BELLIS PRATENSIS.

Minsken bliuwe:

Hjar sizzen komt net nei;

Mar út Gods heilichdomme

Komstou, o ljeave blomme!

Maitiids earste blomke,

Ljeave fen de wei,

Ut Gods heilichdomme,

Komstou, o ljeave blomme!

Wêz’ wolkom, ljeave!

De Maitiid is ’er wer.

Det minsken en tiden forgeane;

Dou komste, dou biste hjir wer.

Wolkom wer hjir yn ús lân!

Kuijere ik ’ris oan de hân

Fen myn ljeave famke,

“Wolkom! siz ik, hjir is ’t, bern;

“’t Iere foarjiers famke.”

Ja, wy kuij’rje hân oan hân

Troch it golle Fryske lân,

Friezen binne altyt frij,

Fyanden fen slavernij.

Blomke, blomke, bliuw ús by!

Grou.

E. H.

Rimen en Teltsjes · 第 174 / 279 题