J. H. H.

_Dimter dizze 27 fen Gêrsmoanne 1835._

_Oan myn frjeon_ GERHARD VAN DER MEER,

do hy de heechste dichterlike earetreppen bikleau.

“Hwet darkert komt dêr oan?

“Dy moat ik wol ’ris praeije.

“Ei, ’t is ús masters soan;

“Dy is hjir komd to Maeije.

“Dêr haw ik al fen heard;

“Dat moat in knevel wêze,

“Yn ’t masterjen trochleard.

“Dy scil ús hjir genêze.

“Dei, dokter! dei myn frjeon!”

Sa komt men dy to mjitte.

Ik haw dat swiet ek preaun,

Mar ’t mei nin swiet mear hjitte.

Dyn eare is heech en great,

Dat wol ik hiel wol witte.

De pleagen fen dyn steat,

Myn frjeon, dy komme yette.

Men komt dêr den fen Grins

Allyk in banjer stappen;

Men libbet as in prins,

Forhellet fen syn grappen;

Ho men studearre het,

Ho folle tsjokke pongen

Men het op rinte set,

Ho dounse faek en sprongen.

Dou tinkst’: “Nou ha ’k it woun,”

En sjochst’ hast nei de moanne,

En stapst’ de bûrren roun

Allyk in nytlich hoanne.

In wike fjouwer, fiif,

Mei sa dyn wille dûrje,

Den scil in rabbich wiif

Dy oer oerdwealskens skoerje.

“Dou praetste heech en krom:

“Dou sjochste greatsk en skrillich;

“Dyn broek is hjar to rom,

“Dyn mûtse stiet to tillich!

“Dyn dranken binne djûr:

“Dou sjochste net nei ’t wetter.

“Dou hâldste hjar oan ’t snoer;

“In oar dy wit it better.

“Dou seiste hjar ek neat,

“Dou wolst’ hjar neat forklearje.

“Dou telste hjar nin eart.

“Dou wolste hjar rejerje.”

Dit komste yet al oer:

Dou litst’ de ljuwe seam’lje,

En smakket it hwet sûr,

Dou litste hjar hwet eam’lje.

Mar einling krigest’ wirk,

En ’t wol dy bjuster flotsje,

Stean fêst nou as in Turk!

Nou meist’ dyn kop wol hotsje.

It gûlt en reint om ’t hûs,

Dou laeiste swiet yn ’t sliepen

Bidobbe, yn ’e sûs,

Pomp! gau, de doar mar iepen.

“Och, man! ik bin sa kel.

“Us beppe, ús âlde beppe,

“Foel by de ljedde’ del;

“Toe, Dokter-heite, reppe!”

De dokter slûch en kel

Wirdt skrousk en kâld en poattrich,

Praet tsjin en bêddet del.

Hy moat, al is er noatlich.

Dêr laeit in rike kwast,

Dy hat him ris foriten.

Ombidich docht dy blast

Dy daelk dêr fen it witen.

Flean op nou mei in sprong!

Lit earme ljuwe stjerre!

Hy twingt dy mei de pong,

Dat lit er dy wol hearre.

Oars neamt dat folk dy loai,

Dy sels mar ite en stjerre.

Dat moaste hearre, boi!

Ja, opswolgje en fortêrre.

Jild krigeste einling ek,

Mar ’t kin dy neat formeitsje:

Dou bist’ lyk as de frek,

Dou meiste ’er net oan reitsje;

Hwent sa, frjeon, is dyn steat,

Mei ’t griizjen fen dyn hierren,

Wirdt ek dyn namme great,

It wirk dijt mei de jierren.

Is dat nou den de kroan

Fen al dat swiere bodzjen,

Nachts ta de iere moarn,

Dêr ’n oar yet laeit to dodzjen?

Dêrom dy jonge tiid

Yn ’t keamerstof forsitten?

De ljeave griene tiid,

En ’t romme fjild forjitten?

De dead, de grime dea,

Bigniist mei dealske tosken

De winner fen it brea,

Trochflimet him mei pleagen,

Dy moat dêr op it strie

Mei dead en sjochte kimpe.

It wyfke kryt om rie,

De gamm’le berntsjes krimpe.

Dêr, dêr is nou dyn fjild;

Dêr is it lean to heljen.

’t Is mei nin goud ef jild,

Ef eare to biteljen.

Help dêr! Wêz’ treast en steun!

En kinste dy genêze,

O, yn dyn hert, myn frjeon!

Dêr scil de himel wêze.

Rimen en Teltsjes · 第 124 / 279 题