SINT PONTJER EN SYN WIIF.

To Huzum wenne frijer

Sint Allinne yn de wrâld,

In boer mei gâns in knoarre splint,

En tritich jierren âld.

En frij, sa as syn namme gong,

Wier Sint yn al syn dwaen.

Hy dronk syn flesse en lake en song,

En woe ek graech hwet jaen.

En as er om in bûrpraet gong

Hie elts oan him syn nocht,

Mar hwa men ek in wiif optwong,

By Sint wie’ ’r net to rjucht.

“Hwent bongels binn’ ’t for ljuwe mar;

“Dy hoef ik ommers net,

“En ongelokkich neam ik hjar,

“Dy se oan de skonken het.”

Sa praette Sint den by de wyn,

En as in frijgesel

Skonk hy den mar ’ris helder yn,

En makke it hert ’ris kel.

Mar do er seis-en-tritich wier,

Do waerd it ding doch oars,

En ien dy wyt yn de eagen hie,

Dy krige ’im by de noas.

Der wier in jiffer yn de Skrâns,

In minske as mâlke en bloed,

Dy wier him al to folle mansk,

Dy flapte ’im ûnd’re hoed.

Men sei, dat hie Cupido wrocht,

Mar, och, hja die ’t him sels.

Twa eagen dêr sok fjûr út fljucht

Bringt mannich oan ’e pels.

Yn ’t koart, Sint Pontjer krige ’t wei,

Moai Lena waerd syn wiif.

Hja naem in hopen snaren mei,

Mar oars hie ’t neat om ’t liif.

En, o! dy ljeave bôle-tiid,

Hwet wier dy rêd forroun!

En ’t wier sa noflik, o! sa swiid,

Hwet Sint do ûnderfoun.

En Lena wier ek wol yn ’t skik,

Al wier syn praet hwet rûch.

Hy wier in man; hy stoe by ’t stik,

En goedlik! ’t wier onfoech.

In ingel wier se in wike ef seis,

Mei toalf do wier ’t syn wiif,

En ear der twa jier omroun wier,

Do waerd se steatlik stiif.

De moaije troanje dy hja hie,

Dy koe er net mear sjen,

Mar kant, dêr se yn biwoelle wier,

En side, en lint, en jern.

En moarns den wier hja mei in wip

Ek lang net út hjar nêst:

Den roun se mei sa ’n smoarge kop;

Den wier ’t in skiere têst.

Mar wier der ’ris hirddraverij

Ef hien’ se in bûrrepret,

Den stie ’t er yncroyabels by!

En thús dêr wier ’t in slet.

De hearen kamen fen de stêd,

Den wier ’t in edel ding;

Kapteintsjes, jonkers, o, sa glêd!

Den koe se troch in ring.

Den wier ’t: “vrou Bindstok” foar en nei;

“Dat kleedje staat charmant.

De stof is fijn en ’t makelei

Is naar de nieuwste trant.”

Dêr steurde Sint him hiel net oan;

Hy liet hjar stil bitsjen;

Hjar wêzen wier for him bidoarn;

Hy mocht hjar net mear sjen.

Hjar noaske earst sa fyn bisnien

Wier yn syn each gjin roai;

Hjar glimkes earst sa blij, sa grien,

Dy foun er net mear moai.

It wier hwet moais by elk-en-ien

Bihalven by hjar man,

En waerd se earst ’ris ljeaf en grien,

Hy waerd er wêrzich fen.

Mar ’t bledtsje waerd op ’t ein omkeard,

Hja waerd op ’t lêst yet gnap,

It ding is op it moaist biteard,

Mar ’t is oars hiel nin grap.

Frou Lena gong út riden wer

Mei hearen út de stêd;

Hja glimde en flikkere as in stjer

Sa trinten en sa glêd.

De hynzers fleagen oer de wei,

Dat jage en gounze foart!

Sa kamen se de sleat to nei,

En om laei ’t mei in hoart.

Frou Lena oars sa tsjep, sa twang,

Laei mei in stikne skonk,

En ’t each dat hinge op it wang;

Sa kaem se wer to honk.

De skonk waerd set for folle lean,

Mar ta hjar greate spyt

Moast hja nou mei in krukje gean,

En ’t each dat wier se kwyt.

Ut wiern’ de feesten en ’t gedrús!

Nin hear seach nei hjar om.

Frou Pontjer bleau nou altyd thús,

En waerd sa njuet, sa from!

Hjar glâns en gloarje wier nou taend;

Hja altyd by hjar spil;

Hja wier net greatsk mear en forwaend,

En noait net op ’e dril.

Hja wier nou kreupel en heal blyn,

En dat wier hjar gelok,

Hwent Sint gong noait wer troch de wyn,

Ef treastte ’im by de slok.

Hwent nou hie hy wer sin oan hjar,

En op dat selde steed

Wiern’ sy gelokkich mei elkoar

Troch dy forkearde reed.

“Sjochste? sei Gabe, dat hab ik foarút; ik mei wynsk en rynsk wirde,

mar raensk wird ik noait, lyk as de Hjoursters sizze. Dêrom hoeft in

frommiske my net to skouderjen.” “Dou wist ’er altyd rie mei, Gabe!”

sei de studint. “Ja, sei Gabe, dy in bryk pleit hat, dy moat in kwea

abbekaet wêze.” En dêrmei skaetten se. Ut.

Grou.

E. H.

[Yllustraasje: FROU PONTJER UT TO RIDEN.]

[Yllustraasje: YN ’E STOEPE FEN JOUTE-BAES.]

Rimen en Teltsjes · 第 193 / 279 题