NJUNKEN-LYTSEN.

Der wier yn de tiid fen Gabe-skroar in smid to Wytmarsum, dy altyd it

wird _njunken-lytsen_ yn de mûle hie. Hy hie it wakkere drok mei

hynste-bislaen, dat syn soan fiks dwaen koe. Hy hie Gabe ’ris in heal

dei oan de praet hâlden troch det er sa folle oanrin hie, en ek omdet

er Gabe graech praten hearde, en den _njunken-lytste_ baes mar foart.

Hy hie Gabe syn libbensgong forhelle, en dy wier al nuver west; hwent

howol er nou in gnap man wier, sa hie er mar in loaijen slantfet west.

Noait kaem Gabe dêr ef hy pleage Gabe om him in rymke fen sines foar to

lêzen. Einlinge lies Gabe him dat rymke foar. “Hark den mar ’ris!” sei

Gabe. De feinten leinen de hammer del en de pûster stoe stil. En do

lies Gabe dit rymke op:

Ho kaem ús Joldert yn de tiid

En waerd in greate bingel?

Mei skriemen, tjirmjen en gestriid;

Mei bâlten en gehingel;

Dy net graech nei de skoalle gong,

Mar ivich op ’e strjitte omhong?

Al njunken-lytsen.

Ho waerd ús Joldert in jong feint

Hwet great fen holle en mûle,

Dy as de hinnen, as it reint,

Him graech yn hûs forskûle;

Dy folle smookte en oars net die,

Fen dit en dat to sizzen hie?

Al njunken-lytsen.

Ho kaem ús Joldert oan in wiif,

Al koe ’r de lea pas reppe,

En mijen’, onbiholplik, stiif?

Troch ’t jild fen âlde beppe.

Hy frijde lang, hy frijde sleau,

Ear’t hy oan ’t minske hingjen bleau,

Al njunken-lytsen.

Ho krige ús Joldert lytse bern?

Krekt al as oare ljuwe.

Hy sei altyd: “Fen flaeks moat jern;

“Der moatte spinsters bliuwe.”

Om ’t oarde jier wier ’t wyfke grien:

Hja krigen den in lytsen ien,

Al njunken-lytsen.

Ho rekke ús Joldert yn de myt?

Troch tiid- en wirk-forachtsjen.

Sa rekke er beppe skiven kwyt

Troch sêftens, troch forsachtsjen.

Hy iet en slepte wakkere swiet,

En iet de boel op lyk it giet,

Al njunken-lytsen.

Ho kaem ús Joldert wer to rjucht?

De need dy learde bidden.

Hy joech him waerlik net út nocht

Oan ’t smeijen by de smidden.

Hy smeide rjucht, hy smeide krom,

Hy switte en waerd ek minder dom

Al njunken-lytsen.

[Yllustraasje: YN ’E SMITDTE.]

“Is it nou út?” sei de smid. “Ja,” sei Gabe. “Nou, dat wirdt ek tiid

njunke-lytsen, sei baes; hwent as der in oar namme for stoe, den scoe

ik njunke-lytsen leauwe, det it op my wier.” “_Njunke-lytsen!_ Dêr

hawwe wy it al wer trije kear, baes. Jy sizze it foar jy it witte. It

wirdt tiid njunke-lytsen, det ik gean,” sei Gabe. De feinten laken det

se skodden, en baes wier mar heal yn ’t skik; mar hy njunke-lytste mar

foart, hwent it wier him yn de mûle bistoarn.

Grou.

E. H.

Rimen en Teltsjes · 第 191 / 279 题