IT LIET FEN IN EARM MAN.

Ik bin in earme biddelman,

Allinne yn de wrâld,

En simmers skroeit de sinne my,

En winters bin ik kâld.

Ik woe sa graech ’ris sjonge yet,

Mar ’t moed dat sinkt my wei,

En tink ik my al effen bliid,

In sucht dy folget nei.

Hwent yn myn ljeave âldershûs

Wier ik sa’n frolik bern;

De bitt’re kommer is myn lot

Sont ik hjar hab forlern.

De moaije hôven bloeije sa;

It noat dat stiet sa skoan;

De keale wei dy is for my;

Ik earme minske-soan.

Ik bin dochs graech dêr freugde is

Mei myn bidrukt gemoed.

En ’k winskje elts den goeden dei

Sa hertlik en sa goed.

O, goede God! Dou lietst’ my dochs

Alheel net sûnder treast.

Ien hoop’ skink Jy oan heel de wrâld,

Mar oan de earmen meast.

Dêr stiet op ider doarpke yet

In hillich hûs oerein;

Dêr klinkt for elts in from gesang,

In treastwird wirdt der sein.

Yet ljachtsje, sinne, moanne en stjerr’n

Sa frjeondelik op my,

En as de lêste bêdklok slacht,

Den sprek ik, God, mei jy.

Hwent ienris komt jins himel op

For eltse fromme siel.

Den tsjen ik ek myn feestklean oan,

En sit mei Jo oan ’t miel.

Grou.

E. H.

Rimen en Teltsjes · 第 170 / 279 题