Der laei in skipper to Wâldsein;
Ho eft er hjitte wirdt net sein;
Hy hie in feint dy hjitte Duije,
In bysfeint wier it, in skarlún;
Mar as dy hwet hie’ yn de krún,
Den koe ’t ’er nuver hinne bruije.
Hy hie syn komste by Tryn
Klear, Dêr koft er sûpkes kear op kear.
Dy hie sa hwette snobberije;
En dy mar rûch op side wie’,
Ef boargen after hânnen hie,
Dy koe to mûk in sûpke krije.
Dêr libbe it minske aerdich fen:
It wier in widdou sûnder bern;
De winters spoun se for de ljuwe,
En hokk’ne pearen by eltsoar,
Dat wier in akkefyt for hjar:
Dy koe’n dêr noflik sitten bliuwe.
En as er ien to sink west wie,
Ef ’t mei syn folk forkurven hie,
Dy woe se graech in bulsek spriede,
En broei him dêr ’ris tige út,
En wie’ er flau, him ta bislút
Wol hearrings op ’e tange briede.
Dêrom waerd sy Tryn Klear ek neamd,
Dy namme wier ek heel net freamd,
Hwent wier ’er ris oansetterije,
En wier ’er ’t ien ef ’t oare brek
Fen oalje, drank ef bôle ef spek,
By Tryn wier ’t _klear_; dêr koe men ’t krije.
’t Wier winter, mar nin riders-iis,
En dat forfeelde d’âlde biis;
De liddichheit jowt nammers flinken.
De fammen pleagje as in Turk,
Dat wier sa hwet syn hele wirk,
En mâlle potsen út to tinken.
Dat tipte den op teijich iis,
Ef ’t souke en tjirre as healwiis,
Ef ’t sloerke op ’e glêdde strjitte;
En ûren yn de smitte stean,
Ef for de kjeld yn ’t bakhús gean;
Dat scil den frijgeseljen hjitte.
Hy komt by Trynmoi op in joun
Wylst dat goe’ sloof by ’t fjûrke spoun,
En sei: “Kin ’k ek in koaltsje krije?
Us folk is út to praten gien,
En hawwe al it fjûr útdien.”
“Hea’, ja! sei Tryn ik mei ’t wol lije.”
Hy hie in sponturf yn de hân
Lyk as ’t gebrûk hjir is to lân;
Den is it koaltsje fjûr bitelle.
Hy treau him by it hirdtsje yn,
En sei goe’n avend do oan Tryn.
’t Wier ’t lêste koaltsje dat er helle.
Hwent, o, it stik dat wier to bryk!
It wier nin bizerij allyk.
Dy turf hie hy in gat yn boarre;
Dat nôgergat mei boskrûd stopt,
Do mei in grenen kyl forpropt,
En feardich mei in tou forsjorre.
Dêr siet ús Trynmoi nou,
En spoun hjar triedtsje flaechs sa trou.
De wekker tikke en ’t wieltsje snoarre;
Ald mopke snoarke op ’e plaet,
En poeske spoun wer de âlde maet;
De sûpenbrij dy soarre.
Hja spoun en waerd sa slûch, sa sof,
Mar einling boarst der út in plof;
’t Waerd alles yeske en fonken.
De poes fleach by de ljedde op,
En op it bêd der fluchtte mop;
En Trynmoi makke ek skonken.
Hja fluchtte ta de doarren út,
Mar foar de gevel stoe de gút;
Hy socht de lijte hwet, sa beare.
Do roun âld Tryn him op it liif,
En sei: “Dou swift, dou snaek, dou dief!
Ik scil dy fjûroansetten leare.”
Hja tich’le ’er ek mar helder op:
Mar, och, hy hie in Fryske kop,
En mannich slach mislearre.
Mar hy sei: “Slaen dochs net sa, sloof,
Jy slane my yet blyn en doaf;
Jy moatte ek nei reden hearre.”
En Duije sei: “Wy geane yn hûs.
“Dat wier der niis sa’n raer gedrûs;
“Dat scil der nuver hinne lizze.
“Wy moatte sa net, âlde frou.
“Ik scil jo earlik bychte en trou;
“Ik kin jo krekt de reden sizze.”
Hja geane yn hûs. Dat wier in boel!
De oaljesnip laei op ’e stoel;
De brijpot laei yn stikken;
De tafel op ’e side teard;
De spinwiel ûnderst-boppe keard;
It flaechs wier gleon, de matten rikken.
De steallen laeine oer it hûs,
En op ’e souder âlle poes;
Ald mopke siet op bêd to kriten;
De sûpenbrij stroamde oer de plaet.
“Och! rôp dy leaze kammeraet,
“Dat skoane ljeave iten!”
