Yn Gabe-skroars feintejierren wenne ’er in bysitter to Wytmarsum, dy
hjitte _Goarrelt Abes van Hynxtema_, in ryk man, in deftich man; edel
as in hoanne op de rúchskerne, mei in greate earsucht. It wier in
âldfeint, dy allinne mei syn sister en de boden hûshâldde. Dy sister
tochte ek net djip, mar dat wier sa’n roffelskûte, dy altyd mei de
hiele hûd útfoel, en der alles mar útflapte, ef it pas joech ef net,
det Goarrelt-om wol ’ris yn syn eare gong, en him soms ek wol danich yn
de wei wier. Fen dizze ljue hiene Gabe âlders in stik lân yn hier, mar
sa djûr, det Gabe mar ’ris hird bigrepen hie om it sa net wer to
nimmen, en dêrom hie er foarnomd, om, as bysitter ’ris by hjar wer oan
hús kaem, om it lân wer to forhieren, om den sels it wird to dwaen,
omdet er wol wiste, det Pibomme him wol ’ris foarbyprate liet. Dat
waerd ek sa twiske hjar beiden ôfpraet. Mar Gabe hie yette mear yn it
sin, hwent der siet yet in âlde oast twiske him en de bysitter. Dy hie
namlik in gnap jongfaem oan hûs, dy der fen bern ôf wenne hie; dêr hie
bysitter ek al lang smuchte op hawn, mar hy wier to earsuchtich op syn
menear om sa ’n earm tsjinstboade ta syn wiif to nimmen. En dochs
ienris op in lette joun kaem de bysitter út in wyngelach, en do waerd
de man in man, en hy hie syn deftichheit en syn earsucht forgetten, en
dat bytsje frouljuflêsk, dat om syn spjuchtige lea siet, bigoun to
libjen. De faem docht him de doar op, en hy grypt hjar by hjar mûtele
earm. Dy waerd kel en sei: “Hwet siikje jy, bysitter?” “Neat, Joukje!”
sei er, en hy hâldde hjar mar fêst. “Ja, jy siikje al it ien ef it
oare”, sei de faem; mar hja grypt mei de oare him syn aftersteekje fen
de holle, en saeit it yn de molkenkeamer, dêr just de doar wiid en
waech fen iepen stie, en sei: “Hawar, bysitter! Nou wit’ jy to minste,
hwer det jy om siikje kinne.” Hy stoep yn de molkenkeamer om de hoed to
siikjen, en truzelt, fen de wyn bidwelme, foaroer yn de rige fen folle
aden mei mâlke, dêr de reamme al tsjok op stie. Syn nij sarjes rokje
seach ’er danich út. Dat wier twa houwen yn bysitter syn earsucht. De
bysitter wier razend en woe de faem der útjeije, mar de sister kearde
it, en sei: “Hwerom sûpste sa folle fen dat mâl gûd? Dêr biste
swymhollich fen wirden”. Mar lyk as it mear giet yn de wrâld, dy sels
net oan it spek komme kin, gint in oar faek de swaerden net. Gjin
frijer mocht de faem frjeonlik taknikke, ik lit stean, det ’er ien by
komme mocht, en Gabe, dy der faek op loerd hie, wist er it altyd to
ontlizzen. Nou krige Gabe it grou op him, en dy wachtte mar op in
gelegenheit om bysitter Goarrelt ’ris to rjuchte to setten. Dy
gelegenheid kaem ’er gau.
Op in jountiid kaem de bysitter mei syn sister by Pibomme en Saskemoi
ynstappen nei det se earst in boade stjûrd hiene. Hy wier krekt eft er
sa just út it kammenet stapt wier. Dizze kear hie de man in greaten
fine roune hoed mei útplústere rânnen mei in moai gouden gasp der foare
op, in lange deftige rôk oan, dêr gjin knûkeltsje ef spruzeltsje op to
sjen wier, mei in wite bef foar en gouden knopen yn ’t himd; in rotting
mei in pasteleinen knop, en in lang silveren keatling ’er oan, droech
er yn de hân; in spand lekkensk broekje mei kûtgaspen en silverskiere
hoazzen, en oeribele greate silveren gaspen op ’e skoen. Koartom it
wier alles sa skjin en eptich as it hearde. In great gouden
haloazjekeatling bongele him op ’e foarbroek om, en do er yn ’e hoeke
sitten gong op in hege glêdde pronkstoel, do helle er mei staesje in
great wyt bûsdoek ta de bûse út en snute him sa deftich eft er by de
grytman op it rjuchthûs siet. En hy rookte syn eigen tabak kwanskwys,
mar it wier egentlik om syn swiere silveren tabaksdoaze sjen to letten,
dêr de hele boerkerij op ôfbylde stie, en as alleman dy den biwondere
hie, den sei er: “Ja, men scoe sizze, ho kinne minskehânnen it sa
meitsje! Mar it hat my forskate goudene dukaten koste.” Gabe siet neist
him op in leech wâldstoeltsje mei in birdbarnerke yn de mûle. “Dou
sitste dêr nederich, Gabe”, sei bysitter; mar liet er derop folgje:
_die zich zelven vernedert, zal verhoogd worden_”. “Dat hoopje ik”, sei
Gabe. It dûrre net lang, ef it bigoun al gau oer de ynhieringe fen it
stik lân, en do fierde Gabe it wird allinne. Gabe woe in trijegoune fen
it pounsmjitte ôf hawwe, mar bysitter woe neat sakje litte fen de âlde
hier. Do foel syn sister út, en dy sei: “Ik scoe it mar dwaen,
Goarrelt-ju! It binne bêste ljue; dy moatte ek hwet oan ús fortsjinje.
