DIEN BY IN OFREKKENING FEN DE “LETTEROEFENINGEN” EN DE “BOEKZAAL” YN IN
LYTS DOARPKE AFTER LJOUWERT YN IT JIER 1844.
In ûre ef trije after Ljouwert laeit in lyts doarpke, dat, dat......
Nou ja, de namme is my forgetten; ’t kin ek net folle skele. Dêr is ’t
de wizansje, as hjerstdei de jounen lang wirde, det in great part fen
de boargers út, en fen de boeren om it doarp wei, jouns nei de herberge
geane om tiidkoartinge, ef ek wol út bilang. It is fen sels det men dêr
allerhânne slach fen ljue gear fynt, sa yn uterlik as yn praet. It
barde ’ris, det ik dêr by occaedzje siet, det ik in bytsje oanteikening
hâldde fen de praetsjes dy der foelen. It binne dizze oanteikeningen,
dy ’t ik foarnimmens wier, om joun der ris oan ’t selskip foar to
lêzen. Der is just net folle oan, mar neat sizze is noch minder oan, en
dy ’t er gjin nocht oan hat hoecht net to hearren.
De tahearders moatte hjar den ferbylde, det wy in bytsje nei saunen de
herberge ynstappe. Dêr sit in great omsittend laech om de hird, hwer op
in heal koerfol sponturf yn en op it hirdtsje stiet to barnen, det de
lôge healwei de skoarstienmantel slacht. Dit is in bêst ding, seit de
kastelein, om de ljue op de stoel fêst to plakken, en de swierrichheit
by de klanten to fordriuwen. ’t Is ek klear to sjen oan de troanjes fen
it selskip, det se nou fleuriger binne as do ’t se ynkamen. Sy prate en
smoke as om kriich, en de wolken tabaksreek hingje oan de souder as in
tongerboi yn de hounsdagen oan de loft, en fortsjusterje it ljocht dat
yn in âldmoadrige twatútige lampe oan de souder barnt. De kastelein
trapet mei in blier gesicht after syn klanten om, en is tige yn ’t
skik, wylst er út de holle birekkent ho heech as syn deihier joun wol
rinne scil. For dronkene ljue is er bang, en út goederbêst, seit er,
(en dat wol ik wol leauwe) docht er altiid hwet ryklik wetter yn de
drank; en det de glêzen net to great binne dêr stiet er for yn. Mar it
scil tiid wirde det ik de tahearders fortel, hwet ljue der sa hwet
sitte.
No. 1, de hoekman, is in jierrich âld boer, ef eigenlik boer wêst; in
giele roetrige troanje, in swarte prûk en in great hoed yn de foarm fen
in omkeard boarnamer op de holle. Fierders in buffelske broek en
kammesoal, swart fesje, grize foetsokken, en swartferve klompen ef
toffels mei koarkene soalen oan de foetten. ’t Is in great ljeafhabber
fen smoken en krantelêzen, en troch dy wei hat hy al frij greate
foarderingen makke yn de steatkinde. Hy wit de bilangen fen al de
Europiske mogendheden op in hier út to plúzjen; dit net allinne, mar hy
kin ek fen Amerika prate as hie er der hokkelingen yn de weide hawn. Hy
wit krekt to fortellen, ho folle Russen det der yn de lêste fjildtocht
yn Sjirkassiën de earen ôfsnien binne, en ho folle det ’er yn it
forfolch de kop noch kwyt reitsje scille. Spanjen komt noait wer yn
rêst, seit er, ef it moast just wêze, det de soan fen Don Carlos mei de
jonge keuninginne troude. Van Hall moat foar in krychsrie to rjuchte
stean, en Espartero nei Siberiën band wirde. As de hear Thiers net wer
yn it ministerie komt, kin ’t noch wol bislaen, det de Hertoch fen
Bordeaux wer op de Franske troan komt. ’t Scil fierders net lang mear
oanhâlde, det de Ingelsken mei bloedrige koppen út Sina weijage wirde,
en Ierland in keuningryk apart wird. Folgens him ha de Belgen ek wiis
dien, det ’t hja yn tritich it gat oan âlde Willem-om fagen en syn
ministers bilet hawwe om dêr langer de reaksgêrzen op to swyljen. De
man hat nou in nacht twa net gerêst sliepe kind, omdet hy yn de
gemingde birichten lêzen hie, det de keizer fen Marokko de oarloch
forklearre hie oan de greate Mogol, en om ’t hy bang is det dêr troch
de hinne-aeijen goekeaper wirde scille. As de nije bilêsting trochgiet
bin ik bang, det er de koarts kriget, en det er de húshieren for de
earme arbeidersminsken noch heger meitsje scil. Wy scille him mar
Plinius neame.
