DE LYTSE TOARNBEISIKER.

In earme jonge yn de wâlden

Dy toarnbei-sike oan de wei,

En song dêrby in aerdich sankje;

Hy njuente sa de hele dei.

Ja, soms bigoun er lûd to sjongen;

Dat klonk sa yn dy stille loan!

O! ’t earme boike hie sa’n wille,

Wol mear as mannich kenings soan.

Mar, sus! der stûke wirk en sjongen.

Hwerom, myn boi? Hwet is der oan?

Hy seach in siden ponkje lizzen,

Dat laei dêr sa mar oer de loan.

De earme stakker wier bisauwe,

Do hy dêr goud yn ’t ponkje foun.

Hwent trije goudene dukaten,

Dy foelen dêr sa oer de groun.

Hy keart se om wol hûndert kearen,

Hy telt en sjocht se oer en nei.

Hy lit it toarnbei-siikjen wêze,

En gong sa bliid met ’t ponkje wei.

En ûnderweis oan ’t praktisearjen

Hwet hy for ’t jild al keapje scoe

Oan moaije klean en ’t swiete iten,

Krekt eft it jierren dûrje koe.

Mar, och, hy moast gau ûnderfine

Hwet oan sa’n stikje goud ek wier,

En koart bigoun hy al to kleijen,

Det hy mar trije duiten hie.

Ho gau wier ek dat jild forsjidde!

Yn koarte dagen hie er neat,

En earm, ja, earmer as foarhinne

Stoe dêr it boike kâld en bleat.

Nou gong er wer oan ’t toarnbei-siikjen,

Mar hy wier stiller as alear.

Hy koe nin jolich sankje sjonge.

En hwerom song er nou net mear?

Grou.

E. H.

[Yllustraasje]

Rimen en Teltsjes · 第 171 / 279 题