Ho mannichien komt oan syn wiif,
Dat is net to biskriuwen.
Ja, ’t giet sa selsom yn syn wirk,
It is hast net to leauwen.
De iene fynt hjar op it iis
En de oare yn ’e tsjerke.
Op brilloften fynt mannich ien,
En meast noch op ’e merke.
Mar troch de skoarstien, troch in lûk,
Om in gnap skepsel siikje,
Dat liket briker yet as bryk,
En ’t koe in fabel lykje.
Foar tiden wenne op Abegea
In boer dy hjitte Rinke,
Dy oan in boerepleats ef twa
En jild en fé net hinke.
Hy wier âldfeint en frijde faek,
Mar ’t wier him noait net flotte,
’t Roun altiid speak: hy bleau âldfeint
Ho hy syn brein ek hwotte.
Hy hie in gnap jongfaem oan hûs,
Ik leau hja hjitte Janke,
Dêr Rinke gansk hwet smucht op hie,
Mar hy wier faek bitanke.
Dat hâldde him altyd to bek;
Hy koe wol ’ris pinkeagje,
Ef strike hjar ’ris oer it wang,
Mar mear doarst hy net weagje.
Dy faem wier ek net eang fen him,
Hja mocht him hiel wol lije,
Mar sels to frijen dat koe net,
Dat koe hjar ear net lije.
Dat stune by elkoarren om,
En elts dy liet neat merke,
Mar einling roun dy tiid sa fier,
Det it waerd Drylster merke.
Dêr teach de faem ek hinne do
En krige in kreup’le frijer,
En Rinke bleau allinne yn hûs:
Hy kriet, dy earme lijer.
En Janke waerd nei hûs ta brocht;
Hja songene as alken.
De boer forgrieme ’im yn him sels,
Laei op de búthûsbalken.
De boer, dy oars sa frjeonlik wier,
Waerd noartich nou op Janke;
Mar hja, hja tsjinne flitich foart;
It wier in hansom fanke.
Mar ’t swietste wier bihâlden yet;
It moast him better knelle,
Do de yntrest fen it merkejild
Troch Janke waerd bitelle.
Hwent skielik kaem ús maet werom
Om by de faem to sitten;
De boer draeide alles yn ’t rounom,
Ja, hy bigoun to switten.
Yn ’t koart, hy gong mar gau fen kant,
En sei foaral net folle;
It sliepen kaem alheel net fen,
Sa draeide him de holle.
Yn ’t milhús siet it jonge pear
Sa noflikjes to meiden,
En yn it binhûs laei de boer,
Jaloersk en lilk fen beiden.
Mar Rinkom wier nijsgjirrich dochs
Hwet eft dy ljuwe diene,
En eft se ’t ek oer boaskerij
Ef oare dingen hiene.
Boppe yn ’e bozem wier in lûk,
Dat wist er mar allinne.
Hy toft: “Dêr wird ik it gewaer;”
En kroep ’er stilkes hinne.
Foarsichtich die er ’t lûkje op
Om hjar dêr to biharkjen,
En kroep ’er tige fier yn wei
Om ’t suver út to kloarkjen.
Dat rekte al; mar it boppe-ein
Waerd swierder as de skonken,
En Rinkom foel fen boppen del,
En briek hast hals en bonken.
De spekstôk briek ta syn gelok;
Dêr kaem er op to lânne,
En ’t fjurke, dat ’er stie, wier lyts;
Hy koe him net forbrânne.
’t Wier roet en yeske hwet men seach,
En ’t spek dat laei fen boppen;
De feint stau ta de doarren út;
De faem him nei to roppen.
De feint dy roun sleat yn sleat út,
En spile op ’e hakken;
Dy miende det de kweade him
Sa libbend kaem to pakken.
Mar Rinke stie al dalik op,
Hy wier forbouwerearre,
En ’t moeide ’im det syn strunerij
Him sa bidroefd mislearre.
Hy gong foar doar; dêr stoe de faem
To skriemen en to snikjen.
“Kom! sei er, kom mar wer yn hûs,
“En wêz’ net fen dyn stikken.
“Dou hast oars by dy sels al tocht,
“Nou wol de boer ús pleagje;
“Mar, famke, siker, ’t is sa net.
“’k Woe mar ’ris skoarstienreagje.
“Hwent sliep, sa lang as hy dêr siet,
“Kaem net wer yn myn eagen:
“’t Wier eft de stiennen út de flier
“My tsjin de troanje fleagen.”
“In moaije skoarstienfegerij,
“De nachts om healwei-trijen!
“Jy woenen ús biharkje, boer;
“Dêr wier it om to krijen.
“Jy wiern’ jaloersk, myn goede man!
“Ja jy bigjinn’ to switten,
“Al komt hjir mar in kreupel skroar
“Om by my op to sitten.”
Sa spriek do Janke en yet mear:
“En woll’ jy yet ’ris frije,
“Wol nou, ’t jowt nou just sa gjin pas,
“Mar ’k mei ’t oars heel wol lije”.
Dat wier de boer nin doave sein,
En ’t hie mar ’n bytke dûrre,
Do waerd âld Rinkom brêgeman;
De flach kaem op ’e skûrre.
Dat houlik wier sa mis net wêst,
En ’t libbe ’er aerdich hinne;
Mar as de frou hwet keapje woe,
Den koe ’t ’er wol om rinne.
Mar as er net fen ’t jild ôf woe,
Koe hja him aerdich pleachje,
En sei: “Jy scoene wol by nacht
“For ’n stûr de skoarstien reagje.”
“Dêr! sei er den, dêr hast’ de pong;
“Dou kinste goed onthâlde;
“Tsjin frouljue is nin praten tsjin,
“Den rekket men forkâlde.”
Grou, 24 Febr. 1844.
E. H.