Oer Earnewâldes rûge petten,
Dêr ûl en reiddomp nêsten bout,
Dêr dangelt oan de lange sleatten
In spoeksel om, dêr elts fen grout.
In swarte tabbert om syn lidden
Stapt hy dêr nachts sa earnstich roun,
En liket fol birou to bidden,
En digert jimmer nei de groun.
Dêr hat foar lange âlde tiden
In smid to Earnewâlde west,
Dy wezen útsûgd hie ’n útriden;
Nou hat er yn it grêf nin rêst.
De baes siet fol fen kweade lagen:
En abbekaet dat wier syn hoal.
Ek waerd er fen de kweade dage:
Dy teistert him nou as syn boal.
Hy hat dêr earne in skat bigraven
Mei list en skelmerije woun,
En as de ûlen en de raven
Dwaelt hy dêr mannich nachten roun.
En dy him sjocht dy is forplett’re.
Hy is de skrik fen lyts en great.
En dy ’t net leaut, dy wirdt forkett’re;
’n Oerkomling is ’t, dy leaut oan neat.
Net ien giet dêr oan wâl to lûken;
Hwent elk is bang for d’âlde kwant;
En sjocht er hantsjeriis[50] ef strûke,
Hy skouwt forbaesd nei d’oare kant.
De fammen scille ’im oars net hate;
Hwent komt de frijer snein-to-joun,
Dy scil noait fen nin skieden prate,
Sa lang de sinne is ûnd’re groun.
De struners scill’ hjar ek net pleagje:
Gjin minske reisget dêr by nacht.
Dy scoe er ongenedich reagje,
Hwent ivich hâldt dy man dêr wacht.
En fen geslachte ta geslachte
Sjen hja dy kweade smid dêr gean,
En op de inkele gedachte
Den barne hjar de kâlde klean.
Mar jammer is it om to hearren,
Ho det in famke, earme sloof,
Troch dat forskynsel kaem to stjerren,
En ’t offer waerd fen ’t bygeloaf.