DE BLAUWE SKINE.

Us Oege moast út frijen tsjen,

Dat praette in biis him oan.

“Toe, keardel! Om dy hinne sjen.”

Sa sette dy him oan.

“O, frouljue, man! dy binne ’er rju;

“Toe, flean der mar op ta.

“Dou bist’ sa’n flinken stoeren ju,

“Dou moast in slytsje ha.

“Dou biste in long’rich boeresoan,

“Hast’ fiters oan de boksen,

“Oeribel krekte skoentsjes oan,

“Kûtgaspen yn de hoksen.

“Hast’ fyftich goune yn de pong;

“Wel, man! hja wirde pûr.

“Allinne mei dyn gong en swong

“Krijstou ien oan it snoer.

“In sarjes baitsje haste oan,

“’t Is eft it getten is.

“Den likest’ wol in keapmans soan;

“’t Is wier hwet ik dy siz.”

En Oegeman dy roun dat praet

As lije mâlke yn de earen.

Hy tochte: “Hearke is myn maet;

“Dy wit wol fen manearen.

Op Nonkes-bûrren wenne Tiet,

In fanke as in lôge,

Dy ’t hert op ’t echte plakje siet,

Dy alle man fortôge.

Dy hjar mar seach, dy wier forjown

Troch ’t gloeren fen hjar eagen,

Sa det de feinten joun op joun

By swermen nei hjar teagen.

As bijkes fleagen se ’er op oan,

’t Wier eft se ’er hunich rûkten,

En eft hjar eagen blier en skoan

Mei syd’ne triedtsjes lûkten.

“Jandoarje, Oege! dêr is lucht;

Dat frommes moaste ha.

Toe, neef! dou moaste ’er for de klucht

“Yet moarn-to-joun nei ta.”

Us Oege hearde nei dat praet;

Hy rôp. “De deale, ja!”

Mar Hearke-neef, syn greate maet,

Woe him to fiter ha.

Hwent Hearke hie oan Tiet al sein,

Ja, swarde ’er op, en flokte:

“Pas op! Kom Oege fier ef hein;

“Hy sit fol rude en jokte.”

“Thús moat er op in klibbe hea

“Allinne gean to sliepen.

“As ’t joun wirdt skoert er him de lea

“Fen jokte read en iepen.”

“Pas op! bringt hy de romer ta,

“Dêr kinst’ sa beare oan dippe,

“Mar rik him hân noch mûle ta:

“Pas op! nin fingers tippe.”

’t Wier op in lette hjerstmisjoun,

En ’t wier mei ljochte moanne,

Det Oege-neef út frijen roun;

Hy stoep krekt as in hoanne.

Syn sneinske pakje hied er oan,

’t Geloazje op ’e side,

Dêr hongen skipkeskeljen oan

Mei ruterkes, dy ride.

Hwet rink’le er mei syn fûst-fol jild!

Hy wier ek lang net loai;

Hy waeide oer it Nonkesfjild,

Syn stappers kreak’ne moai.

Den fage er him de plúskes wei;

Den seach er nei syn skonken,

Ef ho syn silv’ren keatting laei,

Ef ho de skeljen blonken.

“Kom wrachtich! rôp er, Nou bin ’k klear.

“Och, ljeave, ljeave Tietsje!

“Ik meitsje o’naris nin gebear,

“Mar tinken is it, wyt’ je?”

Sa komt er oan op Nonkesein,

Dêr fynt er Hearke sitten.

Dy biis rôp: “Bêste kastelein!

“In dikkop sûnder hjitten.”

En hospes-om dy wie’ wol klear,

Dy tocht: “Ik scil ’t dy laepje.

“De diker, Hearke! sokke mear;

“Sok folk wol ik wol taepje.

“Dêr haww’ je ’n fearn fen ’t echte murch.

“Haboes! goereis nei Tietsje!

Sa’n sûpke, Oege, is alles wir’ch;

“Dat makket moedich, wyt’ je?”

En Oege loek in kûle yn ’t glês,

Hy gloeide as in trompetter;

Mar hospes-om past op it mês;

Hwent neef hie jild as wetter.

