe. Mopke is de sjamme, dêr ik alle poepen mei ôfbalje. For
in oartsen wol ik sa folle stank net yn de skearwinkel habbe.—_Waetse_
(_trekskipper._) De earste lucht is der oars al ôf. As de mieren earst
yn ’t lân komme den rûke hja op it swietste.—_Joute._ Dêrom neame se
hjar ommers ek nije griente. Mar it kin my net skele, as dy griente
farsk ef âld is, ik mei net oer de lucht.—_Ynse._ Ei, ju! hja rûke
krekt as de Turken, en dat komt, det de poepen, sa lang as se hjir to
lânne binne, yn ’t hea lizze, en hjar net omtklaeije, en de Turken
sliepe altyd yn de klean. Al de útwazemingen fen ’t lichem, dy yn de
sliep sterkst binne, gean by hjar yn de klean sitten.
_Swopke_ (_domenijsfaem_). Dach sizze fen domenij, en as je moarn to
fiif ûre ek komme koene om him to skearen?—_Joute._ Ho sa ier?—_Swopk._
Domenij moat nei de klasjes to Snits ta.—_Joute._ Nou, goed, ljea’!
Meitsje mar, det er in goed kears barnt, det ik sjen kin.—_Swopk._ Dêr
scil ’t net oan haperje, as jou mes mar net stomp is.—_Joute._ (_Tsjin
Auke, in âld boer._) Auke, lit dy faem ’ris troch ’e hânnen
gean.—_Auke._ Dy tiid is oer. Dêr hab ik nin nocht langer oan.—_Joute._
Dat is neat. Is ’t net goed for de ien, den is ’t goed for de
oare.—_Swopk._ Alde stakkerts! Hwet scoene jimme? Mar ik scil je by
domenij oankleije, Joute, det je de boeren tsjin syn faem oanhysje.
_Joute._ (_Fiif-ûre yn de moarntiid. Hy rinkelt oan de pasterijedoar.
Swopk docht op._) Moarn! Is domenij al by de wirken?—_Swopk._ Ja, mar
men hat hjir ivich fen dy smelle ongelokken. Ik jaen de man in kears,
en hy is út.—_Domenij._ Swopk! Swopk! De kears is út.—_Swopk._ Ja, ja,
ik hear it al. Ik scil je helpe. (_Swopk en Joute komme mei ’t
ljocht._)—_Joute._ Moarn, domenij! Iere moarn it ljocht út? Ho moat
dat? En jy scille jou ljocht hjoed foar de klasjes fen Snits skine
litte.—_Domenij._ It ljocht is net allinne út, Joute, mar it is ek wei;
hwent ik sjen it nearne net.—_Swopk._ Ik ek net. Hwet balsom
nou!—_Domenij._ Nou, ho ’t is dat wit ik net. It is net yn ’e hichte en
net yn ’e lichte. It is nearne net. It is wei.—_Swopk._ Ja, domenij,
tsjin ’e balken oan scil ’t net sitte. Ha je ’t ek yn ’e bûse fen ’e
nachtrok stitsen?—_Domenij._ Nou, mar nin gekheit, en bring oar
ljocht.—_Swopk_ (_dy weigiet_). Hwet donder! Dat is
tsjoenderij.—_Swopk_ (_dy werom komt_). Dêr is foar de twade kear
ljocht. Pas op, Joute, det de tsjoensters it net wer weihelje.—_Joute._
Dêr scil ik by wêze. (_Joute skeart domenij en seit_): Komt jou broer
hast út, domenij?—_Domenij._ Dy is al út, Joute. Hy scil nei Anjum en
Dockum ta om op birop to preekjen. Hy hat al in dou, as er nou ek mar
in kou hie.—_Joute._ Den hat er al boaske? Nou, dat is goed, as er mar
oppast det er it net seit.—_Domenij._ Boaskjen is ommers nin
skelmstik.—_Joute._ Dat is wier. Mar yn eltse gemeinte binne in boel
âlders, dy hjar dochters bittere jern slite wolle, en dy dochters wolle
ek onbitinkelike graech by de man sliepe. De iel smachtet sa net nei de
dauwe as in jong frommis om fen de stoel to fallen. As er nou noch net
forsein is, den binne dat ommers allegearre de _bondgenoten_ fen jou
broer, dy mei mannemacht to fjûr en to swird for him stride, al is er
de greatste stumper op ’e stoel; en witte hja, det er boaske hat, den
hawwe hja him foar ’e hounen foun, al koe er balken yn twa
preekje.—_Swopk._ Domenij! Joute, ju! Kom hjir nou ’ris. (_Domenij en
Joute geane nei de pronkkeamer, Swopk stiet foar de iepene kleankast,
dêr de kears lûd yn stiet to barnen_). Dêr ha we omkoal nou! Sjoch my
dat merakel ’ris oan! Men siikje yen gik, en de kears stiet yn de
kleankast to barnen. Ho komme je dêrby, domenij?—_Domenij._ Ik hab ’er
myn nije rok út krige, en ik moat it ljocht siker yn de kast bisletten
hawwe, do ik de doar ticht die.—_Joute._ Ha de tsjerkfâlden de pasterij
al asterearre?—_Swopk._ It wier wol tsjinstich; hwent as domenij sa yn
’e gedachten foartpandert, den fleane wy d’ iene tiid ef de oare noch
’ris mei de hiele santepetyk yn ’e loft.—_Joute._ Sa giet it. De
straffe folget op ’e sonde. De straffe fen in âld faem is in els yn ’e
tonge. De straffe fen in goekeap hoed, koft by de stamme Juda, is de
rânne by de earste reinboi ôfweakke en op de skouders del. De straffe
op in gnappe kokenfaem is in lege boddelerij. De straffe op nauwe skoen
is ekstereagen. De straffe op ’t hijlkjen is in skoanmoer. De straffe
op in bern is nachts yn ’t spier en net sliepe. De straffe op in namme
is in silveren leppel, en de straffe op ’t rinnen yn gedachten is ’t
weisinken fen ’t ljocht en in piktsjustre keamer.—_Domenij._ En de
straffe op it pimpeljen is in noas mei snijwirk en ridelige hannen, as
men syn klanten moarnsier skeare moat.—_Joute._ Moarn, domenij!
