GREVA FEN STOARM EN ONWAER, SYN ANTWIRD OAN Dr. J. H. HALBERTSMA. MEI
OAR GRIENMANK.
Legum idcirco omnes servi sumus, ut liberi
esse possimus. Cic. pro Cluent, c. 53.
_Friezen!_
_De fjouwer-en-tweintichste Decimber 1836, dat is, de earste krystdei,
siet ik moarns to njoggen ûre op myn opkeammerke. It waeide in foech
stoarm út it Noard-Easten mei sniejacht, en de wyn stie flak op myn
ramen. Dêr fljucht my in rút yn, det my it glês om de holle spatte, en
mei ien ploft ’er ek in ding by my op de groun del. Hwet wier dat? Ja,
dat riede jimme net. In pakje gûd sa swier as lead yn it fel fen in
iis-bear birôle, en mei robbe-termen gear-ript. Ik snei de boel los, en
foun ’er it steekje fen myn collega yn strikende fol mei goud-jild. Ik
telde tûzen stikken elts sa swier as in rider, en sa plat as in âlde
skeljen. It is wakker noflik jild om to sjitten, lyk as men dat op in
planeet, dêr Mercurius, de God fen de keapmanskip it stjûr hat,
wachtsje moat. Op oare planeten, dêr dy God en syn geast net is, hawwe
se jild mei steile rânnen útfoun, dat men stik for stik fen de tafel
opkrije moat. Dat is in bêst ding for in naesje fen rinteniers, dy neat
oars to dwaen hawwe as twaris yn ’t jier hwet yntressen to tellen._
_Mar dêr it hjir op oankomt, yn it pakje siet ek in brief fen Eölus oan
my, dy ik hjir by doch. Eölus is egentlik in oneft bern, mar fen in
great Hear, en den bringt in minske it faek fierder as in eft bern fen
in boargerminske. Jiffer Segesta hat him oerwoun by Jupiter, dy noch al
jamk syn aeijen bûten it nêst lei. Lykwol Eölus wier in skrander man,
mear as dageliks wei, lyk as dat graech sa mei bûtenbientsjes wêze wol.
Hy joech him folle ôf mei wiersizzerij fen waer en wyn, en do er dat in
mannich kearen roaid hie, mienden de skippers, det er de wyn yn de
mouwe hie, en hja makken him Greva fen stoarm en onwaer. Syn greatste
ljeafhabberij hie er yn it stjerresjitten, en dat kaem him skoan to
stade; hwent waer en wyn wolle noch al ’ris nei de moanne lústerje. Ek
sizze se fen him, det hy de gongen fen keningen en naesjes mei in
loerjend each neigiet, en det er dêr sa folle wrâldske wysheit fen
opdien hat, det er frij goed wit, hwet er swije ef sizze moat. It ien
en oare kin men ek sa wol hwet oan syn brief sjen, tinkt my. Der sit
geleardheit genôch yn, ja, ik scoe sizze, fiersten to folle._
_Ik leau net det Eölus my goed fette hat: oars kin ik net bigripe, det
er my sa útheuvelt. Mar ik woe it ’er dochs net útlitte; hwent as myn
goede namme by jimme dat net útstean kin, den is er doch nin botsen
wirdich. Hy hat oars sa folle ongelyk net, mar it is in bolderbast. Syn
riddenaesjes oer pompen, waerglêzen en sok spil lit ik ek for syn eigen
rekkening. Ik leau egentlik net det er goed wit, hwet ’er fen binnen yn
it ierdryk omgiet. Mar dêr scil ik him noch wol ’ris oer sprekke, as ik
tiid hab. Bikôgje dit nou earst mar ’ris op jimme gemak, Friezen, en as
’t jimme net to dreech yn de mage laeit, scil ik om oare gerjochten
tinke._
_Wy litte nou Eölus mei syn wyn en steatkinde wêze. It foarjier winket
ús ta, en lit ús de earste lije loften rûke, dy de slomjende natúr oan
it oplibjen bringe. De kij kealje, en de boeren bringe ús bjist for
bjistpankoeken. De bûthúzen biginne to stymjen; de âlde kij bâlte nei
de farske mailoft. De hoanne kraeit, det it oer it hiele gea klinkt; de
hinnen keakelje en lizze peaske-aeijen. De famkes toudounsje op it
grien; de jonges komme mei toppen en hoepen, mei bakkerts en knikkerts,
mei rasket-boerden en prikken op strjitte; hja ringje ef spylje hazze
en houn; hja boartsje en kreauwe, hja geije, hja kraeije it heldere
foarjier út. De beamkers bigjinne mei beammen, en heisters, en hagen;
de gnjirkers mei iere en djûre blommen op ’e merke to kommen. De
boerinne stiet ’er mei hinne-aeijen yn in braskoerke neist, en de
boerefeint mei leep-aeijen yn in netsje om de rânne fen de hoed hinne.
De finnen bigjinne to grienjen: de spjichtige flotgêrzen lizze lâns de
iggen fen de sleat al to driuwen op it wetter. In inkelde leep pipet ús
yn ’e fierte to mjitte. De boeresoan giet mei de pols op it skouder yn
’t fjild, en ljept sleat út sleat yn, en rint rjucht op it steed fen de
ikker ta, dêr de sy op it nêst sit. De eilammen bletterje en hippelje
om de moer hinne; hja hoarte en stjitte mei de kopkes yn it jaer op, om
it lêste dripke tate los to meitsjen, en as se sûgje hipple-wipje se
mei de wite stirtkes fen nocht. De protters, de mosken en de douwen
pearje; hja komme yn ús tunen, en tôgje mei de prikken en striekes, om
hjar nêst to bouwen. Ha! hark my dêr bûten dy ljurk ’ris. Helder op,
myn feintsje! Kladderje yn de blauwe loft op, en snetterje ’t mei dyn
wyldsang oer it ierdryk út, det it foarjier oan it rissen is. Eölus
forstommet om nei dyn linte-liet to harkjen; der is mar in lyts
sigentsje oan de heldere loft. Hy kin allinne mar harkje; hy kin net
mear rekkenje, hwet keningen en folken dwaen moatte, en nin minske scoe
nou ek nei syn rekkeningen lústerje wolle. It wol alles út de muffe
huzen nei bûten ta. Hân oan hân kuijerje ik mei myn famke, en mei
Tsjalling troch de finnen. De berntsjes rôlje en djoeije om my hinne;
hja ploaitsje maiblommen, en riuwe se oan triedtsjes ta krânsen, dy se
om de holle slingerje. En Tsjalling en myn famke njeurje it sankjen:_
Maitiids earste blomke;
Ljeave fen de wei!
Ut Gods heilichdomme
Komstou, moaije, wei.
Berntsjes meije bliuwe,
As hjar heit hjar ropt,
Dou bist’ foarjiers boppe,
As dyn heit dy ropt.
Maitiids earste blomke,
Bliere fen de wei!
’k Lit my liede en sizze,
’k Gean dyn stappen nei.
_Nij-Fryslân op Spitsbergen, dizze 22ste fen Decimber-moanne, 1836._
_Nommele Frjeone!_
Der wier in goed man oan de pûster, net? En dêr bin ik al wer. Dyn
brief haw ik lêzen, en ik moat sizze detstou masteraftich de kinst fen
dyn gilde forstieste; ik mien de goudtriedlûkers-kinst, om in ding, dat
men op in kaerteblêd sette kin, ta in lange preek út to spinnen. Wel,
onwiten, hwet in brief! It docht my net nij ef de namme fen Eölus is
mar in spjelde west, dêrste al dyn nijs oan ophinge haste; sa brûke
jimme de teksten út de bibel ommers ek for de preken. Mar ik bin hwet
koarter fen styl, en ik forwachtsje, det dit bytsje dy noegje scil, lyk
as ik mei gedild dyn ivige epistel útlêzen hab. It skriuwen wol hjir ek
net bêst. It sit hjir yn in fjouwerkant hol, tsjien foet ûnder de
groun; boppe op it tek laeit wol saun foet snie; lykwol friest it hjir,
det it knypt. De fingers binne my knoffelich, en de inkethoarn moat ik
yn de gloede sette, om de inket ontteid to hâlden. Ik hie noch wol hwet
mear skreaun; mar wy hawwe niis in Sint Niklaes krige, dêr wy
allegearre fen forbauwerearre binne. Mei dy hichte fen snie kaem ’er in
wite iisbear boppe oan ús skoarstien to snuffeljen, en wylst wy nearne
om tochten, bruit sinjeur dêr hals oer kop troch hinne midden ûnder ús
del. Gelokkich wier myn âldste soan Boréas by my, in dregen feint, dêr
ik oerre-moarn mei nei jimmes op reis scil. Dy hat folle yn dizze oarde
forkeard, en kin dy rûge nachtbidders op in hier; flink naem er in
greate iisbile en sloech him de kop yn, det de hersens tsjin de weach
fen myn bêd sieten. Jimme kleije oer it skoarstienjild, en det de
skatters alle hoeken en hernen fen jimme huzen trochsnuffelje om in
hird to finen; mar de wite commizen op Nij-Fryslân binne net nofliker;
hwent dy tingje dadelik nei de lever, en hâlde parate executie, net fen
dyn húsrie, mar fen dyn flêsk en bonken.
