Hark! Hwet teistert om de glêzen?
Hark! Hwet wimelt om de doar?
’t Is in selsom tsjuster wêzen.
Bliuw hjir wei, dou swarte moar!
Berntsjes, is ’t wol to bitrouwen,
’t Skym’rich wiif mei blauwe mouwen?
’t Skymrich wiif komt út de marren,
Ut de swarte wetters op;
Ulen fleane mei eltsoarren
Troch de loft op hjar gerop.
Berntsjes, is ’t wol to bitrouwen
’t Skym’rich wiif mei blauwe mouwen?
As de sinne yn ’t wetter dûket
Stiicht hja út de marren wei.
As de stoarm it wetter bûket
Is ’t for hjar in simmerdei,
En hja bromt troch mêst en touwen,
’t Skym’rich wiif mei blauwe mouwen.
Stikels rint hja dwers oer hinne
En oer de doerren fen de poel;
En jaget wei de ljeave sinne;
En tsjuster wirdt de loft en koel.
Berntsjes, is ’t wol to bitrouwen
It wiif mei de blauwe mouwen!
En kin hja lytse berntsjes fine,
Dy net nei bêd ta wolle gean,
Dy altyt skrieme, en tsjiere en grine,
Dy triuwt hja yn hjar blauwe klean.
O Berntsjes! ’t is om to bisauwen.
Dat wiif mei de blauwe mouwen!
Sa waerd de nacht do ôfbylde as in wiif mei blauwe mouwen: in sjamme om
de berntsjes mak to krijen en nei bêd to jeijen. Hja seagen ek nuver
op, en de lytste krûpte de mem oan, en de oaren klaeiden hjar dalik út.
Do hja op bêd laeinen sluten hja de eagen, en mei in wink wier de sliep
hjar master, lyk as berntsjes binne. Nou hie Saepke tiid om hjar
sint-Piterkoerkes to follen, en dêrby it iene en oare to tinken en to
sizzen.
De âldste jonge sette hja it skipke, dat de stjûrman ré makke hie,
midden op ’e tafel del, en treau it fol koeke en swiet gûd, en sei:
“Dou haste altyd farren yn ’e holle. Boike, boike! it farren hâldt hwet
yn. Nou, dêr is dyn earste skip. Far nou, mar wêz’ foarsichtich. As de
jonges lyts binne boartsje hja op it wetter yn de sleatten; as hja
great wirde den boartsje hja mei de séën en oceanen, mei stoarmen en
orkanen, en laitsje faek mei Gods oardelen. O, wêz’ wizer, boi! Dou
biste de earste, dy ik sa ljeaf hawn ha as in mem in bern hawwe kin.
Far, en far sa lang astou kinste. De sé moat ek bitsjinne wirde; mar
forjit dyn mem net.”
De twade soan hie hja in lyts hynzerke for koft, omdet dy altyt fen
hynzers en kij praette. Dêr boun hja in lyts rymke oan; it wier sa:
Dêr laeit in hynke, dyn forlangen,
It boerkjen spilet yn dyn sin;
Dat is dyn sykjen, praten, drangen;
Dêr sjongste en dêr dreamste fen.
It húg’t my, det ik by ús oarre
Mei kij en skiep to fjilde teach;
O, mocht it my yet ek gebarre,
Det ik dy ek oan ’t boerkjen seach!
O, siikje net oan frjemde strânnen
’t Gelok, det foar dyn foetten laeit.
It skieden fen dy ljeafste pânnen,
Bitink it, boike, hwet it seit.
In stil bidriuw mei froede sinnen,
O bern! ik sprek in treftich wird,
Dat jowt in himelryk fen binnen
By eigen folk en eigen hird.
En do roun hja mei de lampe nei it bêd ta. “Ja, sjuch, sei hja, dêr
laeit er mei syn roune troanje. It is krekt in boerebistek”. Hja scoe
him in triuwer jaen, mar hja lei de fingers op ’e lippen, en bitocht
hjar wer, om him net wekker to meitsjen.
Einlinge kaem de beurt oan hjar hertlapke, de lytste, dat in famke
wier. Dy joech hja mank oar gûd in widske mei in poppe der yn, en in
poppespinwieltsje. En hwet hja dêrby tochte en sei, dat kin in mem mar
biskriuwe, mar ik haw ’er nin wirden for. Hwent nin
Nin, nin pinnen biskriuwe
Nin memme ljeafdefjûr net.
Hja biljachte it berntsje ’ris yn de krêbbe en sei neat as: “Myn
okkebyld!”