Gereis!—_Domenij._ Moarn Joute!
[Yllustraasje: AS DOMENIJ YN GEDACHTEN RINT....]
(_Tsjin de faem_). Swopk is de thé klear?—_Swopk._ It is allegearre
kant en klear. De âlde jiffrou mei Ynse en Tabe sitte al nei jo to
wachtsjen.—_Domenij._ Scil Tabe ek mei?—_Swopk._ Ei, ja! In omke mei
ommers syn neef wol meinimme. Tabe hat nei Aden yn de Reade Sé west,
seit er, en hy hat sa lang op dat griene wetter omdigere, det hy woe
nou dy foyaedzje nei Snits wol ’ris mei ha.—_Domenij._ Dou biste in
goed abbekaet, binamme astou for dy sels bekkeste. Ik bigryp it wol; hy
moat joun by dy meide.—_Swopk._ Nou scoene je to wrâld sizze, ho komme
jy dêrop, domenij? Ik ha nin hier op myn holle, dy er om
tinkt.—_Domenij._ Ja, ljea’, dou biste Mennist. Dyn hierren tinke der
net om, mar dyn sinnen to faker. (_Domenij giet oan ’e thétafel_).
Moarn jimme! Noch soun, Tabe?—_Tabe._ Kaptael. Domenij ek
goed?—_Domenij._ Bêst, mar ik hab rju to rêdden mei de orthodoxe oksen.
Hja sizze den wol ’ris fen okseprippers, as hja fen domme ljue prate,
mar ik ha mear lêst fen de oksen as fen de okseprippers. Ik woe wol det
hja allegearre yn Canaän wierne. Den wierne se yn hjar erfdiel, en wy
scoene hwette mear rêst habbe.—_Ynse._ Ja, mar domenij, jimme binne der
sels ek in bytke skild fen. Do ik de lêste reis nei Eastynjen die en
somtyds fleande fisken oan boart krige, den tocht ik wol ’ris yn my
sels, dy bisten binne ommers krekt as ús domenijs, liberael en
orthodox; heal fûgel, heal fisk.—_Jiffrou._ (_Domenijs mem_). Ho nou,
Ynse! Wuden jou ons sukke merakels wysmaike? Dat had ik wrychtich fen
in diaken niet wacht. Fisken fliege? Dinke jou dat je hier kynders foar
hewwe. In koe ken noch niet ienders fliege, en die is noch in ’e weide
op ’t lan; en nou suden jou ons wys maike, dat de fisken uet it waiter
fliege!—_Ynse._ Nou, ik siz je den, jiffrou, det ik se faek sjoen ha,
en tûzenen eastynjefarrers mei my.—_Jiffrou._ Merakels, altemail
merakels!—_Tabe._ Né jiffrou! Omke liigt noait ef hy moat wierheit to
koart komme. Mar witte je wol, jiffrou....—_Swopk._ Hjir is noch in
goed pantsjefol, Tabe. Wolstou dat ha?—_Tabe._ Ik ha oars nôch, ljea’;
mar omdetstou it fregeste scil ’k it nimme. Witte je wol, hwet ús op
reis oerkomd is, jiffrou?—_Jiffrou._ Nou, seker weer merakels. Dink
niet, dat je ’n kyn foar hebbe, hor Tabe!—_Tabe._ Wel, né, suvere
wierheit. Wy smieten ’t anker út yn de Reade Sé, krekt op it plak dêr
de Israeliten droechfoets troch gongen wierne, en dêr Farao mei syn
leger fordronk. Do wy ’t anker lichte scoene, wier it sa swier wirden,
det wy alles hast oan flarden wynden; mar do it boppe kaem, hinge der
in tsjille oan fen de swiere izeren oarlochswein fen kening Farao. Ien
fen de leppels fen it anker hie der krekt yn hekke.—_Jiffrou._ Sien,
dat loof ik beter, Tabe, as fen die fliegende fisken; want fen Farao en
syn waigen leest men in de bibel. Jonges, Jonges, wat binne jou al feer
in de wereld op weest, Tabe! In de Rode Zee! Suden je met je schip ook
wel na de Dode Zee toe deure, dar Sodoma en Gomarra in forbrand
binne?—_Tabe._ Ja, wol nei de hel, as je my mar kaerten en pompieren
jowe.—_Jiffrou._ Fui, so ’n grousam woard, Tabe! Ik wude wel, dat ik
jou niet fraigd hadde. Wete jou wel, feint, dat de weg na de hel breed
is, en dat jou dair wel komme kenne, as je dair weze wille?—_Domenij._
En sûnder kaerten en pompieren.—_Tabe._ Nou ja; mar jiffrou praet fen
doaren, en dat seit men net tsjin in séman. (_Der wirdt oan ’e
pasterijedoar rinkele_).
