Myn Auk is in famke
Sa sêft as in lamke,
En yn de eagen fen my
Ek sa kreas as in bij.
Al fljocht se hwet wyld,
Hja flaeit dochs ek myld,
En hjar each pluert sa blier,
Sa nuver en sa tier.
En den, hwet in swier,
As se lêst as se skriuwt
Ja, yn al hwet se driuwt
O, hie ik sa’n famke,
As myn Auk, as myn lamke,
’k Bisloech se yn goud,
Dat swiet ljeave bout.
“Hou, hou! ’k bin nin bern mear.
“Hwet mient dy mynhear?
“Hy trapet me op ’t sear.
“Mei hwa hat er de spot?”
Sa praet Auk, en is prot.
“Miene jy, det wy stilstean,
“Mei poppen altyt omgean,
“En to Harns net djoeije,
“Net waechse en net groeije
“Yn in moanne seis, saun?
“Fyt! ik bin al in faen!”
Dêr haw ik ontditsen,
Det ’k my haw forspritsen.
O, noait wol ’k ’t wer dwaen,
En hjitte scil ’k dy faem,
En dame en mejuffer;
’k Scil prate as in bluffer,
Dy knibbelt om dyn minne.
Hwermei kin ’k dy dochs winne?
Dêr haste hwet lapkes,
Hwet sankjes, hwet grapkes.
Kom, sjong dy mar blij,
En, Auk, tink om my!