It steekje haw ik foun, dêrstou seiste. Hjir stjûr ik it nou werom, en
om dy to biwizen, det dy grap mei de bear de suvere wierheit is, haw ik
it beest strûpt en de boel yn syn fel biteard. For dyn collega haw ik
in kollekte dien by de Domenijs op Mercurius, en ik haw fjirtjintûzen
goune yn goud oproun, dat yn it steekje laeit. Aste de man it jild
jowste, moaste tsjin him sizze, det syn goeddoggers net hawwe wolle,
det dy it op in pompjirren souderke leit; hwent dêr koe it wol ’ris
krekt sa gau trochfalle as sy it joegen. Hja wolle det hy der in
greid-pleatske for keapet, en det er dy sels sa hwet biboerket; den hat
er mei ien hwet oanslach for in pear grouwe jonges. Hja wolle net, det
hy ’er oar pompier for keapet, as in planke fol púk-púk-bêste Latynske,
Grykske en Hebreauske boeken. Hwent de domenijs op Mercurius sizze, det
it smoarch for in predikant stiet, det er fen dy dingen net folle mear
wit as in Kattechisearmaster.
Om de greatste gekken scil ik by gelegenheit wol ’ris tinke. Mar as ik
in partij meinim, den geane se net nei de moanne, mar nei de planeet
Pallas. Dêr hawwe se hjar graech; hwent hja sizze, det er nin nofliker
folk yn de bihânlinge is as greatste gekken fen de ierde; as se dy
dêrre mar in goudpompjirke op de mouwe spjeldzje, den binne se sa
optein, det men der mei omslepe kin as in dweil.—Yn it weromkommen haw
ik in foech healûre op ’e moanne oanlein, en de Noarger rún spritsen.
Hy wier prot op Doktor Eeltsje, det dy syn brief drukke litten hie. As
hy Noarger rún bleaun wier, koe ’t him nin drip skele; mar as men
minister is, den wol men just foar de hiele wrâld net witte det men
foar de Kollumersweachster tsjiiswein roun hat. Hy wier oars bêst to
sprekken, en hy sei my, det er op ierde faek winske hie, om yn jimme
tsjinst to kommen; hwent hy hie noait mirken, det jimme hynsteboalen
wierne. En hy winske it noch wol; hwent Jan-rap en syn maet toude him
op de hûd, en as er de baes klage, den sei dy: “Ja, dêr biste for, om
bruijen to krijen. De koegels, dy ik oars krije scoe, kinne aerdich yn
dy smoare.”—Nei it bisnoeide jild haw ik him frege. Hy loek de skouders
op. Ik sei “Ja, jou Excellintie; dat dogge se op Terra ek. Mar dat
helpt hjar net folle.” Do bigoun er my to forheljen, det er op de
moanne mei it selde wetter foar de dokter west hie. Earst hie er in
publicatie jown: “Oan dy datum ta ontfang ik op de lânskantoren alle
gounen tsjin tweintich stûren it stik; nei dy datum ontfang ik de
bisnoeide gounen tsjin de wearde, dy it silver hat, dat er yn sit.”
Aenstons roun elts mei in lyts skealjen yn de bûse om it jild to
weagen; hwent nimmen wier sa gek om in goune for it folle jild to
nimmen, dy mei twa moanne mar sechstjin stûren wirdich wier. Dy nin
jild yn hûs hie wier bliid; mar de kapitalisten en bankiers, dy
tûzenen, ja hûndert-tûzenen yn hûs hienen, forlearen yn ienen kapitalen
fen tweintich en tritich tûzen gounen. Dy wierne den ek pûrrazend west,
en hienen de minister troch in rêst kantoarrinners de ruten ynsmite
litten, en it hie mar in hierke skeeld, ef hja hienen him foar syn
eigen doar yn ’e grêft forsûpt. “Mar hwerom smelte jy it jild net om,
lyk as Willem de tredde yn Ingelân dien hat?” sei ik. “Dat tanket jo de
blaxem! (Hy flokt ougryslik; dat hat er noch fen de hynstetyskers
oerhâlden.) Dat tanket jo de blaxem! andere hy, It spant om sûnder
halsbrekken fen it iene budget oan it oare to kommen, en den noch
tritich miljoenen út to pûljen, om al it jild wer op syn wearde to
krijen, dat is allehiel ús foech net.” “Mar ha je den neat dien?” frege
ik. Do forhelle er my det er dy earste publicatie yntritsen hie, omdet
er bang for numero ien wier; mar det er do, om ’er sûnder kosten ôf to
kommen, it nije jild slaen litten hie op de standaert fen it âlde
útslitene en bisnoeide jild. Yn it âlde siet troch de bân sa hwet
sechtsjin stûren silver yn in goune; en dêr liet hy de nije ek op
slaen; mar yn namme bleau it tweintich. Do wier it allegearre gelyk, en
men hie it ien jild net ljeaver as it oare. Yn it earst hiene de ljue
op ’e moanne der allehiel nin erch yn; hwent yn hjar dommens seinen se:
“In goune is in goune, as wy him mar for in goune útjaen kinne, hwet
kin it ús den skele, eft ’er in byt silver mear ef minder ynsit.” Dat
wier ek sa. Mar do se for in poarsje ierdappels fjouwer-en-tweintich
stûren jaen moasten, dat se jister mei in goune bitellen; do alles yn
ienen tweintich procint djûrder waerd; do de crediteur tofreden wêze
moast, det syn skildner him in obligatie fen tûzen goune mei in specie
bitelle, dy de wearde fen acht-hûndert hie, do er in omkearinge yn de
wearde fen alle dingen kaem, en it krekt wier, eft de foundeminten fen
de hele maetskippij omrierd waerden, do waerd it oars. De forwarringe
is ’er nou sa great, det se de minister djipper as de hel forflokke, en
it scoe my hiel net nij dwaen, det wy de iene dei ef d’ oare hearre,
det se him de hals britsen hawwe. Dat hat men fen ljue, dy in bulte rie
witte.
In nije broek kin de Noarger rún net meitsje; mar der kin sa’n mâlle
skoer net ynkomme, ef hy wit der in lape for; op dy lape leit er wer in
twade; op dy twade wer in tredde lape, dy noch greater en tsjepper is,
as al de foarige, en dat dûrret sa lang, as se allegearre ta gelyk
losskoere. Den steane se yn de moanne mei ’t bleate gat. Jimme moatte
mei de nije feargesichten tydliks mar ’ris nei de moanne op de útkyk
lizze. Ik hear det se dêr al minsken mei wjukken sjoen habbe, en det de
wiiste domenijs by jimmes út dy ontdekkinge preekje oer Gods almacht.
Nou, as jimme wjukken fen earmen op de moanne ûnderskiede, den kinne
jimme alteas wol sjen, eft de ljue dêr in broek oan hawwe ef net.
Dyn heale brief is wol fol fen al de skea, dy ik dien hab. Ja, der
sjogge jimme op, mar it kwea, dêr ik jimme for biwarre hab, dat kinne
jimme yn jimme blinens net sjen. Der wier mar kar twiske stilte mei de
pest, ef stoarm mei gesontheit. De cholera hie glûpsk de hiele loft wer
forpeste; jimme longen sûgden by ’t heljen fen eltse sike swietkes ’t
forgif al yn; it monster sels siet yn dampen boppe jimme to
kâldgnyskjen falsker as in njirre; mei koartens hope it jimme krimpen
en stjerren to sjen eft jimme rottekrûd ynjown wier. Ik kin dy net
sizze, ho inerlik my dat griisde. Fjirtjin dagen efterien wier ik oan
it rissen; hwent dit siz ik dy, it pestdier hie him mei syn spoeken sa
fêst nêstele, det ’er in raem om reitsen dien wirde moast, scoe it
wike. Eindelik haw ik myn wirk koart en bondich dien. Mei dat
forskouwen fen de hele loft moast de fyand ek foart; dy der yn biskûl
siet. Hy aksele al tsjin; mar ik hab him wol yn it Noarden opkrongen,
en dêr kin er nou om my syn kinsten dwaen op de bearen en de robben. As
ik ’er nou de njoggen-en-tweintichste net west hie, den hiene jimme in
bulte pannen bisparre, mar eangste, skrik en dea wierne nou jimme
bûrljue west, lyk as to Munchen en to Napels. Jimme komme ’er ôf mei de
Russiske pip (_de gryp_). Lykwol it moeit my, det ik sa folle earme
minsken skip en libben binimme moast om de greate heap to bihâlden, en
ik forwachtsje, det de gelokkigen, dy der neat as sein fen hawn hawwe,
it ungelok fen de lijers, dy it ontjildzje moasten, hwet to mjitte
komme scille. Ik haw sa min mûlk stikken britsen. Yn 1825 haw ik jimme
diken trochboarre, dat jimme noch yn de pong klinkt, en nou myn raem
folle fûleindiger wier en wêze moast, is it troch myn folle mijen sa
biteard, det jimme der mei de skrik ôfkomd binne.
