Op in kâlde winterjoun foel it praet oer de krapte fen de earme ljue,
en oer gjirrige minsken, dy neat wei jane as dat nedich is ef dêr hja
ta twongen wirde. Elts sei der sines fen, en op it lêst fette Gabe it
wird op, en sei neijernôch hwet hjir folget. “Ja, de gjirrichheit is de
wirtel fen alle kwea, mar is in bittere wirtel, slimmer as de
stjonkwirtel, dy forgiftige wetterskearling, dy as men der mar in lyts
stikje fen nimt yn koarten tiid deadlik is for minsken en bisten. En de
man, dy troch gjirrichheit in dûbelstûr bihandelt as in stik gleon
izer, dat er hastich wol tsjienris omkeart foar det er it útjowt, is
lyk as Camphuysen seit: _de mensch door menig zielsgekwel sterft meer
dan eenen dood_. Mar hwet is gjirrichheit? En hwer rint hja op út? Ik
scil it jimme sizze, frjeonen! Ik wol de minsken net by de baerch
gelykje, mar twa dingen hawwe de minsken mei dat bist gelyk; dat is de
mage, en de oerginstichheit. Net allinne, det in minskemage folle fen
it fatsoen fen in bargemage hat, mar hy hat ’er it aerd ek fen. Hwent
it is in ding as de keats fen de fearskippers: der wirdt alderhânne
iten ynsmiten, en meastal wit er rie mei dat túch; en ho nuver det it
liket, it is dochs wier, det de measte minsken der gûd ynslane, dat as
it troch eltsoar rierd waerd, den scoe der nin houn de bek op sette.
Komoan, sei Gabe tsjin master Freark, ik scil mar ’ris stelle, jy binne
by de grytman nedige to iten: dêr komme jy de moarns om âlve ûre sa gau
net, ef jy krije sterke kofje, dy om jo yette mear oan to fiterjen en
sterker to meitsjen, mei forbarnde sjerp oanmingd is. De kofje is yette
tsjok fen reamme en wite topsûker. As jimme dêr genôch fen hawwe, den
komt it kroansop, de jenever, op tafel, dêr de statekoegels op driuwe,
mei bitter der yn; bitter, dat út alderhanne hjitte krûden en wirtels
makke is, dy fier efter de waibergen woechsen binne, dêr de apen mei de
minskebonken boartsje as de berntsjes hjir to lânne mei hispelprikken
en kouwebonken. En dat bitter is sa sterk, eft it troch de earste
distillateur fen kweade dampen, troch koarthakke, op de fornuzen fen de
hel útbret is. En as dat weinomd is, namentlik as de noazen bigjinne to
glimjen en de tonge al min ef mear dûbeld slacht, den wirdt ’er de
tafel ditsen; en as der in goed wird spritsen is, dat by de langste
mjiltiid sa koart mogelik makke wirdt, den wirdt ’er dalik in romerfol
kâlde reade wyn ynskonken; den wirdt ’er in Doctor-Snelletje dronken.
Dat is de foarbode om de mage to warskouwjen fen de greate dingen, dy
’er op til binne. Den wirdt ’er in sop opskept, heal brún, heal blank;
hja neame it skylpoddesop, dy sa heislike hjit fen smaek is, det in
earlik kristen boereminske, dy by brij en ierdappels, by earte en beane
en groat en koartmoes greatmakke is, wol winskje mei, det him de mûle
mei estrikken opset wier. En dy ljue, dy de tonge al forskroeid en de
hiele mûle forskromfele is as in bokkefel, dat yn alún loaid is, dy ite
der fen eft it wjitten brij wier; en de oare fatsoenshalven in
leppelfol ef fjouwer, mei de gedachten: Slaen yn mar! Der scil wol
better iten komme. En dat komt nou ek, en dat is de _hoofdarmée_. Twa
stikken bret flêsk; ierdappels; twa, trije soarten fen griente en
apelgûd; en nou wirdt ’er tahaeid, fen alles in priuwke, en it flêsk
wirdt troch ’e Sardammer moster dweile. Den komt ’er in hazze, dy in
fjirtsjin dagen ûnder in ôftek yn de bleate loft hinge hat, dêr in luft
ôfgiet, dy hja pikant neame; krekt in walm lyk as de mirden ôfgiet, as
se út de holen drinsge wirde. Den snippen, dy bret binne mei him en
grim, mei termen en al hwet ’er yn heart to wêzen, en dat ik net op syn
Frysk neame scil. Den wirdt ’er boffert opset mei apels, parren,
prommen en douwen; fen meast alles wirdt hwette ynnomd. Den komt ’er
kêrsen yn brandewyn ef gingberwirtel, hjit en swiet. Der is soms yette
wol mear; mar rier nou alles hwet ik hjir opneamd hab mar ’ris troch
elkoarren, en ming it oan mei dy hjitte sterke thé, dy in ûre dêrnei
dronken wirdt, en scoe der nou wol in houn wêze, dy der fen frette woe,
as er nin trije dagen opboun sitten hie? Sjoch jimme nou wol, frjeonen,
det in minskemage net allinne it fatsoen, mar ek it aert fen in
bargemage hat?
