GABE-SKROARS REIS OM IN WIIF.

Ik bin ’ris wiet en smoarch en ongedien fen de Bolswerter merke komd:

ik woe it al in bytke forblomme for ús folk, mar de klean en de pong

wiisden al út ho it ’er trochgien wier; hwent ús mem hie al foar det ik

de sliep út hie, de boel neisjoen en de pong luze. Ik gong de deis wer

flitich oan de nidle, mar de jouns waerd my it leksom wer oplêzen, en

ús mem sei: “Dou scoeste doch ’ris om in wiif omsjen. Dou hieste folle

stadiger libben.” “Dat kin ik net sjen, mem! andere ik dêrop: By folle

troude ljue is ’t in hiel onstadich libben: eigentlik is it in soarte

fen Aprilswaer, ytlike mylde ljeave simmerdagen nei eltsoar, en den wer

heil en snie, ja, tonger en wjerlocht, en stoarm der op ta; en den

wirdt de tange soms mear brûkt om de divel út it flêsk to klopjen, as

om it fjûr to menearen.” “Ja, mar Gabe heite, sei se, den hieste dochs

in oanhâld as wy út de tiid rekkene.” Ik dêr wer op: “Ik haw oanhâld

genôch oan de âlde broeken en baitsjes, dy de ljue my stjûre to

laepjen, mear as my ljeaf is.” Koartom; hja koe neat mei my wirde;

hwent ik hong yn ’t gat as in baerch dy ringe wirde scoe. Ik woe mar

net, tochte my. Mar ho nuver kin it rinne! Us bûrman is wakkere tier yn

de domenijs. Ik nim it sa nei net, as dy ljue mar goed binne, en mar in

goede freedsume gong troch de wrâld geane; in foarbyld docht it measte

ôf. Hwent as de ynhouten net doge by in minske, ik wit net, eft it wol

troch preekjen lape wirde scil. Dêrom wol ik net sizze, det it kwea

dwaen scil. As in beam goed stiet to waechsjen, den mei er wol ’ris

bigetten wirde. Koartom, ik bin sa kieskeurich mei de domenijs net, mar

myn bûrman munstert se allegearre sneins ôf. Den reisge er nei de iene,

en den nei de oare; en nou wier oan de Baerder kant in domenij, dat nei

syn sin in útrinder wier: dêr moasten wy hinne. ’t Wier winter, en heal

omdet it my thús to near wier, en heal út nijsgjirrichheit, reisge ik

mei de man.

Do wy oan it doarp kamen, stoe dêr in moaije nije boerehuzinge; dêr

stoepen wy yn, en wy fregen, eft wy de redens dêr sa lang yn lizze

mochten? En do rôp in moai jongfaem, dy heal ta de molkenkeamer

útseach, sa det ik it boppe-ein allinne sjen koe; dy rôp sa frjeonlik

fen: “Ja, hiel wol, frjeonen!” det ik ’er allehiel-en-al oars fen

waerd, en mear om de faem tochte as om de domenij, do wy yn de tsjerke

wierne, sa det ik mar in bytke fen de preek forhelje kin. Allinne wit

ik ’er fen to sizzen, det er meastal binnensmûle op ’e tosken praette,

en den rôp er wer: _Jeruzalem! Jeruzalem!_ mei in bolderjend lûd. Ho

nuver seach ik op do de tsjerke útgong, en wy ús redens werom helje

scoenen, det wy oan de kofjetafel noade waerden, hwer dy jongfaem

pronkemoai bysiet. It wier in blomke fen sauntsjin jier, danich

optakele. Moaije reade wangen hie se; mar de eagen gitswart, en dat

stiet net for in Fryske faem. Sa tink ik ’er oer, mar eltse minske hat

syn sin, sei ús beppe, en hja iet plattekoek.

Us bûrman en de boer wierne kennissen. De boer frege: “Hwet for in

jongfeint ha jy dêr by jo?” “Wel, dat is in soan fen Pibe Rommerts.”

“O, sei de boer, dy hat sa ’n rún hawn, dy frij hwet in gouns roun.”