No. 2, dy ’t neist him sit, is in keapman west; ef det er ’t noch is,
dêr is men ’t net goed iens oer; dit is wier, freeds en tiisdeis giet
er trou nei stêd en komt ornaris plezierich wer om. Hy is sa hwet in
droege prater, en ien, dy ’t him net ken, scoe op de earste opslach
miene, det er in slach mei de mounleroede hawn hie: sa ienfâldich is
syn útsicht as er neat seit. Hy is in great ljeafhabber fen sûpenbrij
en sjerp; dêr nimt hy alle moarnen yn ’t nochteren in leppelfol fen yn.
Wy scille him dêrom ek mar keapman Sjerp neame.
Hjir oan folget in jong keardel, in houtkrob, dêr ’t net folle fen falt
to sizzen, as det hy wol ’ris flokt en krimmenearret as yn ’t pandoeren
de nel fêst sit, ef as syn fyftich net doge. Is dit it gefal net, den
is er heel wol mei him to rigelen. Wy scille mar beare, dat hy Piter
hjit.
No. 4 is in slachter; in lyts mantsje en lyk as alle slachters, in
great frjeon fen de kommizen en de kommizen fen him. As hja yn it doarp
binne, stekke se ornaris al ’ris by him oan, en rûke den mei ien ’ris
hwet âldst is, it setel ef it flêsk, dat oan de hang is. Okkerjiers
hawwe hja ’ris by him west; do wier it setel hwat al to âld nei hjar
sin. It gefolch der fen wier, det hja it slachtbist meinamen sûnder it
earst to weagen, en om ’t hy der gjin skea fen ha moast, joegen hja him
in dei mannich de kost for ’t iten yn in great kofjehús yn de stêd. Dêr
learde hy do ek, to minste as er ’t net earder wiste, det de lytste
miggen yn it web hingjen bliuwe en de greate der troch fleane; det ien
dy ’t in nochteren keal slûket, boete bitelje ef sitte moat, en det men
for ien, dy ’t by forsin in miljoentsje fen ’t lânsjild yn syn bûse
stekt, de hoed ef pet ôfnimt.
[Yllustraasje: IN DOARPSHERBERCHJE BY WINTER.]
No. 5 is in man, dêr ’t ik oars net fen sizze scil as det er in lange
troanje hat, en as er ’ris by tsjuster hjir ef dêr tsjin oan rint, bin
’k ’er boarch for, det hy de greatste smetlape oan de noas kriget. Hy
seit troch in tiid net folle, mar harket skerp ta hwet in oar seit. Hy
hat al lange jierren praktisearre, hwet er útfine scoe om sûnder
arbeidzjen troch de tiid to kommen. Hy hat al forskate affearens by de
hân hawn, sa as keapman, kijboer, winkelier, bûksprekker, bêdmeitsje
fen strie en toerrebout, healkynsens yn fjirders slaen, en al sa foart.
Op heden praktisearret er wer op hwet nijs. As er ’t ek fine mocht, den
scille wy sa goed wêze om ’t foart de wrâld to fortellen. Wy scille him
nou mar ’ris Noazinga hjitte.