It twade ding, dat in minske mei in bargemage gelyk hat, dat is, lyk as
ik sei, de oerginstichheit. Sjoch dêr dy tsjien bichjes! Moaije
bistkes, net? Jammer det hja greater wirde! Hwent foartoan is der neat
oan, as dat ’er oan in ondogensk minske is. Frette en sûpe by it
bealchfol, en den yet mei in forkeard sin troch de wrâld, mei grommen
en brommen. As men se foarút hawwe wol, den moat men se mei alle macht
oan de kwast fen de stirt lûke. Hja doge net foar det se it mês troch
de kiel hawn habbe. Mar dy bichjes, sjoch ’ris, hwet rinne hja nei de
trôch nou it sûpen der yn getten wirdt. Dêr is al ien, dy hat genôch.
Sjoch, hy kin just gean sa fol is er; mar hy sjocht ’ris om, en sjocht
det al syn makkers yet al foartslabje. Nou rint er gau werom, hy set
’er de snute yet ’ris yn, mar hy kin net mear. Dat dochter trije,
fjouwer kearen nei eltsoar. Dat is de oerginstichheit, dy de minsken
mei de bargen to wrâld bringe. Sa binne de lytse berntsjes ek: hja
binne altiten bang, det se forongelike wirde. In lyts bern is meast al
bang, det er net oan syn part komme scil. Jaen twa berntsjes elts in
stikje koeke; pas den foaral op, det se beide allike great binne, ef de
oerginstichheit komt by him op. Gysbert-om seit net to onrjuchte:
Ho fet sopje oare ljues petiellen!
En bûrljues kij jaen greate miellen.
’t Is de greate wet fen selsbihâld, dy ús ynprinte is, en dy bringt al
licht de sucht yn de minske om mear to bigearjen as er nedich is. It
ûnderrjucht fen oare minsken en de rede moat dizze sucht neijerhân oan
bânnen lizze, ef der komt dat monster út foart, dat wy gjirricheit
neame.
Der is oan de oare kant nin greater lof, dy men in boargerman jaen kin,
as det er de tarring nei de nearring set. Ik hoef net to sizzen, ho ús
de dagelikske ûnderfininge leart, det ’er wiif, bern, frjeonen en
neibisteanden om suchtsje moatte, as dêr net om tocht wirdt. It stiet
yen frij, ja, men moat sels sa kloek wêze as men kin, mar men moat
oppasje, det men yen sels en in oar net to koart docht, en syn fatsoen
hâlde hwer it to pas komt. Hwet laeit ’er in oar oan gelegen al wol ik
for my sels beane ite, en it wetter yn pleats fen kofje ef peccothé
drinke; mar as men yn de folop sit, den in earm minske yette yn syn
lean to biknibeljen, ef wezen en widdouwen to rûpeljen en to goarjen
oan ’t grêf ta, dat is lyk as Tantalus oan de lippen ta yn ’t wetter to
sitten, en yette fen toarst to forsmachtsjen. En it is ondogensk boppe
alles om ’t jinge yen boppe tûzenen as in foarrjucht jown wirdt, to
brûken om in oar yette mear ûnder ’t sim to krijen, en nei yen to
skoerren hwet los en fêst is. Sa libbet de gjirrige man foart; it is in
ivige striid om mear to hawwen. Hûndert lytse dingen, dêr in gewoan
minske net om tinkt, nimt er to bate om syn pong to foljen: ivich sit
er to rekkenjen mei kryt en houtskoal om der yette mear út to heljen.
