GABE SKROAR EN DE STUDINT.

Gabe krige ’ris in studint by him to praten, ien dêr er as jonge wol

mei op ’e terp boarte hie, en dy er ek dalik wer koe, howol er al

hwette nuver optakele wier, lyk as kostúm is by dy maets. Dat wier sels

ek al in briken hear! It wier in omkesizzer fen domenij, en dy bigoun

dalik heech Hollânsk mei him to praten. En dêr foel Gabe dalik oer

hinne, en dy sei: “Astou sa koart fen gehûgen biste, det dy tael, dyste

foar fiif jier krekt sa goed koeste as ik, omdetste him fen dyn eigen

mem fen de widze ôf leard haste; astou sa koart fen gehûgen biste,

detste dy nou al forgetten haste, bliuw den fen de stúdzje ôf en lear

in hantwirk, ef wird boer. Hwent ho scilste den in preek fen bûten

leare, Kei?” “_Kei_” sei Gabe, hy waerd oars _Gerardus_ neamd. “O ja!

sei de studint, nim it net kwalik: ik kom just út de pastorij, en nou

wier my it Hollânsk sa hiem, det ik it yn de gedachten ek al tsjin dy

spriek. Mar ho scoe ik ús âlde Fryske tael forjitte? Ik kin folle fen

dy op, Gabe; mar dat moaste my net forwite. Dat scoe my sear dwaen.

Hwent den scoeste my for in greatsken forwaenden studint útmeitsje, en

dat kwea ken ik by de namme mar. De greatskens mien ik, Gabe.”—“De

boeren neame it oars mar in lompe tael, sei Gabe, en dêrom bigjinne hja

ek to ijkjen, sa det de âlders net mear fen _dou_ oan de berntsjes

sizze doare. Is ’t net bryk?” “Net to doukjen? sei de studint; “binne

se gek? Alle folken, dy de tael fen ien stamme mei ús habbe, sizze fen

_dou_. As men gemiensom mei immen sprekke wol, ef de achting en earbied

útdrukke wol, den is ’t _dou_ by de Ingelsken, by de Sweden en Denen,

en ek by de Dútskers. De âlders sizze it tsjin de bern en de bern tsjin

de âlders. Yn it gebet sels sprekke hja sa tsjin God. De Hollânners

hawwe de Fransken neibaud mei hjar _gij_ ef _jij_, krekt eft hja tsjin

ien allinne sprekkende dochs mear foarhabbe as ien persoan. En dy yette

sleauwer binne dy sizze _UwE_. Astou, Gabe, dyn widzesang sjongste,

Dou, dou biste myn Anke!

dat is folle ynliker; dat triuwt it wird mear op it hert as detste

seiste:

Gij, gij zijt er mijn Antje.

“Dos, Gabe praet op mar, en gjin kwea fen de Fryske tael mear, hear!”

Dat stoe de skroar skoan oan, en hy sei: “Nou sjen ik wol, det de

Hollânners der by forlern habbe: hwent nou is de tael to deftich

wirden. Mar dêr mar net mear oer prate. Ljeaver oer de frouljue. Dat is

sa hwet studintepraet, net wier?” “Wol ja, sei de studint, “dêr stiet

de bibel ommers ek fol fen. Dat is goed, Gabe”. It tafel woe, det it de

sneins op ’e neidei wier, en det de fammen út de tsjerke it finster fen

Gabe foarby rounen, en den krige elts syn biskieden deel. “Dat is ien

dy is sa fyn as spinreach, mar dy is hwette rabbich fen skik; ’t scil

licht net better wirde mei de jierren. Dat is ien mei skouders en

boarsten, ien op it jirappellân. Dy is onsjoch fen troanje, mar ljeaf

ta de teannen út, troch en wer troch, dat siz ik dy, Kei. En dêr giet

ien hinne, gnapper-nôch, mar hwet to bliik.” “Ja, sei de studint, hwet

skilt der oan?” “Dat wit ik net to klear; mar ien fen trijen wis: hja

hat de koarts hawn, hja sit to-stiif ynreaun, ef hja yt to folle swiet

gûd en kofjetsjok, ef hja is mansiik.” “En dêr, sei de studint dêrop,

“en dêr giet de gnapste hinne.” “Ja, mar, man, sei de skroar, dat is in

bidraechster. Dy hat my trije blauwe skinen yn ien winter jown.” “En

den wierstou in gek, detst’ der wer hinne rounste”, sei de studint.