No. 6 is in boer, just net út it selde doarp, mar omdet er in
orgeneeltsje is, kinne wy him net sûnder sprekken foarbygean. Hy
plachte wol ’ris hwet to handeljen yn kij en skiep. Den wier er in
earst master, om de ljue út to lizzen, ho it foardelichst wier, en om
mei _note bene! ho siz jy? dêrom wo’k sizze, tsjerke en toer midden yn
’t doarp_, hjar jild yn syn bûse to stekken.—Mar it scoe to lang dûrje
as wy sa by de hele rige lâns gean scoene: ik scil dêrom mar sizze, det
de oare allegearre brave ljue út en om it doarp wei binne. Krekt sa
komt de dokter yn. De kastelein ropt: “De man in dúmke!” De dokter
seit: “n’ Avent”, skikt yn de rigele, en makket de oanmerking, det it
kâld is. “Kâld? seit Plinius, “it liket yet neat by ’t jier 95, do hjir
de Fransken yn ’t lân kamen. It barde do ’ris, moatt’je witte, det wy
forgearring hawn hiene yn ’t Komité fen Herstel.” “_Kom, kom, Plinius!_
seit dokter, _’t Komité van Herstel was maar apespel. Jou hale altyd de
oude koeijers uet de sloot; praat liever wat er nou in de wereld is te
doen.”_ “Wel nou”, seit Plinius, “fortel ús den hwet nijs út it
Handelsblêd. Dillibberearje de Staten noch al oer de nije wet, dy
bilêsting op de bisittingen?” “Ja, der stie jouns yn, det ’er nei
gedachten wol trochgean scil.” “Trochgean? Nou, as dat wier is, den is
ús lân nei de bliksem, dêr ik sa’n wird om siz.” “Ja, mar, sei ’er ien
fen it selskip, “hja kinne sûnder jild net húshâlde, en dêrom moatte
hja it op de iene ef oare manier sjen to krijen.” “Is den dy
sauntichmiljoen, dy ’t wy jiers opbringe, neat to bitsjutten? As hja
kloek wierne, den koene hja der wol mei ta. Hja moasten dy hege
trakteminten en dy greate pensioenen mar ’ris hwet ôfskaffe.” “Ja, sei
de slachter, “en dy duvelske kommizen it lân útjeije.” “Ha, ha, ha!”
lake Piter. “Ja, dat moasten se, sei Plinius, en dy kouponknippers dy
moasten sy better neisjen. In streek ’er troch lyk as by de Fransken!
Dy ’t do in offysje hie, krige om de donder net to folle; det
forasseredear ik jimme. Ik wier do by continuasie sels representant. Do
waerden de priweleesjes, en de provietiesjes better yn ’t each hâlden.”