“Just, ja. Dy foks’le nuver de wei lâns as er los wier; ja, hy hat noch

stêdsswipen woun.” “Dochs, ju?” sei de boer, en al sokke hynstepraetkes

mear, dêr ik in bytke nocht oan hie. De jongfaem siet to

klontsjeknippen: der fleach in great stik krekt yn myn pantsje. “Hou!

sei se; dat is mis!” “As it miend is, net, faem; den wier it my goed,

al wier it in balstien fen sa ’n skepsel as jy binne.” De faem sloech

de eagen del. “Ha, ha! sei de boer; men kin wol sjen, det er fen de

selde lape toarnd is as syn heit. Dêr haw ik ’ris Wytmarsumer merke mei

hâlden, en do gong it ek al nuver yn syn wirk. Keardel, hwet hiene wy

do in wille! Wy sloegen yn eltsoar om as heidens en Turken. Wy jagen de

exteur en de adstinten de wei op. Mar it hat ús jild koste.” “Ja, sei

ús bûrman, dy kin syn wird wol dwaen, al is it mar in kreupele skroar.”

Op dizze wirden koe ik dudelik merke, det de troanje fen dy jongfaem

foroare. Wier it yet mar in bakker west ef in timmerman, tochte hja

licht, mar in skroar! It sloof wist misskien net, dat wy better sûnder

klerken koene as sûnder skroarren. Mar ik sei: “Bûrman, jy sizze dêr

fen kreupele skroar; wit’ je den net, det it sa biskikt is, det

skroarren, dy kreupel ef rounrêgich binne, det sokke de bêste binne?

Binne se kreupel den kinne se maklik de iene skonk ûnder de oare

trochslaen, en binne se rounrêgich, den binne se tichter mei de noas op

hjar wirk”. De boer lake, det er skodde, en de faem glimke sa hwet to

mûk. “Ha! tochte ik, nou fal ik hjar dochs net ôf.” Dat streelde my

sels; hwent siker it famke bifoel my. De klean sieten ’er sa kant om;

hjar moaije kleur, hjar ynblanke hals, hjar moaije roune earmen,

koartom alles naem my yn. Dêrby de moaije rike keamer; it moaije fjûr;

it blinkende hûsrie; it silver yn de pasteleinkast; alles wier sa

forguldich for myn jonge bloarrige eagen, det ik as bitsjoend like, en

tûzen kearen dêrnei haw ik wol ’ris tocht: “Sa kin men mar ienris in

jongfaem ljeafhabbe.” De boer noadde ús to iten, ef ljeaver dy goede

ljue wisten net better, ef dy kofje jowt is it iten skildich. Hja

lieten earst de brandewynskop roungean, en do it tafal sa kaem, det de

faem my tabringe moast, sei se mei in bernlike flaeijende stimme: “As

je b’ljeaft; scille je ’ris mei my drinke, feint?” “Dêr tankje ik for,

faem!” en ik preau. Sokke drank haw ik noait dronken út in leppel, dy

troch sokke lippen oanroerd is,” sei ik. It skimere my foar de eagen,

do ik dat skepsel dêr foar my stean seach, en ik seach net ienris, det

se op de iene tean stoe. Hwent it ongelok woe, det se krekt oan de oare

kant kreupel wier as ik. Wy ieten, en ús bûrman plakte my oan de griene

siede fen de faem, en de frijerij bigoun, det ik in lyts tikje mei myn

kreupele rjuchter knibbel tsjin hjar kreupele lofter side joech. De

frijerij waerd greater, do de âlde ljue yn it bûthús gongen om it fé to

bisjen, en de faem de tafel ôfnaem. Us bûrman rôp my by it útgean ta:

