Sint Piters dei,
Den grienet de wei,
Den bakt mem strou;
Den keallet de kou,
Den leit de hin,
Den hat de húsman it nei syn sin.
Sa songen de berntsjes foar twahûndert jier ek al yn it âlde Grou, lyk
as hja yette dwane. Hwer binne den bern hjir to finen, dy it hert net
optilt? Ja, de âlden plachten der ek mear mei op to hawwen as nou
yette. Sa siet ’ris yn âlde tiid foar minskehugenis in jonge widdou by
hjar trije lytse berntsjes to spinnen, wylst de berntsjes apels
bretten. It wier in lust ho de lôge fen dat fjúrke de wankjes fen dy
ljeave sloven opkleurde; ho hja snapten, en hjar bliid makkene mei de
swiete koeke en it moaije boartersgûd, det sinte-Piter hjar bringe
scoe. En hja songen! En hja hoallefoallen! Mar hjar memke net. Net, det
hja net oer de sint-Piters dei mochte; né! it plezierich neitinken fen
hjar froede bernejierren, do alles thús yet folop wier, en ho noflik
hja yn hjar famkesjierren wol sint-Pitere hie, wier hjar net forgetten.
Hja scoe yette wol wille hawwe, sa âld wier hja net, mar hjar
forlittene, faek earme widdousteat, hie hjar de moed ontnomd, al wier
de lust ’er yette al. As de berntsjes yn de skoarstien oan sinte-Piter
rôpene:
“Sinte Piter, goed heilige man,
Trek uw beste tabbaerd an,
En reist er met naer Spanje.
Sinte Piter, goed heilige man,
Reist er met naer ’t ander land,
Op een zo moi wit Peertje,
Al van ons Lievenheertje.
“Scil ik in moai skipke hawwe mei wite seiltsjes, ef in hobbelhynzer?”
den suchtte Saepke (sa hjitte dy jonge widdou) en in trien roun oer
hjar wangen, omdet hja sa graech de winsken fen de ljeaflingen fen hjar
hert foldwaen woe, mar net koe; omdet hja it fen hjar needdrift net
misse koe.
Dêrmei kaem hjar omke by hjar ynstappen, en dêrmei heldere hjar troanje
op. Dy gong mei syn damasten baitsje oan en syn Ingelsk mûtske op yn de
hirdsherne, en reakele de stealen hwet op, en wylst er dat die, smiet
er in hânfol pipernuten oer ’e flier, dêr de berntsjes om grabbelen oan
’t krijen ta. En wylst de bern dêr oer de flier omkrûpten en om de
pipernuten kreauden, sei er tsjin Saepke: “Hâld dyn skerteldoek ’ris
op”; en smiet hjar in goed hânfol âlde skeljen yn de skirte. Hja naem
de âlde man syn toarre kâlde rjuchterhân yn hjar beide lytse hantsjes,
en dy hândruk, en de frjeonlike opslach fen twa greate blauwe eagen,
dêr in trien yn flimmere, wier al it bitankje, dat hja úterje koe. Nou
roun hja dalik nei in âlde hoekspine en dêr helle hja in flesse mei in
romer út. “Hjir, omke, sei hja mei in ingelachtich lûd; hjir is in
sint-Piters-slok for jo. Ik scil der jo sûker bydwaen. Dy haw ik lang
biwarre. It is koeke fen jins eigen daei. It binne swarte beijen út
jins bleek, en brandewyn, dy jy sels út Frankryk helle habbe. Dy joegen
jy my yette ta myn brillofte......” En do koe hja net mear prate: do
kaem it hege moed by hjar op. Dêr siet nou al de âlde man yn syn
bladeren. De twa lytste berntsjes sieten elts op in knibbel, en de
greatste siet him twiske de skonken, en den song er:
“In, din, din!
Fen in aei komt in hin,
Fen in hin komt in aei,
En fen tsjiis komt waei,
Fen waei komt tsjiis,
En in sot is net wiis,
En in wiis net sot,
En fen koarn komt groat
En in swiet sûpke bier
Ta allemans plezier;
En Jouke-bier is swiet,
En út is ’t liet.”
En den wer:
“Hoet, hoet, hynke
To Ljouwert om in pynke,
Nei Snits om in witebrea
Dêr ride hja al ús hynkes dea,
Op ien nei, op twa nei,
Op ús lytse kjeddeman nei,
Dy bringt ús swiete koeke mei.”
