DE LIEKE-BLOMMEN.

Op it lytse doarp Ter-Kaple

Stoe alear ús âlders hûs;

Frede wenne dêr en wille

Yn dy âlderwetske klûs.

’k Wier de jongste fen saun berntsjes,

Heit wier hwette stoef en stiif;

Mar ús mem wist him to troaijen.

’t Wier sa ’n sêft meilijend wiif.

Yn myn earste famkes-jierren

Hie ’k in sister, ús Marij;

’t Wier de âldste fen de keppel,

Flugger wier der net as sy.

Meltsje, swylje, bûter-meitsje,

Alles fleach hjar troch de hân.

Dêrby moai fen liif en lidden,

En sa sindlik as de brân.

Hjerstmis oer de poel to strûzen

Nei de kij oan d’ oare kant,

As de wite koppen rôllen,

Dat wier ’t libben nei hjar trant.

En hja wier sa goed, sa sedich,

Die sa greach ús âlders sin;

As se winters út-fen-hûze,

Wier der ien yn ’t hûs to min.

Simmers krige hja wol frijers,

Mar dy liet se meast wer gean;

Inkeld koe se Pinkster-Tiisdeis

Wol nei Snits to keamer gean.

Mar net fier fen ús fen dinne,

Yn it âlde Goingaryp,

Wenne Ids, en dy allinne

Wier hjar sin en hjar bigryp.

As de kjeld it wetter strjemme,

Tocht men net om kjeld en wyn.

O, ho kriigden se op ’e poellen,

’t Jongfolk yn de moanneskyn.

As de wite flokken fleagen,

Wier Marij ek op ’e fljocht;

Alle dagen ride en djoeije

Wier den ek hjar greatste nocht.

Mei hjar trijen jonge pearen

Teagen se nei Grinslân ta;

En it iis dat wier fol wjekken,

En de winter moalke sa.

Al it rieden fen ús âlden

Wier mar praten yn de wyn;

Ids dy wiste alle wjekken,

En werom wier ’t foar de wyn.

Mem stoe op ’e wâl to kriten,

Mar ús heit dy snûrr’ hjar ôf:

“’k Scil der net in trien om litte,

“Al bring ik dy Snjeon to hôf.”

De oare jouns bigoun to kommen,

En it waerd sa stil yn hûs;

Teijich wier ’t en hwette mistich;

Soms den reinde it by de rûs.

Aeklich rûsde it om de skûrre,

’t Kreake op ’e skoarstien near,

En as mem yn ’t mistich waer seach,

O, hja sloech hjar hânnen gear.

Soms bigoun dat sloof to kriten,

Mar ús heit bleau steech en stom;

Wy as berntjes boarten bûte,[44]

En wy tochten nearne om.

Einling komme der twa mannen,

En dy tikje oan de doar:

’t Wierne ljuwe fen Ter-Herne,

En ús heit kaem selver foar.

“Boer! sa spriek ien fen dy ljuwe,

“Hwet is ’t aeklich mei Marij.

“’t Griist my om it út to sprekken....

“Mar hja ’s wei.... dat siz ik jy!”

En do sleepten se de slide

Midden oer de bûthús-flier,

En dêr laei Marije dead op,

Sûnder mûtse oer it hier.

Mei in Lieke-blom by ’t jak yn,

’t Aeklik pronksel fen de dead,

En hjar moaije reade lippen

Wierne nou sa blau as lead.

“’t Is Gods wille!” rôp ús heit do,

“En der is net oan to dwaen.

“Dy myn libben en myn lust wier,

“Moat ik oan de Heare jaen.”

Hja wier yn de mar fordronken,

En hjar Ids dy wier ontkomd;

Mar dy is tonei fortige,

Hwent syn fleur wier him ontnomd.

Sy waerd to Goingryp bigraven

Tichte by de âlde toer,

En de swiere klokken bromden

Heel de lege wâlden oer.

En ús heit, om wird to hâlden,

Liet by ’t grêf nin inkle trien,

Mar it kneagd’ him oan de siele:

Hy is as it stof forgien.

Jongfolk, tink nou om Marije,

As it iis sa hearlik blinkt:

Tink den, det in kweade ingel

Jimme nei it grêf ta winkt.

Rimen en Teltsjes · 第 141 / 279 题