Ek is sa’n stoarm tsjienris learsommer as de bêste preek, dystou dwaen
kinste, en ik wird forstien fen heal Europa, wylst dyn stimme op syn
bêst in formoanje-fol minsken oerroppe kin. My tinkt, jimme binne sa
dimmen en ienfâldich net mear as jimme foarâlders; der is in greatske
poch- en pronkdivel yn jimme fearn; it minste jild ef affysje dat jimme
krije, dat kin men aenstons oan jimme gong en fearren sjen. De âlde
Friezen lieten hjar dat net blike, as se in tweintich-tûzen goune
wounen ef forlearen. Hja bleauwen deselde, net forslein yn ’e
tsjinspoeden, net bliid en boarstich, as ’t foar de wyn gong. Nou bin
ik ’ris komd om dit greatske skaei to learen hwa hja egentlyk binne;
plúskes en fearren, dy foar in wynpûst weistouwe, neat mear. Hwet tocht
dy wol, do ’k dêr to Dimter al dy mûrren omsmiet? Forbyldzje dy, det
alle pochers en Godfordommers mei hjar grousomste flokken tsjin my
ynbliesden; det alle rike ljue mei hjar tûzenen fen boerepleatsen,
lânskipsbrieven en folle jildsekken; det alle prinsen, alle keningen en
majesteiten fen it ierdryk mei hjar legers en kanonnen tsjin my oer
stienen, scoene se dat hâlde kinne? Ik leau det se wizer binne; to
minste dêr ik kaem, hawwe se noch altiid romte makke. En egentlik witte
se noch net ienris hwet ik yn ’e bouten haw. Hja miene, det hjar
kanonnen al sok fornieljend ark is, as der komme kin. Mar dou haste oan
dat sjitten fen my mei glês yn in doar sjoen, det ik út koartswyl wol
’ris in pûstke dwaen, dat nei in skot mei krûd swimet. En hwet is krûd,
dat ôfstekt, oars, as loft dy útset, ef in pûst wyn? As ik nou de wyn
’ris mei sa’n boarstend gewelt foartbliesde, det de hiele loft fen
boppen nei ûnderen ta mar ien kanon wier, dat ik mar jimmer-wei
ôfskeat, scoe der wol ien stien op de oare bliuwe? Scoenen alle minsken
en dieren net to pletter slein wêze, en scoe der fen alles hwet op
dizze ierde groeit en ammet, wol eat as grús en polver oer wêze? En dat
kin, dat moat ik dwaen yn dit egenste eagenblik, as myn baes it my
hjit. Hwer binne jimme nou mei jimme parmantige stap? Leau my, frjeon;
Dêr hawwe jimme nin smoar nei, om sa’n heech boarst to setten.
Twaris komt ’er yn dyn brief, det ik in Jacobyn bin. Dat liket dy heech
to lizzen. Jimme âlde frjeon Gabe.... (Ik leau det in Fryske matroas,
dy fen Lollum fen dinne wier, it my noch ’ris op Lipari forhelle hat.)
Nou, Gabe-skroar hat ’ris op in Ljouwerter merke yn ’e Falk iten, dêr
er neist in âld lân-domenij to sitten kaem. Under de mieltiid kaem it
sa to pas, det Gabe sei: “Ik leau alles hwet yn ’e bibel stiet,
bihalven det de faer âlder is as de soan.” De domenij frege him eft er
den in _deïst_ wier. “Né,” sei Gabe, “ik bin nin _deïst_, mar in
_dentist_.” “_Zo_, sei Domenij, _dan staat gy hier op zulk een
karretje?_” “Né, sei Gabe, ik lûk nin kiezzen, mar ik yt ’er mei, lyk
as je sjenne, Domenij.” Dou fregeste my: Binn’ je in Jacobyn? en sa
scoe ’k ek sizze kinne: Né, ik bin nin _Jacobyn_, mar in _kakebyn_,
omdet ik ’er mei blies, en bliezen is myn fek.
Ik in Jacobyn? Dat is hwet nijs. In Jacobyn wol it gebou fen de
maetskippij ôfbrekke, en ik wol it bihâlde. Ik wol rottige steden yn
balken en mûrwirk weibrekke, om nij yn ’e pleats to setten. Ik wol de
flier oanfeije, en ’er net útfeije. De measte oproeren en omkearingen,
dêr wy yn de skiednis fen hearre, binne komd, omdet de minsken fordrukt
en útsûgd waerden, en mei in liiffol arbeidzjen amper hjar bistean
hienen. De misbrûken, dêr dy ellinde út foartkomt, wol ik weinimme, en
wolstou se fordedigje en bihâlde, den bistou de oproermakker, feint!
Dou meiste hjitte sa astou wolste, legitimist, conservateur, prinseman,
keningsfrjeon, mar dou komste mei de Jacobyn op ien strjitte út, to
witten, earst oproer en forwarring, dêrnei it canaille op de troon, en
ta eintsje-bislút in tiran. Egentlik hiene jimme den ek beide de galge
oan lân en kening fortsjinne.
Ik wit net eft ik wol in wird mear oer dit ding oan dy skriuwe wol. It
is my hwette to onfoech, mar as ik it sizze mei, dou biste sa dom as in
okse! Hwa wit, eftste wol in inkel wird bigrypste fen alles, hwet ik dy
hjir siz. Kou-dom biste, siz ik. Dou witste noch nin ienders ûnderskie
twiske oppositie en opstân. Oppositie is by dy opstân, en opstân
oppositie, en hja lykje krekt sa folle op eltsoar as in baerch op in
tange. De keallestirten allyk slingerste kjitte en pisse troch eltsoar.
Oppositie riedt en rigelt, stjûrt en biskirmt, past op de pong, hâldt
en keart om it skip út de wâl to stjûren; de opstân fiert op,
fordommenearret, stjûrt alles yn de war om yn troebel wetter to
fiskjen. Oppositie fordedigt en bifestigt de wet, en de opstân foracht
en forbrekt se. De oppositie hâldt de kening en eltse wettige macht de
hân boppe de holle; de opstân wrot yn de foundeminten fen de troon, om
folk en kening yn ’t ûngelok to bringen. Astou en dyn gelikens dat
ienfâldige ding net bigripe kinne, hwet haw ik hjir den langer yn dit
hol op Spitsbergen oan dy to skriuwen? Ik scoe de bearen noch better in
constitutie bitsjutte kinne as dy. Mar, hou! it mocht noch ’ris
lokke.... Kom, ik scil in kerltsje yn de meagere groun fen dyn forstân
weagje; wol it net opkomme, yn de goedichheit, den is it wei.
Eltse macht op dizze ierde siket alles, hwet hjar yn de wei stiet,
foart to kringen, ef ûnder de foet to krijen, om allinne oerein to
bliuwen en allinne baes to wêzen. En dat net, omdet dy macht yn de
hânnen fen in kening, fen greate hearen ef fen it folk is, mar altyt yn
de hân fen in _minske_ birêst. Dêrom fielde men de roede fen de
twingelandije krekt sa faek ûnder de onbipealle regearring fen it folk,
as fen ien allinne. Dit is it earste en it lêste leksom fen de hiele
minskelike skiedenis. Hearsksjochte is it boskrûd, dat foar de foetten
fen elts minske laeit; ien fonkje mar, en it fljocht op. Set om de
oppermacht mar sa folle regleminten hinne aste wolste om it fordrukken
to biletten, hja scil yn ’t ein oer al dy stekken en dammen hinne
springe, as der net altiten ien by stiet, dy it hjar bilet. Dêrom is
der net allinne in grounwet, in constitutie, dy de grinzen fen de
oppermacht bipeallet, mar dy constitutie jowt oan elts it rjucht om ta
to sjen, det hja noait bûten dy grinzen komt; hja, de constitutie, ropt
it folk op, om ljue oan to stellen, dy it heft yn hânnen hawwe om de
oppermacht to twingen, det hja op hjar hiem bliuwt. Dy dat dwane,
hjitte de tsjinkearende macht, de oppositie; hja keare tsjin, as de
oppermacht, nei hjar bigryp, it skip yn de wâl stjûrt.
