FOARWIRD.

_Ut de sodzige Grou, út de driuwtillen fen it wetterlân, komt soms in

âlde forwettere stobbe op, dy jier op jier wer griene twigen en nije

útrinsels jowt, sa lang as er sels weikwynt en him ta stjerren jowt. Sa

stiet ek ús âlde earwirdige Fryske tale dêr as in stamme, dy forgean

scil. Hy bringt soms yette griene ranken oan it ljocht, om einlinge yn

de nacht fen de tiden to fordwinen en forgetten to wirden. Sokke

útrinsels binne dizze twigen, d’ iene rjucht en d’ oare bryk, sa it de

natúr opjown hat. Nim se for ljeaf, en formeitsje jimme der mei,

Friezen; dat is ús winske allinne._

[Yllustraasje: REEDSLYPJEN.]

DE WINTER FEN 1624 YN IT WETTERLâN.

’t Wie’ droevich near yn ’t wetterlân,

It jongfolk hie nin tier.

Yn fjouwer jier nin winter hawn,

Dat foel de minsken swier.

“It riden,” rôpen se, “Is ’t nin griis?

“Dat scil ús glêd forjitte.

“O pôle, freas it hynster-iis,

“Ho fluch scoe ’k dy forlitte!”

Dat folkje wie’ foarsiker bang

Det rûch-bird ús forliet,

Omdet er fjouwer jierren lang

Yn frjemde lânnen siet.

Wylst onfordildich rôp it folk:

“Men sit yen de ears yn strimen,”

Dêr komt er as in tongerwolk’

En brûst út de easterkimen.

Gjin feint, dy nou nin redens socht:

De slypstien stoe net stil.

Om rie fen de âlden waerd net tocht;

De sinnen wierne op til.

De fammen rôpen: “Och! ’t is neat,

“De froast scil ús bilitte;

“Hwent gean de roeken oer de sleat,

“Den lit er ’t meast wer sitte.”

Mar Noarman bloes fûlbandich troch,

De loft stoe spits en moai.

’t Wie’ winter, en nou mei in sjoch

Wie’ ’t jongfolk oan de goai.

Jouns sprieken se de reizen ôf,

En pochten fen hjar riden.

Men tocht om kij, noch hûs, noch hôf,

’t Wie’ wille oan alle siden.

De fynste pakjes moasten oan;

Nin kjeld waerd ’er mear field.

Hja glommen as de iere moarn,

En rink’len fen kâld jild.

De loaikerts, dy oars by de hird

Hwet hispelje for beppe,

’t Is eft dat folk bitoovre wirdt;

’t Binn’ de earste, dy hjar reppe.

Der wenne, fier yn ’t wetterlân

Ald Jokke en Jeltsje-moai,

Twa ljuwe sindlik as de brân,

En dêrby fier fen loai.

It wiern’ de tsjepste ljuwe dêr,

De rykste fen de bûrren;

Hja wierne jimmer yn de wer

Mei skreppen en mei skoerren.

Hja hiene trije greate bern,

Twa dochters mei in soan;

Hja pielden mei dy greate bern

Sa sûnder boden oan.

Dat libbe fredich mei eltsoar

Dêr op dy pôle hinne,

Sêft as de weagen oer de mar

Yn simmerjounen rinne.

Mar do de winter kaem yn ’t lân,

Do wie’ dat hûs oerstjûr,

De bern dy wierne as de brân,

Utlitten wiern’ se, pûr!

It moarns- en jouns-miel waerd bisteld,

De âld heit koe ’t foerjen skikke;

As memke simp’re waerd net teld,

Dat koe hjar ear net rikke.

Nei omkes, moikes, moast men ta,

Nei fiere miich ef nift.

Al knistere de loft ek sa,

Dêr waerd net mear for swicht.

Jouns dagen se nei meltsjen op

Forskrouwe en út de rakken,

En roasteren de lea hwet op

By prikkefjûr en takken.

Den rieden se nei Harns op sé,

En dounsen det it klonk.

De jiffers kuij’ren op de ré

Yn de allergreatste pronk.

It wier in wonder om to sjen:

By tûzenen fen minsken

Seach men dêr nei it iis ta tsjen,

En koften hwet se winsken.

Sa sloofde hjar dat jongfolk út:

Hja krigen hast nin lins;

Mar einling moast men ta bislút

Ek nei de stêd fen Grins.

Hja strieken den nei Grinslân oer;

Net ien mocht foar hjar bliuwe.

