OAN BESLINGE-STATE.

O Beslinge! o, edle state!

O, lusthôf fen de Fryske groun,

Oer al de ridderlike staten,

Ho is dyn bluister nou forroun!

Dyn steatelike abeeljebeammen,

Dyn fleur’ge loanen ticht en grien,

De wylgen oan de wetterseammen

Binn’ keal en fen hjar lof ontdien.

En Flora’s núv’re bonte drommen,

Mei kleuren troch nin minsk’ bitocht,

Dyn keur fen wonderfolle blommen,

Ut alle wrâld hjir hinne brocht!

Ho blêdleas steane hja der hinne,

Forlitten, toar as in struwel,

Ef for ’t forlies fen mylder sinne

Bisletten yn in neare cel.

’t Noardwesten hat mei woaste fleagen

Dyn erf mei ’t giele lof oerspraet,

En, as de woaste wetterweagen,

Neat sparre yn syn wylde feart.

Mar komt ’er wer in mylder sinne,

Ontjowt him alles wer op nij,

De twiichkes litte knoppen rinne,

En alles libbet en is blij.

De resida, sa lyts, mar geurich,

Magnolia yn syn hearlikheit, d’

Oleander mei syn blêd sa keurich,

De roas mei syn oanloklikheit;

’t Scil alles wer de groun útstige,

De fûgels sjonge yn it lof

Fen beammen, dy hjar tûken nige

As de earste beam yn Edens hôf.

Mar ien stam scil net wer forrize:

En freget men dêr reden ôf,

Ik moat him nei it tsjerkhof wize;

Dêr laeit er op dat hege hôf.

Us Eiso is dy ed’le stamme!

De pin bistjert my yn de hân

By ’t skriuwen fen dy goede namme;

Hwent goed wier hy as ien fen ’t lân.

Men mei geboarte in foarrjucht hjitte,

As deugd en minsumheit hjar siert;

Dy hie er yn in greater mjitte

As mannich dy nin wapen fiert.

Syn oankomst scil my nea forjitte,

Mei flaggen, skippen sûnder ein.

Elts woe syn frolik hert útjitte;

De soarg’ wier do to side lein.

My tinkt, ik haw it yet foar de eagen,

Ho do de jonker hild’ge waerd,

En ho de heit mei ’n trien yn de eagen

Him oan ús opdroech as ús haed.

Hwet hoef ik hjir nou út to lizzen,

Ho de ed’le man do wier ontdien:

De wirden stûken him yn ’t sizzen,

En my ontfoel ek al in trien.

En Eiso wier sa gol fen wêzen!

Syn roune, nomm’le, Fryske sin

Stie him yn ’t frjeonlik each to lêzen,

It woldwaen wier for him gewin.

Hy troude in frouwe fol fen deugden,

Foarsjoen fen wittenskip en kinst,

Dêr w’ allegear ús yn forhûgden.

Hja woun troch frjeonlikheit ús ginst.

In hûs en hôven waerden stichte,

Dêr ’t jonge pear yn wenje moast;

Mar, och, de dea kaem mei syn sichte,

Dy skriklike fornielings-foarst.

Dy meande ’im wei yn prille jierren,

En ’t slot dêr jinder oan de wei

Ropt alle minsken ta fen fierren:

“De dea, de dea brekt alles wei!”

En hwa scil nou it leed útsprekke

Fen de edle âlders en de rou?

Dat kin de ierde mar bidekke,

Dat wisket tiid noch wirden ou.

Wol, lusthôf, sa bibeamd, biblomme,

Forsierd troch kinst en troch natûr,

Hjar faek it trurich hert opromme,

En bring it britsen hert yn stjûr.

Wêz’ lang de taflecht yn de smerte,

O, stil, mar ljeaflik Beslinga!

De treaster for ’t forplettre herte

Fen de edle stam fen Sytsama.

Grou.

E. H.

Rimen en Teltsjes · 第 166 / 279 题