Mar dat scil dyn lyts holke wol to tûk wêze, heite! Kom, ik scil ’t dy
ris oars bitsjutte. In ûrwirk, in klok kenste ommers wol, net? O ja,
dou biste fen Grou, it lân fen de klokkemakkers. Nou, dêr sit slinger
en gewichten yn, oars? Kom, litte wy dy klok ’ris opwine, en nimme de
slinger der út. Roets! dêr geane de gewichten mei in grousum getier nei
ûnderen ta, en dat hâldt net op, foar det se op de groun binne. Pomp!
de gewichten steane op de groun; de klok is ôfroun; it ûrwirk stiet
stil. Dêr haste it byld fen minskelike macht, dy allinne oan hjar sels
oerlitten wirdt. Hja is net yn rêst, foar det se alle oare machten der
ûnder en oan ’t swijen hat.—Alle ongerigeldheden, dy yn geande klokken
binne, hâlde nou yn sa’n ûrwirk op. It giet ’er mei al dy redden yn de
bêste oarder en stilte ta. Mar it is de ienlikheit en de stilte fen de
dea. Dêr haste de rêst ûnder de onbipealle oppermacht. Alles yn rep en
roer, moart en brân, ef de stilte fen de dea.
Ho bifalt dy dat? My tochte, wy moasten de klok noch ’ris opwine, en
hingje de slinger der mar wer yn. Dêr is er wer op syn pleats. De
slinger giet hinne en wer, by eltse slingering lit er net mear as ien
takke fen it kroanrêd trochslûpe, en sa wit er de gewichten, dy mei
gewelt nei ûnderen wolle op to hâlden; hy lit se wol sakje, mar nei de
rigel. De slinger fordielt de macht, dy dellûkt, op sa’n wize, det
redden en gewichten yn gelike tiden allikenske romten trochrinne. Dy
slinger, myn frjeon, is de oppositie, de tsjinkearende macht. De
oppermacht is allike onmisbaer om it ûrwirk fen steat yn biweging to
bringen en oan de gong to hâlden, as de gewichten yn de klok, mar de
oppositie past as in slinger op, det dy nei de rigel arbeidet, en noait
gysten nei ûnderen fljocht, en hjar sels en oaren dea rint.—Nou wiist
de klok de ûren ek oan, dêr it egentlik om to dwaen is, en dat scil er
nammers to krekter dwaen, hwet de slinger better op syn mjitte is. Sa
is ’t ek yn it ryk. Hwet de oppositie better op hjar plicht past, hwet
de dingen fen ’t lân better geane, en hwet in naesje edelmoediger
(_fierer_), riker en machtiger wirdt, lyk aste dat sjen kinste oan
Ingelân. Mar soms, as de pit út in folk giet, is dy tsjinkearende macht
to lyts; den kin se neat útfiere. Dêr giet it krekt as yn in toersklok,
dêr se de slinger fen in keamersklokje yn hinge hawwe; sa’n pyst fen in
slingerke kin dy swiere toerskloksgewichten net yn balans hâlde.
Der binne ek tiden det de tsjinkearende macht, de oppositie, in kwea
steed yn ’e holle hat: det se it gat tsjin de krebbe set, en neat jaen
ef nimme wol. Den wol se neat, en makket alle regearring onmûgelik. Hja
is den as in slinger, dy steech is en stil stiet, en de gewichten
tsjinhâldt sûnder hjar sakje to litten om it ûrwirk yn biweging to
bringen. Den stiet de hiele boel stil. Mar dat is neat. De constitutie
jowt de kening rjucht om de dwersbongelers nei hûs to stjûren, en oan
’t folk to sizzen: “Mei dit heapske kin ik neat wirde; jimme moatte my
oare ljue ta jimme committearden stjûre”: dat wol sizze: “Jaen my in
oar slinger yn de klok; dizze, dy ’k nou fen jimme ha, wol net hinne en
wer.” En dat scil ’t folk ek wol dwaen, as it mar oertúgd is, det it
dwersbongelers binne: hwent it folk hat nin oar bilang as det ’er
goedkeap regearre wirdt, det alles op syn tiid ôfrint, en det alles
krekt op syn ûre bitelle wirdt. In forljocht folk tinkt altyd sa: “In
braef committearde fen ús is net tsjin de oppermacht, mar tsjin de
dwalingen fen de oppermacht. Hy is for de oppermacht, as it palladium
fen ús bihâld, en opdet se dat bistindich bliuwe scil, hawwe wy him
stjûrd om to weitsen, det de oppermacht hjar mei hjar eigen kniif net
snije mei.”
Mar hwet jowt dat in gehaspel en in geïggewear! En hwet is ’t dealeske
djûr, om sa’n sechstich committearden op ’t foer to hawwen! Dêr kinne
wy ommers allegearre frij fen, as men de kening allinne regearje lit.
Ja, dat is sa. As in klok altiten giet, dat jowt in ivich getik; den
slite de redden ek mear; it wirk wirdt gauwer smoarch, en om de twa
jier mei it wol himmele wirde. Den boarst de snaer fen de gewichten ek
wol ’ris, ef springt de fear. Dat jowt troch ’e tiid in bulte kosten;
en den giet yn ’t holste fen de nacht de wekker noch ek wol ’ris los,
det men út eltsoar fljucht fen it getier. Mar dêrfor hat men ’er syn
geriif ek fen; de klok giet goed, en men kin ’er grif op ôf. De ûre,
dy’t er wiist, is ’t ek. Oan in klok, dy stil stiet, is nin slytagie;
kosten fen ûnderhâld binne ’er sa to sizzen net oan; mar nin minske hat
’er hwet oan; fen de saunhûndert-en-tweintich minuten, dy yn de toalf
ûren binne, wiist sa’n klok krekt ien nei wierheit oan; de oare
saunhûndert-njoggentjin liigt er allegearre. It is in stomme
stân-yn-’e-wei, en yn it ein wirdt er noch folle smoarger as ien dy
giet. Meast nimt men sa’n klok den út inoar, en forkwanselt him for âld
koper; mar as men tinkt: Kom, hy kin noch wol wer gean; ik wol him wer
op oarder ha; den kostet er oan oplaepjen wol helte mear as ien, dy
altiten gien hat, en dêr de hân tydliks oan hâlden is. Jonge, jonge!
Wachtsje dy for sa’n ryk, dêr ien allinne baes west is. Dat liket fen
bûten nuvere moai en stil; mar it stjonkt ’er, siz ik dy, fen binnen,
en de iene dei ef d’ oare wol it ’er honje. Ljeave wirden nin gebrek,
it blinkt ’er fen goudene klean, en it liket eft alles foarút giet.
Undertwiske rekket de flier, dy noait oanfage wirdt, sa fol fûlnis, det
de foetten fen de baes sels der net mear trochwadzje kinne, en it
eintsje-bislút is de pong leech, en oproer! Hwent it mei biteare sa as
’t wol, op it ein wirdt it kwea sa great, det it him sels opfret. Altyd
komt ’er herstel, en komt it net fen boppen del, den komt it fen
ûnderen op. En den? Nou, ja, hwet den? Tsjin eltsoar fjochte as earme
helden, ta det er in bûzehappert fen bûten oankomt, dy seit: “Kom,
frjeonen, jimme bringe alles yn tremyn; dat is ús foech net”; en dy de
partijen mei ien de hânnen bynt, en seit: “Hjir is jimme baes! hwent
baes oer jimme sels to wêzen, dat kin net langer.” Ef as de drift yn
tiids noch bikoellet, en de partijen de boel wer bilizze, den hawwe se
eltsoar sa tatakele, det se noait wer op de rjuchte hael komme.
Bigrypste nou, hwet dy klok sizze wol sûnder slinger, dy net giet, net
folle kostet, ûnder it stôf bidobbe rekket, en op it lêst fen in âld
smous út eltsoar nomd wirdt? Ef as it bêst bislacht, op it lêst mei in
bulte kosten wer oan ’e gong komt, mar noait sa goe’ net, as ien dêr de
slinger altiten yn gien hat, en dy de ûrwirkmakker dêrom tydliks
neisjen moast? Hwet tinkt dy, is ’t net better, de oppositie yn de
steat, de slinger yn de klok, en dêr tydliks hwet getier, lêst en
kosten fen, as op it lêst de steat en de klok beide wei?
My tinkt, ik sjen, hwet eagen astou fen sok praet opskoerste? En hwêrre
hat Eölus al dy wysheit wei? Jonge, ik kom fierder as dou en dyn
gelikens. Dou bliuwste op dyn pôle sitten en dêr mienste as in frosk,
dy him fen greatskens opbliest, de wysheit yn pacht to habben. Ik kom,
ik waei oeral; mar ljeafst yn Ingelân. It A-bie fen de constitutie, dat
ik dy hjir opsei, hab ik dêr leard. In turfdrager tinkt dêr klearder
oer sokke dingen as dou, en dou hjitste den noch ek preker? Dat kinste
ommers wol forstean, net?
