(It wirdt songen as
_In einem kühlen grunde
Da geht ein mühle etc._)
Moai Etke fen Teroele!
Hwer ik ek sit ef rin,
Dou brochtst my op ’e doele,
Dou bist’ net út myn sin.
Dêr yn dy stille hutte
Ticht oan dy wetterswâl,
Dêr siet ik, sleauwe Tutte,
Hwet wierne wy den mâl!
Fen det de jounklok lette
Ta det de ljurk al song,
It scoe ús noait fortrette,
Dou suchtste as ik gong.
Och, as minuten rounen
Dy ûren den foarby.
O, ljeave, hill’ge jounen!
Ho sillich wiern’ se my.
’k Joech hjar in ring op trouwe,
En swarde in eed ’er by.
Ik woe ’er in toer op bouwe.
Ho rêd forgeat hja my!
Nou mei ik floitsje ef sjonge,
Ik krij it dochs net oars,
In rike boerejonge
Giet foar in earm matroas.
Mar ’k wol net langer kleije:
Ik swicht net for it jild.
’k Wol as in ruter jeije
Oer ’t bloedich oarlochsfjild:
Hwer hege séën geane,
Nei ’t fiere westen ta,
Oer wylde weagen fleane
Nei ’t frij Amerika.
Moai Etke fen Teroele!
Sjoch, ik forstou as tsjêf.
Dou brochtst’ my op ’e doele;
Ik siikje om myn grêf.
Grou,
3 Januwaris 1851.
E. H.