DE WYLDE RUTER FEN DOCKUM.

Der is yn keizer Karels tiden

In allernuverst stikje baerd;

Der hat in wylde ruter riden:

Heel Dockum wier der fen forfaerd.

Hy hie gjin learzen oan noch spoaren;

Hy droech gjin houwer noch pistol,

En wier er al hwet lyts geboren,

Hy stoe syn fyanden dochs wol.

Syn wenning hie er yn de holen;

By dei liet hy him seldom sjen;

Mar nachts den kaem er op ’e soalen

En roofde en moarde sa ’t mar kin.

Der wenne in brouwer yn dat stedtsje,

Dy folle by de boer om ried.

Den siet er op sa ’n feardich kjedtsje,

Ien dy it noait net sitte liet.

Mar koppich wier it bistke danich,

En kaem ’er him hwet frjemds yn ’t sin,

Den waerd er noait net slûch ef wanich,

Mar teach yn ienen op ’e rin.

De brouwer scoe nei hûs ta ride,

It gong sa yn in sukkeldraf.

Syn hountsje roun him op ’e side,

Dy snúfde en hie frij hwet geblaf.

Mar blaffen kin net folle bate,

Der moat ek biten wirde sims.

En scill’ de ljuwe yen ek hate,

Men moat faek wêze as in brims.

En wylst dat beest sa sneupte en blafte,

Roun der in mird dwers oer ’e wei,

Dy ’t hountsje for syn keffen strafte,

En naem him dêr mar helder mei.

Dat koe baes brouwer net oanskouwe,

Sprong dalik by de kjedde del.

Dy woe er mar ’ris fiks ôftouwe,

Mar ’t bistje wier him al to snel.

Dat is in folk dy kinn’ hjar rêdde;

Hy wier to fier ôf fen syn hol;

Nou fleach er dalik op ’e kjedde.

Dat makke it hynzer razend dol.

Forskrikt set hy it op in rinnen;

De mird dy klammere oan it seal.

Wis krige er ek al nu’vre sinnen,

Mar hy siet fêst dochs as in peal.

De brouwer, ’t wier net to fordragen,

Stoe dêr mei ’t hountsje op ’e wei:

Dy hie noch noait syn libbensdagen

Sa flokt as nou op dizze dei.

Mar flokken koe hjir ’t skird net laepje,

To foet gean wier de brouwers lot.

Hy koe nou swiet nei Dockum traepje

En hearre dêr de smaed en spot.

Hwent smaed en spot moast hy forwachtsje;

Mar hy bitocht in fine set;

Hy liet him by in boer binachtsje

En kaem by tsjuster yn de stêd.

It kjedtsje kaem de stêd op fleanen,

De mird dy siet him op ’e hûd;

De stêdsljue seagene as earnen

En sein’: “It spultsje is niet goed.”

’t Gerucht dat roun troch alle strjitten,

Dat baes sa heislik tsjoene koe,

En ’t waerd fordûbele en útmjitten

Lyk as it giet mei simple ljue.

En leaude ’er ien net oan dy grappen,

Dy waerd gau oer de flalie slein;

En doarst er folle tsjin to snappen,

Den waerd ’er sels de lap op lein.

Den rôpen se fen alle siden:

“Wat suest dou prate, heiteman?

“Myn gunst, wat leiste noch te striden?

“Want hele Dockum looft er an.

“Ik hew him op it peert sien sitten;

“Maer ’k liet it beestje stil betiên;

“Syn ogen as twie lampepitten

“Die waren glandich om te sien.

“De brouwer, dat mag elk wel lowe,

“Het him feranderd in en mu’d.

“Nou kin er nachts braef stele in rowe:

“So rake al ons kipen fu’t.

“It peert, krekt of in man him mende,

“Gong na de stal, dat arme dier,

“Dat is ien duwelsch’ swatte binde,

“Dat tsjoenders-reau in Dockum hier.”

“It wemelt hier fan tsjoenderije,

“Ja, ’t schuelt sels by de magistraet.

“In as ’t so bliift mach ik wel lije

“Dat Dockum na de duwel gaet.”

Hja wierne breinroer om dy gritsen,

Gjin minske dronk fen baes syn bier,

En fen binaudheit gong er ritsen

Nei in goe’ frjeon yn Metslawier.

Dêr moast er him for útgean mije,

Opdet it stik gjin eagen hie.

Dêr siet er nou in wike ef trije,

Sa lang de boi bisakke wier.

Nou stoep er dryst wer nei it stedtsje.

En daedlik nei de brouwerij:

Dy wier hast útstoarn for in setsje

En ’t stie der al gefaerlik by.

Mar hy liet oan heel Dockum witte,

Det hy yn de stêd Grins hie west;

Hy woe it klúnbierbrouwen witte

En nou forstie er ’t opperbest.

Yn trije wike in kinst to learen,

Dêr mannich trije jier oan hie;

Dat leaudene dy skrandre hearen,

Dêr do heel Dockum fol fen wier.

En baes gong daedlik oan it brouwen;

Dêr smiet er keallepoaten by

Mei hûd en hier, mei klei en klouwen,

Dy kôke er yn dat bier ta brij.

Dat joech in limichheit oan ’t bierke,

Dat, sei er, kaem fen ’t bêste koarn,

En dreau ’er hjir ef dêr in hierke,

Dêr steurden s’ hjar sa krekt net oan.

Hy die ’er by hwet coriander,

Hwet piper en hwet brandewyn,

Hwent wier’n de Dockumers do skrander,

Baes brouwer dêr siet ek hwet yn.

En do se fen dat bierke preauwen,

Do sein’ se: “Blikstien, dat is raek!

“Sok bier is in gien fyftig eeuwen

“Hier in ons oude Dokkum maekt.”

Dat waerd in klúntsjebier as olie,

En ’t wier ek warem yn de bûk.

’t Wier goed for jicht en melancholy,

En ’t swiette oan by it gebrûk.

“Ja, ons baes brouwer is e’n mantsje!

“Die het wel hassens in syn kop.

“Kom baes! sei elts, Geef noch e’n kantsje!

“’t Loopt my so smeudich deur it krop.

“Wat heww’ se laest die man belasterd

“Fan tsjoenderij en ’k weet niet wat,

“Ons Dockum is all’heel verbasterd

“Ja, ’t is e’n aeklich rabbers-gat.”

“Wel, ja! sei baes, Sy heww’ ’t my weten,

“Dat er e’n mu’d op ’t kettsje sat,

“Die het my fan it peert of smeten;

“It was de kwaide, loof my dat.

“Ik seg jimme, ik was so verlegen,

“Ik guelde anders niks as moort!

“Maer ’t was voor my e’n grote segen,

“’k Was dichte by it Hues-ter-nood.

“Daer moest ik doe ris wat bedare:

“De knecht die brocht my naer de stad.

“Wat kin min raer ten hering fare:

“Dat hew ik met myn fluchten leerd.”

“’t Is best beteerd aen alle kanten:

“Want ’t klúnbierbrouwen hè je leerd.

“Brou jou mar fu’t!” sa sein’ de klanten,

“Mar ryd fooreerst niet weer te peert.”

Dat is yn keizer Karels tiden,

Alear yn ’t âlde Dockum baerd,

En lit ’er wylde ruters ride,

Ald Dockum is en bliuwt formaerd.

Grou.

E. H.

Rimen en Teltsjes · 第 177 / 279 题