Dou haste ommers yette wol in boarnamer fol jild lizzen. Wirdste
gjirrich? Wo’ste it mei yn de deakiste nimme? Dou scilste ’er net
sêfter om lizze.” Sa foel dy út. “Né, sei Goarrelt, mar ik bin to
earsuchtich om it lân for minder jild to jaen as ’t foar fiif jier west
is. It is neat minder wirden yn dy tiid.” “Earsuchtich? rôp Gabe binijd
út, “Earesucht? Jy hawwe in nuvere earesucht nei myn ynsjoch, bysitter.
Binn’ jy ek to earesuchtich om wierheit to hearren? Den scil ik jo in
forklearringe jaen oer de rjuchte earesucht en de forkearde earesucht.
Mar ik moat earst witte, eft it ek yn jou eare giet om fen in kreupel
skroarke de wierheit to hearren?” “Wol né, man; lêz’ op mar, sei de
bysitter; ik scil ’er it hearren ta dwaen.”
[Yllustraasje: BYSITTER TRUZELT YN ’E MOLKENKELDER.]
“Nou den, de rjuchte earesucht bistiet dêryn, det men der in eare yn
stelt om net to heech fen yen sels to tinken, en net to leech fen in
oar; om lyk en rjucht to dwaen; earlik en oprjucht to wêzen; alle
minsken it sa goed to ginnen as men it sels hat; de kweade fen hjar
forkearde paden ôf to helpjen en ta betterskip to bringen; de earme
minsken mei meilijen to bihanneljen; de driftige ta to jaen; onrjucht
net mei onrjucht to forjildzjen; op yen sels to pasjen, mar nin
bloedjild to bijearjen, en sa dwaende de ginst fen God en alle minsken
to fortsjinjen. Dêr moatte jy de rjuchte earesucht yn siikje, en ik wol
ek net graech sizze, bysitter, det jy dat net dwane; bileaven net! Jy
binne sa ’n slim man net. Mar jy hawwe punten, dêr jy de earesucht yn
siikje, en dêr er net ynsit, en dy wol ik jo oantoane, as it mei jins
bileaven wier. Foarearst binne jy earsuchtich op jins namme; jy hjitte
_van Hynxtema_, en jy fiere ek in wapen. Dat bistiet yn twa hynzers, in
terskswingel en in wanne, en omdet ’er in _van_ foar jins namme stiet,
nou meitsje jy jo sels wiis, det jy sa hwet fen de âlde Fryske adel
binne. Mar, ljeave man, as jy ’ris wistene ho jins oeroarreheit oan dy
namme en oan dat wapen komd wier, jy scoenen der net greatsk op wêze.”
“Wol, ho binne wy der den oankomd?” frege de bysitter him brimstich.
“Nou, farde Gabe foart,.... Mar jy binne, hoopje ik, net to
earesuchtich om de wierheit to hearren?” “Wel, né, ju! Ik bin
nijsgjirrich it to hearren” wier it antwird. “Nou, ús âld smid, dy
forline jier yn syn fiif-en-sauntichste jier stoarn is, hat my ’ris
forteld, det jo oeroarreheit hjir to Wytmarsum hospes wier, en de
earste man dy hjir hynsten hâldde. Dêrby hâldde er ek in koalkleed, en
mei dy trije dingen gong it hem extra-goed. Mar lyk as jy ek al sa min
ef mear binne, de man wier proastich en boastich en wakker op syn eare
steld. Hy wier ’ris to Frentsjer, sa as er miende yn in selskip dêr
nimmen him koe, en dêr joech er him for in greidboer út, dy twa hynzers
ried. Dat leach er ek net; hwent hy hâldde ek in kou, en meande alle
bleken yn Wytmarsum; mar hja neamden him om dy pocherij tonei altyd fen
Abe Hynxteboer. En nou wenne ’er in gnap faem by him, dy by in grytman
Aylwa wenne hie. Dy grytman scoe noait syn doar foarbyride, ef hy moast
in flesse wyn by him drinke, en dy moast de faem him skinke. It wier
altyd eft it him better smakke, as dy der de azem oer gean liet. Dat
wier in frolik man, en dy neamde de hospes altyd _van Hynxtema_, en dy
makke him wiis, det er min ef mear fen de adel wier, en dy liet him ek
dat wapen snije, dêr hy syn brieven mei talakte, lyk as jy yette dwaen.