“Nou, Gabe, dou moast ’er mei oanpiele, krekt as it âld wiif mei de

hinnepiken.” “Ja, mar dy rekkene dea; sa wol ik net,” rôp ik werom. Ik

hoallefoalle dêr krekt sa lang om, det ik hjar in tútsje ontstiel en

hjar frege om de oare sneins wer to kommen? Krekt sa as wy dêr rjucht

oerein by eltsoarren stoenen, en hja sa hwet op ’e lippe kôge om ja ef

né to sizzen, dêr komt ús bûrman oanstoarmjen, en dy sei: “Ho nou,

Gabe? Haste hjar noch net op ’e skirte? Jimme moasten ’ris by de

hynstekeapers op ’e skoalle: dy scoene jimme hwet oars leare.” “Ja, mar

as it my to dwaen wier om kwea to learen, den woe ik de baes sels

sprekke; den woe ik by de divel op skoalle gean, bûrman.” Sa spriek ik,

en de faem sette greate eagen op, det ik yn ienen fen in sêfte

weisinkende frijer yn in rouwe bolderbast foroare. Mar ik wier to fol

fen hjar, sa ynnich troch alles hinne forslingere, det ik it myn goede

bûrman hast kwalik naem, det hy my oansette woe om fierder to gean as

it fatsoen meibrochte. Do it tsjin fjouweren roun, woe bûrman foart;

hwent hy sei: “Ik sjen wol, dou krigeste hjir sa ’n great klontsje yn

de thé, det ik ’er my hiel net nei set om dy mei to krijen.” “Ja, wis,”

sei ik, en ik woe al nei myn redens gripe. “Né, nou siz ik op myn

beurt, nou scilste bliuwe. It is sa kâld det it ongelt. Ik scil it wol

oan dyn âlders sizze, en moarn om tsjien ûre is de feint hjir om dy to

heljen.” “De faem lake ’ris, mar dy wipte hird nei it bûthús, en dy

frege oan de âld boer, en mei in amerij wier hja werom, en in knikje

wier genôch om my it witten to dwaen, det ik bliuwe koe, en ik wier

boppe de wolken. Do ús bûrman ôfskie nomd hie, naem er my by de earm,

en hy sei: “Dy de domenij spritsen hat, mei de kastelein ek wol ’ris

sprekke. Ik wol in ôfsetter nimme.” En do wy nei de herberge gongen, do

sei er: “De diker, Gabe, nou haste byt. Maetsje, maetsje! astou dêr

efter komme kinste, den kinste dyn skroarstafel mei al syn lappen mar

opbarne. Hjir hinget in boerepleats oan, man. De boer wirdt âld, en syn

âld wiif is blyn, en meastal bêdridich. En dêrby jimme kinne eltsoar

neat forwite; hwent jimme binne beide afterbernsbern fen Mephiboseth.”

Ik moast laitsje, hwent de man wier rûch en bibelkindich. Do ik wer

thús kaem do stie de âld boer al to heajaen, en ik fage de stalhouten

oan krekt as thús. “Dat giet dy yet al linich ôf,” sei de boer dêrop;

en do bigoun ik oer kij en skiep to praten as in âlk. Ik bitaestte alle

kij, en sei er ’t mine oer. De man sei: “Jy koene wol boer wirde, Gabe.

’t Is jammer det je it net binne, mar men kin ’t net witte,” sei de

man, en dat hie for my in djippe bitsjuttenisse. Koartom, dy man wier

mei my ynnomd, en hy gong koart nei iten op bêd en liet my mei Geke yn

de moaije keamer allinne.

Wy hoefden nin ljocht; de moanne skynde boppe yn de loft, en sa ’n

nacht to biskriuwen is boppe myn krêft. Ik scil ús âlde Gysbert-omme

mar sprekke litte.

Da ’k boascke’, eer’n oon uwz Ynts,

(het wier ick jiette’ yen jobbe!

En jae wier, earm’ djier, jong,)

ick lille’, ick bortte’ ick sobbe;

Ynts knuwck-forsche my weer so lordig en so swiet:

O jeugd! O swiete jeugd! Ick mecke ien sjongsum liet.

