Goede, echte Fryske ljuwe!
d’ Smertlike ûre is ’er wer,
Det ik hjir net mear mei bliuwe,
vDe ôfskiedsklok wer brommen hear.
Goede, echte Fryske ljuwe!
Ik mei hjir net langer bliuwe;
’k Hear de ôfskiedsklok wer byljen.
Och, ús ûre is forroun.
Trije, greate, hege winsken,
Winskje ik jimme, ed’le minsken!
Scoe ik dûbelfâldich wêze?
Dat is ’t Fryske wêzen net.
De earste is, det w’ as Fryske ljuwe
’t Swiet fen echte frjeonskip priuwe,
’t Alde sizzen goed onthâlde:
“Rjucht troch sé, dat giet ’er mei!”
Lit ús ’t oarde wol onthâlde;
Mei ús sels de frede hâlde.
Lit de wrâld ús den forlitte,
’t Stringe _ik_ fordomt ús net.
Einling, bêste, golle ljuwe!
Wol yn iv’ge frjeonskip bliuwe
Mei dat onbigryplik hege,
Dat ús de ivichheit ontslút.
Goede, echte Fryske ljuwe!
Langer doar ik hjir net bliuwe.
’k Hear de himelharpen klinken.
God en segen oer dit hûs!
Grou.
E. H.