Hwet in oar genot neamt, is by him oerdaed. Dêrby is hy in hater fen
alle kinst en witenskip, dy it jild heger achtet as alles hwet in
minske bisit en him foredelt. Hy neamt it sierlikste skilderij, de
hearlikste muzyk, it swietste gesang mar gekheit omdet ’er neat mei is
to fortsjinjen. De godstsjinst wirdt forgetten sels; hwent it jild is
de God fen de gjirrige, en de soarge for it jild oermastert de soarge
for de siel. Mar it slimste fen de kwale is, en dat woe ik lêst sizze,
dêr de gjirrichheit op útrint, det er altiid oanwint, det it in
ynfrettende kanker wirdt. Alle gebreken fen in minske nimme in ein mei
de jierren; de greatste ljeafhabbers fen de flesse moatte einlinge
krimp jaen. As se âld wirde, sizze se allegearre: “Wy jane it woun. De
hûd wol it net langer lije.” De greatste ljeafhabbers fen moaije
hynzers sitte op hjar âlde dei yn de hirdsherne, en prate net mear oer
hynzers. En dy yn hjar jonge jierren troch sleatten en slodzen fleagen,
det hjar it flach om de hals en it einekroas op ’e hoed siet, om in
moai faem op to siikjen, dy sizze, as der fen in moai frouminske praet
wirdt, dy sizze op hjar âlde dei: “Och! in frouminske is mar in
minskebihelp, goed om de brij to sieden en de himden to waskjen”. Mar
as hja den sizze: “Hja hawwe jo dochs frij hwet jild koste, pake!” den
seit er: “Hwet gûd?” den is pake kwarteldoaf.
In oar úteinde fen de gjirrige minsken is, det se yette earm wirde: en
den hawwe se yette in foarrjucht, det se yn tiids hirdzjen leard habbe.
“Det hja earm wirde?” freget misskien immen. Ja, earm troch det de
gjirrichheit syn master bidraegt, en dy ivige, pynlike, knipende
bigearte nei mear, loatst hjar einlinge nei in kantoar, dêr mei greate
forguldene letters op skreaun stean moast:
Iemand met beloften azen
Is een hemel voor de dwazen;
ik mien nei it kantoar fen de _Loterij_, dy yn alle lânnen, dêr mear
noed for de skatkiste stien wirdt as for de goede ljue, dy him folle
moatte, oerein hâlden wirdt, mar dy yn Frankryk op ’e groun ôf sljuchte
is. En dêr forspylje se alles yn, en wirde fen alle stammen Israëls der
yette by útlake op ’e keap ta. Inkelde, dy it jild net sêd wirde koene,
wirde einlinge it libben sêd, en hingje hjar sels yn in skûrre ef op in
souderke stil foar it each fen de minsken wei, ef litte hjar sels op in
iensomme pleats fol wetter rinne. Mar de measte oerlibje hjar sels en
hjar eigene gjirrichheit. Hja fordroegje en forskromfelje, en hjar
lêste soarge is yette de jildkiste. De bleke hân fen de dead strykt it
gerdyntsje ticht en skiedt him fen alles ôf, hwet him syn hiele libben
troch as ien gedachte oermastere hie, it jild. De klokken liede neat as
freugdeteanen for syn loerende erfgenamen, en nin trien fen droefheit
ef tankberheit biggelt oer de wangen fen in jinnich stjerreling. En dêr
laeit er nou op it selde tsjerkhôf, yn dy selde ierde, as syn bûrman,
in earme arbeider, laeit, dy mei swiere arbeid acht bern great bringe
moast, en alles en alles for syn húsgesin wier; en dy God yn syn hege
need sa faek bea om in tsjien-tûzenste part fen it jild fen syn rike
bûrman. Dêr lizze nou beide even ryk! Hwa scil de bêste wêze? Dat is in
sletten boek hjir for ús earme bline minskebern; in sletten boek fol
tsjustere djippe geheimen, mar hjar blêdden wirde opdien yn de
ivichheit. Us komt it oardiel net ta.”