Mar yn de neinacht, do ik allehiel forsonken en fordronken wier yn my

sels, do (hja siet flak foar my, en de moanne skynde hjar flak op hjar

moaije troanje, sa det er yn de appelkes fen hjar brune eagen omdreau)

do suchtte ik, en sei ik: “Hwet bin ik in great gek west!” “Ho sa?” sei

de faem. “Ik haw altiten in tsjinnichheit, ja, in wjeraksel op brune

eagen hawn, en nou de moanne sa frjeonlik yn dines skynt, nou sjen ik

’er de himel fol salichheit yn.” “Né Gabe, sei de faem, “dou biste gjin

great gek _west_, mar dou bist it _yette_. Ik scil ús folk roppe. It

wirdt tiid, Gabe”, en woeps, do fleach se op en liet my allinne sitte,

en ik sloech my sels foar ’t boarst. Gabe, Gabe! sei ik yn my sels, dou

biste in gek, in forljeafde biste. Tûzen reis haste sein, in frommis

scil my noait fortokje, en nou bart it al yn ien nacht. Mar dizze faem

hat my dochs ljeaf; hwent hja seit my de wierheit.” Ik gong op bêd, mar

myn Geke gong wer nei it folk ûnder de kij. Eft dy ek hwette hearre

moast dêr yn ’t bûthûs, det se in kreupel skroar ta in frijer hawn hie,

dat kin men tinke.

De oare moarns om tsjien ûre kaem yn pleats fen de feint in earm

arbeider, dy for de feint yn ’t plak wier. Hwent dy wier út-fen-hûs

gien. Do wy foart scoenen, joech se dy earm man earst in great glês

brandewyn, en do er dêr in swolch fen naem, do striek er him oer it

liif en sei: “O, bêste faem! dat falt ’er yn as Gods wird yn in

soldaet. Hwent ik hab it yn gjin healjier preaun, en yn gjin fearnsjier

spek ef flêsk yn hûs hawn.” (Om it earste wird koe hja hast wol lake

hawwe; mar it twade makke it minder). “Mar ik moat net kleije faem;

hwent ik haw it my sels dien. Ik hab yn myn jeugd to los libbe en gjin

priis op it jild steld, en nou ik oppasje wol is it to let. Ik doar

oars sizze, det ik oprjucht bin: ja, ik bin altyd to oprjucht west. Mar

ik kin jimme sizze, det it my wol ’ris om ’t hert slacht, as ik myn

seis earme berntsjes en myn wiif dêr om de hird heukerjen sjen; en as

ik den tsjin my sels siz: “dat is dyn skild”, den rinne my de triennen

wol ’ris oer. Mar hwet scil ik? Ik arbeidzje mar wer, en siikje my sels

op to barren mei kwinkslaggen lyk as je niis heard habbe.” Wy stiene

allegearre bisoud by eltsoar en de iene seach forslein op de oare. Ik

ek; ik wist wol, det it in mâlle Bearn wier, en det it mâl gien wier,

mar det er dêr sa folle bitinken en fiel fen hie, dat hie ik noait

tocht. Geke wier hastich foartroun, en dy kaem werom mei in great stik

spek, wol seis poun swier. “Ha jy dêr wol sin oan?” “O, myn ljeave

faem!” sei er, “ik scoe jo wol patsje, mar dat kin Gabe wol ôf.” “En

dêr haw ik yette in stik spekkoeke for jins earm wiif.” Dat die se yn

in pûde. “Tankje tûzen reis”, sei de man. De boer die de groetenis oan

ús heit, en sa teagen wy der op ôf. “Gabe! sei de arbeider, “hwet

hastou dêr in bêst faem krige! Al wier se noch sa mishipt, al wier se

’er forwoechsen by, it wier yet in ingel; hwent in meilijich hert is in

goed hert.” Ik swijde dêrop; hwent ik wier ek biteutere en ontdien.

Einlinge kamen wy thús. “Nou, sei ús Rommert, “dou komste fatsoenliker

foar den dach, as dostou mei de Noarger rún yn de sleat sitten hieste;

mar dou wirdste ek in dei âlder.” Us heit en mem wierne allehiel yn ’t

moaije pak stitsen, det ik by sa ’n gnappen faem, by sa ’n riken faem

west hie, en dat wol ien fen hjar âlde kinde. Mar it moaiste fen de

reis wier, det Bearn syn wiif op ider ein fen dy spekkoeke in trije

goune foun. Noait fen de dei fen myn geboarte ôf haw ik blider minsken

sjoen as dy twa ljue. De man siet yn de hoeke to sjongen en hy smiet de

hoed yn de skoarstien op fen blydskip do er my seach. It wyfke stienen

de triennen yn de eagen, en dy sei: “Dat minske woe ’k wol ’ris sjen.”

