RIENK FEN MOLKWAR.

Der wenne in feintsje to Molkwar,

Sa stûf, sa stoer fen wêzen,

En ’t wylde rûge sémansaerd

Stoe yn syn each to lêzen.

Hy swalke alle séën roun

Nei fiere frjemde lânnen.

Soms seach er de iisbear yn de bek,

En den de Etna brânnen.

Mar hwer er kaem ef hwer er foer,

Nin faem koe him bikoare;

Al wier ’t in fluch Fransintsje ek,

Hy bleau lyk as to-foare.

Mar ’t wier ’ris op in wintertiid,

Do moast er thús wol bliuwe.

Nou pjukte er mei in slydtsje om

As de Molkwarmer ljuwe.

Hy pjukte hirder as elkien,

En stau hast oer it iis.

Nou fleach er tsjin in slydtsje oan,

Sa hird, it wier in griis.

Dat slydtsje siet in famke yn,

Dy rôlle ’im op ’e skirte.

Hja sei: “Wel, maet! Hwet pjukste hird!

Dat jowt in koeke, grutte.”

Hy sei: “Wel, faem, dat wier net tsjoed.

Ik scil him joun wol bringe.

’k Hab by dyn broer yn Nerva west.

Den haw ik goede tynge.”

Hy sei; “Goe’n joun, myn goede faem!

Hjir kom ik mei de koeke.”

“Kom, biste dêr? ’t is goed, sei Fock,

Gong sitten yn de hoeke.”

Us mem en fear dy binne foart;

Den kinste ’t hûs mei hâlde.

En stook den mar ’ris helder op;

Oars wirdste yet forkâlde.”

Dat blier-ljeaf each, dy frjeonlikheit,

Dy koe er net fordrage,

En det er tsjin dat slydtsje oanskau,

Joech him de nederlage.

Hy foer nou yette wol op sé,

Mar altyt lytse reiskes.

Hy waerd ek himmel, tsjep en twang,

En pronksk as de Janmeiskes.

Do sein’ de feinten fen Molkwar,

Dy him sa trinten seagen:

“Rienk hat in divel sjoen op sé;

Dy spoeket op ’e weagen.”

“Né, né! sei Rienk, “nin divel, né,

Seach ik oait op ’e weagen,

Mar ’n yngel seach ik op it lân,

Dy leit my leaze leagen.

Dy lûkt myn sinnen fen de sé,

Nou moat ik thús wol bliuwe.

Al lizze er tûzen skippen klear,

Ik lit se farre en driuwe.”

[Yllustraasje: MEI PRIKSLIDEN OP ’T IIS BY MOLKWAR.]

“Scoe it Haije ek sa gean scille, omke?” sei hja do. “Sa tink ik ’er

oer”, sei Douwe; “en, sei ’er op syn sémans, as ’er nou yette in jier

mannich goed fart, en as ik den de toffels e’ris úttsjen, en mei de

foetten tsjin it Easten liz, den scil er yette sa folle wol oersjitte,

det jimme yette wol boer wirde kinne”. “Ja, mar, sei de widdou, hwa hat

Haije it boerkjen leard, omke?” “O, sei de âlde do dêrop, dat de

manljue net kinne, dat leare de frouljue hjar al.” En it is ek al sa

útkomd as de âlde man ’er do oer praette; hja waerden boer en boerinne

troch in sinte-Pitersgrap, en omdet it wiif ’er meast bistek yn hie.

Rimen en Teltsjes · 第 185 / 279 题