IT SWELTSJE FORJIT.

Ik haw ’ris fen ús âld oarre heard,

Fen it fûgeltsje Forjit Forjit:

As immen siikkreunich ellendich stjert,

En nimmen mear nei syn kiermjen heart,

Den stjûrt Gods ingel ta treast him yet

Dy ljeave fûgel Forjit Forjit.

En as in mem mei jammer en smert

Yn it neare kreambêd fen kommer forgiet,

En bidt en smeekt sa earmhertich hjar God

Troch de dead to brekken hjar jammer, hjar lot;

As it berntsje hjar ljeaf op ’e skirte sit,

Den sjongt wer it sweltsje Forjit Forjit.

In séman soms sa onhiermlik sweart,

En nei Gods wirden ef boden heart,

Dy siket yn stoarm by God syn bihâld,

Oanropt sa oatmoedich de Hear fen de wrâld.

Mar as dy de stoarmen wer swije lit,

Den sjongt it sweltsje Forjit Forjit.

As immen yn ’t kwea de miet birint

En op it deabêd sa treastleas kreunt;

As ’t onrjucht, as ’t skraepjen him bijowt,

As de dea, as de modder him yslik oangrout,

For dy sjongt it himelske fûgeltsje nit,

It treastende sweltsje Forjit Forjit.

Och, honke, de tiid het wjukken oan,

Mar ’t ljeave sweltsje Forjit, Forjit,

Dat ivich ús bybliuwt yn wille, yn smert,

As ynbylding, mear noch, as sjochtme ús dert,

Dat himelske skynsel fljocht hirder den yet,

Dat frjeonhâldend sweltsje Forjit Forjit.

It sweltsje, dat op nin swinge sit,

Mar ivich om ús sweeft troch de wrâld,

Dat haste forgetten; mar tink ’er oan,

De wrâld is yette sa net bidoarn.

Wylst ’t jongfolk op ’t iis sa swalket en swit,

Sjongt for Jeltsje it sweltsje Forjit Forjit.

Forjow dochs hwet oan it brûzjend bloed;

Us bern binne yn Gods hân, yn Gods hoed;

De stipen binne it for de âlde dei,

Mar ’t moaije gledde iis bringt hjar sinnen wei,

En as de winter ús wer forlit,

Den sjongt wer it sweltsje Forjit Forjit.

Is dy den forgetten dyn fammetiid?

Ik tink ’er net om, ef it hert wirdt my bliid.

Wy hoalden en rieden let yn de joun;

Wy waeiden der oer en roerden nin groun;

Ho suchtte do ús âld memke yet!

Sjong op nou, ljeaf sweltsje Forjit Forjit.

It wier twa ûre yn de moarn,

Det ’t âlde pear dêr siet;

Dêr kaem it folk op de opsleat oan,

En song it heechste liet.

De houn dy skrabe oan de doar,

De âlde boer die iepen;

Hja joegen hjar as skoaijers oan,

En fregen dêr to sliepen.

Mar Jokke-om koe hjar oan it lûd,

En rôp: “Kom yn mar, bern!

“Jimm’ mem sit freeslik yn de noed,

“En joech de moed forlern.”

Hja stoepen yn it binn’-hús op;

Hjar klean wiern’ rûch birime.

Ald Jeltsje sloech hjar eagen op,

En ’t âlde sloof biswime.

Bisaud wie’ ’t hele selskip do,

Hjar dochters krieten sa.

“Hwet eft ús memke skele scoe;

“Wol mem ek hwette ha?”

Mar skielik kaem it sloof wer by;

Hja joegen hjar hwet fochte.

Hwet wierne do de bern wer blij,

’t Wier alles wer to rjochte.

“Ho wier ús mem sa fen de set?

“It wier in minske griis.

“’t Is wier, wy binne al to let,

“Mar ’t wier ek hynster-iis.”

““O, blydskip wier ’t net, bêste bern,

““Mar skrik hie ’t hert biklomme,

““Do ’k jimme aenstons dêr moast sjen

““Sa mei dy Leke-blommen.””

““Och! tsjerkhôf-boden binn’

’t for my, ““Deads-boden, dea en toar.

““Ik seach se earst oan ús Mary;

““En dêr biswymde ik for.

““Kom, berntsjes, gean nou mar to rêst;

““Hwent joun scil ik mar swije;

““Den moarn fortel ik wis for ’t lêst

““Fen ’t stjerren fen Marije.””

De oare deis kaem wer it selskip

Om to riden mei elkoar,

En hja sprongen op fen blydskip;

Hwent it folk wier fen it tsjoar.

“Hark, myn bern! rôp de âlde frou,

“Earst yet myn forteltsje.

“Toavj’ in bytsje: bliuw! ei, bliuw!

“Hark nei de âlde Jeltsje.”

[Yllustraasje: MARIJKE WIRDT TO HÔF BROCHT OP ’T GOINGARYPSTER TSJERKHÔF.]

Rimen en Teltsjes · 第 140 / 279 题