“Wel, dat is in kreupelen ien lyk as ik bin.” “Hâld de bek, ju”, sei

Bearn, en stiek my de fûst ta. “Scille je komme to meltsjen, Bearn?”

“Ja, Gabe”, sei er, en ik gong ’er wer út.

Lyk as ôfspritsen wier, scoe ik mei in fjirtsjin dagen wer by de faem

komme, mar ear ’t ’er fjouwer dagen om wierne, hie ik hjar al op de

hynsteslide. O, hwet formakken wy ús! En ús âlders seagen ’t mei gjin

lede eagen oan. Omdet ús beiden it riden lêstich foel, moast ús âlde

guds it omtjilde.

Tonei, do ik ’ris wer by hjar kaem, hie ik to djip yn de romer sjoen:

ik hie alderhânne nuvere praetsjes, en der siet in feint yn de hoeke,

dat in neef fen Geke wier; in stimper, dêr net folle forstân yn siet.

Yn myn oerdwealskens koe ik net litte him sa ûnder wetter troch de gek

oan to stekken; ja, ik koe net litte ’t hjar heit min ef mear to dwaen.

Mar do ik allinne by hjar kaem do waerd my it leksom oplêzen, en hja

sei mei in sêfte leidige stimme: “Gabe-heite, dêr haste it min makke.

Hat ús neef in lyts forstân, syn hert is to goed om him for de gek to

hâlden. En dêrby haste ek onfoarsichtich west; “hwent hy is sterk, en

kin dy wol meitsje en brekke. Mar meast griist it my yette, detste myn

âlde heit”....... en hjir op bigoun hja to kriten, en de triennen fen

in jong frommiske, dy men ljeaf hat, binne sterker as kanonkoegels fen

ús fyanden. Ik wier allehiel to neate, en myn hert wier sa britsen, det

my de wetterlânners ek oerrounen, en ik betterskip biloofde.

Ik seach nou oan hjar dizze trije dingen: foarearst, det hja to folle

forstân hie, om hjar troch flaeijen yn it net lokje to litten; ten

oarden, det se in meilijend hert hie; en ten tredden, det se wol wiste,

det de frouljue de mânljue bêst mei sêftens liede kinne; ja, det se der

master en hear fen binne, det se hjar om de fingers wine kinne, as it

mei sêftens giet. Master Freark syn âld wiif seit altyd: “De manljue

binne lyk as de fjûrstiennen; as men dy stikken slaen wol en men leit

se op in balstien, den fleane de fonken der út, en de fjûrstien fljucht

fen siden út en bliuwt hiel; mar liz him op in kjessen, slaen der mei

in moker op, en hy fljucht yn tweintich stikken.” Om koart to gean, ik

rekke allehiel-end-al op dy faem forslingere, en ik hie wis mei hjar

boaske; mar sjoch, hwet barde! De faem krige de pokken, en waerd ’er

fen skeind; en nou waerd ik fen myn makkers pleage, det ik sin oan hwat

raers hie, en nou liet ik hjar tsjin myn sin stiltsjes glide, en ik

bleau wei. Mar myn makkers hiene my ek al de hiele winter pleage, en

seine altyd: “Astou nei de preekstoel scilste mei dyn breid, den moatte

jimme lyk as de stedsljue yn in sleepkoetske: hwent as jimme to foet

geane, den fleane jimme stap op stap tsjin eltsoar oan.” En oan sokke

praetsjes steurt in jong minske him soms sa folle, det er dêr allinne

om syn greatste bilangen foarbysjocht. Do de faem nei de pokken wer op

de foetten kaem en ik stil weibleau, do skreau se my út hjar goedheit

yette in fjreonlike brief, hweryn det se my bitanke for alles, mar hja

ferge net mear, det ik hjar ljeafhabbe scoe, omdet hja skeind wier.