Sa moast’ er prate op dy joun;
Oars hie se nei ’t gerjucht ta roun.
Hy streake en flaeide om hjar hinne,
En rêdde fluch de boel mei oan.
Hwent reagje en klinsgje koe er skoan,
Lyk as de skippersfeinten binne.
Do spriek dy goede Tryn him oan:
“Dit rint to fier, Jan Jappes soan;
“Dou scoest my ’t hûs yn yeske stoke.
“Hwet diker, nou! dit is nin nocht,
“En as ik ’t foar de grytman brocht,
“Den scoest’ in skeadlik pypke roke.”
“Och, bêste Nynke, jaen jo del,
“En kibje en smeul dochs net sa fel.
“Ik die it siker net út wille.
“Wy hawwe Fransken hawn yn ’t skip:
“Dat wier in ondwaen en geskrip!
“Den moatt’ jy ljeaver dy bidille.”
“De Fransken binne núv’re ljue,
“En flinken hat dat foltsen rju.
“Dy brochten brânje mei en iten.
“Dy brânje wier as oalje en tar,
“En as ’t net flotsje woe mei hjar,
“Den waerd ’er gau sa’n turf op smiten.”
“Dat súze en pofte it rom yn ’t roun,
“Lyk as jy jouns hawwe ûnderfoun,
“En as de fonken ’t mâlste fleagen,
“De steallen stauwen oer de flier,
“Den laken se en hiene tier,
“Al koen’ se hearr’ ef sjen út d’ eagen.
“Is dat net heislik, Tryntsje-moi?
“Dy Fransken, ja, ’t is aeklik; foi!
“Dat binne heidens, rare ljuwe.
“Dy fjuchte en swalkje oeral roun,
“En hwer se in foet sette op ’e groun;
“Dêr litt’ se krús noch mint mear bliuwe.”
“Den moeit it my, sei Tryntsje-moi,
“Det ik dy slein haw, bêste boi!
“Dy Fransken binne skelmen, snaken.
“Hja sette in beamke yn de groun,
“Dy dounsje gekken den yn ’t roun,
“En ’t is mar om ús jild to taken.
“Och, hien’ wy mar ús prins werom!
“Hwet wier ’t yn âlde tiden rom!
“Men wist do fen gjin frjemde flinken.
“It iten wier goekeap en bêst;
“Fen ’t frjemde reau hie nimmen lêst.
“Dêr hoefde nimmen om to tinken.”
En Duije gong do stil nei boart.
It stik wier yn de doafpot smoard,
En dochs hy koe ’t net by him hâlde.
Hy hie it yn de smitte sein,
En dalik wier ’t troch heel Wâldsein;
Dat hearde ek skielik al dy âlde.
En dochs hja kikte nearne fen,
En hy kaem wer oan hûs as bern.
Hy skold den op de patriotten,
En priisge wakker de âlde prins.
Sa flaide er den dat âlde minsk;
Mar Tryn wier snoader as de rotten.
Hwent hy kaem wer ’ris op hjar ta,
En sei: “Ik moat in sûpke ha,
Mar ’t moat oranjebitter wêze.
Ik bin oranje yn myn hert;
Ja, yn ’t gebiente is ’t my set.”
Sa woe er do dat sloof bilêze.
Hja hie for jicht en oare smert,
In sûpke op Spaenske piper set:
Dat naem hja yn by njoggen drippen
Mei bêste swiete wite wyn;
Dêr geat hja him in slok fen yn,
Om ’t sa yn ienen yn to wippen.
“De divel! rôp er, Tryntsje-moi!
“Dit komt to hird oan! foi, o, foi!
“O minske! ik forbarn fen binnen.
“Ik spring warachtig út myn fel.
“Dou sleep! dou âlde totebel!
“Ik fiel it gleon troch ’t lichem rinnen.”
Hy roun al dalik nei de bak;
Hy sûpte in kúle, mar ’t wier lak.
Al hwet er iet dat smakke as galle,
En Tryn-moi sei: “Dat siet yn ’t fet,
“En hwet dêr yn is sûrret net.
“In âlde rôt sit yn de falle.”
“Dy Franske turven makken kel,
“En skroeiden immen hier ef fel;
“Oranje flymt ús yn de termen.
“De neismaek is as trjimmich spek;
“Dy dûrret ek in aerdich rek.”
Sa siet do Duije-man to kermjen.
Do joech dy âlde bêste Tryn
Him sjerp mei farske bûter yn.
“Wy scill’ ’er noait net wer oer prate,
Sei Tryn, en gean dou stil nei boart.
“It ding is dieverij noch moart;
“Dou moast ’er my ek noait om hate.”
[Yllustraasje: BY TRYN-MOI.]