“Ja, sei de slachter, it bistjûr mestte tige hjar eigen bûse”. “Wol ik
jimme hwet sizze?” sei de boer, “it wie’ do krektlyk as nou. Hja koene
yen do de hân krekt sa fier út de bûse bliuwe as nou; en bitelle men al
hwet minder, de bûter brocht ek neat op do ’t lân forgong. Om ’t de
bûter do net út koe, hie myn bûrman in fjirder mannich stean, dy ’t ik
fen him kofte in homp ûnder de tweintich goune. Dêrom _tsjerke en toer
midden yn ’t doarp_. Hwet men yn ’t iene woun, forlear men yn ’t oar;
_is ’t net lyk as ik siz? ho, hwet sein’ jy?_” “Jy ha wol gelyk, sei
Noazinga; dy ’t do hwet woe, moast ek al arbeidzje, en in held dy ’t
der mei in leaze streek troch kaem.” Wylt er dit sei, lake er yn him
sels. “Ja, mar harkje nou ’ris broer! lit my dit fortelle, sei Plinius;
Jy moatte obserwearje, det de constetúsje do better wirdearre waerd as
nou; de rjuchten fen ’t folk wierne jildiger: elk hie syn stimme; de
lidden fen ’t bistjûr waerden út de earlike middelklasje nomd. Dy
seagen de dingen better yn. De bilêsting, dy ’t do bitelle waerd, dêr
smieten se sa rom net mei om, dat moatte je my consentearje.” “Ik wit
fen obserwearjen, consentearjen, renewearjen, constetúsje en
contrebúsje neat ôf, sei de slachter; “mar det se net mei ’t lânsjild
omsmieten wit ik wol: hja strieken ’t do, dy ’t ’er efter komme koe,
ynfâldich yn hjar eigen bûse. Ik ha to minste in representant kind, dy
neijerhân folle krekter op syn spil waerd.” De hoekman gong opstean, en
bitelle hwet er fortard hie, en dat kaem omdet it 8 ûre wier, ef omdet
er sok praet net lije mocht; dat wit ik net; mar ik miende, det ik him
yn ’t foartgean sa hwet fen satisfaksje mompeljen hearde. “Ik mei,
forfolge de slachter, fen dy neakene Fransken gjin praet hearre; it
wierne mar ongemaklike útfenhûzers, do ’t se hjir wierne. Ik haw ’ris
ien yn kertier hawn, dy noaske it flêsk net, dat ik him foarsette, mar
ik wist wol rie for him; ik liet him ien foar ien de hoeken fen de
keamer sjen. Dêr waerd er sa folle better fen, det er slûchstirtsjende
oan de tafel gong, en friet fen ’t stoarn keal det him de strôte
knapte.” “Ha, ha, ha! dat is moai, foel Piter út; dat is moai! Mar
woen’se noch ’ris efkes werom komme om hjir de kommizen, conterleurs,
doarwaerders en ontfangers, troch ien strûp nei de oare wrâld to
stjûren, dat mei ’k wol lije. Den krije wy de hânnen hwet rommer.”
Tsjin dizze redenearring wier neat yn to bringen, en sa dwaende krigen
de steatsaken rêst, en ’t wier krekt eft elk útpraet wier, dot ’t der
in jong snidersfeintsje ynkaem, dy ’t in glês mâlk-en-wetter easke, en
mei in sigaerke yn de mûle heel eptich en presys sitten gong to smoken.
Dit wier in âld skipper, dy ’t nei ’t foartgean fen Plinius it anker yn
de hoeke fallen litten hie, sa ’t like, mar matich nei it sin. Do ’t er
him earst in skoft oansjoen hie, frege er him, eft er yn de tarring
wier. “Heare, né! sei er; ho nou?” “Wol, dat tocht ik, om detste
mâlk-en-wetter drinkste. Mar nou bigryp ik it al: dou hearste, tink ik,
oan it _matigheidsgenootschap_, dat forline jier to Terherne oprjuchte
is. Ha ’k gelyk ef net?” “_Volkomen!_ sei it feintsje; sont ik de
krachtige tael fen de Folksbode lêzen ha, ha ’k de drank stean litten
as in ding, dat greate forwoasting yn de maetskippij oanrjucht, en de
foartgong fen de forljochting en biskavinge, dêr ’t ik in great
foarstander fen bin, heislik yn de wei stiet”.—“Dat sniders ornaris gek
binne, is eltsien bikend, mar det sa ’n streupert as dou mâlk-en-wetter