_Swopk._ Dêr is de koster, domenij. Dy hat hjir jisterjoune ek al
west.—_Koster._ Goe’ moarn allegjerre! De grytman hat my frege, eft ik
him dat pompier fen de pasterijefinne ’ris bringe woe?—_Domenij._ O,
krekt, dat hie ’k skandelik forgetten. (_Domenij hat krekt it
bûterflotske yn ’e hân om in stik iten to smarren, en giet ’er mei nei
’t pultrom om it pompier to krijen_).—_Domenij._ Dêr is ’t pompier. Ho
giet it mei mynhear-en-hjarre?—_Koster._ Sa matich. Mynhear hat
earjister út to iten west by de gormandeur, en jister hie er it wakker
yn ’t liif. Doctor seit, det it _koude stoffen_ binne. En mefrou hat in
droevigen lêst fen winen.—_Tabe._ For in oartsen siik en for in botsen
stront, dat is for seis duiten mei inoar.—_Koster._ Nou, deadlik is ’t
noch net.—_Domenij._ Sa, den binne se beide sa hwette gammel. Nou, de
groetenis oan mynhear en mefrou. Ik scil moarn wol ’ris komme. Swopk,
hwer is de bûter? Jow my de bûter ’ris.—_Swopk._ Wel, dy hiene jy
aenstons yn ’e hân. Jy hawwe him dochs net by de kears yn de kas set?
Ik sjen de bûter op nin wegen ef fjilden.—_Tabe._ Ik miende det it jo
bigoun to bigreatsjen, domenij. Jy hawwe de bûter efter it slot smiten.
Sjen mar ’ris yn ’t pultrom. (_Domenij slút it pultrom op, dêr de bûter
yn in jildlaedke stiet_).—_Swopk._ Goed biwarre, domenij.—_Domenij._
Dat komt fen dy hast.—_Jiffrou._ Jou buse, domenij! Heres myn tiid! Jou
sille jou sels noch wechbringe. De butter in ’t pultrum! Nou, Nou! So
ken ik ’t fen myn levensdagen niet an.—_Ynse._ Nou, domenij, as wy
foart scille, den wirdt it tiid. Der is mar in lyts sigentsje, en der
is ek noch in rek yn de wyn, dat wy skouwe moatte.—_Domenij._ Nou, ik
bin klear. Swopk, hwer haste myn klean?—_Swopk._ It kin je wol bite,
domenij. Neist jo op ’e stoel laeit jou rôk en jou lekkenske
jas.—_Domenij._ (_Hy stiet gysten op, en yn de forbyldinge, det er mar
ien ding hat oan to tsjen, sjit er de rôk oan de rjuchter- en de jas
oan de lofterearm, en sa de pasterij mei feart útstappende ropt er:_)
Moarn, mem! Moarn, Swopk!—_Jiffrou._ Heres myn tiid, domenij! Wat
scill’je nou? Domenij, as dat so mut, dan mach moeke altiten wel met
jou reize om op jou te passen. Jou binne ommers geen klein kyn?
(_Domenij bliuwt oan ’e hael._)—_Swopk._ Domenij! Hei, domenij! sa net
wei. Domenij! woll’ je nou mei de oudkopen troch Snits rinne en
forkwanselje jou eigen plunjes?—_Jiffrou._ (_Hja hat Domenij beet_).
Foel je dan niks? Foel je niet, man, dat de rok- en jas-mouwen jou op
de eers bengele?—_Domenij._ Al wer mis. (_Hy tsjocht de rôk oan, en dêr
de jas oer hinne_).—_Jiffrou._ Ynse, jou mutte op myn seun toesien. Jou
wete wel. Fui! Fui! Nou, gereis jimme.—_Ynse._ Dêr kinne jy steat op
meitsje, jiffrou. Wy scille domenij sûnder haverij thús leverje. Elts
syn bar is net to folle. Earst hat de harder syn skiep laet en nou
scille de skiep de harder liede.—_Tabe._ Joun om njuggen ûre binne wy
der wer, Swopk! Meitsje den mar, det de boerekofje en in helder fjûr yn
’e poeskoken klear stiet. Den scil ik dy mear fortelle fen de Reade Sé.
_Sate Westerein._
1853.
J. H. H.
[Yllustraasje: IT LUD UT ’E MOLKENKEAMER.]