EOLUS.

P. S. Dou nimste it my ommers net kwealk, det ik dy it leksom ’ris

opsein hab? Jimme habbe altyd gelyk, omdet jimme altyd allinne prate;

dou meiste ek wol ienris ongelyk habbe.

De bearehûd moaste loaije litte, en lizze him winters op ’e foetten.

Dat is waermer as tsjien wrinen. Dou biste ommers sa meager en klomsk;

en dêr komme hirde winters, dat wik ik dy.

Dou moaste oan de ljue fen de Walfiskriederij sizze, det se de nearring

yn dizze oarden noait net wer goed oan ’e gong krije, foar det se hjir

ef op Grienlân in kolony delsette, dy ’er it hiele jier troch bliuwt.

Hja miene mûlk, det it hjir to kâld is om to wenjen? De minske kin

oeral libje. De earste, dy kamen, scoene wol hwette rûpsk wêze; mar de

bern wierne al wend oan de fûle kjeld. Farre wol!

Rimen en Teltsjes · 第 122 / 279 题