En den fen it wyfke, dy in houten skeisen foun, o! dat wier in teltsje,
dêr hja noait sêd fen waerden. En den brocht Saepke omke wer ’ris ta
mei in frjeonlik: “Haboes, omke!” “Grammesoes, sei omke den; lytse
tsjoenster!” “Ho sa tsjoenster, omke?” “Wol, sei de âlde hear, as jimme
ús goed oansjenne mei sokke eagen astou haste—o! ik scil mar swije; mar
ik nim it ús oer-oer-bet-oer-oarreheit Adam net kwalik, det er him
troch in wiif forliede liet; hwent dy hie yette sa folle net yn de
spreuken Salomons lêzen as wy.” Dy âlde omke waerd Douwe Brander yn de
wânlinge neamd, omdet er yn 1672 in brander bistjûrd hie ûnder de Ruter
tsjin de Ingelsken en de Fransken; in âld sérob, dy neijerhân
kofskipper wirden wier, en nou om syn hege jierren oan wâl bleau, en
syn skip oan syn stjûrman oerdragen hie. Dy stjûrman, Haije Rinderts,
wier nou ’ris by him út-fen-hûs, en dy hie foar jierren, do Saepke
yette faem wier, ris om hjar frijd, mar dat wier mistribele, en do
troude hja op hjar achttsjinde jier mei in knap boargerman, dy in lytse
keappenskip dreau, sa det dy ljue in aerdich bistean hiene. Mar hja
moast hjar man forlieze, do hja der acht jier mei troud west hie, en
nou moast hja hjar biholpje mei spinnen en flaekshikkeljen. Mar omke dy
wenne tichte by hjar, en dy liet hjar noait forlegen; mar hy koe sa
folle net as er woe; hwent syn âld wiif wier de ponghâlder, en dat wier
soms ek al goed. Hwent de sé kaem yette wol ’ris by him boppe, al wier
er al sauntich jier âld, en den wier it in âlderwetske oarlochsbonke,
dy der wol ’ris los hinne flokte en syn sûpke naem; mar hy hâldde altyd
ús Ljeavenhear foar eagen. Dêrom scoe er snjeon-to-jouns nei saun ûre
neat mear nimme, omdet de snein den yngong by him. Sa wierne dy ljue yn
dy tiid, rûch en rou, mar from fen gemoed. Syn âlde wier doaf, mar dy
koe altyd rûke eft er in romerfol hawn hie; en den sei hja: “Dou haste
ek wer drank hawn, Douwe”. “Ja, âlde! sei er den, mar sa lûd net det
hja it hearre koe, “ik woe wol detste hwet minder rûke koeste en hwet
better hearre, den hiene wy beide mear wille yn de wrâld”. Dizze joun,
do er thús kaem, spriek hja nearne fen; hwent it wier sint-Piter, en
den hiene de âlde Grouster ljue mear frij as rjucht hinne, alteast hja
namen it.
Do de âlde man foart wier, roun de widdou der hastich út om ien en oare
by de bakkers op to keapjen, en do hja just dêr mei thús wier, en de
koer mei dy swietekou yn it foarhûs litten hie, kaem ’er gedrús oan ’e
doar. De berntsjes sieten yette om ’e hird om de pipernuten fen omke op
te kôgjen en do sprong immen ta de gong yn mei in keatting oan de foet,
en dy frege eft der ek goede berntsjes oan hûs wierne? “Ja, sei Saepke,
kom mar yn, sinte-Piter!” En dêr kaem er oan; it wier stjûrman Haije,
mar hy wier net to kennen. In rûge mûtse hie er op en in sek op ’e
rêch: en de troanje sa bifommele mei in siden doek, det ’er neat bleat
wier as de eagen. De berntsjes kroepen neiby yn eltsoarren; mar do hja
seagen, det er omke âlde skansloper oan hie, dy oan alle iggen en
seamen mei koeke, Hamborger kreakelingen, en mei boartersgoed en apels
binaeid wier, weage de âldste it gau om ’er in stik fen to taken; en
dêrop plôken hja him alles fen de klean, ta de knopen ta; dat wierne
moaije trynweeskes. Do frege er oan de mem, eft hja goed wierne? “Ja”,
sei Saepke. “Oars hie ik se yn de sek stitsen”, sei sint-Piter, en do
stoep er yn de gong; mar earst smiet er yette hânfollen pipernuten oer
’e flier. Yn de gong biet Haije Saepke yn ’t ear: “Ik kom joun let yet
’ris to sint-Piterjen, as moaije Kei by dy sit.” “Bileaven net om de
doarren strúnje, sei Saepke; den krij ik omke oan de hals, hwent dy is
tinsliepich”. “Nou, kom den dalik by omke, sei er; ik hab in skipke for
dyn âldste jonge makke: dat kinste den meinimme; ik scil dy myn plannen
sizze.” Saepke hie namentlik in frijer, dat in jierrich feint wier, dy
op in boerepleats to Easterwjirrum wenne; ien dy it goed dwaen koe. Hja
neamden him folle fen Moaije Kei, omdet er hwet pronksk fen skik wier.
