TWA BERNTSJES YN ’T WALD.

O, âlders! O, bitink nou wol

De wirden hjir biskreaun.

In drovich stik fortel ik hjir,

Oan Skotlâns kust bidreaun.

In edelman fen heech fatsoen

Alear yn Noardfolk libbe;

Hie lân en grounen fier yn ’t roun,

Wier noait fen ’t lot jinstribbe.

Mar siik waerd hy, de dead neiby;

Moast fen syn rykdom skiede.

Syn wiif waerd deadlik siik as hy,

En beiden wachtte ien ierde.

Dochs ljeafdes treast wier net forlern,

Al wier de hoop ek wei.

Mar, och, twa lytse ljeave bern,

Dy bleauwen holpleas nei.

Och, de iene in moaije fikse boi

Mar trije jier pas âld,

En de oare in famke, o, sa moai!

In pronkstik fen de wrâld.

De jonker liet syn lytse soan,

As hy ’ris mounich wie’,

Jiers trijetûzen goune nei,

Dat fêst op lânnen stie.

Syn lytse Jane’s útset wier

Yet tûzen goune mear.

De dei as hja ta trouwen kaem

Den laei it for hjar klear.

Mar as de berntsjes stoarene

Foar hjar folmounichheit,

Den waerd hjar omke erfgenaem

As sibste oan hjar heit.

“O, broer-ljeaf! sei de sike man,

“Sjuch op myn berntsjes del;

“It is myn eigen flêsk en bloed,

“Dat ’k oan dyn soarg’ bifel.

“Oan God, oan dy, lit ik se oer,

“Myn berntsjes nacht en dei;

“Hwent mar in lytse wile tiid,

“Den binne wy al wei.

“Dou moaste wêze mem en heit

“En omke tagelyk,

“God wit, hwet lot hjar is bireid,

“As ik nou wird in lyk.

“En ’t is nou yn dyn folle macht,

Sa spriek de mem yet ek;

“Hjar op to bringen great en ryk,

“Ef for de biddelsek.

“En binne jy hjar treast en steun,

“Dat leannet God jo wis:

“Is ’t oars, syn straffe bliuwt net wei,

“Dy God fen wezen is.”

Do tute hja hjar berntsjes yet

Mei lippen kâld as stien.

“God segent jimme, ljeave bern!

“It is gau mei my dien.”

En hark ’ris hwet de broer do sei:

“Ik haw nin hert fen stiel.

“Hwet soarg’t dyn teare memmehert?

“Ik nim it op myn siel.

“En as ik oait dy ljeave bern

“Fordruk ef kweadwaen mocht,

“Den winske ik, det Gods swiere straf

“My nacht en dei bisocht.”

En do de âlders laeine yn ’t grêf,

Naem hy de berntsjes oan;

Hy brocht se beide yn syn hûs

As dochter en as soan.

Hy hâldt him oer dy ljeave bern

In jier heel goed en sacht;

Do naem de divel fen it jild

Dat onminske yn de macht.

Hy hierde do twa keardels ôf,

It útskot fen de wrâld,

Det dy for jild dy lytse bern

Scoen’ deije yn it wâld.

Syn wiif dy makke hy do wiis

En alle man yn hûs,

Dy berntsjes scoen’ nei London ta

By in goe’ frjeon yn hûs.

Wei gongen do dy sloofkes, wei.

Hja wierne blij to moed;

En seine yn hjar onnozelheit,

“Wy kedtsje-ride hjoed.”

Sy prate en snappe frjeonlikjes,

Och, sûnder earch ef kwea,

Mei dy forwoaste moardeners,

Dy ’t oanleine op hjar dea.

Dy ljeave praetsjes makken do

Dy moardnersherten weak,

En neiby roan troch yntinken

It grouwelstik to speak.

Mar ien fen hjar, forstield fen hert,

Spriek: “Né, ik hâld myn wird.

“Hy leanne ús goed; hja moatte dea,

“Al falt it stik my hird.”

Mar de oare stimde ’er net yn ta;

Hja foelen do yn striid,

En fochten hevich mei eltsoar,

Hwa ’t earst scoe út de tiid.

En dy de sêftste ynboarst hie

Staet d’oare ’t mês yn ’t hert.

Dy berntsjes yn dat iensum bosk

Dy trillen as in blêd.

Hy naem de berntsjes by de hân;

Dy yngels krieten lûd.

Hy sei: “Kom mei, en skriem mar net:

“’t Is alles nou wer goed.”

Twa lange milen laet hy hjar;

Do kaem de honger op;

En ’t onminsk sei: “Bliuw hjir mar stean;

“Ik helje iten, pop.”

Dy ljeave berntsjes hân oan hân

Dy kuij’ren do dêr om,

En seagen nei hjar rêdder út,

Mar hy kaem noait werom.

De wylde beijen in it bosk

Dêr laefden hja hjar mei.

Hja skriemden do de nacht oankaem

En snikten oan de wei.

In minskehert moat brekke nou,

As hy dit stik oertinkt,

Ho det dy ljeave onnoazle bern

Hjar flauwe moed ontsinkt.

Forlitten yn dat iensom wâld

Biliet hjar ek de gong.

Och, koen’ hja nou mar bidde yet!

Mar hja wier’n yet sa jong.

Dos swalkene dy bloedtsjes dêr,

Forkommere en forlamd,

Forloste einlik hjar de dead,

Yn elkoarms earmkes klamd.

Nin minske makke in grêf for hjar;

Nin deaklok waerd ’er laet;

De hjerstwyn hat hjar lykjes do

Mei ’t giele lof oerspraet.

Do foel de hege wraek fen God

Swier op hjar omke del.

De fyand kaem forwoastend op,

Syn binnenst’ waerd in hel.

Syn skûrren barnd; syn goed fornield;

Syn grounen plat toflein;

Syn fé waerd slachte op it fjild:

Nin hut bleau him oerein.

Twa soannen, beide yn Portugal

Forgongen op in tocht,

En ta bislút waerd hy yet sels

Ta de uterste earmoed brocht.

En ear it saunde jier om wier

Wier al syn lân forkoft,

En kaem yn ’t ein syn grouwelstik

Yet ek alheel oan ’t ljocht.

De woastling, dy dy ljeave bern,

Oerjown hie oan hjar lot,

Siet op ’e dead om roverij;

Dat wier de will’ fen God.

En dy bikende ’t yslik stik

Lyk as hjir stiet biskreaun,

En de omke stoar, wylst hy om skild

Waerd yn de kerker treaun.

Mar jimme, dy it opsicht ha

Oer lytse wezebern,

Dy yn de earste onnozelheit

Hjar âlders haww’ forlern.

Nim in eksimpel oan dit ding,

En jaen oan elk syn rjocht,

Ear ’t Gods hân mei sa’n aeklik lot

Jimme ek bisiikje mocht.

Grou.

E. H.

[Yllustraasje]

Rimen en Teltsjes · 第 169 / 279 题