(Wiize: _Menuet de_ Don Juan. Mozart.
_In bytsje foroare nei de rymmjitte._)
As ik oan myn bernejierren
Oan dat golle boartsjen tink,
Wrâld, hwet binne den dyn skatten?
Hwet is ’t goud mei syn geblink?
As de Maitiid oer it lân
Blomkes struit mei mylde hân,
O, hwet wiern’ w’ as bernkes blij!
Alde terp, ik tink oan dy.
As de earste bonte flinters
Flodderen fen blom op blom
En de earste ljurken songen,
Waerd it bernehert sa rom.
En de earste rin wier den
Fen de lytse skoallebern,
Hien’ wy fen ’e skoalle frij,
Alde griene terp, nei dy.
As de lytse foarjiersblomkes
Wrotten troch it griene krûd,
Rôllen, trûz’len wy sa jolich,
Hoallefoallen wy sa lûd.
Jagen wy de lea den ôf
En de skonken wirch en dôf,
O, hwet laeine en rêstne wy,
Alde terp, den swiet op dy.
As de famkes toutsjedounsen
En de jonges pleagen hjar,
Waerden wy sa faek ôfsnoarre:
“Dondersk’ jonges, sa ’n genar!”
Mar wy houdden ús mar dom
En wy joegen nearne n’t om;
En hwet tochten hja der by?
Alde terp, o siz it my.
Och, myn bernejierren fleagen
Lichter as it swerk foarby,
Mar dyn griene, ljeave blomkes
Binne alle maitiids nij,
En in oare nije jeugd
Hat op dy wer wille en freugd:
En liz ik it libben ôf,
Alde terp, wird den myn hôf.
Lit de berntsjes oer my boartsje,
Blomkes ploaitsje op myn grêf.
Gouden is de bernewille,
Al it oare reek en tsjef.
Is de winter rou en wyld,
Grienje maitiids blij en myld;
Bloei as byld fen Fryske kracht,
Alde terp, yn iv’ge pracht!
Grou, Juny 1847.
E. H.
[Yllustraasje: DE TERP. AS DE FAMKES TOUWTSJE-DOUNSEN.]