Douwe Brander, hjar omke, wier wakker foar it houwelik, omdet er
tochte, det hja den berge wier, lyk as men seit; en de widdou mocht him
ek wol lije, mar der wier in naedtsje oan de man los, en dat bidoar for
hjar de hiele man. Hja siet dêr twiske twa gedachten; naem hja him, dy
angel scoe hjar altyd prykje, freesde hja; en naem hja him net, den
bleau hja earm en forlitten, en tocht hja den by hjar sels: “om dy for
ivich to forkeapjen oan in man dêrste in tsjinnichheit yn haste, dêr
haw ik yet to goede hânnen for oan it liif.” Sa wierne hjar nacht- en
deisgedachten, mar it kaem noait yn hjar gedachten op, det stjûrman
Haije nou wer ’ris eagen op hjar smite scoe, nou ’t hja trije stelten
op ’e kast hie, namentlik hjar berntsjes. Mar lyk as de measte frouljue
bisteane, wier hja ek al, det hja mear fen in séman as in lânman
hâldde; en nou er sels yn omke syn plak komd wier en sels in skip ûnder
de foetten hie, nou wier hja dêr dochs net frjemd fen. Hwent Kei, ho
moai er ek like, in bidaerd feint, dy op in gnap boerepleats siet, wier
foar jierren in stik mei bard, dat hja him noait forjaen koe, sei hja,
al woe hy hjar mei goud bihingje en yn side en brat klaeije. Dêr hie yn
syn âlders hûs ’ris in gnap faem tsjinne, dy in berntsje oerwoun, en
dêr waerd Kei mei bitichte; mar dy liet er onbarmhertich it hûs útsette
en dy er ôfswarde do hja him foar rjucht dage. En do de jonge greater
waerd, do like er him fen top ta tean, ta de neilen fen de fingers en
teanen ta. En de faem lei it, do it yette yn de pakken wier, wylst hy
op in lânforhieringe siet foar him op ’e tafel, det ’er wol fyftich
minsken by wierne; mar hy waerd ’er oars ef oars fen; hy bleau sa hird
as in spiker, en de faem koe der mei oanpiele. Hy mochte sa moai wêze
as er woe, it mochte hjar yette sa moai talykje om boerinne to wirden,
dêr hja yn greatbrocht wier, dy falske eed, dy ontaerdheit, koe hja net
forkropje. Tûzen losse setten en mâlle flinken fen in luftige séman
wierne yn hjar eagen kwalen, dy betterje koene, en dêr joech hja de
jonkheit skild fen, mar sa ’n hou genêsde wol, sei hja by hjar sels,
mar de groede bliuwt ’er dochs ivich.
Lyk as bisteld wier, roun hja yette efkes nei omke Douwe, en frege eft
hja dy jouns wol mei Kei yn de fjûrherne fen omke sitte mochte? Dat
wier sa ’n poeskokentsje, dat dêr op ’e Grouswâl stie; en ja, omke
joech dalik de kaei oer, en moeike naem de sinte-Piter-koerkes for de
berntsjes frjeonlik oan. En stjûrman Haije kaem fen de souder ôf mei in
lytse koffe mei mêsten en seilen en touwen, dêr er twa winters oer
fike, nifele en praktesearre hie; mar omdet it in til wier, en det er
it ding graech net skeind oer hawwe woe, sa droech er it sels en gong
mei de widdou nei hûs ta. En ûnderweis do frege er hjar mar rjucht út,
eft hja Kei wol slite woe? Mar hy hoefde it net to freegjen, hy wiste
it wol, en hja sei neat as: “Ja, Haije. Wier ik ’er mar ôf; mar den
wier ’t ’er mei omke to rêdden, en dêr moat ik folle om litte.” “Ja,
mar alles net, sei Haije. Scoestou, jong en fleurich astou biste, dy
oan in âld pluch forhingje? En dou wiste it ommers wol, âlde ljeafde
roastet net. To nacht, as de klok toalf ûre slein hat, scil it spil
oangean, mar den moaste nearne bang for wirde, dat sizze ik dy. Dou
moaste mar net to tichte by it fjûr sitte, mear haw ik dy net to
sizzen. It scil sint-Piterje sa as it noait yet yn Grou bard is, en Kei
rekket sa moai net út de fjûrherne as er der ynkomd is. As ’t mâl komt,
gean dou mar yn in hoekjen stean. Hy is bygelovich, dat wit ik; hy
reisget nachts net maklik allinne, sa sit him dy falske eed yn ’e mage.
As er in swart kat op ’e wei sjucht, den mient ’er al, det er in
lytsfeint fen de kweade foar hat. “Dêr, nonke!” sei er, knypte hjar yn
de hân, en treau ’er in gouden rider yn. “Alde ljeafde roastet net, sei
er, tink dêrom, Saepk!” en dat lêste wird sei er mei dy selde toan as
foar fyftsjin jier. It skipke waerd stil troch it lûk op ’e souder set,
en do gong Saepke wer by hjar berntsjes om de hird sitten.
De twa jongste waerden al slieperich en bigounen to knikkeboljen, en
den kitele de âldste hjar mei in strieke yn ’e noasters, en den
bigounen hja to tsjieren en waerden jounich en tizich. “Berntsjes, gean
op bêd. Strak let de berneklok, en den komt it wiif mei de de blauwe
mouwe”, sei hja. “It wiif mei de blauwe mouwe, mem! Hwa is dat, mem?”
seine de berntsjes nijsgjirrich. “Kenn’ jimme dat telke net?” sei
Saepke, hark den ’ris.”