Hwet se by jimmes fen my reutelje, dat tel ik dêrom ek nin bean. Ik
scil wol meitsje, det ik út de reek bliuw, en sizze ûnderwiles dêr it
op stiet. Ja, ik hab dy keapljue yn minskeflêsk forsûpt; ik hab dy
helske barners fen de onskild de laech jown, en dat scoe ik noch dwaen
hjoed de dei. Mar bin ik dêrom in Jacobyn, den is Willem de Iste ek in
Jacobyn, dy net allinne yn oppositie, mar ek yn opstân tsjin de kening
fen Spanjen, syn eigen baes, him forset hat. Den binne al dyn âffaers
ek Jacobynen west, dy as helden tsjin de bloedhoun fochten hawwe. Wol,
ja! dy greate prins en hja namen dat al sa nau, do se fen Filips de
twade fortrape en útrûpele ef mei it forgif en de kûgels fen
slûpmoardners drige waerden.
Dou ropste nou for Don Carlos; folle kranten hâlde syn partij; oan dyn
smeulske praetsjes op Christina en de Cortes hear ik klear, astou hjar
yn in kopke forsûpe koeste, detstou er nin amer-fol ta nimme scoeste.
Mar wiste wol, heite, hwa Don Carlos is? Bigryp my wol; de man sels is
in sloofke, en kin neat útfiere. It is in popke, mei in kroane op de
holle en in skepter yn ’e hân, dy de earmen en foetten fen efteren mei
triedtsjes yn biweging brocht wirde. De miterhearen en grandes, dy oan
dy triedtsjes lûke, dat binne de ljue egentlik; dêrom, hwet ik fen Don
Carlos siz, dat siz ik fen de partij, dy him stjûrt. Nou den, dy Don
Carlos is de erfgenamme fen al de bigripen fen Filips de twade, dy
achttjin-tûzen fen jimme foarâlders troch de boal formoarde hat. Hy hat
de inquisitie, de pynbank, de autodefé yn ’t hert; brûkt hy se nou net,
dat komt det syn hearring dêr nou net briedt, en dat wachtet mar, det
er de foetten wer ûnder it liif hat. It is in tiger, dy de tosken
útbritsen, de neilen ôfknipt binne; mar it is in tiger, en it bliuwt in
tiger. Litte de neilen wer oanwoechsen, de tosken wer opkomd wêze, en
hy scil oan de jongen dwaen, hwet syn oarreheit-en-hjarre oan de âlden
diene. En dy man hat de winsken fen dyn hert! Oan him scoeste graech
dyn jild, dyn help jaen om de mêst wer oerein to krijen, en in macht op
de troon to hifkjen, hwerfen it fnûkjen allinne de groun lein hat ta al
de krêft en frijdom, dy dyn lân sont twahûndert jier hawn hat, en ta dy
glory fen Oranje, dy útblonken hat boppe alle kroanen fen Europa. Haste
den allehiel forgetten fen hwet aeijen detstou set biste? Kinste it
nêst net langer, dêrste yn útbret biste? Man! dat nêst is woun yn de
striid fen dyn âffaers tsjin de bloedhoun, dêrste it jong nou fen
kardeste; is it lein yn ’t bloed, dat er hjar en dy onforgelikelike
Willem fen Oranje ôftape hat. O! as dy âlden de holle út de grêven
lûkten, hja scoene sa’n útskaeide soanne as dy net sykjen hearre meije.
Mei forachtelike eagen strieken se dy foarby, en as hjar skynsels in
inkel wird for dy oer hiene, it scoe hjar âld sprekwird wêze: “It is in
smoarch fûgel, dy syn eigen nêst biskyt.”
Dy ik west bin, dy bliuw ik. En ik bin it byld fen de wiffens, fen it
rimpene en foroarjende. Hy foroaret as de wyn; hy is de hoanne op ’e
toer allyk, dy mei alle winen omgiet, binne ommers sprekmanearen by
jimme. En ik bin noch stânheftiger as dou, dy yn ’t nêst fen de
frijheit útbret de tiranny foarsprekste. Dat scil dy net goed bikomme,
feint! De middenwei is de feilichste. Doch lyk as Eölus. Foar
twahûndert-fyftich jier hab ik de armade fen Filips de twade fornield,
en him de moedfearren sa wol roppe, det er sa nea wer nei jimme lân ta
flein is. Oaremoarn scil ik Don Carlos, de erfgenamme fen syn plannen,
yn syn eigen herne to fiter hawwe. Ik scil ’t waeije litte, det it
rikket en pipet; heil en snie scil ik se yn ’t gesicht jeije, en den
moatte wy ’ris sjen, eft ik, Espartero en Jek baes wêze scille, ef hy.
Bistou in Fries? Dou romste, detste mei it Ingelske folk fen ien laech
biste; is dat sa, kom oaremoarn to Bilbaö, en biwiis it ús; plantsje it
kanon mei de Ingelsken tsjin de âlde draek, sjit syn skânzen oan
eleminten, sjit det it tongert en davert om him út syn nêst to
forbaljen, en ik scil leauwe, det de âlde frijheit noch yn dyn hert
libbet, en det de tiranny, hwer se is, en ho se hjar foardocht, yn dy
as dyn foarâlders in ivige fyand fynt.
My tochte, heite, ik moast dy dit mar ’ris op de hûd hâlde; hwent yn
dyn lân sizze se it dy net. It moeit my, dou biste oars sa’n min
keardel net. As ik dy oansjen as in inkel man, yn dyn eigen bidriuw for
dy sels allinne, en njunke dyn wiif en bern, den kinste moai gnap
streek hâlde; mar as lid fen in folk biste net folle, omdetste net
folle bigrypste fen de rjuchten en plichten, fen de greate bilangen en
de algemiene bân fen in folk. As men in millioen-twa minsken fen dyn
skaei by eltsoar hie, dêr koe in goed beurs-fol keapljue ef in
herberch-fol fetweiders út groeije, mar in folk, dat scoe spanne.
Witste wol det in folk in bosk pilen is, dy troch de wet by-ien boun
binne, dêr de kening mei yn biknipe sit? Wêz slaef fen de wet, fen de
wet allinne, en dou scilste hear fen dines bliuwe. De Jacobyn ken wol
rjuchten, mar nin plichten; in slaef (ik scoe hast sizze, lyk as dou)
ken wol plichten, mar nin rjuchten; in folk hat plichten en rjuchten ta
gelyk; as it syn plicht dien hat, lit it him syn rjucht net
ontwringe.—Yn in folk stiet neat op him sels. Wirdt de oppermacht
oanrande, den kringt it folk as ien man om syn kening hinne, en hja
fjuchte en stjerre for de troon as for eigen wiif en bern. Dy ûnder in
folk onrjucht docht, heech ef leech, hat alle hânnen op ’e kop; dy
onrjucht lit, al is hy noch sa lyts en earm, dêr binne se by, om him to
biskirmjen, en sa folle to gauwer, hwet de man heger stiet, dy de
oanfaller is. De fyand sels biskirmt hjir syn fyand; hwent it is hjar
net om dy bysondere persoan, net om dat inkelde kwea to dwaen, mar om
’t bigjinsel fen rjucht, dat yn him oantaest wirdt, en hja tinke, lyk
as dyn âffaers, de âlde Friezen: “Hjoed dy, moarn my! swij ’k stil, den
miene se, det ik it goedskou; mar dat scil ik hjar oars bitsjutte.” Ik
wit net eftstou dêr wol folle bigryp fen haste. Hwent as se dyn lânsman
útstrûpe, den stiestou der mei in biklaechlik wêzen by to sjen, en den
lûkste de skouders op. “Elts moat him sels rêdde,” tinkstou, yn pleats
fen de wei fen ’t rjucht op to gean, om it rjucht onskeind for dy sels
to biwarjen. De brân yn it hûs fen dyn bûrman giet dy net oan, howol er
eagenskynlik op dyn eigen tek oerslacht.—En aste mienste, detste troch
sa’n sloofachtich driuwen de kening in tsjinst dochste, den biste de
planke noch folle fierder mis. Der is nin ding op de wrâld, dêr in
kening mear bilang by hat, as det der lyk en rjucht yn syn ryk dien
wirdt. Hwent de lânssieten scille him as hjar eigen heit ljeafhabbe en
oanhingje, as hja ûnderfine, det hjar persoan, hjar habben en hâlden,
en hjar fortsjinste tsjin it útsûgjen feilich is, en det se rjucht
krije as se rjucht hawwe. En hwa ef hwet scoe in troon oan it
wriggeljen bringe kinne, dy troch de ljeafde en ’t bilang fen tankbre
lânssieten biskirme wirdt? Mar oan de oare kant, hwet se ûnder syn
skepter mear haetsje en forachtsje scille; hwent hwer it onrjucht ek
wei komt, yn it ein wirdt it allegearre op de baes sels forhelle. En
hwet fêstichheit scoe in troon hawwe, dy troch de stille haet en de
forachtinge fen syn eigen boargers ûndermine is, en allinne noch troch
de bajonetten fen soldaten ef de sabels fen dragonders oerein hâlden
wirdt? Mar kom, lit ik swije: it ding is to klear. En egentlyk as
egentlyk leau ik, det dy al myn geëamel oer folk, en rjucht, en
balansearjende machten neat oangiet. As dat sa is, den biste in poletyk
lyk, dêr yn ivichheit nin libben wer yn to krijen is.