“Wierheit is ’t, sei Gabe, “mar kin in moai frommiske in jong keardel

soms de holle net sa dwers op it liif sette, det er syn forstân

forliest?” “Mar ho is ’t, Gabe? sei de studint, “dou haste op al dy

frouljue hwet to sizzen. Scoe der ek hwet oan dy skele, detste âldfeint

bliuwste en net trouste?” “Ja, ik bin kreupel, andere Gabe dêrop, mar

det hindert net. Gjin manminske ef faem is sa skeef ef bryk, ef dy

trouwe hjir op dit doarp. Hja miene allegjerre, det hja yn it fagefjûr

sitte, sa lang as hja net troud binne, en den miene hja yn de himel to

kommen; mar yn it hûs dêr neist is ek folk. Dêr scille ek wol gûd

bilânje. Sa tink ik.” “Jonge, Gabe, sei de studint do, ik hab jister

yette om dy tocht. Do lies ik oer de âlde Spartanen. Haste dêr ek

wol-d-ris oer lêzen?” “Ja, sei Gabe, mar ik wit der mar in bytke fen.

Forhelje it mar.” “Wol sei de studint, dat wierne ljue, dy allegearre

for de kriich libben en dêr wier alles op ynrjuchte. Nou tochten hja,

as in bern to wrâld kaem, dy gebrekkelik ef mishipt wier, det dy neat

wirdich wier. Dy waerden op pleatsen brocht, dy se _Apotheten_ neamden,

bûten de stêd, en dêr waerden se dea makke, ef weimoezze; in ôfgryslik

ding, net Gabe?” “_Apotheken_ dêr helje se de dea hjir ek wol ’ris út,

mar bliuwe der selden dead yn.” “It wierne _apotheten_, mei in T.” sei

de studint. “Nou de namme docht neat ta de saek, sei Gabe; mar dou

bringste de saek net ta in ein, Kei-heite! Dou haste de histoarje fen

Sparta net útlêzen; hwent hja diene it kwanskwys, omdet hja oardielden,

det sokke skepsels hjar sels noch it lân ta nut wêze koene. En do barde

it det Agis berne waerd, in kreupele keningsoan, en dy waerd sparre en

dy bleau yn ’t libben, en waerd neijerhân dochs de wiiste en de

dapperste kening, dy hja oait hawn hiene; sa det de natúr hjar dat oars

bitsjutte, en in leksom joech oer hjar grouwelstikken. En nou woeste

sizze, det it gelokkich wier det ik net yn Sparta berne wier, en it is

ek to winskjen, det ’er noait wer Spartanen komme: hwent it wierne

rovers en moardners, ho heech det soms ek fen hjar opjown wirdt.” De

studint wier forbluft, det Gabe dat wiste; en Gabe foer mar foart, en

dy sei, det er noch ien ding wiste fen in houwelik, dat fen in

ongelokkich libben yette ta in bêst houwelik útroun, louter troch det

it wiif kreupel en healblyn waerd. “Dat klinkt nuver”, sei de studint.

“Master Freark”, sei Gabe, dy kaem ’ris by my, en dy sei: “Gabe, dou

pielste wol ’ris mei rymlerije: ik wit in set, dy moastou my ’ris yn

rym bringe. Der hat yn myn tiid to Huzum in Sint Pontjer wenne, dat

wier syn skeldnamme; mar hy hie de _fan_ fen Pontjer oannomd. Hja

neamden him ek wol Sint Frij; hwent syn oarde wird wier: “Frij-man,

fordomd.” Mar hjir is ’t rjimke.

Rimen en Teltsjes · 第 192 / 279 题