Forgeat ik hjar it wier net goed fen my, det ik sa licht fen hjar

ôfseach. Ik wier as in hiel hopen berntsjes, dy de nút ljeafhabbe, om

mei de dop to boartsjen, en dy de pit weismite. Tûzen reizen hat it my

roud, hwent noait krij ik wer sa folle sin oan in faem as oan dat

minske. En nou gong it mei my yn de wyldernisse. Ik reisge nei

alderhânne fammen krekt sa lang det ik omkomd wier, en ik nearne mear

heul foun, ef it moast allehiel yn de frjemdte wêze. De lêste kear, det

ik by in faem west hab, dat wier op in Drylster merke. Do seach ik in

tsjep boerefaem, dy by in âld boer wenne. Ik wier by in omke, dat in

bakker wier, út-fen-hûs. Ik hâldde merke mei de faem, en mei in

fjirtsjin dagen reisge ik nei hjar ta op in snein-to-joune; mar dêr bin

ik sa raer weirekke, det my it einekroas op ’e holle siet, en det ik in

dei op bêd lizze moast, om de klean op de oun op to druijen. Ik woe net

sizze, hwet my oerkomd wier, mar lyk as ’er nin moart forholen bliuwt,

sa gong it my hjir ek mei. En do moast ik hwet hearre, dat kin men

tinke. Mar om oan al dy praetsjes in ein to meitsjen, sa makke ik ’er

sels dit[53] sankje op, en dat song ik alle man foar, dy er oer bigoun.

Nei dizze set haw ik noait wer nei frouljue taeld, hwent dy ik wol

hawwe woe, dy woe my net hawwe, en dy my wol hawwe woe, dy woe ik wer

net hawwe. Ik kaem ’ris by in feint fen ús, dy in jier ef fiif troud

west hie. Dy siet by in moai fjûr en paste op ’e brij. Hy hie it âldste

jonkje op ’e knibbel sitten, in skilderij fen in jonge! Syn wiif hie

ien yn ’e skirte, en ien laei yn ’e widze. “Nou haste it woun, sei ik

tsjin him, noustou wiif en bern haste, maet. Nou kinste de brij

omriere.” “Ja, sei de man, “nou wit ik, hwer ik for arbeidzje. Ik

plichte for de kasteleins to wrotten en to wramen, en nou dwaen ik it

for myn eigen flêsk en bloed. Mienste det dat gjin nocht is, Gabe?

Mienste det ik net greatsk bin op sokke moaije gesoune bern? Mienste

det it gjin inerlyk formeitsjen is, det de bern jouns sa bliid binne,

det hja by my opfleane as ik fen it lân kom? En as ik den sa wirch bin,

det ik hast net sitte kin, det myn wyfke alles docht hwet mar kin, om

út ús lyts bistean my to forkwikken? Is dat gjin nocht, Gabe? Dou wiste

wol better, feint.” “Ja, mar, sei ik dêr wer op, “de measte houweliken

binne as in sûkerbeantsje. Dat bytsje sûker is der gau ôfsobbe, en den

miene folle ljue, det ’er in swiete mangelpit foar den dei komme scil,

en it is in stik divelsdrek ef rhabarder, en den lûke se misselike

gesichten.” “Ja, heite, sei de man, “it giet dy as de foks yn de fabel.

Dy seach in moai bosk druven hingjen; dêr hie er folle sin oan, mar hja

hongen him to heach; hy koe se net rikke. “O! sei er, “hja binne dochs

ek mar sûr.” Sa giet it dy ek. Dou kinste gjin goed frommiske mear

krije, en nou bigjinste op it houwelik to smeulen. Mar dou kinste der

dêrom yette wol mei in slingerslach oan reitsje. Dy âld boer to Abegea

moast earst troch ’e skoarstien reisgje, en do hie er mei in rep in

wiif. Sa kin it dy ek gean.” Do hie ik genôch, en ik winske him

genacht, en ik bin en bliuw de âlde feint Gabe Skroar.

_Grou._

Rimen en Teltsjes · 第 195 / 279 题