Mar den siz ik dy ek, detste raer wekker wirde scilste. Tink op it ein
en it sizzen fen Eölus!
Ik scoe in ljeaf lyts letterke skriuwe; en it is al úttynd, wrychtich,
ta in great letter. Scoe de skriuwsjochte ek in jachte wêze lyk as de
Russiske pip? Mar dat kin my ek neat skele; al scil myn letter nou noch
langer wirde as dines, it scil der allegearre yn, hwet ik dy tahawwe
wol to witten. Ik forfeel my hjir oars dochs mar yn dit hoal: mits der
moatte my nin iisbearen op de hûd tommelje.
Dou haste my de reden frege fen sommige dingen yn de stoarm, dêrste net
by kinste; wol, my tinkt, dat is sa slim net om to fetsjen. Ik miende
detste in jier mannich by Profester van Swinden roun hieste to
Amsterdam; mar oan dyn freegjen scoe ’k it net sizze.—Mei it oprôljen
fen it lead giet it sa. As de reep lead yn ienen losliet, wier it
ondwaenlik; mar as ik in eintsje opwipt ha, en dêr tsjin oan waei, den
moat dat omkrolje, omdet it oare noch fêsthâldt; den meitsje ik al wer
in steed los, en dat bûgje ik wer om, en dat giet krekt sa lang, det de
hiele reep los is, en yn de gedaente fen in spoen nei ûnderen fljucht.
To Leiden haw ik mei it springen fen in krûdskip, in jier mannich lyn,
krekt it selde dien. Do de slach oer wier, laeinen alle lange matten en
_ganglopers_ oprôlle foar de doar. Fen bûten wier alle loft yn ienen
troch de slach fen it krûd weistaet; dêr fleach aenstons de loft út de
gongen fen de huzen nei bûten, om dat idel oan to follen, en do de
loftstream de einen fen de matten opwipt hie, smiet er dy eftersto bek
nei de doar ta, en sa krolle dat yn in amerij foart, det de boel as in
rôlle by de foardoar laei.
Dou fregeste my ek nei de myldens yn de loft, dy in stoarm altiten
foarôfgiet. Dat kin ik dy gau yn ’t lyts bitsjutte mei in onwaer. Ut in
tongerboi komt meast altyt wyn; dat witste wol, net? Mar hwer komt dy
wyn fen dinne? De loft is in elastyk, in fearkrêftich ding. It set út
en yn nei det ’er perse op is. Is ’t hjir minder fearkrêftich as yn
Fryslân, den komt ’er loft út Fryslân om it britsen evenwicht oan to
follen, en it waeit út it Noardwesten. Nou hat waermte de krêft om de
loft út to setten en iler to meitsjen, wylst syn fearkrêft de selde
bliuwt; mar sa gau giet dy waermte net wei, ef dy ile loft falt yn, en
aenstons komt ’er út in tichter fearkrêftiger loft in stream, om dat
oan to follen; dat is to sizzen, it bigjint to waeijen nei de ile loft
ta. Sa giet it krekt yn de tongerboi. Tsjin de boi oan wirdt it near,
smoar-waerm; de loft set út en wirdt yl, mar hâldt de selde fearkrêft
sa lang as de waermte oanhâldt. Mar as de bliksem de stoffen út de loft
lost hat, den wirdt it yn ienen kâld: de tinne loft krimpt yn, en dêr
de loft tichter is komt in hirde pûst wyn wei om it evenwicht to
herstellen. Dêr haste yn it lyts, hwet de stoarm yn it great is. Hwet
ik for in doarp ef in stêd mei de tonger doch, dat doch ik mei de
stoarm oer in hiel wrâlddiel. Dagen efterien waermje ik de loft, en as
er tinner-nôch nei myn sin is, den lit ik him bikoelje; nou fljocht de
stream út fiere séen en lânnen op de ile romte ta, en rêst net foar det
de evenaer wer yn ’t húske is. Hwet de loft iler makke is, en de
bikoelling rimpener tagiet, hwet de stream fen wyn (dat is, de stoarm)
geweldiger is, dy it oanfolt. Nou scoeste ek noch wol witte wolle, ho
wy dy loft sa waerm krije? Ja, feint, dat kin ’k dy net bitsjutte. Dêr
hawwe wy in komfoar ta yn ’t ierdryk, dêr wy jimme wol heal gear mei
stove kinne.
Dou fregeste my noch al mear. Hwerom giet de kwik yn de waerglêzen op
en del, seiste, as der in stoarm is? In waerglês is in glêzen piip fol
fen kwik, boppe ticht en ûnder iepen; hâld it ûnderein mei de finger
ticht; stek it den yn in kopke mei kwik; lit de finger los; nou rint de
kwik ’er allegearre út yn ’t kopke, mienste? Né, man, dat is krekt mis!
De kwik bliuwt op in hichte sa hwet fen 28 tomme hingjen. Dat liket
nuver, mar aste yn ’t each hâldste, det ’er boppe de kwik nin loft, en
dos nin persinge is, en op de kwik yn it kopke de swiere persinge fen
de bûtenloft, den kinste wol bigripe, det dy persinge de kwik yn de
piip opstouwe moat. Wirdt dy persinge hwet minder, den sakket de kwik
yn de piip; wirdt de persinge sterker, den riist de kwik yn de piip, en
sa wiist de hichte fen de kwik al de foroaringen oan, dy ’er yn de
persinge fen de loft komme. Sa’n piip neame se in _barometer_. De
_barometer_ wiist de persinge yn de loft oan. (De _thermometer_, dat is
in hiel oar ding, dy wiist de waermte fen de loft oan.) Dyn fraech komt
den hjir op del: Hwet is de reden, det de kwik yn de barometer dounset,
as ’er stoarm is? Wel, man, der is neat dudeliker. As it dageliks waer
is, den giet alle foroaringe yn de drukking fen de loft mei fordrach en
langsom yn syn wirk, en dêrom riist en sakket de kwik den ek sa
bidaerd, det men it net merke kin; to minste it eagenblikje net, det
men der bystiet. Mar as it stoarmt, en der komme fen dy onwitene
hoarten en rukken fen wyn, den foroaret de persinge mei greate sprongen
eltse amerij, en dy sprongen wirde dadelik troch de kwik yn de glêzen
piip folge. Mindert de persinge, yn ienen sakket de kwik; komt ’er in
fûleindige twjirre, dy de persinge mei in ruk oanset, aenstons fljocht
de kwik nei boppen ta. Bigrypste nou, hwerom det de kwik by in stoarm
yn de waerglêzen dounsje moat?
Dou praetste ek noch fen de pompen. It wetter dounset net yn alle
pompen, heite, as it stoarmt. As it wetter yn in saed, lâns de iene wei
ef de oare, gemienskip mei oar wetter hat, dat ek oan ús dampkring
bleat stiet, den is ’er neat to dwaen; hwent deselde persinge, dy op it
wetter yn de saed drukt, is der ek op it bûtenwetter; dos is ’er
evenwicht, en it wetter kin net op en del gean, omdet ’er op it iene
ein nin mear deldrukkinge is as op it oare. Mar as it wetter yn de saed
gemienskip hat mei wetter, dat fier ûnder de groun sit en dêr ús
bûtenloft net op spylje kin, den giet it krekt as mei de kwik yn de
waerglêzen. As ’er in hoart fen persinge op sa’n saed komt, den moat it
wetter nei ûnderen ta, omdet de loft, dy by it oare útein fen it wetter
is, dy hoart net mei kriget. Mindert de persinge yn ienen op de saed,
den moat it wetter krekt sa gau nei boppen ta, omdet de loft, dy op de
oare ein fen it wetter ûnder de ierde drukt, dy minderinge net kriget,
mar allike sterk bliuwt. De beide úteinen fen it saedwetter binne twa
skealjen, dy yn evenwicht hingje; smytste in gewicht op de iene
skealje, hy giet nei ûnderen ta; nimste it der ôf, hy giet nei boppen
ta, en dochste it rêd, den liket de skealjen to dounsjen. As wy it mei
eltsoar bilibje en ik kom ’ris wer, den moaste ’ris mei dyn ear tsjin
sa’n saed oan lizzen gean; den scilste it kloarkjen en sieden fen it
wetter dudelik hearre. Dat kin in bern bigripe. Mar nou wol ik ek ’ris
hwet freegje. De kwik giet yn de stoarm op en del; nim nou it midden
twiske dat heechste en leechste, en dou haste de hichte fen de
barometer. Hwet is nou de reden, feint, det mei sa’n ougryslike pers
fen wyn as yn in stoarm, de kwik yn de barometer folle leger stiet as
oars? Moast dy persinge fen de stoarmwyn him net yn ’e hichte driuwe?
