To Holwert wenne ’ris in pear;
Dat wierne tsjeppe ljuwe,
Hja sieten gnap yn hear en fear,
Hja koen’ hjar spiltsje driuwe.
De man die hwet genierkerij
En ’t wyfke spoun ’er sa hwet by.
Hja hiene in soan dy wier heal dea
Al trije, fjouwer wiken.
It koalkleed siet him yn de lea;
De hûd wier út de liken.
Dat mast’re dêr sa jimmer om,
En sims den hie er ’t lang net rom.
De dokter, ’t wier in aerdich hear,
Mar boastich en hwet krûdich,
Dy kaem der ek sa faek net mear.
De man dy waerd flaumoedich.
De rekk’ning (o, sa giet it rju!)
Waerd ek to great for sokke ljue.
Hy ried sa faek it hûs foarby;
Hy niigde en hy bûge;
Mar ’t wier mar plommestrikerij,
Dy hjir alheel net foege.
En kaem er soms ’ris inkel oan,
Spriek hy mar efkes mei de soan.
Dat wier hjar danich yn de wei;
De soan dy krimmenearre.
Hja rôpen faek de dokter nei;
Mar ’t wier sa faek mislearre,
Det einling sei er: “Rop mar net,
“Mar gean mei ’t wetter nei de stêd.”
Mar dokter kaem yet onforwacht,
Ear ’t immen ’t yet koe tinke.
’t Is wier, hy kaem al hwet onsacht,
En ’k wol dy gong him skinke.
En hat de man it op syn kêr,
Hy docht it for gjin rider wer.
Wylst dêr dat pear oan tafel siet
En ieten greate beane,
Bipraetten ho ’t de boer nou giet,
Ho ’t flaechs en ’t noat nou steane,
Spant dokter-om syn brúntsje oan,
En tinkt net mear om Jelte soan.
“Dat is in hynzer as in sweal,
“Dat dounset foar de karre.
“De wearde kin gjin minske heal,”
Sa spriek de smid-en-hjarre.
Dat steg’re en stiek de kop oerein!
It bist wier hast it fel útflein.
Mar einling roun de guds dochs foart
En draefde det it gounze,
Mar ’t karke krige in skeve hoart
Det ’t tsjin de mûrre bounze.
De dokter fleach by Jelte en Tryn
Sa fjouwerkant de glêzen yn.
Hy skeat dêr op ’e tafel del,
Dêr op dat skoane iten.
Hja wierne allegearre kel;
De soan bigoun to kriten;
De dokter sloech yn ’t iten om;
Hy gûlde en waerd fen pine krom.
En Tryn-moei wier sa fen de set,
It minske koe net sprekke;
Dy roun al nei it wetterfet,
Wylst Jelte dokter fette.
Dy sei: “Jy komme ús hûs net hein:
“Dêr ha’ wy jo nou dochs yn ’t ein.”
“Och, heare! spriek de dokter do,
“Myn skouder is forritsen.
“Rin dalik nei de smid ta; to!
“Dy hat ’er mear ynlitsen.
“En bergje den myn spiltsje op.
“Myn earme brúntsje, och! myn pop!”
Mar ear de dokter spritsen hie,
Wier baes al foar de doarren.
Dy sei: “Ho divel, nou to rie?
“Ho komt dit foar elkoarren?
“En ho is ’t mei dat iene fearn?
“Dat skouder dooch net, dat is skean.”
“To, dalik! rôp do de baes smid,
“To, helje fjouwer bûrren!
“Fordomd, dat skouder is út ’t lid.
“Wy moatte mar oan ’t skoerren;
“To, feardich mar de klean út, hear!
“In koart bislút! mar it docht sear.”
Dêr hongen fjouwer keardels oan,
En loeken det se stinden;
De dokter, krollend as in swan,
Rôp: “_Duwels, beulen, vrinden!_”
Mar einling ta syn great gelok
Fleach ’t wer yn ’t potsje mei in skok.
“Sjê sa! sei baes, nou is ’t yn ’t lyk,
“De boel dy is to rjuchte.
“Dat hong dêr niis al nuv’re bryk,
“Mar is hjir net hwet fochte?
“Ik haw in fonk hjir yn de kiel:
“’t Wirdt tiid det ik him ’ris forspiel.”
Hja helje fluch in koer mei wyn
By dokter út de kelder,
En skinke dêr mar deftich yn.
De sike soap ek helder,
En sei: “Ik laei net op dit nêst,
“Hie der sok gûd op it koalkleed wêst.”
Hja brochten dokter mei elkoar
De earm hwet yn doeken;
De frouljue kamen foar de doar,
(Hwet rabben se op ’e hoeken!)
En brochten him mei goed comfooi,
Yn ’t ein by jiffrou op ’e koai.
De sjeas dy wier yn stikken slein,
En brúntsje hie him rêdden,
Wier koegelsfeart nei Waexens flein
Oer hikken, dammen, sleatten.
Dêr stoe er by in goede boer;
It pjalke trille en wier oerstjûr.
En dokter kuij’re yn Holwert om:
Dêr moast er nou wol bliuwe;
Hy wier sa njuet, sa mak, sa from,
Roun trou by sike ljuwe,
En as er by in siken kaem
Den fleach er nea wer troch it raem.
Grou.
E. H.
[Yllustraasje: IT HYNZER FEN DOKTER OP IT HIEM FEN ’E SLOTPLEATS TO WAEXENS.]