IT PELSRJUCHT.

To Warkum bûten oan de brêge

Ticht oan de greate sésylskolk,

Dêr stie yn ’t jier fen achtenfjirtich

In tropke liddich farjensfolk.

Hja hienen ’t dêr, dat stiet to tinken,

Al meast oer sémans-wé en need.

Dêr waerden al de stakkers helden,

De skiep dy waerden tiger-wreed.

Dat liigde dêr fen frjemde dingen,

(Ut fiere lânnen liigt it goed!)

Mar meastal krigen hja op ’t lêste

De lânsregearring by de hûd.

En wylst dat foltsen stie to praten

Stoep de stêdstamboer op hjar ta;

En greatsk op swird en glêdde tromme

Sloech hy der op, en spriek do sa:

“De Burgemeester en Vroedsmannen

“Verbieden aan de burgerij

“Na tienen in de kroeg te zitten,

“Maar aan de huzen is het vrij.

“Die na dien tijd daar wordt gevonden

“Betaalt voor d’ eerste maal een kroon,

“De tweede maal drie guldens boete;

“Als ’t driemaal beurt is ’t hok z’n loon.”

Do seach dat foltsen op eltsoarren.

De ropper glimke en gong wer foart.

Elk sei: “Binn’ wy nou Russen wirden,

“Det dat hjir sa yn Warkum moat?”

“Us boargemaster, scoe ik miene,

“Dy spijt ek yn de romer net;

“Dy hat it flêsk om njuggen ûre

“Al feardich yn de pikel set.”

“Dat ha de frouljue wis útrjuchte,”

Sa rôp in tredde út dy kring.

Baes Piktried sei: “Dat kin net wêze,

“For hjar wier ’t in oerbodich ding.

“Hwent frouljue, o, dy kinn’ ús stjûre!

“Dy hoeve wis de tamboer net.

“O, as dy mar ’ris efkes bremme,

“Den is hjar wille al manljue’s wet.

“Dêrom dy moatte krimmenearje,

“Dy komt it rjucht oer manljue ta;

“Nin froedsljue ef nin boargemasters,

“Dy thús allinne in broek oan ha.

“Us frouljue binne ús boargemasters,

“En elts dy det syn wiif net freest,

“Scil ik in bêst pear skoen foarearje,

“Dy just nou sitte oer ’e least.”

In dei dêrnei hong oan syn finster

In gloed pear nije skoen to pronk,

Mar tsjok bismard mei traen en ongel,

Dat elts al yn de noas op stonk.

Dêr hie de baes in brief oan hinge:

“Elts dy net bang is for syn wiif,

“Jaen ik dit pear ta in forearing.

“Dy nimt se mei ta syn geriif.”

Net ien út Warkum doarst se nimme,

Elts toft det dêr hwet after laei.

Dêr kaem in boer oan út Ferwâlde,

Dy sei: “Ho! taelt dêr nimmen nei?

“Ik frees myn wiif net, doar ik sizze;

“Ik hjit oer skis de Wylde Boer:

“Scoe ik fordomd for frouljue swichte?

“Kom, baes, jaen my de skoen mar oer.”

““As dat sa is, scill’ jy se hawwe.””

Baes nimt de skoen fen ’t finster del,

En treau se him yn ’t wite kyltsje;

Mar, o, hwet waerd dy húsman kel!

“Baes Jappe, dat is net gnap makke:

Bismoarkje jy dêr sa myn klean?

Wel, man! hwet scil myn wiif nou sizze?

In hûdfol kibjen is myn lean.”

“Kom, sei baes Jappe, ik sjen ’t wol, maetsje!

Dy skoen bihearre dy ek net.

Dou bist’ al bang for wivekibjen.

En dat om sa’n lyts dripke fet.”

Do wier de onnoaz’le boer biskamme,

Koe sûnder skoen nei hûs ta gean.

De klean fol smargoed swart en stjonken’,

In húsfol kibjen wier syn lean.

Dêrom, regint fen stêd en doarpen,

Wêz’ for de manljue net to strang;

Hwent, och, it âlde Fryske pelsrjucht

Dat hâldt hjar al genôch yn twang.

Grou, 19 Febr. 1842.

E. H.

Rimen en Teltsjes · 第 179 / 279 题