Do sei Saskemoi: “Dou falste my al to folle út it mâlle yn it
earnstige.” “Dat heart sa; sei master Freark, “men kin ek net altyt
sjonge en altyd laitsje. Lit him syn gong mar gean. Him is it wird wol
tafortroud. Jammer det dy jonge op ’e skroarstafel omkruse moat.” “Nou,
priizgje my net to folle; hwent den mocht ik to folle sin oan my sels
krije, en den hie op it lêst gjin minske mear sin oan my”, sei Gabe
dêrop. “Ik leau, sei Freark dêrop, det der yet al mear gjirrige minsken
binne as men mient, en hja binne yet al yn achtinge. Hwer komt dat fen
dinne, Gabe?” “Gjirrige minsken dy binne der mear as rynske, sei Gabe;
mar folle tsjenne in oar baitsje oan as hjar tabiheart, om hjar skurfte
hûd to bidekken. Hja binne ek al as it bjirkenhout; dêr moat men earst
trettsjin basten ôfskile ear ’t men oan ’t soune hout komt. De
gjirrigerts binne lang net sa as hja ús op de komeedzje forteand wirde,
mei âlde smoarge nachtjaponnen oan, op sleepskoen en mei prûken op ’e
holle, dy jier en dei op ’e brol omswalke habbe; dy earst in domenij,
do in klerk, op it lêst in leedbidder en it alderlêst in earm
skoalmaster de pleats biditsen hat, dêr it forstân ûnder heart to
sitten. Dy skjippe-yntaesten en wâld-ierdappels ite, en it jild yn âlde
hoazzen en kjessenslopen, yn holle balken en de boppe-einen fen âlde
kasten weihoedzje. Né, der binne ek wol hiele deftige gjirrigerts, gnap
yn ’t habyt, en dy soms wol ’ris goed dwaen om de minsken to
forbjusterjen, mar dy him yn ’t geheim knipe, det ’er bloed neirint.
Men fynt ek oare, dy lang bidde en mar koarte mjiltiden hâlde, út freze
det de boaden de mage oerieze scille; dy gjin tsjerkgong forsomje, en
dy ’salmsjonge, det bûrren en oerbûrren it hearre kinne. Der binne ek
rouwe apostels ûnder, dy flokke en swarre, en dy beare, det it hjar
neat skele kin, en dy, as de reap draeid is, alles yn hjar nêst
skoerre. Al dy ljue hawwe mar ien ding mei elkoarren gelyk; det se
namentlik net witte wolle, det se jild hawwe, en hwer hjar jild sit.
Hja geane allegearre troch ’e mesken, en wirde achternearre[51]
bihalven fen dy de trettsjinde bast oplichte habbe, koartom, dy hjar
kenne. En dêrby for it stomme jild is ek in stomme earbied ûnder de
measte minsken. Sjen der noch sa haveleas ef bilabberd út; wêz’ brutael
as de boal, en sa dwers as in harke; wêz’ fûlfrettende gjirrich, dyn
jild jowt dy achtinge.... Né, dat is it wird net; it jowt freze en
ontsach. Us heit reisge ’ris mei in earm man troch de wâlden om kij to
keapjen. Dêr kaem hjar in âldich man to mjitte, dy in âld fet
eftersteekje op hie mei in foerlekkensk baitsje oan, mei de hoazzen op
’e slomp en gearsette klompen oan. De earm man lichtte nederich syn
hoedke, en sei: _Dei bysitter!_” Do sei ús heit: “Licht’ jy for dy man
de hoed? Docht dy jo sa folle goed?” “_Dat net_, sei de man, _Hi sal
gjin krûm weijaen; mar hi hat wol._” Inkeld bart it yet wol ’ris, det
se net ontsjoen wirde, lyk as jimme hjir oanhearre scille, dat ik jimme
hjir forhelje scil. It is mûlk det ien fen jimme it wol earder ’ris
heard hat, mar allegearre net.
