SIERD ANES KLACHTE.

Sierd Anes teach mei wylde sinnen

Fen ’t lân nei ’t rouwe ségebrûs;

Forliet syn terpen en syn finnen

En ’t ljeave âlderlike hûs.

Him wier de Fryske loft to dompich.

“Ik wol, sa spriek er, heger op.

“Dat earme lân is my to sompich.

“Hozé! de flagge moat yn top.”

En kamen frjeonen him to rieden,

Dat bloes syn woaste moed yet op.

O, den bigoun syn bloed to sieden

En steger waerd syn Fryske kop.

Syn Eke kaem him ek formoanjen:

Dêr hong syn hert oars jimmer oer.

Mar, né! der wier net oan to toarnjen.

Syn wylde holle wier oerstjûr.

“Och! sei hja, lit dy dochs bilêze!”

En treau him oan hjar bounzjend hert;

“Mar kin ’t net, moat it einling wêze,

“Forjit dyn heil’ge wirden net.

“Yet ienris, Sierd, foar det wy skiede,

“Druk ik dy oan dit tikjend hert.

“Ta det de klokken fen my liede

“Forjit ik dizze ûre net.”

“O, né! spriek Sierd, in man moat swiere

“En swalkje troch Gods wide wrâld,

“En oer de séen dweile, giere:

“Dat hirdet him ta syn bihâld.

“Ik wol myn hjitte kop ôfspiele,

“En bring dy jild en skatten mei

“Wei, fanke! ik moat myn hert forstiele;

“Oars tôget my dyn flaeijen wei.”

Hy swalke earst nei kâlde lânnen

Fier nei de rûge Moscowyt;

Hy seach de woaste Hecla brânnen,

Ho dy syn ivich fjûr útsmyt.

Do teach er nei dy easterlânnen,

Dêr specerij en goud wei komt.

Hy hearde oan Bandas geurge strânnen,

Ho skriklik Goenong-Api bromt.

Hy kaem to lânne wer nei jierren,

Bitomle wier ’t forwyldre brein.

Hy seach it toerke al fen fierren,

En sonk der hinne yn gewein.

Hy koe syn suchten net forkropje.

“Wêz’ wolkom, rôp er, âlde toer!

“Ho? Kinste nou nin triennen stopje?

“Myn God! o né! ik jaen my oer.”

Hy skoarre nei it dorpke hinne:

Mar wolkom wier er nearne mear,

En elts roun fier fen him fen dinne,

Dat die him yn it hert sa sear.

Hwent Eke..... (’t is net út to sprekken!)

Dy wier it yn ’e sinnen slein,

En wier fordrinsge yn de Brekken,

En dat waerd Sierd to lêste lein.

“Och! spriek er do mei drôv’ge wirden,

“Is nearne rêst for my yn ’t ein?

“Is ’t nearne den for my to hirden?

“Ik bin in skip, troch stoarm forslein.

“Hwa kin it albistjûr bigripe?

“Dat kin men oan myn libben sjen.

“Dou, Eke, wierst’ myn lêste stipe;

“Dy lêste treast is ek forlern.”

Neargeestich gong er do wer hinne,

En seach it stille tsjerkhof nei.

Hy liet dêr bitt’re triennen rinne,

En rôp: “o God! wier ik mar wei!

“Hwer scil ik my nou hinne keare?

“Myn lust is wei, en ik wird âld.

“Wiis dou myn paed, o Heare, Heare!

“Ik bin in frjemdling yn de wrâld.”

O, siikje net oan fiere strânnen

’t Gelok, dat foar dyn foetten laeit;

It skieden fen dyn ljeafste pânnen,

Bitink it, jongling, hwet it seit!

In stil bidriuw mei froede sinnen,

(o Jeugd, ik sprek in treftich wird!)

Dat jowt in himelryk fen binnen

By eigen folk en eigen hird.

Grou, Maeije 1841.

E. H.

[Yllustraasje: IT DOARPKE ABBEGEA.]

Rimen en Teltsjes · 第 173 / 279 题