Dat moast, as er mei dy pers fen boppen del op de kwik yn it kopke
kaem; mar dy pers fljocht lâns de kwik, lâns de groun, mei kûgelsfeart
foart, en dy by-de-flier-lânske feart is de reden, det de loft nin tiid
hat om syn pers op de flakte fen de kwik fiele to litten. Dou kinste
ommers wol reedride, net? En aste den foar in swak steed komste, hwet
dochste den? Gieste der sêft foetsje foar foetsje oer hinne? Ja wol,
den bruiste der troch. Dou nimste earst in oanrin, en ’er sa as in reek
oer, den lokt it. Understel it iis koe hûndert poun hâlde, en dou
weachste hûndert-fyftich; astou dyn lichem mei sêft riden de tiid
joechste om mei it folle gewicht op it iis to persjen, scoe it dy net
hâlde; mar fljochste der mei gewelt oer, den minderste troch dyn feart
foarút de perse nei ûnderen ta wol om in tredde; dou makkeste dy
fyftich poun lichter, en sa komste der bihâlden oer. Sa is ’t krekt mei
de loft. Waeit it in dagelikske koelte, den hat de loft tiid om syn
folle persinge op de kwik fiele to litten; waeit it in orkaen, den
glydt de loft to hird lâns de groun om syn folle perse op de groun
fiele to litten; hwet de perse foarút swierder is, hwet de perse nei
ûnderen lichter wirdt, en sa moat de kwik yn it waerglês sakje, howol
men sa foar de hân sizze scoe, det er by de iselike oandrang fen in
stoarmwyn rize moast.
Dou fregeste my, hwennear ik wer kom? Ik bin der al. Nim it my net
kwealk, ik fal sa mar mei de doar yn ’t hûs; egentlik moast ik sizze,
mei de bearehûd yn de glêzen. Dou moaste bigripe, as dy loft mei sa’n
gewelt oan it spielen is, den haw ik ’t net yn de macht om him stil to
hâlden as ik wol; dêrtroch fljocht er den folle mear loft nei de ile
oarden fen de dampkring as ’er for it evenwicht wêze moat, en dat ’er
to folle komd is, dat moat werom. Ut it súd-westen is de stoarm fen de
njoggen-en-tweintichste west; do is ’er to folle loft nei it
Noard-easten flein, en mei dy oermjitte kom ik nou werom. Ik doch it
krekt op Krystiid, omdet ik Don Carlos, lyk as ik dy sei, al lang in
krystwich tatocht hie. Ik hoopje, det ik ’t hjir mei ôf kin; de feart,
dêr ik nou mei út it Noard-easten kom, is sa great net, ef ik scil it
wol roaije om yn de oare herne net mear op to jeijen, as ’er heart. Der
mei noch in foech stoker út it[41] westen komme, om de evenaer wer yn
it húske to krijen, mar dat scil den ek alles wêze. It giet ’er krekt
mei as in slinger. Aste him oplichtste en litste him den los, den
fljucht er fierder as it midden; de slinger komt dos werom, en slingert
wer oer it midden hinne, mar sa fier net. By eltse slingering wirdt de
oerslingering lytser en lytser, en dit docht de slinger sa faek, det er
krekt yn ’t midden to lânne komt. Dêr just hinget er yn evenwicht mei
him sels, en kin er stil wêze. En sa, heite, stoarmt Eölus ek sa lang
hinne en wer, ta det hy evenwicht en stilte yn de loft hat.—It sprekt
fen sels, ik praet hjir fen stoarm; gewoane hirde wyn is nin tel. Sa as
ik op de 29ste by jimme west ha, kom ik by wolwêzen net gau wer; it
mocht nedich wêze, det ik mei in cholera ef pest-siikte noch ’ris tige
azem joech, mar dêr kin men net op rekkenje. Ik tink det jimme yn de
earste fiif-en-tweintich jier fen my ôf binne, en as ik den kom, den
kom ik noch gau. Hwent it wier nou al seis-en-tritich lyn. De âlfde
October 1800 haw ik neijer-nôch mei deselde iver oan de pûster stien as
de njoggen-en-tweintichste Novimber 1836.
It stie my skoan oan detste sa foldien oer it bihâld fen dyn Tsjalling
biste. Mar dou wiste ommers wol hwet jimme oarreheite-en-hjarre seinen?
“As ús ljeaven Hear de lytse bern net biwarret, den bliuwt der net ien
yn ’t libben. Syn Ingels moatte der op pasje.” Is nou it lichem fen in
bern troch ús sparre, sparje dou de geast fen it bern den. Learen is
goed; mar lear der de natúr net út. Aste mienste, det de masters it ’er
ynjitte scille, den biste mis. It sit ’er yn, en it is in keardel, dy
it ’er úthellet. Al hwet edel, al hwet forheven is sit yn de wylde
natúr: skaevje en polyste kinste it, mar net skeppe; en, wea dy! aste
sa lang skaefste, det al it edele en forhevene der út skaefd is. De
loft fen de biskavinge hat in smetstof yn him, dy it goddelike en
optiljende fen ús alderearste natúr stikket, en omdet it jammer wêze
scoe, det sa’n tsjeppe boi as dyn Tsjalling net mear as in skoalplant
en in kinstmachine yn de geastenwrâld wêze scoe, sa moaste syn noas
altomets hwet drippen fen de âlde wylde natúr rûke litte. Dat scil by
him de fetberheit oprekkenje for de heechste en edelste tinsen fen in
minske. En ho nedich is him dat yn in wrâld, dêr de opfieding sels him
dellûkt ta dingen dy leech, lyts, en binaud binne? Lit him by foarbyld,
as er frjemde talen leart, sokke stikjes ’ris fordútskje, as hjir ien
folget. It is bikender-nôch: ik nim it mar, omdet ik der by west bin.
Yn de oarloch, dy Noard-Amerika om syn frijheit tsjin Ingelân fierde,
waerd in krychsbinde Ingelsken oer it mat fallen fen in trop wylden,
fen de stamme Abenaki. De Ingelsken, dy lang sa fluch net op ’e lappen
wierne as de neakene wylden, koene it net ontrinne. Hja waerden
ynhelle, en mei boalske wreedaerdichheit om hals brocht. In jong
Ingelsk officier roun noch al hwet er út de skinen sette koe om de dead
to ontkommen, wylst twa Abenakis him efternei sieten, elts mei in
strydbile yn ’e hannen, om him de hersenpanne to forpletterjen. Op it
lêst, do hy seach det se him ynwounen, kearde hy him yn ienen om en
stoe stôk-stil, om syn libben sa djûr to forkeapjen, as it jilde koe.
Yn dit selde eagenblik spande in grize krychsheld fen de wylden syn
bôge, mikte op de Ingelske officier om him in pyl troch it hert to
jeijen, mar yn ienen biloek syn troanje, en de bôge sonk him út de
hannen. Forheftich fleach er twiske de jongeling en de twa wylden yn,
dy op in wink fen him earbiedich ôfdeinzen; en do op de jongeling
tarinnende kniep er him sêftkes yn ’e hânnen, aeide syn moai krol hier,
en woe him mei flaeijende klanken bitsjutte, det er nin kwea mei him
foarhie. Forfolgens naem er de jonge Ingelskman mei nei syn klinte
(_hut_) ta, dêr slavernij it foarlân fen de gefangensman wier; mar hy
waerd sa sêft en meigeande bihandele, det dizze twa earder heit en
bern, as hear en slaef liken to wêzen. Krekt eft it syn soan wier
learde de âlde oan de Ingelskman al de lytse ambachten fen de wylden:
sa as _cano_ ef boatsje meitsje, pyl en bôge snije, matten frisselje,
bilen slypje, en sa foart hinne. Lykwol hie de jonge Ingelskman it
dochs net tige op him bigrepen: hwent somtyds seach de âlde wylde him
stiif yn de eagen, en as dat sa minuten efterien dûrre hie, bigoun er
eindeliken to kriten.