drinkt, en fen forljochting en biskavinge praet, dat rint dochs hwet
fier. Hark ’ris, heite! Do ’t ik sa âld wier as dou, waerd ik jouns mei
hwet opwaerme ierdappels op bêd jage.”—“En den hwet sûpenmoalyn efter
nei”, sei keapman Sjerp. “Ja! en ta bislút in sobber yn de mûle”, sei
de slachter. In âld man, dy ’t oan dizz’ tiid ta net folle sein hie,
bigoun nou wakker út to fallen. “Hwer scil dat bidarje, as dat sa
foartgiet? sei er; “moast ik yet sa ’n tiid bilibje? Smoarge bern fen
in jier ef tsjien prate al oer forljochtinge en biskavinge, en sy binn’
yet lang nin tweintich, den skriuwe se al forhanlingen ta _Nut van het
Algemeen_, en stjûre de earme ljue, dy ’t graech hwet ha wolle, mei in
tige formoanninge nei hûs, om dêr hjar hongrige bern brea for to
keapjen, ef hjar neakene lea mei to bidekken. O jou! o jou! do ’t ik
jong wier gong it heel oars: wy wierne deis flitich op ús wirk, en
praetten noait oer _steatsaken._ _Forljochting_, _biskaving_ en
_matigheidsgenootschappen_ wisten wy net hwet dingen as ’t wiernen. As
ús heit in arbeider hie, dy ’t jouns healwiet út it lân kaem, dy krige
in slok, en nin minske tochte det it him kwea dwaen scoe. Hjerstmis
krige er wol ’ris hwet smoar ef hwet ôffal mei, en as ’t de tiid wier,
det de kij keallen, nou en den ’ris in tsjettelfol bjist ef in side
kealleflêsk. En det se dat nou net krije, hwer komt dat oars fen dinne
as fen dy bliksemske kommizen?” “En det in arbeider gjin slok kriget,
sei de skipper, hwer komt dat oars fen dinne, as fen dy skytrige
_matigheidsgenootschappen_, optocht fen ljue, dy ’t it bigrutte, det in
earm stumper him ’ris for in eagenblik formakke. It scoe al in moaije
forteaning wêze, as ik myn feint, dy ’t de hiele dei yn de line hinge
hat, jouns by ’t oan-boart-kommen, yn pleats fen in slok, in putsfol
kâld wetter foarsette, en den sei: Dou haste de hiele dei tige litsen,
dou moaste nou ek mar tige drinke”. “Ik tink, sei in timmerfeint út it
selskip, dy ’t him forbyldde, det de jenever yn syn liif krekt sa goed
dûrje koe as yn de kastelein syn fet; ik tink, det je wol om in oar
feint sjen mochten, en den woe ’k wol, det je dy snider mar woanen, dy
’t mei syn mâlk-en-wetter drinken en syn gek foarbyld it hiele doarp
gek makket”. “’t Wirdt al swietwei minder, sei in boer út it formidden;
do ’t ik jong wier pielden wy wol ’ris mei lêzen, en as wy den jierliks
ôfrekkening hienen den kaem ’er nei thédrinken in slok op ’e tafel, den
koe elts jenever ef brandewyn drinke, sa lang as er sêd wier, sûnder
der in duit mear om to biteljen; den krigen yet ’ris ljue in stik yn de
lears, dy ’t oars net om de drank joegen, en waerd ’er wol ’ris ien
mislik (fen ’t smoken, tink ik), dy ’t oars noait yn de herberge kaem.
Mar nou kofje drinke, det men alle amerijen pisje moat; in klontsje yn
it kopke en yn ’t pântsje; hja fjuchte hast hwa ’t it greatste hawwe
scil, en de kastelein moat hieltyd nei ûnderen om it lege potsje wer
fol to meitsjen.” “Ja, sei keapman Sjerp, it scil net lang dûrje, den
komt ’er in great komfol brij op de tafel, mei in sleef fol sjerp ’er
yn en den in kokynje efter nei.” “En as de ljue den thús komme”, sei de
slachter, “mei hwet poatstrou mei lollemanstip op bêd”.
Nou gong de doar. De fjildwachter warskouwe, det it tsjien ûre wier, en
’t selskip briek op. Dy ’t hwet woun hie floite in deuntsje; dy ’t
forlern hie krimmenearre braef, en ta bislút waerd de hiele boel troch
de kastelein útlake.
Yn ’t doarpke efter Ljouwert 1846.
E. H.