It is ’ris bard to Koudum yn Gaesterlân,[52] det der in âld kofskipper
kaem to wenjen; dy hjitte yn ’e wânlinge Japik Swerver. Nou, dy namme
koe er wol fiere; hwent lange jierren efter ien hie er twiske twa
stevens swalke om syn brea, en nou hie er it einlinge sa fier brocht,
det er de skipkes op it droege hie en det er fen de blêdden libje koe
sûnder det er de beam hoefde to rûpeljen. Dêr libbe er sa hwette hinne,
en for tydkoartinge hie er in gnap jachtsje, dêr er mei op de mar yn de
Fluessen omstrûsde; in pear skeakels, in tôchseintsje, en hwet fûken
der by, dêr brocht er de tiid sa hwette mei to’n ein. En jouns gong er
by syn bûrren to praten en forhelle fen oare lânnen en minsken, sa det
de âlden net allinne nocht fen him hiene, mar de berntsjes ek; hwent
omdet er noait mei lege bûsen kaem, sa hongen se him oan syn klean as
kladden, en de earme ljue wisten ek wol hwer Japik-om wenne as de need
oan de man kaem. Om koart to gean, it wier in man sa as men mar in
bytke foun. Dêrom hie de gemeinte mar bigrepen, om dy man de eare to
jaen dy him takaem, en him dyaken yn de tsjerke to meitsjen. Mar de man
sei altiten: “Ik wol graech, en jimme kinne it my meitsje; mar ik siz
jimme, ik bin der net geskikt for: en dat houdde er mar fol. Mar de
minsken to Koudum tochten der oars oer; der foel op syn libbenswânlinge
en al syn dwaen neat to sizzen. Hy koe pront lêze en skriuwe om it boek
to hâlden. Hy hie folle tiid oer om de earmen to forsiikjen en to
helpjen, en de gemeinte stimde him en twong him heal om it oan to
nimmen, en hy naem it oan. “Mar, sei hy der by, ik wik it jimme; it
scil de gemeinte wé opbrekke. Jimme scille it ûnderfine, det ik ’er
ongeskikt for bin. Ik siz it jimme yet ’ris, it scil jimme rouwe.”
[Yllustraasje: JAPIKOM YN ’T HEKJE.]
Nou wenne der yn dy tiid in grytman dêr to Koudum, dy sa smoarryk wier
as der mar inkelde yn hiel Fryslân binne, mar sa trochtrape troch alles
hinne gjirrich, det ’er neat ôfgong as de reek. Hy libbe as in heremyt,
en joech gjin duit oan de earmen. It earste jier det Japik Swerver yn
’t hekje siet, gong it bêst mei syn dyakenskip; hy siet mei in
swartlekkensk âld-Frysk rokje mei klinken oan, mei in siden damasten
ûnderbaitsje mei silveren knopen, mei gouden knopen yn ’t himd, en in
moai siden Eastynjesk doek om ’e hals, dêr yet in sémans-strûs op siet.
Inkeld kaem de âlde biis yette wol ’ris út, as er in moai jongfaem foar
it hekje kaem to sitten, det er den de prûk ’ris hwette skeef loek, ef
’ris in bytsje skilich seach om dy sloven oan it laitsjen to krijen;
mar dat merkte in oar net, en alleman wier to freden oer de keus dy hja
dien hiene. Mar it twade jier moast de man mei it ponkje troch de
tsjerke gean om de gaven for de earmen op to heljen, en do rikte er,
lyk as it gebrûk wier, it ponkje earst oan de grytman ta, dy neist it
dyakens hekje yn in stoel siet, en do dy syn gave jown hie, kearde
Japik-om it ponkje flak foar de preekstoel om, en dêr kamen twa duiten
útroljen, en do sei er lûd op: “Dêr hawwe wy it earste oartsen al! Dêr
liz ik in blank by; den is it in stûr.” Hy stiek dy duiten by elkoar yn
’t ponkje, en gong de gemeinte roun, krekt eft ’er neat bard wier; mar
de grytman stau grimmitich de tsjerke út. De measten fen de gemeinte
giisgobbene, en de domenij wier sa fen syn stik brocht, det er dalik
sjonge liet, hwerop den ek al skielik it _Amen_ folge. En do Japik-om
foar de tsjerkerie komme moast mei de grytman der by, lyk as wol to
tinken stiet, do bikende er earlik skild. “Mar, sei er, ik haw jimme
foarôf warskouwe, det ik ongeskikt wier, mar jimme woene my net leauwe;
hwent ik siz altyd de wierheit, en dat makket in minske ongeskikt for
folle dingen. En ik haw it gelok, det ik nin minske nei de eagen hoef
to sjen. Hwent hwet ik yn de wrâld hab, dat hab ik mei Gods holp oan my
sels to tankjen. En oan jo, mynhear, sei er tsjin de grytman, haw ik
neat misdien, as det ik ús ljeavenhear hwet foarútroun bin; hwent der
stiet ommers skreaun: “_wat gij in het verborgene doet, dat zal u in
het openbaar vergolden worden._ Ik bitankje for myn dyakenskip, en kom
net wer yn ’t hekje; en ik winskje jimme it bêste.” En do gong Japik-om
foart. “En ik ek, sei Gabe; en ik winskje alle gjirrige ljue det hja sa
to pal reitsje as dy grytman.” Ut.
Grou.
E. H.