TWA BOEREN EN DE SKRIE.

Twa boeren, beide út Longerhou,

Dat wierne rare omen,

Mar makkers wierne it goed en trou,

En rekke de iene oan de sjou,

Siet de oare ek noait to droamen.

To Frentsjer oan de bargemerk

Dêr siet dat pear to priuwen,

Mar op ’e neidei kaem dat swerk

Troch dat gelurk mei Age en Tsjerk

Almeugend swier to driuwen.

Mar tsjin de joun do teach men foart,

Men sjagg’le troch ’e poarte.

Soms kaem ’er wol in núv’re hoart.

Dat boks’le troch de modder foart,

Dy oer de skoen hjar kwatte.

By ’t hiem dêr hearre se yn de loft

De skrie syn griet-toe roppen.

“Dou steltman mei dyn miggeskoft,

“De bek ta, ef pas op, der poft

“Dy joun yet ien fen boppen!”

Sa raesde Tsjerk do tsjin dat dier,

En sei: “Hâld op fen skelden!

“Dou, langbek, hast in raer getier.

“Is Ageman hwet oer syn bier

“Hoechst’ dat syn wiif to melden?

“Hwent hark ’is, Age, hwet er seit;

“Griet, toe! Sjoch, Age is dronken!

“Jaen him nou earst mar goed biskeid;

“Mar as er yn de fearren laeit,

“Brek him den hals en bonken.”

“Dat liichste, ju, sei Age do,

“Hy baut dy nei yn ’t meiden;

“Kom yn de skûrre, Grietsje, toe!

“Wêz’ dochs net bang, toe, Grietsje toe!

“Wy binn’ mar mei ús beiden.

“Hy wit, dou hâldst’ it mei de faem,

“En telst de frou net folle.

“Dyn wiif is sleau en Griet bikwaem,

“Mar hoedzje dy mar for de blaem

“Fen Longerhouster bolle!”

Dêrop wirdt Tsjerk sa pûr, sa gleon;

Dy smyt him oer de finne,

Slacht bont en blau syn bêste frjeon;

Ja, hat him yn de jarr’sleat treaun,

En lit him sa wer rinne.

En Tsjerk dy knypte stil nei hûs

En joech him gau ta sliepen,

Mar do er fiks laei yn de sûs,

Do krige er bruijen by de rûs,

Do kaem de hel earst iepen.

Hwent ear ’t er ûnd’r’e wrine kroep,

Wier him de noas al skile,

En wylst it wiif nei boppen sloep

Foel der by him al mannich knoop,

Mar ’t oartsen wier forspile.

Mar ’t slimste wier bihâlden yet;

Hwent Age dy woe rjuchtsje.

De oare deis siet Tsjerk yn ’t swit;

Hy tocht: “Dy diker! ik krij pit;

Ik mei dochs ek net fjuchtsje.”

En ear de klok al middei sloech,

Kaem dêr exteur oan stappen,

Dy him in brief yn hânnen joech,

En Tsjerk dy seach al net onfoech:

Hy tocht: “Dit binn’ gjin grappen.”

Dêr stoe in great citatie yn

Om foar ’t gerjucht to kommen.

“Dêr ha wy ’t al, dou ychel-swyn!

“Dêr stean wis nu’vre wirden yn.”

Bigoun do Griet to brommen.

Dêr stien’ se beide foar ’t gerjucht

Forslein as earme stakkers,

In skylde noas en lang net rjucht,

En blauwe eagen; ’t wier nin nocht:

En dat for trouwe makkers!

De grytman, ’t wier in stringe hear,

Dy sei: “Gaen sitten, boeren.

“Sit’ jimme nou mekaer op ’t leêr?

“As ik die saek goed instrueer,

“Gaen jimme koekeloeren.

“E’n jaer in Wybren Wybrens gat,

“En hondert daelders breuken.

“Want sien, daer op e’n heerenpad

“Mekaer te kloppen, seit al wat,

“Jimme oude, kale scheuken!

“Dat fecht in scheurt mekaer de bek,

“En dat van knappe luden!

“Die sitte Sundags ook in ’t hek;

“’t Was wrachtig al e’n knap bestek,

“As wy dat folge suden.

“Spreek op nou, Tsjerk; hoe is ’t gefal?

“Dou siest al raer uet de ogen.

“Dyn dikke neus is ook al mal

“Spreek op, in lieg my niemendal;

“Dat suud dyn straf verhoge.”

En Tsjerk forhelle do dy saek,

En fen de skrie syn roppen;

De grytman dy hie wol formaek,

En dochs hy siet dêr as in staek;

Hy tochte hwet to toppen.

“Nou, Age, wat heww’ jou in ’t fat?

“Het Tsjerk de warheid sproken?

“Dyn ogen blau, dyn neus hast plat;

“Dou seist dat Tsjerk is e’n Jan-Gat;

“Hy het doch fikse knoken.”

“Hy hat yn alles wierheit sein,

“Bihalven fen myn bruijen.

“Ik net, mar Griet dy hat him slein.

“’k Die neat, hwent ik haw ûnder lein,

“As flokken en as spuijen.”

““Dat liichstou, divel, as in snaek;

““Dou pluch, hwet woest’ hjir sizze?

““Pas op, ik spylje wer om raek,

““En as ik dy by ’t baitsje taek,

““Den scoeste er fluch ta lizze.””

“Kom, boeren, hier gien kiblerij;

“Die saek komt gou te rechte.

“Ik hoor, niet ien van jimme is frij.

“Nou geef jimm’ elk e’n som aen mij,

“Dat kan de saek beslechte.

“Tien ducatons de man glad of,

“Dat moet hier daedlik weze.

“Ik bring it anders voor it hof.

“Die heren levere and’re stof.

“En laat’ hoor niet beleze.

“In as de skrie nou roept griet-toe,

“Dan moette jimme dinke,

“Nou roept mynheer syn dochter toe,

“Hael my e’n flesse wyn, Griet, toe!

“Dou moest my ook ’ris schinke.”

Grou, Oct. 1841.

E. H.

Rimen en Teltsjes · 第 176 / 279 题