Dat hawwe jy dos oan in moai faem to tankjen; hwent hie dy der net
wenne, den hie dy grytman der licht noait sa faek net west, alteast net
pleistere. En jy hoeve jo it net to skamjen, det jo oeroarreheit mei
hynstehâlden de groun lein hat fen jou kaptael; mar jy moatte ’er net
greatsk op wêze, mar der in goed gebrûk fen meitsje.” “Hwerom hat dy
âld smid my dat noait forhelle?” sei Goarrelt. “Wol, omdet er in goed
klant oan jo mei jou twa boerepleatsen hie. Hy wiste wol, det jo
earesucht hiene for jins wapen en jins namme, en dy earesucht woe er jo
net binimme, om him sels it brea net út de mûle to stjitten; mar ik hab
neat fen jo to freegjen ef to freezjen. Dêrom siz ik jo de wierheit, en
jy binne net to earesuchtich om hjar to hearren, wol, bysitter?” “Né”,
sei Goarrelt-om, mar hy forbiet him al in bytsje.
“En den binne jy ek noch earesuchtich op jins ampt as bysitter fen de
gritenij. Wêz’ dêr foaral net greatsk op. It is net om jins great
forstân, det jy dat wirden binne, mar om jins lânnen en grounen. Dy
ljue, dy dêr komme, dat moatte ljue fen gewicht wêze, fen pounen, né,
pounsmjitten. En as jy den op ’e rjuchtkeamer komme, den hawwe jy neat
to dwaen as it stompe ein fen jins lichem to brûken om ’er mei op in
grien kjessen to sitten, en mei it spitse ein efkes to knikken ef to
nigen as it pas jowt. De rie is al sletten ear det jy by de treppen
opgeane. Sjoch, bysitter, dat is alles, hwet ’er fen jo foardere wirdt.
Jy koene yette earesuchtich wêze, det jy de geheimen fen de rie earder
wisten as in oar; mar, och myn frjeon, it bier, dat dêr broud wirdt,
kriget de boargerman neijerhân ek al to priuwen, en hy moat it sûpe eft
it him smakket ef net; en jy ek mei, bysitter. Dat is de wierheit. En
jy binne ommers net to earesuchtich om hjar to hearren.” “Né, ju! Lêz’
op mar!” sei de bysitter noartich, en hy krige in kaem fen lilkens.
“Licht binne jy ek earesuchtich op jins jild, jins lânnen en grounen,
dy al for jo bistimd wierne foar det jy yn de widze laeinen, en dêr jy
al in gedeelte fen bisieten ear det jy doopt wierne. As jy oars neat
hawn hawwe op ’e ierde, den scil der ek neat for jo weilein wirde. Deel
der ek fen mei; as jy dea binne giet elts dochs mei in stik foart, en
der bliuwt neat fen jo oer as in grêfstien. It mos groeit op dy stien,
de sinne en de rein skulferje dy stien ôf, en jou namme fordwynt fen de
ierde bihalven yn de tankbre herten fen bern en bernsbern fen dy ljue,
dy jy goeddien habbe. Mar det jy de earesucht siikje yn goud en silver
oan jo to dragen, en sa trinten en deftich yn de klean binne, eft jy sa
út it kammenet stapt wierne, en det ’er nin knûkel ef spruzeltsje op
jins klean to finen is; och! siikje dêr de earesucht ek net yn. In oar
laket ’er mar om. In skjin himd en in nij rôk dy kin men sachts
oantsjen, mar in skjin geweten sûnder skynhillichheit wêz dêr
earesuchtich op.”—“Ik scoe mar ophâlde”, sei Pibomme. “Né, mar, sei
Gabe, Bysitter is ommers net to earesuchtich om de wierheit to hearren,
wol?” “Ei ju, dat fregest’ my jimmerwei!” en it bloed kaem him yn de
eagen. “Nou, bysitter, ik wist it net; mar jy binne yette ek
earesuchtich, det jy sa ’n flitigen tsjerkgonger binne, en it is to
priizgjen, det jy dêr mei liif en siel foar binne; mar ik moat jo
sizze, det de measte sneinen, as de earste ’salm útsongen is, det jy
den, siz ik, de siel út-fen-hûs stjûre; hwent den bigjinne jy to
sliepen en to snoarkjen, det de bank ’er fen droant. En dat dûrret