Do dat alles bistjûrd wier kaem hjar frijer Kei oan de doar en dy
laette hja nei de fjûrherne ef poeskoken ta, dy efter omke op de
Grouswâl stoe, en dêr hja de kaei fen hie, omdet hja dêr feiliger for
de struners wierne. Hja hie it biloofd, mar it gong net fen herten. Kei
hie in kanne mei bier meinomd, en dy scoe dêr waerm makke wirde. Hja
die de doar op, stiek it ljocht op, en sette in fjûr oan yn dy
fjûrherne. Hjir koe nin minske hjar sjen; hwent der wier mar ien
finster yn, en dat seach op de Grou út. Do de klok toalf ûre slein hie,
en it fjûrke moai barnde, sette stjûrman Haije in ljedde by de gevel
op, en stiek in skipsropper ta de skoarstien yn; dêr rôp er mei in hol
lûd troch: “_Valsche eeden schreeuwen tegen den hemel!_” En do spatten
hja beiden al fen it fjûr ôf; en do scoe Kei nei de doar ta, mar dêr
siet in stôk op. Do smiet de stjûrman in great hânfol boskrûd troch de
skoarstien op it fjûr, dat in lôge joech oer de hele fjûrherne; en do
kaem ’er in swarte kat troch rôljen; en do waerd Kei sa eang, (hwent dy
seach er for de kweade oan,) det er it finster opskau en dêr ta
útsprong; en do miende er, det er op in stalt to lânne kaem, mar it
wier de fiskbodde fen Douwe Brander, dy dêr yn de Grou foar de wâl
laei; dy kentere, en dêr laei Kei mei syn moaije klean yn it wetter. De
stjûrman wier al lang by de ljedde del en hie de stôk fen de doar nomd;
en Saepke wier nei hûs fluchte, en do roun er hastich nei de wâl, dêr
Kei yn it wetter omsloech as de houn yn de rogge. Dy stiek er dalik de
ljedde ta, en dêr krûpte er by op nei de wâl ta; en hy oeffe det er
hast nin wird sprekke koe. “Wisten jy net sei stjûrman Haije bidaerd
wei, det it Grouster wetter om sint-Piter yette net lij is?” “Wel ja,
man, sei Kei, mar ik siet dêr yn dy fjûrherne yn dat poeskokentsje by
de widdou, mar yn dat hok regearret de divel, leau ik. Dêr kom ik noait
wer yn.” “Né, sei de stjûrman, de divel net, mar dêr spoeket in âld
fiskael yn, dy him dêr foar jierren sels yn ophinge hat; in great
snaek, in oerkommeling, dy sa folle falske eden sward hie as ’er dagen
yn it jier binne.” “Ik wit ek net,” sei Haije, ho Saepke jo yn dat hok
loatse koe; hwent it dooch der net. It hat nei de dea fen dy âlde
fiskael wol tritich jier ticht sitten, det er nin minske yn to kommen
doarste.” “Ja, mar dy klitse hat my it dien; hwent ik haw wol mirken,
det it bledtsje omkeard wier; hwent hja wier sa wêrzich en ôfkearich
fen my, det hja net ienris mei my oanlizze woe. Ik miende oars det it
al klonken wirk wier, en ik hie de knottedoek en it troujild al
meinomd; mar mis wier it.” “Ja, man, sei Haije, ik bin in séfarjer. Ik
kom oeral, en lear folle frouljue kennen en wy sizze altyt:
Wintersche nachten,
Vrouwen-gedachten,
En de gunst van groote heeren,
Kunnen ligt verkeeren.”
“’t Is wier hwet jy sizze, sei Kei. “Mar moatt’ jy jo net ’ris
fordroegje, frjeon?” “Né, sei er, set my mei in boatsje oer de Grou;
den rin ik oer Friens nei hûs ta, en den sjen ik Grou noait wer; sa is
’t my yn dat nêst al forgien.” Haije sette him oer ’e Grou. “En nou
moatte jy mar hird rinne, sei er; den wirdt it bloed gau wer waerm; mar
rin mar net al to hird, de kweade scil jo net efternei sitte. Jy habbe
ommers nin falske eed dien.” Kei sei neat, mar it roun him kâlder troch
de lea as it Grouswetter fen de sint-Pitersnacht dien hie, en hy roun
foart.
Nou gong de stjûrman yn de fjûrherne, helle it waerm bier der út, en
gong ’er mei nei de widdou, en hie in plezierige sint-Pitersnacht, en
it bislút wier de boask fen dit pear. It slimste wier nou bihâlden mei
omke Douwe; hwent dy wier net bêst to sprekken, det hja dy fûgel sa
fleane litten hie. “Ik ken de stjûrman, sei er, hy hâldt him nou goed,
en it is in séman op en út, mar in hynzer, dat ienris op ’e rin west
is, kin it wer ’ris dwaen.” “Dat is wier omke, sei Saepke, mar dy jong
net útraesd is, dy bigjint faek yette fratsen as de grize hierren
komme, en den stiet it noch lilker. En dêrby, ik moat ’er mei oanpiele,
en ien tsjin it sin wol ik dochs net hawwe, al wier er yn goud
bislein.” “Ja, ja, ik hear it wol, sei omke, dou biste ek al ien lyk as
de measte frouljue binne: der sitte manskoppen op. En nou folle gelok
den mar!” “Né, mar, hou! sa net foart, omke!” Hja skonk yet ’ris fen de
swarte beijen, en forhelle him ’ris hwet hja fen Kei heard hie, en do
wier de âlde hear bliid, det er ôfsâlten wier; en hy lake eris oer dy
nuvere reis fen de fiskbodde yn de âlde kâlde Grou. “Mar, sei er, ik
haw do ik jong wier ’ris mei in Molkwarrumer fearn; dy hie in sankje,
dat ken ik yette wol, as ik my goed bitink. Sa, tink ik, scil it Haije
yette ek gean.” “Ho wier dat, omke?” sei Saepke, en brocht him ’ris ta.
“Ik scil it mar oplêze, sei de âlde hear; it sjongen is my forleard.”