De greate Sinte-Mertens toer,

Dêr moast men ek op kliuwe.

Yn Grinslân kamen se op in doarp

Dêr men hirdride scoe.

Ien fen it selskip hiette Woarp,

Dy feardich ride koe.

Hy sjucht in moaije silveren priis,

En lit him ek opskriuwe.

“Hwent, fammen! sei er, is ’t nin griis?

“Dy doas scil hjir net bliuwe.”

Hy teach net ienris ’t baitsje út,

Nin halsdoek lei er ôf.

Hy striek se ôf, en ta bislút

Hy gong ’er fier mei ôf.

Dat stoe dy Grinzers matich oan,

Mar ’t mocht hjar dochs net bate.

De Friezen spanne op ’t iis de kroan,

Dêr kinn’ se net tsjin prate.

“Wy sieten langer-nôch oan ’t tou;

“Hijla, kast’lein! skink yn.

“Jaen sels de flesse ek in knau,

“Jy moatte ek troch de wyn!”

Sa geide do de útlitt’ne Woarp:

“’k Wol ride om liif en libben,

“’k Wol tsjin de bêste út dit doarp:

“Den ik op kouwe-ribben.”

Hja setten dêr in goe’ gelach,

De joun dy foel dêr koart,

Mar ’t wier saun ûre op ’e slach,

Do teagen se wer foart.

De moanne stoe hjar frjeonlik by,

En de eastewyn bloes tige;

Hja rieden fleurich as in bij

Mei seizen op ’e rige.

De hertetrek wier dochs nei honk:

De fammen wierne yn noed.

Hja setten nou ’ris tige skonk,

Der waerd nin iis hast roerd.

“Us heit en mem, sa spriek in faem,

“Hwet meij’ dy sloven tinke?

“De hikke is wrammels fen de daem;

“Hja kinn’ net ite ef drinke.”

““Wy moat’ yet op ’e Leke oan:

““Wy binne nou sa ryk;

““De moanne skynt de hele moarn,

““En ’t iis is as in dyk.

““Kom, lak! sei Woarp, is men yn noed,

““Dat scil wol wer bisoarje.

““In Leke-blom moat op ’e hoed!

““Lit de âlde ljue hwet gnoarje.””

Mar Jokke en Jeltsje gnoarren net,

Hja suchtten om de bern.

Ho eang waerd it hjar om it hert!

Hjar rie wier skjin forlern.

By in lyts fjûrke sieten sy

Yn ’t skynsel fen de moanne,

En hearden de foartsjirmerij

Fen de ûlen yn de loanne.

“Hwet is de wrâld foroare, faer!

Sa spriek de âlde frou.

“It jongfolk sjucht net mear gefaer,

“Dat is forwyld’re nou.

“It lân moat sinke as in stien.

“Hwer moat dat yette hinne?

“Nei rie fen de âlden wirdt net dien,

“Hja witte it mar allinne.

“Earst skrept men mei it fé, en docht,

“En melket, det men swit,

“En faek is ’t jounmiel lang al ré,

“Ear ’t m’ien fen ’t jongfolk sjocht.

“De wrâld is, siz ik tûzen kear,

“Is net as fen to foare;

“De oerdwealskens wint al mear en mear,

“De minsken binn’ foroare.

“Ald Sjearp-om mei syn knolle-foet,

“Dy oars mei ’t jounwirk die,

“Dy strampelt ek al mei de stoet,

“Krekt eft er ’t lean wei hie.

“In grouwe balstien moast ’er mei:

“Dy lei er op ’e slide:

“Sa moast dy âlde heuker nei

“It goezze-lotsjen ride.

“Och, binn’ jinwirdich de âlden tel?”

Sa jeuz’le Jeltsje foart,

“It libbenspaed dat is sa smel,

“De wei nei ’t grêf sa koart.

“Mar dat bitinkt it jongfolk net.

“Hja litte de âlders suchte.

“O God, dy heel de wrâld bifet,

“Hâld hjar yn hoed en tuchte!”

““As suchtsjen holp, ik suchtte mei,”

Sa spriek âld Jokke-om do,

““Mar ’t brocht nea himels treast to wei,

““Dy smert forlichtsje koe.

““Mar ’k haw alear in teltsje heard,

““Dat scil ik dy fortelle.

““Ho! dy troch eigen tadwaen stjert,

““Scoe dat âld Jokke-om kwelle?””

Rimen en Teltsjes · 第 139 / 279 题