IN TRIEN.

Hwet is de wolkomstgroet

Nei ’t lêste smertútkriten,

Nei ’t earste inerlik getroet,

Dêr mem hjar berntsje mei bigroet?

Dêr hja hjar yngel earst mei moet,

As wird en sucht forsmoare binne?

O, ’t is in trien, in trien allinne.

En ’t swietste fen de nocht,

As ’t bern moai op hjar skirte

Sa gutich de eachjes opdocht,

En loerkjende nei hjar sjocht,

En streaket en aiket en docht,

En ’t swiete: “Memke!” lit rinne?

O, ’t is in trien, in trien allinne.

Mar ljeafdes earst biwiis,

Hwet mei dat dochs wol wêze?

Is ’t dounsjen? Djoeijen op it iis?

Né, yn dat frjemde singetiis

Hast’ wird, ef sucht, ef sang ef wiis,

Jildt hege eed by moanne ef sinne,

Mar in hândruk, in trien allinne.

It skieden falt sa swier

For trouwe frjeoneherten;

De tiid wirdt lyts, de wei is fier,

En de onrêst fljucht troch hert en ier;

De lêste klokslach bromt sa swier;

Mar as de klok en spraek forstomme binne,

Den sprekt yn ’t each in trien allinne.

In frjeon forjit syn wird;

Dat flymt ús troch it herte:

’t Forjitten fen dat hillich wird

Dat falt oan al de frjeonen hird,

Dat flitset as in snijend swird

Troch hert en nieren hinne;

Dat heulet in trien mar allinne.

Dou biste heech fen steat;

’t Is wille om dy hinne.

Nin kening is sa ryk, sa great.

’t Forried komt op; dou biste neat,

En mei in wink, dou earm en bleat;

Dyn frjeonen ta de lêste tinne.

Hwat bliuwt dy? In trien mar allinne.

Dêr stjert forsuffe en siik

In sloof; hjar suchten rinne

Nei ’t lêst, it allerlêst ontwyk,

Nei ’t ivich ljocht, it himelryk,

Dêr earme en rike binne allyk.

For de earme bern fen honger fortinne

Is ’er neat as in trien mar allinne.

De hân, dy jowt, is ontslein

En jowt hjar brea en segen.

Hjar tankbre blydskip ken nin ein;

Hjar hert is nei de himel tein,

Fier boppe stjerren en sinne,

Mei in trien yn de eagen allinne.

Dêr stiet dyn woaste soan,

It doel fen al dyn soargen.

Sjuch dêr dyn hoop, dyn earekroan,

Forwoaste, forwyldere en fordoarn

Dyn deugds, dyn grysheits kroan.

As rie en treast forgongen binne,

Den bliuwt dy ’n bittere trien allinne.

De hoop dy is er west,

De dea stiet foar ús leger;

It flauwe libben wirdt in lêst;

De minske sucht om de iv’ge rêst:

En ’t ierdske lean op ’t alderlêst,

As wy oprjuchte minsken binne,

Dat is in frjeonetrien allinne.

Grou, 2 Nov. 1842.

E. H.

Rimen en Teltsjes · 第 168 / 279 题