IT FAMKE.

Net fier fen dy Gariper rekken

Dêr laei in aek yn ’t reid,

In fiskerman siet by syn dochter

Dêr yn dy ienlikheit.

’t Wier op in moaije snjeon-to-joune

En yn de ongetiid,

De sinne niigde nei de kimen,

En alles swile om striid.

Do sei de fisker tsjin syn dochter:

“’k Wol moarn nei tsjerke ta,

“En tsjen ik joun nei

Earnewâlde “Moastou de wacht hjir ha.

“En komt ’er faek in ongetider,

“Lit dy den ek mar oer.

“Dou moaste altomet útkypje;

“Licht krigest’ yet in stûr.”

In kâlde mist teach oer de mieden

Mei ’t fallen fen de joun.

En oer de toppen fen de doerren

Dêr dwaelde in minske roun.

Nou skau hja gau nei de oare side,

Mar ’t skynsel dat forskeat,

En stoep bidaerd mei lange tredden

Dêr oer dy wîde feart.

Forskrikt, forheard, alhiel forbjustre

Wier do dat jonge sloof.

De siken stoeken, ’t herte tikke,

Hjar lea dy waerden doaf.

Mei moed skau hja nei Earnewâlde,

Dy lange, lange wei,

En hwer hja troch de dauwe dig’re

It skynsel folge nei.

Haeldea fen swit en dauwedrippen

Kaem dêr dat sloofke oan,

Mar do de faer hjar reden hearde,

Do wier der nin forskoan.

“Hwet scoe dy âlde spoek dy leare?

Sa spriek dy hirde faer,

“Al komt er by dy yn it boatsje,

“Wol, der is nin gefaer.

“Kinstou dy aek sa lizze litte

“Mei al dy fûken, sei?”

Hjar broer, in beuker fen in jonge,

Gong do for selskip mei.

Hja kamen yn de aek to lânne,

Mar ’t wier fen lytse dûr.

Twa dagen hat it hertke libbe,

Mar, och, do wier it oer.

De skrik, de skok hie hjar formast’re,

En ’t jonge hert stoe stil.

Mar frege men dy simple ljuwe:

“Och, ja, it wier Gods wil!”

Nou is ’t geloof dêr yette greater

Oan ’t spoeksel fen de nacht,

En ivich hâldt yet by dy sleat om

Dy âlde smid de wacht.

Sa taekt de kweade yn ús dagen

Yet ek syn aes en roof;

Mar, o, syn gleone giselroede.

Dat is it bygeloof.

_Grou_, 24 Novembris 1849.

E. H.

[Yllustraasje: YN ’E POELEN EN PETTEN FEN EARNEWALD.]

Rimen en Teltsjes · 第 188 / 279 题