Mei it limieren fen it foarjier makken de wylden wer tarissinge om de
Ingelsken op to siikjen en tsjin hjar to fjuchtsjen. De âlde wylde, ho
heech syn jierren wierne, fielde noch to folle krêft yn de bonken om by
de hird to bliuwen: hy naem de fjildtochte as in moedich jongkeardel
oan, en naem syn gefangensman mei. Wol twahûndert ûren efterien gongen
se troch dy âlde Amerikaenske wâlden, dêr noch noait in hakker syn bile
yn falle litten hie. Eindelyk en to lêsten kamen se op in iepen fjild
út, dêr in Ingelsk leger foar hjar eagen stie. De grize krychsheld, dy
witte woe ho er mei syn gefangensman stie, wiisde him syn lânsljue.
“Sjoch! sei er, dêr steane dyn broerren; hja wachtsje ús op ta de
striid. Hark ’ris, myn feint; it libben hab ik dy sparre; ik hab dy
leard om _canos_, pyl en bôge to meitsjen; ik hab dy leard om de wylde
bisten yn it bosk del to lizzen. Ik hab dy leard, ho de strydbile to
brûken, en dyn fyand it hier fen syn plasse to heljen. Hwet wierste, do
ik dy yn myn klinte brochte? Dyn hânnen wierne sa swak as fen in bern;
de kost koeste net opjeije, dyn libben net fordedigje: tsjusternisse
wier útspraet oer dyn siele. Alles haste my to tankjen. Scoeste wol sa
ontankber wêze kinne, detste dy mei dyn broerren forienichste, en tsjin
my de bôge spanste, dy ik dy yn hânnen jown hab?” De jonge Ingelskman
antwirdde, det er ljeaver stjerre woe, as it bloed forjitte fen in
Abenaki. Do laei de âlde held syn beide hânnen op syn oansicht, en nei
det er rju lang sa stien hie, seach er syn Ingelskman oan, en frege him
mei in britsene stimme, dêr men út hearde, det him it moed fol wier:
“Haste noch in heit?” “Ja, sei de jongkeardel, hy libbe noch, do ik myn
lân forliet.” “O, hwet is dy ongelokkich! kriet de grize held it út. Ik
wier ek heit.... Ik bin it net mear.... Myn soan foel yn de striid,
wylst er focht oan myn side. Hy stoar as in man, as in held stoar hy;
fen wounen trochboarre stoar myn soan. Mar ik hab syn dea bitelle
set.... Ik hab......” Dizze lêste wirden spriek er út mei in neidruk,
dêr al syn lea fen trillen en skodden, en it wier eft er yn de swiere
suchten stykjen bleau, dy er smoarje woe. Wyld fleagen syn bliksemjende
eagen yn ’t roun, mar nin inkele trien woe der yn glinsterje.
Njunkenlytsen bidarre de âlde held, en syn eagen nei it Easten
kearjende, dêr de sinne krekt út de kimmen riisde, sei er tsjin syn
gefangensman: “Sjochste dy kostelike sinne wol? Sjochste ho er glânzet
en fonkelt? Meiste him net graech sjen?” “Ja, antwirdde de Ingelske
officier, ik mei de sinne graech oan de himel sjen.” “En ik net,”
jammere de grize held, wylst him de triennen út de eagen spatten. In
eagenblik dêrnei wiisde er de jonge Ingelskman in mangelbeam, dy yn
folle bloei stie: “Sjochste dy moaije beam? sei de grize held: hy
bloeit as in lekken: biste dêr net bliid oer?” “Ja, sei de jongfeint,
ik bin bliid, det ik dy beam sjen mei.” “Ik net!” sei de âlde
krychsheld mei driftichheit, en yn ien sike liet hy der op folgje: “Rep
dy! Flean nei dyn lân, det dyn heit him noch oer de opgeande sinne en
de blommen fen it foarjier forbliidzje mei.”
Dou wolste wol leauwe, det dizze Abenaki net by Pestalossi ef Prinsen
op skoalle gien hie, om gesoun forstân op to dwaen, en lykwol wier er
sa wiis wol, det er syn gefangensman de frijheit net tasei, foar det er
him bilove liet, om de macht fen syn fyanden net to sterkjen. Ik leau
sels net det der ien skoalmaster by jimmes is, dy dat finer ûnderlizze
scoe as dy wylde Abenaki, dy nin A for in B koe. Hy taestte de
Ingelskman fen de kant fen de tankberheit oan, en hwer griist in braef
jong hert inerliker fen as fen ontankberheit?—Dou leauste ek wol, det
dy Abenaki by nin Domeny op de catechisatie gien hie om syn plicht to
learen; lykwol wier de greate plicht, om in oar to dwaen hwet men
winsket det yen sels dien wirdt, om it to dwaen sels oan ús fyanden,
fen natúre yn syn hert skreaun. En dêrút kinste den ommers de moaiste
gelegenheit fen de wrâld nimme, om dyn Tsjalling to bitsjutten, det de
plichten fen de wiere Godstsjinst sa mar net troch willekar út de loft
grypt binne, mar yn de earste en âldste bigripen fen it minskelike
hert, dy ek fen God binne, hjar wearklank fine. De Abenaki hie syn
ienichste soan forlern, en yn dy soan de hiele wrâld; de natúr hie nin
glâns, it libben nin wearde mear for him. Sa scoe de faer fen dy
Ingelske jongeling oan de oare kant fen de oceaen ek krite om syn soan.
Ho graech scoe de âlde Abenaki syn soan út it ryk fen de deaden werom
roppe! Ho minlike graech scoe ek dy frjemde heit syn soan wersjen! En
dy soan is yn syn macht. Scil er it oarlochsrjucht tsjin him brûke, en
slaen him de hersens yn? Scil er dy wrede triumf nimme, dêr syn eigen
hert ivich oer bliede moat? Rin wei! seit de wylde, flean nei dyn lân,
det dyn heit, det myn fyand him noch bliid makket oer de opgeande sinne
en de bloeijende amandelbeam, dy for my mei rou bihinge binne!”—For it
alderlêste leauste ek wol, det dizze Abenaki noait net ien fen al jimme
dichters lêzen hat; mar hwet tinkt dy, is dy gedachte fen de wylde net
dichterlik? Edel en great is er stellich, en egentlik is er nin
dichterlike fljocht, dêr de edelste bigjinsels fen de deugd it hert net
optille kinne. Mar nou de bylden, dêr er dy hege tinze mei opklaeit? Dy
amandelbeam, dy syn ljeaflik bloeisel for dy ontfâldet; dy opgeande
sinne, dy it slomjende ierdryk ta wille en arbeid wekket; dat hert fen
him, dat fen rouwe taknypt, wylst de hiele natúr it blide moarnliet
sjongt; sprekt dat alles net ta dyn hert en forbyldinge allyk? En is
der yn Bilderdyk ef Vondel ien rigele, ien inkele rigele, siz ik, dy
dizze wirden fen de wylde Abenaki binei komme? Sa is der den suver
gesoun forstân yn de minskelike holle foar det ’er masters binne, dy it
slypje ef it bidjerre. Der is yn it minskelik hert bisef fen de
heechste en fynste plicht fen it minskelik geslacht, foar det ’er in
iepenbiering fen de himel kaem, dy ta dat bisef spriek. Der wier
dichtkinst, forhevene goddelike dichtkinst, foar de kinst fen lêzen en
skriuwen. Nou den, aste in goe’ rie hawwe wolste, laef dyn soantsje fen
tiid ta tiid oan dizze echte en onforfalske bornen fen it minskelik
hert; mar fei de rûchten en wyldernissen wei, dy om dy fonteine hinne
waechse. Mei dit wetter scilste syn natúr, dy oars yn skoalle en boeken
ontnatûrd wirdt en formuffet, forferskje, en dou scilste in man fen him
meitsje, dy it boarst frijer- en heger-nôch tilt om to fielen as in
frije wyldeman, wylst hy tinkt as in man fen de biskavinge.—Yn de
geastelike lyk as yn de stoffelike skeppinge, dy dêr onbibouwe hinne
laeit, is alles oarspronkelik en natûrlik, ef forheven en ontsachlik.
De oanlizzer fen bûtenpleatsen skept nin stive leanen út syn holle, mar
hy folget de natúr yn hjar wylde kronkels, yn hjar forwarde heisters,
yn hjar grillige hichten en lichten, yn hjar grotten, streamen en
poelen, en ho neijer syn oanliz liket mei de hânnen fen natúr sels der
hinne wijd to wêzen, sûnder lykwol it onhurige ef it ientoanige mei op
to nimmen, hwet hy mear de priis fen de heechste kinst winne scil. Sa
moastou ek dwaen mei de oanliz fen it hert en de holle fen dyn
soantsje. Natûr, natûr, man! Liede, mar net twinge; snoeije, mar noait
útroeije.
Nou hâld ik op. Goendei sizze oan wiif en bern, en dizze heiling fen de
âlde Abenaki for Tsjalling. Ik bin altiten dyn oprjuchte frjeone