En dochs hy waerd ús Oege sêd,

Hy woe ús Oege slite;

Hy woe de oare moarns yn ’t mêd,

En Oege net mear bite.

Hja nulle en lepkje op Nonkesein,

En Hearke priizget Tietsje;

Mar einling ropt de kastelein:

““Acht ûren, feinten! wyt’ je!””

“Kom, ja, seit Harke, Ik gean mei.

“’k Wol nei de wite wringe;

“Dat laeit ek krekt op Oege wei.

’k Scil him oan ’t hiem ta bringe.”

Dêr stoe er eindling foar it hiem,

Syn skruten hert dat tikke.

“Kom, flink! sei Hearke, Nin gekliem!

“Toe, luftich oer de hikke.”

““Joun, foltsen! ropt er oer de doar;

““Binn’ jimme soun hjir yette?

““De kiel is my fen ’t rinnen soar;

““Ha jimme ek hwette wjitte?””

En Tietsje siet krekt by de hird,

Hja glimde as in ikel;

Hja sei yn ’t earst nin inkel wird,

En seach krekt as in wikel.

Mar skeetsk snaut sy him ta yn ’t ein,

“Och, man! bistou forskrokke,

“Rin den werom nei Nonkesein,

“Nei de âlde hospes Bokke.

“Dat hearlik boaitsfol wetter, feint,

“Dat stiet dêr om de hoeke;

“’t Is jister fen de skûrre heind;

“Dêr kinste ek fen brûke.”

Hy freget om in piip tabak;

Dat kin er ek net krije.

Dat joech mar brân en ongemak,

Dat woe hjar heit net lije.

Hy woe ek wol in flaubyt ha,

Mar ’t fanke woe ’t net hearre;

Fen ’t stroukjen koe men ek net ha,

’t Bisleek dat wier mislearre.

Forheftich taest er nei in stoel,

Mar Tietsje sei: “Hou! tankje,

“Né, Oege! ’t is nin hospesboel;

“Kom, plak jo op dat bankje.”

“Hwet jo mankearret, wit jy bêst;

“Ik hoef ’t jo net to sizzen.

“Ik ried jo, gean yn ’t poepe-nêst

“Dêr op de koustâl lizzen.”

Forwezen striek er him om ’t bird,

En woe yet ien wird sprekke;

Sy groude ’m ta: “Net by de hird!”

En griep de tang’, dy fekke.

Biteut’re stoep er ’t milhús út,

En sei: “Joun, faem, ik gong.”

En roun by tsjuster ta bislút

Oan ’t liif ta yn de dong.

Hy spielt him yn in sleatsje ôf,

En pangelt troch de miste.

Hy flokte op Hearke yn ’t tsjuster hôf,

En woe dat nimmen ’t wiste.

“Dy klitse, suchtt’ er, hat my hawn,

“Dy flarde lit my rinne.

“Sy stjûrt my troch it wiete lân.

“Troch mist en dauwe hinne.”

Om nou sa ier nei bêd to gean,

Dy smaed koe hy net dilde:

Den wisten boden en de bern,

Ho det dy faem him trulde.

Hy flijt him ûnder d’ oes fen ’t hea;

Sa waerd dy smaed biditsen.

Hy rekte moarns syn skrouske lea,

En tocht: “Dêr ha ’k se stritsen.”

Hwent in fatsoenlik boeresoan

Giet noait foar healwei-trijen.

Hy kloppet nou foarsichtich oan

Om him op bêd to flijen.

De faem sei: “Wolkom thús fen Tiet;

“Dat haww’ jy feardich makke.

“Mar, man! jy stjonke en binne wiet;

“Binn’ j’ yn de jarre rakke?”

““Dêr heste in kroan en spiel de klean,

““En swij! Dat kinst’ wol tsjûge.

““Lit Hearke mar út frijen gean;

““Noait hearste it wer fen Oege.

““Ik haw in blauwe skine opdien,

““En ’t hat my kwalik smakke.””

Mar Hearke wier nei Tiet ta gien,

En hie him skoan formakke.

Rimen en Teltsjes · 第 142 / 279 题