SEMANS KLACHTE.

Under de boartfeinten fen syn jonkheit hie Gabe ien dy him nei oan ’t

herte laei. Hy wenne to Abbegea, dêr Gabe in omke en moike wenjen hie;

dêr kaem er folle koarts foar de ongetiid to út-fen-hûzjen; dêr

toudounse er mei syn niften, ef siet er hele nachten by op to

jongfolkjen en to sjongen. Den wier Sierd Anes, in flugge sterke Fryske

feint, syn maet. Dêr bleau, dêr wier syn libbenslust. As moarnsier de

prachtige sinne syn blinkjende holle út de dauwe opstiek, en oer de

marren en poelen bigoun to spegeljen, den gong de sinne ek yn syn hert

op; mar as er oer dy wetters brûsde en sûsde mei Sierd yn it lichte

boatsje, den dounsen syn sinnen as it skipke op ’e weagen. En dochs

forlange er, as de tiid om wier, wer nei hûs en hiem, nei heit en mem.

Sa’n bistean hie Sierd net. In lytse mistribelinge yn de frijerij mei

Eke jage him it ségat út. De jonge, sterke, feardige Sierd, dy oars nin

sé to heech gong, dy ienris de hoop, de fleur fen syn folk wier, rekke

ûnder forkearde makkers en forwyldere ta dy úterste mjitte, dy in

biskaefd minske birikke kin. Einlinge kaem er werom, mar it wier for in

koart eagenblik. Hy roun in lytse tiid yn it doarpke om as in balling

mei in forbritsen gemoed, en is foartgien, sûnder det immen oait wer

fen him heard hat. Dat taestte Gabe yn syn siele oan, en hy makke ’er

it rymke op, dat hjir folget.

Rimen en Teltsjes · 第 172 / 279 题