krekt sa lang as de dyaken mei it ponkje komt; den jowt ús baes
timmerman, dy neist jo sit, jo in stomp mei de earmtakke únder de
koarte ribben; en dêr docht de man ek goed oan. Hwent foar twa jier is
it ’ris bard op in peaskemoarn, det de dyaken jo mei it ponkje ûnder de
noas staette, en do wierne jy sa forbouwerearre, det jy yn de hast in
wylde kastanje, dy jy for de jicht yn de bûse droegen, yn it ponkje
smieten yn pleats fen in keizersgoune, lyk as jo wol paste, better as
my in dûbeltsje; hwent dêr moat ik in ûre for sitte to pjukken.” De
bysitter gong de iene kleur ôf en de oare oan, en hy siet to swolgjen
krekt eft him in stik hirde potstrou yn de wêze stykjen bleaun wier;
mar de sister fen Goarrelt knikte Gabe ta, krekt eft hja sizze woe:
“To, matskje op mar!” “Jy binne to earesuchtich om jou lân goekeaper to
forhieren as fen to foaren, al sjenne jy, det nin minske it ’er meitsje
kin. Jy sister seit oars, det jy genôch hawwe. Mar scoe der by jo net
hwet ynhellichheit mei ûnder rinne? Mear is genôch by jo; mar jy jane
it in oare namme. Leau my, bysitter; folle ljue, dy graech lije meije,
det men hjar ’salmsjongen heart boppe in oar út, dy wolle net hearre,
det men hjar trijegounen klinken heart. Dêrom bigjinne hja der mei to
hoedzjen, yn âlde foetsokken en kjessenslopen, yn âlde kastkoppen; ef
hja bidobje it jild yn potten ûnder de groun as de hounen de bonken.”
“Haste dyn nocht hast, skroarke?” sei de bysitter; “ik al lang.” “Yet
ien ding woe ik jo koartwei sizze; hwent it helpt jo mear as
fiif-en-tweintich preken, dy jy forsliepe.” Do sei Gabe: “Der is noait
ien keardel sa meager, ef der sit yet altyd in lead frouljuflêsk oan
him, en howol jy al hwette bjinbitich binne, sa sit der by jo yette
folle mear oan. Pounen sitte der oan bysitter, dat wit ik. Ik wit it,
man, dy moaije blauwe eagen, dy reade wangen, dy mûtele earmen, dy
flinke gong fen jins faem Joukje, dy hawwe jo bitsjoend, mar jy doare
it net uterje, en jy binne to earesuchtich om hjar to trouwen; mar dat
wirdt in slange yn jins binnenste, dy him einling sels yet yn de stirt
bite scil. Hwent noait hawwe jy in hirddravershynzer hawn, dêr jy mear
noed en soarch for droegene as for dy faem. Mar dy earesucht, dy
earesucht! Dêr forkoarte jy jins libben yette mei. Hwent it is krekt
eft jou stellen gûd yn hûs ha, sa ’n noed habbe jy mei dy faem. Hwent
as ik ef in oar hjar mar efkes frjeonlik taknikke, den sjenne jy ús mei
ûlseagen oan. Trou se, man! Den is de noed út.” De bysitter hie syn
nocht. “Ik gean der út, sei ’er sa rimpen wei; “hwer is myn hoed?”
“Och, sei Gabe dêrop, dy hat ús faem út oerdwealskens yn ’e
molkenkeamer soald.” Do waerd er kûgelsk, en hy fleach mei de bleate
holle ta it hûs út, wylst syn sister it útskettere fen laitsjen. Mar
Pibomme helle de bysitter werom, en ûnder in swiet sûpke waerd de rûzje
twiske Gabe en Goarrelt ôffûske, en it waerd bysitter op it lêst sa
eang om ’t hert, det ’er tsjin Pibomme sei: “Nou, âlde hear, ik bin mei
alles to freden. Jy moatte mar for it lân jaen hwet jy kinne, mar it
moat de namme habbe, det it by de âlde hier bliuwt.” Hwent syn
earesucht woe de bysitter biwarje, al hie Gabe him noch twa ’ris sa
folle hevele; bihalven yn ien punt. Hwent lyk as it mei alle
komeedzjestikken en romans giet, sa giet it ek mei dit stik; it eindigt
mei in boask. Hwent it dûrre gjin fearnsjier ef Goarrelt troude de
faem, mar Gabe waerd net mei op de brilloft nedige, lyk as wol stie to
tinken.
_Grou._
E. H.